Rachel Weisz

Ut Wikipedy
Rachel Weisz
akteur
Rachel Weisz yn 2015
Rachel Weisz yn 2015
persoanlike bysunderheden
nasjonaliteit Britsk
berne 7 maart 1970
berteplak Westminster , Londen
jierren aktyf 1993 - no
offisjele webside
IMDB-profyl Weisz
Rachel Weisz
Rachel yn 2010

Rachel Weisz ( Londen , 7 maart 1970 ) is in Ingelske- - Amerikaansk model, film- en toaniel aktrise .

Biografy [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De alden fan Rachel Weisz - beide Joaden ut Hongarije - flechten ein jierren tritich nei Ingelan om oan ferfolging troch de nazi's te untkommen. Har heit wie de utfiner George Weisz, berne yn Hongarije yn 1929; har mem Edith Ruth Hettinga, berne Teich (1932 -2016), ut Wenen, wie psychoterapeute. [1] [2] Alhoewol't Rachel Weisz as bern aktrise wurde woe, besleat hja ynearsten om op fersyk fan har alden Ingelsk en literatuer te studearjen oan de universiteit fan Cambridge . Se rjochte der it teaterselskip Talking Tongues mei op en wun der in priis op it Edinburgh Festival. Yn 1994 wun se de Best Newcomer Award foar har optreden yn it toanielstik Design for Living .

Healweis de jierren 1990 krige sy har kans op it wite doek mei byrollen yn Chain Reaction en Stealing Beauty . Yn dy tiid gie sy ek oan it wurk foar telefyzje, wie te sjen yn Inspector Morse , de Britske minirige The Scarlet and the Black en de tf-film Advocates II .
Sy briek troch mei har rol yn The Mummy (1999) en wun yn 2006 de Academy Award foar beste frouljus byrol foar har rol yn de film The Constant Gardener .

Weisz wennet sunt 2004 mei regisseur Darren Aronofsky , nei in eardere ferhalding mei regisseur Sam Mendes . Mei de earste hat sy sunt 2006 in soan. Yn 2011 boaske sy mei de akteur Daniel Craig . By in optreden yn The Daily Show yn july 2011 makke se bekend dat se Amerikaansk steatsboarger wurden wie.

Filmografy [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit underwerp hearre, binne te finen yn de kategory Rachel Weisz fan Wikimedia Commons .

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: