Joast Hiddes Halbertsma

Ut Wikipedy
Joast Hiddes Halbertsma
skriuwer
persoanlike bysunderheden
echte namme Justus Hiddes Halbertsma
nasjonaliteit Nederlansk
berne 23 oktober 1789
berteplak Grou ( Fryslan )
stoarn 27 febrewaris 1869
stjerplak Dimter ( Oerisel )
etnisiteit Frysk
wurk
taal Frysk , Nederlansk , Latyn
sjenre koarte ferhalen , poezij ,
wittenskiplike non-fiksje
perioade 19e iuw
streaming Romantyk
bekendste
  wurk(en)
Rimen en Teltsjes
Lexicon Frisicum
utjouwer fa. J. de Lange
jierren aktyf 1822 ? 1869
offisjele webside
Joast Hiddes Halbertsma yn
de Kanon fan de Fryske Skiednis

Joast Hiddes Halbertsma (folut: Justus Hiddes Halbertsma ; Grou , 23 oktober 1789 - Dimter , 27 febrewaris 1869 ) [1] [2] [3] wie in Frysk skriuwer , dichter , dumny , leksikograaf en taalwittenskipper . [4] Hy kaam benammen bekend te stean om 'e ferhale - en dichtbondel De Lapekoer fan Gabe Skroar , dy't er mei syn broer Eeltsje skreau, en werfan't de earste printinge yn 1822 publisearre waard. [5] [6] Neitiid waard dat wurk almar fierder utwreide, ek mei bydragen fan 'e trede broer, Tsjalling , oant alle proaza en poezij fan 'e bruorren Halbertsma yn 1871 postum sammele waard en ferskynde as de ferneamde Rimen en Teltsjes . [7] [8] Hoewol't de literere wearde fan 'e bondel neitiid troch guon resinsinten yn 'e kiif steld waard, [9] is it net te untstriden dat de Rimen en Teltsjes in rol fan krusjaal belang spilen by it untjaan fan in nije literere Fryske tradysje nei't de taal trije iuwen lang suver allinnich as sprektaal brukt wie. [10] [11]

Libben [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Jonkheid en komof [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Joast Hiddes Halbertsma waard op 23 oktober 1789 berne te Grou , [12] [13] [14] [15] yn syn aldershus oan 'e Kowemerk, [16] as de aldste soan ut it gesin fan bakker en keapman [17] [18] [19] Hidde Joasts Halbertsma ( 1756 - 1809 ) [20] [21] [22] en dy syn frou Ruerdtsje (of Riurtk) [23] Tsjallings Binnerts ( 1767 - 1809 ). [24] [25] [26] [27] Hy hie trije jongere bruorren : Tsjalling ( 1792 - 1852 ), [28] [29] [30] Binnert ( 1795 - 1847 ), [31] [32] [33] en Eeltsje ( 1797 - 1858 ). [34] [35] [36] Twa letter te wrald kommen bern stoaren al hiel jong, [37] it jonkje yn 1803 , [38] en it famke yn 1805 . [39] De bruorren hongen sterk oaninoar, mooglik as gefolch fan it feit dat harren alden beiden yn 1809 jong kamen te ferstjerren, doe't Joast krekt tweintich jier wie en de oaren noch jonger. [40] [41] [42] Joast, Tsjalling en Eeltsje, dy't as auteurs letter mei-inoar bekend komme soene te stean as de bruorren Halbertsma , [43] [44] lieken mear op harren heit , wylst Binnert mear utskaaide nei harren mem . [45]

