Kamala Harris

Ut Wikipedy
Kamala Harris
politikus
echte namme Kamala Devi Harris
nasjonaliteit Amerikaansk
bertedatum 20 oktober 1964
berteplak Oakland ( Kalifornje )
etnisiteit Afro-Amerikaansk
Jamaikaansk-Kreoalsk
Tamylsk
partij Demokratyske Partij
fise-presidint fan 'e Feriene Steaten
amtsperioade 2021 ? 2025
foargonger Mike Pence
lid fan 'e Amerikaanske Senaat
foar Kalifornje
amtsperioade 2017 ? 2021
foargonger Barbara Boxer
opfolger noch net bekend
prokureur-generaal fan Kalifornje
amtsperioade 2011 ? 2017
foargonger Jerry Brown
opfolger Xavier Becerra
ofsier fan justysje fan San Francisco
amtsperioade 2004 ? 2011
foargonger Terence Hallinan
opfolger George Gascon
offisjele webside
kamalaharris.org

Kamala Harris ( utspr. : [?k?ːm?l? ?hæ??s], likernoch: " kaa -muh-luh her -ris"; folut: Kamala Devi Harris ; Oakland , 20 oktober 1964 ) is in Amerikaansk abbekate en politika , dy't yn 2021 de earste froulike , earste Afro-Amerikaanske en earste Sudaziatyske fise-presidint fan 'e Feriene Steaten waard. Se is fan mingd Jamaikaansk - Yndiaask komof en wie earder ofsier fan justysje fan San Francisco en prokureur-generaal fan Kalifornje . Yn 2017 waard se yn 'e Amerikaanske Senaat keazen. By de foarferkiezings fan 'e Demokratyske Partij foar de Amerikaanske presidintsferkiezings fan 2020 stelde Harris harsels yn 2019 kandidaat foar it presidintskip . Dermei wun se bekendheid, mar se moast lykwols al rillegau ofheakje om't se net folle fan 'e Demokratyske kiezers efter har wist te krijen. Yn augustus 2020 makke de Demokratyske presidintskandidaat Joe Biden bekend dat er Harris frege hie syn running mate (fise-presidintskandidaat) te wurden. By de ferkiezings fan 3 novimber bliek nei in neiltsjebitend spannende pear dagen om 'e stimmen te tellen, dat Biden en Harris de sittende presidint Donald Trump en syn fise-presidint Mike Pence mei oermacht ferslein hiene.

Libben en karriere [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Jonkheid en oplieding [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Harris waard yn 1964 berne yn Oakland , yn 'e Amerikaanske steat Kalifornje , as de dochter fan Donald J. Harris , in studint ekonomy dy't yn 1961 ut Jamaika nei de Feriene Steaten ta emigrearre wie, en dy syn frou Shyamala Gopalan , in studinte endokrinology dy't yn 1960 oerkommen wie ut Yndia . Har alden metten inoar doe't se beiden studearren oan 'e Universiteit fan Kalifornje, Berkeley yn Berkeley . Har heit is anno 2020 in emeritus - heechlearaar ekonomy oan 'e Universiteit fan Stanford , en har mem is in foaroansteand boarstkankerspesjaliste . Harris is oan har heitekant fan etnysk Jamaikaansk-Kreoalsk komof , en oan har memmekant fan etnysk Tamylsk komof. Se identifisearret as sawol Afro-Amerikaansk as Sudaziatysk . Se hat in jongere suster , Maya Harris .

It hus yn Berkeley der't Harris de earste tolve jier fan har libben wenne.

Harris waard grutbrocht yn Berkeley, yn in buert yn 'e wyk West Berkeley mei in fierhinne swarte befolking . Doe't se foar it earst nei de beukerskoalle gie, waard se yn 'e bus nei in skoalle yn in oare wyk brocht yn it ramt fan 'e bestriding fan rasseskieding yn it underwiis . Yn religieus opsjoch waard se sawol grutbrocht as lid fan in Afro-Amerikaanske baptistyske tsjerke , as fan in hindoetimpel . Yn 'e hus waard inkeld Ingelsk sprutsen, en fan gefolgen ferstiet Harris de memmetaal fan har mem, it Tamylsk , mar in bytsje. Har aldelju skieden yn 1971 , doe't se san jier wie. Neitiid wennen Harris en har jongere suster by harren mem yn, en besochten se yn 'e wykeinen harren heit, dy't him nei wenjen sette yn Palo Alto . De bern fan 'e buorlju dere mochten net mei harren boartsje om't Harris en har suster swart wiene.

