MJ Lee

Ut Wikipedy
MJ Lee
tillefyzje- en/of radiopersoanlikheid
persoanlike bysunderheden
echte namme 이민정; I Min-jeong
nasjonaliteit Sudkoreaansk
Amerikaansk
berne 5 maart 1987
berteplak Seoel ( Sud-Korea )
etnisiteit Koreaansk
wurkpaad
wurksum as sjoernaliste , ferslachjouster
medium tillefyzje
wurksum by Politico , CNN
jierren aktyf 2009 ? no
offisjele webside
MJ Lee op Twitter

MJ Lee ( utspr. : [?em?eː liː], likernoch: " em -dzjee lii ; folut: Min Jung Lee ; Koreaansk : 이민정, formele transliteraasje : I Min-jeong ; Seoel , 5 maart 1987 ) is in Sudkoreaansk - Amerikaansk sjoernaliste en ferslachjouster . Hja hat benammen bekendheid krigen mei har wurk foar it mediabedriuw Politico en it tillefyzjenetwurk CNN .

Libben en karriere [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Jonkheid en oplieding [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Lee waard yn 1987 berne yn Seoel , de haadsted fan Sud-Korea . Se waard lykwols grutbrocht yn Hongkong , der't sy en har broer nei de op Amerikaanske leest skuoide International School of Hong Kong giene. Yn har earste jier fan fuortset underwiis gie Lee nei de Feriene Steaten om der oan in kostskoalle te learen. Hja hat neitiid nea wer yn Sud-Korea west. Yn 2009 studearre se of oan 'e Georgetown Universiteit yn Washington, D.C. mei in bachelorgraad yn bestjoerskunde en Sineeske taal- en letterkunde .

Under har studzje run se staazje by de kranten de South China Morning Post yn Hongkong en The Washington Post yn Washington, D.C. Op basis fan har prestaasjes as stazjere waard har by dy leste krante in baan oanbean, mar dat oanbod waard ynlutsen doe't bliken die dat se op in fisum yn 'e Feriene Steaten ferbleau.

Karriere [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Ferskate moannen nei't se ofstudearre wie, fun Lee wurk as webprodusint by it mediabedriuw Politico . Tsjin 2012 wie se der opklommen ta ferslachjouster oangeande finansjeel nijs , nei't se in jier wurke hie op 'e ofdieling binnenkommend nijs. Yn 2014 waard se as polityk ferslachjouster oannommen troch it tillefyzjenetwurk CNN , der't se sawol op 'e ynternasjonale stjoerder CNN International as de Amerikaanske binnenlanske susterstjoerder CNN USA te sjen is.

Yn har earste jierren by CNN die Lee benammen ferslach fan 'e kampanjes fan sawol de Demokratyske as de Republikeinske Partij foar de Amerikaanske presidintsferkiezings fan 2016 . Fierders wie se yn 2017 belutsen by de ferslachjouwing fan CNN oer it mislearre krewearjen fan 'e Republikeinen om 'e Wet op 'e Betelbere Sunenssoarch (yn 'e folksmule 'Obamacare') yn te luken.

Yn 2018 en 2019 beljochte Lee gauris de ynfloed fan it #MeToo-skandaal op 'e Amerikaanske polityk, lykas de bekendmakkings oer it ofkarbere halden en dragen fan 'e Demokratyske senator Al Franken , de Wite Hus-funksjonaris Rob Porter en de Republikeinske offurdige Blake Farenthold , dy't allegear opstappe moasten.

Under de Demokratyske foarferkiezings foar it presidintskip, yn 2020 , wie se tafoege oan 'e kampanje fan senator Elizabeth Warren . Under de kampanje foar de algemiene Amerikaanske presidintsferkiezings fan 2020 die Lee ferslach fan 'e kampanje fan 'e Demokratyske presidintskandidaat Joe Biden . Yn jannewaris 2021 makke se promoasje ta ien fan 'e feste Wite Hus-korrespondinten fan CNN, yn 'e mande mei Jim Acosta en Kaitlan Collins .

Priveelibben [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Lee liet har op 17 septimber 2016 op Ellis Island yn 'e haven fan New York (der't histoarysk ymmigranten ut Jeropa de Feriene Steaten binnenkamen), nasjonalisearje ta Amerikaansk steatsboarger . Hja die op dat stuit ferslach fan 'e kampanje foar de Amerikaanske presidintsferkiezings fan 2016 . Lee is troud mei sjoernalist en ferslachjouwer Alex Burns , dy't as analist fan politike untjouwings yn 'e Feriene Steaten ek geregeldwei op CNN te sjen is.

Keppelings om utens [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch under: References , op dizze side .