Ruerdtsje Binnerts kaam ut in foaroansteand Grouster laach . [46] [47] Har famylje wie minnistysk , [48] [49] en hoewol't har man fan hus ut herfoarme wie, gied er nei syn houlik oer nei har leauwe . [50] Ut brieven fan Joast komt hja nei foarren as in betuft sakefrou , in leafhawwende mem en in djip leauwich minske. [51] Oer Hidde Halbertsma, de heit , is folle minder bekend. Men wol wol hawwe dat er foar syn trouwen farrensman west hie. [52] Hy moat guodlik fan aard west hawwe, mar wie gau rekke, en dan koed er raar fan him ofbite. [53] Yn 1784 publisearre er yn it Nederlansk in lang gedicht mei as titel Schrikkelijke IJsgang en Overstroominge in Gelderland . [54] Ut dat yntrigearjende wurk kin oflaat wurde dat syn soannen har literere oanlis net fan in frjemd hiene. [55]

Yn 1858 die Joast Halbertsma sels it ferskil tusken de famyljes fan syn alden ut 'e doeken doe't er skreau: " Men kin de Halbertsma's net untsizze dat se mear feardichheid en fluchheid fan begryp, mear handichheid, faasje en talint hiene as de famylje fan Ruerdsje Tsjallings; mar wat hat dat alles harren holpen tsjin 'e earmoede, der't de measten yn ferfallen binne, wylst de famylje fan Ruerdtsje Tsjallings oant op 'e dei fan hjoed in frij algemiene wolfeart yn 'e deftige boargerstan hanthavenje kin? " [56] Tsjin 'e oermacht fan lju dy't kalm en mei ferdrach ryk waarden, skreau er op in oar plak, wisten de Halbertsma's " har net oars as troch de satire te wreekjen. " [57]

Joast Hiddes Halbertsma, skildere troch Willem Bartel van der Kooi , yn 1828 .

Oplieding, beropping en gesin [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Mem Ruerdtsje wie de driuwende kreft efter it trochlearen fan har soannen. [58] [59] Sa bewurkmastere se dat Joast earst in jier nei de Franske skoalle yn Ljouwert gie, en dernei fan 1801 oant 1806 underwiis folge oan 'e Latynske skoalle , [60] [61] der't er les krige fan rektor Valentinus Slothouwer . [boarne nedich] Op oanstean fan syn mem en fan 'e minnistyske predikant Jan Brouwer fan Ljouwert keas Joast Halbertsma foar in oplieding yn 'e teology . [62] Derta studearre er fan 1807 oant 1813 oan it Doopsgesind Seminaarje yn Amsterdam , [63] [64] [65] [66] der't er kolleezjes folge fan u.o. perfester Rinse Koopmans , [67] en him behalven yn teology ek ferdjippe yn 'e Noardgermaanske talen . [68] Yn 1814 krige er in oanstelling as dumny te Boalsert , der't er oant 1821 bleau. [69] [70] [71] [72] [73] Dernei stied er fan 1822 oant syn emeritaat yn 1856 yn it Oeriselske Dimter . [74] [75] [76] [77] [78]

Halbertsma troude op 10 maaie 1816 [79] mei Johanna Iskjen Hoekema ( 1794 - 1847 ), in dumnysdochter ut Warkum dy't ut in begoedige boargerlaach kaam. [80] [81] Troch syn frou krige Halbertsma de state Westerein, under Warkum, yn besit, der't er by 't simmer wol gauris in pear wiken mei syn gesin fakansje hold. [82] Ofsjoen derfan bleau er fan 1822 of syn hiele fierdere libben yn Dimter te wenjen. [83] Halbertsma en de frou krigen fiif soannen ut in goed mar net probleemleas houlik, [84] werfan't Petrus, Hidde en Tsjalling trochlearden yn taalkunde of medisinen , wylst Watse en Binnert seeman waarden. [85] As heit underfun Halbertsma gans leed: syn soan Petrus kaam al yn 1851 te ferstjerren yn in psychiatrysk sikehus , en hy belibbe ek noch dat Binnert yn 1861 stoar, wylst Hidde yn 1865 de han oan himsels sloech . [86]