Yn 1976 , doe't Harris tolve jier wie, ferfearen sy en Maya mei harren mem nei Montreal , yn 'e Kanadeeske provinsje Kebek , der't Shyamala Gopalan in baan oannaam as undersykster by it Joadsk Algemien Sikehus , wylst se ek les joech oan 'e McGill Universiteit . Harris folge sadwaande fuortset underwiis oan 'e Westmount High School yn Westmount (Kebek) , der't se yn 1981 slagge foar har eineksamens . Se learde dernei fierder oan 'e Howard Universiteit , in histoarysk swarte universiteit yn Washington, D.C. Yn dy tiid run se staazje as meiwurkster op 'e postkeamer foar Alan Cranston , in senator ut Kalifornje. Yn 1986 studearre se of mei in dubele bachelortitel yn politikology en ekonomy . Dernei studearre se rjochten oan 'e Universiteit fan Kalifornje, Hastings Kolleezje fan Rjochten en behelle yn 1989 har masterskip yn 'e rjochten , wernei't se yn juny 1990 talitten waard ta de Kalifornyske Oarder fan Abbekaten .

Ofsier fan justysje [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Fuort neitiid waard Harris oannommen troch it Iepenbier Ministearje yn Alameda County as pleatsferfangend ofsier fan justysje . Yn 1994 gie se der mei ferlof om te tsjinjen as lid fan 'e Kalifornyske Beropskommisje Wurkleazensfersekering en letter ek fan 'e Kalifornysk Kommisje oangeande Medyske Help. Yn dy beide posysjes waard se beneamd troch Willie Brown , de foarsitter fan 'e Steatsassimblee (it Hus fan Offurdigen fan Kalifornje), mei wa't se op dat stuit in romantyske relaasje hie.

De Thousand Oaks School yn Berkeley , der't Harris basisunderwiis genoat.

Yn febrewaris 1998 waard Harris troch Terrence Hallinan , de ofsier fan justysje fan it distrikt San Francisco , oannommen as assistint-ofsier fan justysje. Se krige foech oer strafsaken en wie persoanlik belutsen by de ferfolging fan fertochten fan dieverij , ynbraak , ferkrefting en moard . Begjin 2000 kaam Harris yn konflikt mei Hallinan syn assistint Darrell Salomon , de betinker fan it saneamd Foarstel 21, dat ynhold dat minderjierrige fertochten tenei as mearderjierrigen berjochte wurde moasten. Fan gefolgen krige Harris oar wurk taparte, wat delkaam op in de facto weromsetting yn rang. Derop naam se untslach . Yn augustus 2000 waard se oannommen troch de ofsier fan justysje fan 'e sted San Francisco, Louise Renne , as haad fan 'e Difyzje Gesins- en Bernetsjinsten. Yn dy funksje joech Harris lieding oan 'e ferfolging fan fertochten fan bernemishanneling , bernemisbruk en berneferwaarleazging .

Yn 2002 fette Harris it plan op om har by de ferkiezings yn San Francisco fan 2003 kandidaat te stellen foar de funksje fan ofsier fan justysje (dat yn 'e Feriene Steaten in keazen amt is), en sa har alde baas Hallinan under fuotten te heljen. Derta begun se op systematyske wize stipe op te bouwen en jild yn te sammeljen. Se wist fan it Sintraal Komitee fan 'e Demokratyske Partij yn Kalifornje (der't u.o. senator Dianne Feinstein en de fraksjefoarsitter yn it Amerikaanske Hus fan Offurdigen Nancy Pelosi lid fan wiene) dien te krijen dat dat net syn stipe utsprekke soe foar de sittende ofsier fan justysje Hallinan.

Nettsjinsteande it feit dat Harris troch de Kommisje oangeande Etyk beboete waard om't se oer it maksimumbedrach hinne gien wie dat se oan har kampanje utjaan mocht, en Hallinan politike skea oprun troch in heechoprinnend konflikt mei it San Francisco Police Department , behellen se allebeide genoch stimmen om troch te gean nei de twadde omgong fan 'e ferkiezings. Yn 'e ferkiezingskampanje foel Hallinan benammen Harris as persoan oan, wylst sy har oanfallen talei op syn (neffens har undermjitske) prestaasjes as ofsier fan justysje. Ek woe se hawwe dat er yn syn organisaasje lju befoardere sunder derby ut te gean fan fertsjinste , en dat er beskuldigings fan misdragings fan ofsieren fan justysje yn 'e dofpot stoppe hie. Uteinlik wun se de ferkiezings mei 56% fan 'e stimmen.

