Pedro Bissonette
(folut:
Pedro Aloysius Bissonette
; yn it
Pine Ridge Yndianereservaat
(
Sud-Dakota
),
1944
?
Pine Ridge
(
Sud-Dakota
),
17 oktober
1973
) wie in
Amerikaansk
minskerjochte
-
aktivist
fan
etnysk
Yndiaansk
komof, dy't opkaam foar de
rjochten
fan 'e
Lakota
. Hy waard yn
1973
fermoarde
troch in agint fan it
BIA
dy't neitiid bewearde dat er him ferset hie tsjin syn
arrestaasje
.
Bissonette waard yn
1944
berne yn it
Pine Ridge Yndianereservaat
yn it sudwesten fan 'e
Amerikaanske steat
Sud-Dakota
, as de soan fan
aktiviste
Gladys Bissonette
. Fan 'e twadde helte fan 'e jierren sechstich of wied er aktyf as
minskerjochte
-
aktivist
, werby't er opkaam foar de rjochten fan syn
folk
, de
Oglala
-
Lakota
. Derta rjochte er u.m. de
Oglala Civil Rights Organization
(OSCRO) op.
Yn
1972
waard
Dick Wilson
stampresidint
fan 'e
Oglala Su Stamme fan it Pine Ridge Reservaat fan Sud-Dakota
. Dat wie in
alkoholistyske
dranksmokkelder
, dy't dy't as setbaas fan it federale regear yn
Washington, D.C.
fungearre en mei syn autoritere manear fan dwaan grutte opskuor yn it
reservaat
feroarsake. Hy waard troch de OSCRO beskuldige fan
machtsmisbruk
,
korrupsje
en fysike
mishanneling
fan syn politike tsjinstanners. Noch it jiers dat er oan 'e macht kommen wie, besochten Bissonette en syn meitstanners om Wilson ut syn funksje te untheft te krijen fia in formele ofsettingsproseduere, mar dat besykjen mislearre troch Wilson syn sluchslimmens, de underlinge ferdieldheid fan syn tsjinstanners en om't de Amerikaanske oerheid, yn 'e foarm fan it ynfloedrike
Buro fan Yndiaanske Saken
(BIA), fjouwerkant efter Wilson stean bleau.
Yn
1973
naam Bissonette diel oan 'e ferneamde
Besetting fan Wounded Knee
. Derby waard it plakje
Wounded Knee
, der't yn
1890
it leste ferset fan 'e Lakota tsjin 'e Amerikaanske oerhearsking
yn bloed smoard
wie, troch sa'n twahundert Oglala-Lakota en oare leden fan 'e
Amerikaanske Yndiaanske Beweging
ynnommen. Under lieding fan
Dennis Banks
,
Carter Camp
en
Russell Means
waard Wounded Knee dernei 71 dagen lang (fan
27 febrewaris
oant
8 maaie
) beset holden, werby't de aktivisten in belegering troch de
FBI
en de
United States Marshals Service
trochstiene. Hjirby kamen twa aktivisten om, wylst twa
plysjeminsken
ferwune rekken.
Op
27 augustus
1973
waard Bissonette yn
Rapid City
oppakt foar 'lestichfallen fan in plysjeman yn funksje'. Der waard him in
straf under betingst
oanbean as er ynformant foar de oerheid wurde woe, en oars, sa waard him te kennen jun, koed er in lange
finzenisstraf
ferwachtsje. Bissonette wegere lykwols mei te wurkjen en by de deropfolgjende rjochtsaak ferwiisde de
rjochter
de oanklachten tsjin him nei de foddekoer.
Nei syn frijlitting kearde Bissonette werom nei it Pine Ridge Reservaat, der't Wilson noch altyd oan 'e macht wie en syn tsjinstanners it libben soer makke. Bissonette soe der tsjugje yn 'e rjochtsaak tsjin
Dennis Banks
en
Russell Means
, foar harren rol yn 'e
Besetting fan Wounded Knee
, earder dat jiers. It fermoeden is dat men benaud wie dat Bissonette yn 'e rjochtseal in boekje iepen dwaan soe oer de metoaden dy't Wilson mei goedkarring fan 'e Amerikaanske oerheid ynsette om syn tsjinstanners de mule te snuorjen, en sa grutskalige korrupsje en machtsmisbruk oan it ljocht brocht hawwe soe yn 'e Amerikaanske nasjonale
media
.
Ear't dat barre koe, waard Bissonette op
17 oktober
te
Pine Ridge
deasketten troch in
BIA
-agint, dy't neitiid uthold dat Bissonette him tsjin syn arrestaasje ferset hawwe soe. De reden foar syn oanhalding wie dat er in man in terwinkel jun hie dy't him misledige hie, mooglik presiis om dy reaksje ut te lokjen. Hoewol't undersyk letter oantoande dat Bissonette mei in
gewear
deasketten wie fan minder as 60 sm ofstan, waard nimmen ea foar de
moard
ferfolge. Bissonette waard 29 jier en leit
begroeven
op it Red Cloud Cemetery yn Pine Ridge.
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
|
|