Literer wurk [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Halbertsma wie yn syn studintetiid sterk foarme troch syn kunde oan 'e begoedige en ynfloedrike Amsterdamske keapman Jeronimo de Vries , dy't in nasjonale keunst foarstie, [ ynspirearre op 'e Gouden Iuw . Dermei gied er yn tsjin modernere opfettings, lykas dy fan Hieronymus van Alphen en Johannes Klinker . [87] Foar Halbertsma, dy't earst Fries en dernei pas Nederlanner wie, betsjutte dat in oriintaasje op nasjonale Fryske idealen . [88] [89] Derut kaam fuort dat er him letter yn syn libben twa doelen stelde. [90] Yn it foarste plak wie it him te dwaan om it behald fan 'e Fryske taal troch dy wer as skriuwtaal te bruken nei't er trije iuwen lang hast allinnich mar as sprektaal brukt wie. [91] [92] [93] Yn it ferlingde derfan woed er de Friezen ek wer yn har eigen taal oan it lezen krije (oars hie it skriuwen yn it Frysk ommers ek net folle sin) en it Fryske taaleigen festlizze yn in wurdboek , dat it earste Frysk wurdboek ea wurde soe. [94] En yn it twadde plak woed er ferneamde Friezen ut it ferline foar it fuotljocht bringe om 'e lju ut syn eigen tiid ta foarbyld te tsjinjen. [95]

Joast Hiddes Halbertsma, tekene troch in unbekende keunstner , om 1835 hinne.

Om syn earste doelstelling te ferwurklikjen, moast Halbertsma mei syn skriuwwurk trochkringe yn it deistich libben fan it Fryske folk. [96] Dat slagge him troch mei syn broer Eeltsje oan it skriuwen fan folksliteratuer te gean. [97] De steat en maatskiplike status fan it Frysk fan dy dagen kin oflezen wurde oan it feit dat Halbertsma en syn bruorren, wylst se omraak krewearren foar it bruken fan it Frysk as skriuwtaal foar poezij en proaza , foar harren underlinge briefkerij ta it Nederlansk ferfoelen, en dat dat har blykber net as nuver oankaam. [98] Om't Halbertsma syn libben lang as besoarger fan it wurk fan Eeltsje fungearre, wie harren literere wurk fan it begjin of oan oaninoar keppele. [99] De taalkundige en frisist Foeke Buitenrust Hettema omskreau Halbertsma sadwaande letter as de ' ympressario ' fan syn bruorren Eeltsje en Tsjalling. [100] Yn 1822 waard harren iere wurk bondele under de titel fan De Lapekoer fan Gabe Skroar , in boekje mei 36 siden der't seis gedichten en ien koart ferhaal yn stiene. [101] Dat wurk waard taskreaun oan 'e fiktive , ier stoarne skriuwer ut earder tiid 'Gabe Skroar', in boeresoan dy't oer de side run en derom skroar waard. [102] [103] Dat personaazje hat foar 't neist in skepping fan Eeltsje west. [104] Jin te ferskuljen efter sa'n fiktyf auteur wie doedestiden frij normaal. [105] [106]

De earste printinge fan De Lapekoer fan Gabe Skroar , ut 1822 , hie in oplaach fan 200 eksimplaren. [107] [108] [109] [110] [111] [112] Dy waarden lykwols net ferkocht , mar op kosten fan Halbertsma ferspraat under kunde fan sines yn hiel Fryslan . [113] [114] [115] Dermei makke er in fraach nei mear fan soksoarte lektuer wekker dy't earder net bestien hie. [116] [117] [118] De ferhalen en gedichten wiene nammentlik hiel wat oars as de lezers fan doe wend wiene, net allinnich wat de taal oangie, mar fral ek op it med fan 'e skriuwstyl . De eksimplaren fan it boekje giene faak hiele famyljes troch, en net selden waarden de stikjes oerskreaun ear't it bondeltsje trochjun waard. [119] [120]