Kamala Harris doe't se ofsier fan justysje wie fan it distrikt San Francisco .

As ofsier fan justysje fan San Francisco urf Harris it feroardielingspersintaazje fan Hallinan, doe't se it amt yn 2004 fan him oernaam, dat 50% bedroech. Under har bewald gie dat stadich omheech nei 76% yn 2009 . Under har kampanje hie Harris unthjitten dat se as ofsier fan justysje nea de deastraf easkje soe. Yn april 2004 waard plysjeman Isaac Espinoza deasketten by de utoefening fan syn wurk. It plysje fakbun fan San Francisco woe dernei dat Harris dochs de deastraf easkje soe foar syn moardner , en Harris har wegering soarge foar in protte lulkens . Op Espinoza syn begraffenis stie senator Dianne Feinstein der yn in taspraak by Harris, dy't op 'e earste rige siet, op oan om 'e deastraf te easkjen foar Espinoza syn moardner, wat har in steande ovaasje opsmiet fan 'e twatuzen oanwezige plysjeminsken. Nettsjinsteande druk fan alle kanten hold Harris lykwols foet by stik. Ut opinypeilings die bliken dat 70% fan 'e kiezers it mei har iens wie en 22% net.

Harris rjochte ek in spesjale ienheid op foar de ferfolging fan fertochten fan haatmisdriuwen , dy't him yn it bysunder talizze moast op it oanpakken fan haatmisdriuwen tsjin homoseksuele , lesbyske , biseksuele en transseksuele bern en jongerein yn underwiisynstellings . Yn 2007 wie se mei u.o. steatsoffurdige Mark Leno , plysjekommissaris Heather Fong en boargemaster Gavin Newsom belutsen by it ferbieden fan wapenshows yn San Francisco, dy't neffens harren direkt bydroegen oan it oanboazjende probleem fan fjoerwapenrelatearre misdriuwen yn 'e sted. Datselde jiers waard se werkeazen by ferkiezings sunder tsjinkandidaat.

Kamala Harris yn 2011 as prokureur-generaal fan Kalifornje .

Prokureur-generaal [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Op 12 novimber 2008 stelde Harris har kandidaat foar it amt fan prokureur-generaal fan Kalifornje. (Yn it Amerikaanske politike systeem is dat in funksje dy't oerienkomt mei dy fan minister fan Justysje yn oare lannen.) Derfoar krige se stipe fan 'e beide senators fan Kalifornje, Dianne Feinstein en Barbara Boxer, foarsitter fan it Amerikaanske Hus fan Offurdigen Nancy Pelosi en de boargemasters fan ferskate grutte steden yn Kalifornje. Yn 'e foarferkiezing fan 'e Demokratyske Partij, op 8 juny 2010 fersloech se twa oare kandidaten, Alberto Torrico en Chris Kelly .

Yn 'e algemiene ferkiezing, op 2 novimber , naam se it op tsjin 'e Republikein Steve Cooley , de ofsier fan justysje fan Los Angeles County . Dy juns rop Cooley de oerwinning al ut, mar de stimbiljetten dy't oer de post ynstjoerd wiene, moasten doe nocht teld wurde. Dat wie in lang proses, en doe't Harris op 24 novimber in foarsprong opboud hie fan goed 55.000 stimmen, moast Cooley belies jaan. Op 3 jannewaris 2011 waard Harris ynsward as de earste frou fan Afro-Amerikaansk komof en de earste frou fan Sudaziatysk komof dy't prokureur-generaal fan Kalifornje waard. By de ferkiezings fan 4 novimber 2014 wun Harris mei 57,5% fan 'e stimmen tsjin 42,5% foar har Republikeinske tsjinstanner Ronald Gold in twadde termyn as prokureur-generaal.

As prokureur-generaal stelde Harris yn Kalifornje strange bestraffings yn foar aldelju mei bern fan skoalgeande leeftyd dy't oanhaldend skoaltsjeskulen , as dy aldelju net meiwurkje woene oan it wer op skoalle krijen fan harren bern. Op it med fan 'e wetshanthavening krewearre Harris om behalven rasisme ek ymplisite foaroardielen dy't by de plysje libben tsjin leden fan etnyske minderheden ut te bannen. Yn 2015 makke se fan Kalifornje de earste Amerikaanske steat der't alle plysjeminsken ferplichte in filmjende bodycam by har drage moasten under it wurk. Yn 2016 stelde se in offisjeel undersyk yn nei de praktiken by it Bakersfield Police Department en it Kern County Sheriff's Department , twa plysjekorpsen dy't hieltyd wer yn it nijs kamen omreden fan plysjegeweld .