In twadde, utwreide printinge fan De Lapekoer fan Gabe Skroar , mei 237 siden, ferskynde yn 1829 , folge troch in trede, tige utwreide printinge yn 1834 , mei krapoan 500 siden op grutter formaat. [121] [122] [123] [124] Dernei waarden oanfollings apart publisearre yn 1836 ( De Noarger Run oan Gabe Skroar ), 1840 ( Twigen ut in Alde Stamme ), 1854 ( Leed en Wille en de Flotgerzen ) en 1858 ( De Jonkerboer en Teltsjes fan de Wize Mannen fan Esonsted ). [125] [126] Tsjin 'e ein fan syn libben wurke Halbertsma noch mei oan 'e gearstalling fan in diel fan Rimen en Teltsjes , der't alle literere wurk fan 'e bruorren Halbertsma yn gearbrocht waard. Derfoar skreau er sels ek noch nij wurk, lykas it koarte ferhaal It Grouwe Pak . [127]

As skriuwer fielde Halbertsma sterk oan wer't it folk ferlet fan hie, mar tagelyk wied er in wat ofstanlik en ferstanlik skriuwer, by wa't de poezij yn 'e knipe kaam, benammen as men dy mei de fersen fan syn broer Eeltsje ferliket, dat in folle gefoelsmjittiger skriuwer wie. [128] Nettsjinsteande dat falle gedichten as Sibbel fan De Ryp en Nacht der ek tsjintwurdich noch yn. [129] Halbertsma syn koarte ferhalen wiene lykwols nammenste skerper, eat dat te tankjen wie oan syn linich taalgebruk, syn libbene skriuwstyl, en it feit dat er wegere in bled foar de mule te nimmen, sadat der in ruchhouwerige, gekoanstekkerige en ut en troch grimmitige sfear ut syn proaza azemet. [130] [131] Syn stof swile Halbertsma runomwei gear, u.m. ut Dutske en Franske folksferhalen , dy't er dan op unneifolchbere wize bewurke en nei Fryslan ferpleatste. [132] [133] Hy wie in non-konformist , dy't him lang net by in elk bemind makke mei syn faak skerpe oardielen oer it wurk fan oaren. [134] Boppe-al wie de skriuwer Halbertsma in essayist en satirist , dy't graach aktuele politike en maatskiplike fraachstikken yn syn wurk bemjuksje mocht. [135] [136] Ut 'e ferhalen fan lju dy't him koene of metten, komt er nei foarren as in skerpsinnich en tige warber man fan grutte leardheid dy't it smout opsizze koe. [137]

It Boalserter Nut , dat ferskynde yn De Lapekoer , wie Halbertsma syn earste grutte ferhaal; lykas faak yn it wurk fan Halbertsma bestiet dat ut in ramtferhaal der't ferskate min of mear losse underdielen yn ferarbeide sitte, lykas it essay It Jild . [138] Miswier en De Twadde Jun binne ek grutte ramtferhalen, en De Skearwinkel fan Joutebaas is in trijedielige gearspraak , der't him dan wer it yntrigearjende Heksershol as folslein op himsels steand underdiel ut losmakket. [139] De iennichste kear dat Halbertsma op eigen manneboet, dus alhiel sunder meiwurking fan Eeltsje, wat publisearre, wie yn 1837 , doe't er Oan Eolus utbrocht, [140] in ferhaal dat ynjun is troch in grutte stoarm ut 1830 , en weryn't in wynhoas alderhanne tinzen en motiven runomwei as dwarljend bledte gearblazen hat. [141] Dat stik moat miskien sjoen wurde as in oanwizing dat Halbertsma gruttere literere aspiraasjes koestere as dat er yn De Lapekoer underbringe koe. [142]

Joast Hiddes Halbertsma op in foto fan 3 augustus 1861 .