Kamala Harris besiket de lokaasje fan in oaljeramp fan Refugio , by Santa Barbara , yn 2015 .

Nei't it Amerikaansk Heechgerjochtshof yn juny 2013 in wet nei de foddekoer ferwiisd hie dy't yn novimber 2008 troch de Kalifornyske kiezers oannommen wie om it homohoulik yn 'e steat unmooglik te meitsjen, ferklearre Harris de deis derop, 27 juny , dat alle countys yn 'e steat fan doe of oan ek homo's en lesbiennes yn it houlik ferbine moasten. Op 28 juny fierde se sels as trou-amtner it houlik ut fan Kristin Perry en Sandra Stier, de lesbiennes dy't de saak by de rjochter oanbrocht hiene.

Harris krige krityk op har beleid om't se, neffens heechlearaar rjochten Lara Bazelon "de letter fan 'e wet ta wapen makke om unskuldich feroardiele persoanen efter de traaljes te halden ynstee fan harren nije rjochtsaken ta te stean." Yn 2014 ferklearre rjochter Cormac J. Carney de deastraf yn Kalifornje ungrunwettich op basis fan it ferbod (festlein yn it Achtste Amendemint oan 'e Amerikaanske Grunwet ) op "wrede en ungewoane behanneling" der't de deastraf sunder utsundering mei mank gean soe troch (neffens Carney) "systematyske fertraging en dysfunksje". Harris, sels gjin foarstanner fan 'e deastraf, tekene der lykwols heger berop tsjin oan by in federale rjochtbank, dy't it mei har iens wie en de utspraak fan Carney weromdraaide.

Yn 2015 en 2016 beavensearre Harris skikkings fan oaljemaatskippijen Chevron , BP , ARCO , Phillips 66 en ConocoPhillips mei de steat Kalifornje dy't yn 'e tsientallen miljoenen dollars runen, omreden fan it fersaakjen fan harren plicht om better om oaljelekken te tinken. Yn 'e simmer fan 2016 gie autoprodusint Folkswein akkoart mei bedrach fan $ 14,7 miljard om skeaclaims foar it sjoemelsoftwareskandaal mei de steat Kalifornje te skikken.

Senator [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Doe't senator Barbara Boxer , nei 24 jier de steat Kalifornje yn 'e Amerikaanske Senaat fertsjintwurdige te hawwen, oankundige dat se oan 'e ein fan har rinnende termyn, yn 2016 , ophalde soe, makke Harris op 13 jannewaris 2015 bekend dat sy har kandidaat stelde foar de senaatssit fan Boxer. Yn febrewaris 2016 krige se de stipe fan 'e Demokratyske Partij fan Kalifornje en in fearnsjier letter ek fan guverneur Jerry Brown . Yn 'e foarferkiezings, op 7 juny , behelle Harris it earste plak mei 40% fan 'e stimmen. Yn 'e algemiene ferkiezings naam se it op tsjin in oare Demokrate, Loretta Sanchez (it wie de earste kear sunt 1914 dat der gjin Republikein meidie). Harris fersloech har rivale mei in oertsjugjende 60% fan 'e stimmen.

Prokureur-generaal Kamala Harris by in besyk oan it Regionaal DNA - laboratoarium yn Fresno .

As senator spriek Harris har ut tsjin it dekreet fan 'e Republikeinske presidint Donald Trump om boargers fan in stikmannich islamityske lannen de tagong ta de Feriene Steaten te untsizzen. Se hie krityk op 'e oanstellings fan Betsy DeVos as minister fan Underwiis en Jeff Sessions as minister fan Justysje en stimde tsjin 'e befestigings fan rjochters Neil Gorsuch (yn 2017 ), Brett Kavanaugh (yn 2018 ) en Amy Coney Barret (yn 2020 ) as nije leden fan it Amerikaansk Heechgerjochtshof . Har eftergrun as ofsier fan justysje bliek ut har skerpe underfreging fan Rod Rosenstein , de underminister fan Justysje, en letter ek fan Sessions sels, oer harren rol yn it untslach troch Trump fan FBI - direkteur James Comey .

Yn jannewaris 2018 waard Harris oansteld as lid fan 'e Senaatskommisje foar Juridyske Saken nei't har amtsgenoat Al Franken omreden fan syn ymplikaasje yn it MeToo-skandaal opstappe moatten hie. Letter dyselde moanne kaam se yn it nijs doe't se minister fan Thuslanbefeiliging Kristjen Nielsen befrege oer de befoardieling, troch it regear-Trump, fan ymmigranten ut Noarwegen , en Nielsen har bewearing dat se net wist dat Noarwegen in lan mei in yn grutte mearderheid blanke befolking is. Yn april en maaie wie Harris belutsen by de underfreging fan Facebook -oprjochter Mark Zuckerberg oer it Facebook-Cambridge Analytica-dataskandaal , werby't de privacy fan 87 miljoen Facebook-brukers geweld oandien wie.

Yn maaie 2018 die him ek in nije konfrontaasje foar tusken Harris en minister Nielsen oer it famyljeskiedingsbelied fan it regear-Trump , werby't minderjierrige bern fan asylsikers by de alden weihelle en under minne omstannichheden yn koaien opsletten waarden. Nei't se yn juny in detinsjesintrum yn San Diego besocht hie der't sokke bern festholden waarden, easke Harris it untslach fan Nielsen. Yn oktober 2018 wie Harris ien fan 'e doelwiten fan 'e net-ofgiene bombrieven dy't doe nei ferskate politike tsjinstanners fan Trump ferstjoerd waarden. Yn maaie 2019 easke Harris it oftreden fan minister fan Jusysje Bill Barr , nei't dy besocht hie it Mueller-raport oer it Oekraineskandaal sa te behimmeljen dat presidint Trump der it geunstichst ut sprong. Yn jannewaris 2020 stimde Harris foar de ofsetting fan Donald Trump as presidint fan 'e Feriene Steaten omreden fan syn korrupsje dy't bliken die ut it undersyk troch spesjale oanklager Robert Mueller nei it Oekraineskandaal.

Presidintsferkiezings 2020 [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Foarofgeande oan 'e foarferkiezings foar de Amerikaanske presidintsferkiezings fan 2020 waard Harris beskoge as ien fan 'e wichtichste gadingmakkers om 'e presidintskandidaat foar de Demokratyske Partij te wurden. It wie dan ek gjin ferrassing doe't se har op 21 jannewaris 2019 kandidaat stelde. Yn it earste ferkiezingsdebat fan 'e Demokratyske Partij soarge Harris foar opsjen doe't se in oare kandidaat, de eardere fise-presidint Joe Biden , oanfoel om't dy yn it ferline in tsjinstanner west hie fan 'e ferplichte desegregaasje fan it underwiis troch learlingen mei bussen nei skoallen yn oare wiken te ferfieren. Harris makke bekend dat sysels ien fan 'e bern west hie dy't op deistige basis yn sa'n bus siet. Sels waard Harris oanfallen troch ferskate oare Demokratyske kandidaten oangeande har ferline as ofsier fan justysje. Fral har ferdigening fan 'e deastraf yn it Kalifornyske rjochtssysteem yn 2014 loek in protte krityk. Doe't se moannen lang net fierder kaam as in pear persint oanhing under Demokratyske kiezers, loek Harris har op 3 desimber 2019 fanwegen in tekoart oan kampanjefinansiering werom as kandidaat, noch foar't der yn 'e foarferkiezings ek mar ien stim utbrocht wie.

It logo fan Joe Biden en Kamala Harris foar de Amerikaanske presidintsferkiezings fan 2020 .

Uteinlik waarden de Demokratyske foarferkiezings wun troch Joe Biden , waans sukses ein febrewaris 2020 begun mei in ferpletterjende oerwinning yn 'e foarferkiezing yn Sud-Karolina . Op 11 augustus 2020 makke Biden bekend dat er Kamala Harris frege hie om syn running mate te wurden en dermei de Demokratyske kandidate foar it fise-presidintskip fan 'e Feriene Steaten. By de algemiene ferkiezings op 3 novimber fersloegen Biden en Harris de sitten Republikeinske presidint Donald Trump en fise-presidint Mike Pence mei in romme marzje fan mear as 7 miljoen stimmen en 70  kiesmannen yn it Elektoraal Kolleezje .