Wittenskiplik wurk [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Dochs naam syn eigen literer wurk yn Halbertsma syn libben net it wichtichste plak yn; ynstee wie dat plak foarbeholden oan syn wittenskiplike non-fiksjeboeken . [143] Oan syn wurdboek fan it Frysk, it Lexicon Frisicum , werfoar't er it Latyn as ferklearjende taal brukte, wurke Halbertsma mear as fyftich jier, mar hy krige it by lange nei net of. Hy sette it op nei foarbyld fan it Dutske wurdboek fan 'e bruorren Grimm , mar rekke bestrupt yn tuskenfoegings en omwurkings en yn lange semantyske wurdferklearrings , in underdiel dat benammen syn leafde hie. [144] Uteinlik bleau er hingjen by de letter F . Sadwaande bleau it wurdboek in manuskript , dat pas nei syn ferstjerren , yn 1872 , yn unfoltoge foarm utjun wurde soe. [145] Letter soene oaren, lykas Waling Dykstra , syn wurk dienmeitsje. It wurdboekmateriaal fan Halbertsma en Dykstra foarme letter de grunslach foar oare Fryske wurdboeken, dy't gearstald waarden troch de Fryske Akademy , yn it bysunder it 25-dielige Wurdboek fan de Fryske Taal ( 1984 - 2011 ). [146]

Fierders wie Halbertsma de driuwende kreft efter de Gysbert Japiks - betinking fan 1823 , [147] [148] [149] dy't wol sjoen wurdt as it earste oanbegjin fan 'e Fryske Beweging . Neitiid publisearre er under de titel Hulde aan Gysbert Japiks yn 1824 en 1827 yn twa dielen in wiidweidich op argivalia basearre letterkundich wurk oer de grutte santjinde-iuwske dichter . [150] Fierders ferskynde yn 1829 fan 'e han fan Halbertsma Het Geslacht der Van Harens , werby't er benammen yngie op 'e libbens en it literere oeuvre fan 'e bruorren Onno Zwier van Haren en Willem van Haren , der't er in grut leafhawwer fan wie. [151]

Ek skreau Halbertsma yn 1836 in biografy fan 'e Fryske dichter Jan Cornelis Pieters Salverda ( 1783 - 1836 ), dy't suver naturalistysk oandocht. [152] Yn 1843 ferskynde fierders fan Halbertsma it skiedkundige De Doopsgezinden en Hunne Herkomst , [153] [154] en yn 1851 Aanteekeningen op het Vierde Deel van den Spiegel Historiael van Jacob van Maerlant . [155] Teffens publisearre er yn 1858 op oantrun fan prins Louis Lucien Bonaparte , dy't er yn Londen troffen hie, [156] It Ewangeelje fen Matthewes , de earste Fryske oersetting fan it bibelske Evangeelje fan Matteus . [157] [158] Dy oersetting joech by guon fan syn tiidgenoaten gans argewaasje om't it doedestiden as fierstente realistysk beskoge waard; tsjintwurdich docht it just modern oan, wat sjen lit dat Halbertsma syn tiid fier foarut wie. [159]

Al jong wun Halbertsma de reputaasje in geleard man te wezen, werby't er benammen as kenner fan 'e Germaanske talen te boek stie. Ek tsjintwurdich noch wurdt er op it med fan 'e taalwittenskip as in grut man beskoge. [160] [161] [162] [163] [164] Nei't er fan syn studzje yn Amsterdam weromkeard wie, fun er yn Fryslan fia freonen ut syn studintetiid, dy't hege amtlike posten beklaaiden, al rillegau oansluting by it fermidden fan 'e frysksinnige guverneur jonker Idsert Aebinga van Humalda . [165] Letter yn syn libben hied er kunde oan grutte nammen ut 'e Nederlanske literatuer , lykas Willem Bilderdijk , [166] [167] [168] en boppedat briefke er mei lju fan Jeropeesk formaat, werunder de Deenske taalkundige Rasmus Rask , [169] [170] de Ingelske dichter Robert Southey [171] en de Dutske taalgelearde en mearkeskriuwer Jacob Grimm . [172] [173] [174] [175] Teffens waard er ynhelle as lid fan gelearde skiedkundige en taalwittenskiplike genoatskippen yn Leien , [176] Kopenhagen , Berlyn , Atene en Halle-Wittenberch . [177]