De ferkiezing wie lykwols neiltsjebitende spannend om't de utslach mar sa tergjende stadich binnenkaam. Fanwegen de wraldwide pandemy fan it koroanafirus hiene in utsunderlike protte minsken harren stim oer de post utbrocht, en om't Trump syn oanhingers dat untpraat hie, wiene dy stimmen yn oergrutte mearderheid utbrocht troch Demokraten. Sadwaande liek it op 'e ferkiezingsjun, doe't earst de stimmen teld waarden dy't dy deis yn persoan utbrocht wiene, wol as oft Trump en Pence wun hiene, mar neigeraden dat men uteinsette mei it tellen fan 'e poststimmen, runen Biden en Harris it ferskil gau yn. Se wisten de mearderheid fan 'e stimmen te winnen yn fiif steaten der't Trump yn 2016 noch wun hie: Arizona , Georgia , Michigan , Pennsylvania en Wisconsin .

Kamala Harris yn 2018 yn Selma by de betinking fan 'e Marsen fan Selma nei Montgomery fan 'e Amerikaanske Boargerrjochtebeweging yn 'e 1960-er jierren .

Hoewol't Trump en syn oanhingers wegeren om harren ferlies ta te jaan en nei ferrin fan tiid op hieltyd minder demokratyske wize besochten de utslach fan 'e ferkiezings te feroarjen, stimde it Elektoraal Kolleezje op 14 desimber persiis sa't de utslach west hie, mei 232 stimmen foar Trump en Pence, en 302 foar Biden en Harris. Dermei wie de utslach definityf. Mei syn praat oer stimbusfraude undergroef Trump moedwillich it fertrouwen fan it Amerikaanske elektoraat yn it ferkiezingssysteem; dat kaam de Republikeinen djoer te stean doe't it mei late ta de Demokratyske oerwinning yn 'e ferkiezings foar de Amerikaanske Senaat dy't op 5 jannewaris 2021 yn 'e steat Georgia holden waarden. De Demokraten krigen dertroch in nipte mearderheid yn 'e Senaat yn 'e hannen, fan 50 sitten tsjin 50 sitten, werby't Harris, dy't as fise-presidinte ek foarsitter fan 'e Senaat waard, de 51e en beslissende stim hie.

Op 20 jannewaris waarden Biden en Harris ynaugurearre as presidint en fise-presidint fan 'e Feriene Steaten by in seremoanje dy't plakfun yn it skaad fan 'e Bestoarming fan it Amerikaanske Kapitoal . Derby wie op 6 jannewaris in breinroere kliber Trump-oanhingers dy't troch de presidint sels opstokele wie, it Amerikaanske Kapitoal binnenkrongen op 'e siik nei "ferrieders", yn wat neitiid algemien omskreaun waard as in gefal fan terrorisme . Trump wegere de ynauguraasje fan syn opfolger by te wenjen, dat it utgeande regear waard by de plechtichheid fertsjintwurdige troch Harris har foargonger, fise-presidint Mike Pence. Mei har ynswarring waard Harris de earste froulike , de earste Afro-Amerikaanske en de earste Sudaziatyske fise-presidint yn 'e skiednis fan 'e Feriene Steaten.

Kamala Harris wurdt op 20 jannewaris 2021 ynsward as fise-presidinte fan 'e Feriene Steaten .

Priveelibben [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Harris troude op 22 augustus 2014 yn Santa Barbara mei abbekaat Douglas Emhoff . Dermei waard se op slach styfmem fan 'e beide bern fan Emhoff ut in earder houlik . Anno 2019 waard it fermogen fan Harris en Emhoff rusd op sa'n $ 5,8 miljoen.

De jongere suster fan Harris, Maya , is anno 2020 polityk analiste foar de tillefyzjestjoerder MSNBC . Hja is troud mei de foaroansteande abbekaat Tony West . Har dochter (Harris har muoikesizzer ) Meena Harris is de oprjochtster fan 'e Phenomenal Women Action Campaign.

Harris is in lid fan 'e Third Baptist Church of San Francisco , in gemeente fan 'e Amerikaanske Baptistyske Tsjerken FSA . Se hat in boek oer it Amerikaanske rjochtssysteem skreaun ( Smart of Crime: A Career Prosecutor's Plan to Make Us Safer , 2009 ), in autobiografy ( The Truths We Hold: An American Journey , 2019 ) en in berneboek ( Superheroes Are Everywhere , 2019 ).

Keppelings om utens [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch under: References , op dizze side .