Halbertsma tidige sadwaande op in beneaming ta heechlearaar Nederlanske taal- en letterkunde , en it liek ek in pear kear dat er sa'n beneaming yn 'e wacht slepe soe, mar dat run alle kearen mis. [178] Derby spile foar 't neist syn skerpe pinne in rol, [179] [180] mar der wiene ek oare redens. Yn 1830 lei er it of tsjin it oerskot oan gadingmakkers dat Nederlan oerspielde ut 'e universiteiten fan Belgje , dat him doe krekt ofskaat hie , en nei 1840 wie der ferlet fan lju dy't in gruttere spesjalisaasje hiene as der't hy oer beskikte. [181] Dat Halbertsma yn 1837 wol in earedoktoraat yn 'e letteren takend krige troch de Ryksuniversiteit Leien , wie foar him yn dizze saak mar in skrale treast. [182] [183] Mei troch dizze teloarstellings balansearre Halbertsma lange tiid op it rantsje fan 'e oerspandheid , en fral yn 1839 , doe't er fannijs foarbyparte waard, makke er in djippe krisis troch. [184] Pas yn 'e 1860 -er jierren, doe't er al yn 'e santich wie, liket er mentaal ta rest kommen te wezen. [185]

Mei om't er taalkundich sa goed underlein wie, is Halbertsma ek wol neamd as auteur fan it beruchte Oera Linda Bok , [186] in ferfalske wurk dat yn 1867 opdoek en dat yn neibeard Aldfrysk skreaun wie. It soe in iere skiednis fan Fryslan en de Friezen west hawwe, en waard in skoft lang as autentyk beskoge ear't de moard utkaam. [187] It wurdt lykwols folle wierskynliker achte dat de wiere auteur fan it Oera Linda Bok de provinsjaal bibletekaris Eelco Verwijs wie, mei wa't Halbertsma goed befreone wie, [188] [189] of mooglik de skriuwer Francois Haverschmidt of de skipstimmerman en autodidaktysk frijtinker Cornelis over de Linden . [190] As Verwijs de skriuwer wie, is it net unmooglik dat Halbertsma him stilswijend of sels iepentlik advys jun hat oer hoe't er it it beste oanpakke koe. [191]

Buste fan Joast Hiddes Halbertsma yn syn wen- en stjerplak Dimter
troch Henk Visser (1917-1991)

Ferstjerren [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Nei syn emeritaat as predikant , op 26 oktober 1856 , [192] dat Halbertsma sels oanfrege hie om't er syn ropping net mear fan herten utoefene, [193] loek er him werom yn syn boppewente, der't er fan dy tiid of almar fierder feriensume doe't syn famyljeleden en freonen by him weistoaren. [194] Syn butenlanske kontakten fia briefkerij bleane wol yntakt. [195] Joast Hiddes Halbertsma kaam op 27 febrewaris 1869 yn syn wenplak Dimter te ferstjerren yn 'e alderdom fan 79 jier . [196] [197] [198] [199] Tsjin dy tiid hied er 22 jier widner west. [200] Hy waard oerlibbe troch syn soannen Watse en Tsjalling. [201] Yn 1947 waard Dr. Joast Halbertsma-priis , de heechste provinsjale underskieding foar histoarysk (en letter mear algemien wittenskiplik ) non-fiksjewurk op it med fan Fryslan , nei him ferneamd. [202]

Neilittenskip [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Nei it ferstjerren fan alle trije bruorren Halbertsma waard harren proaza en poezij under tafersjoch fan 'e bibletekaris en argivaris Gerben Colmjon en de boekhannelder en histoarikus Wopke Eekhoff [203] [204] gearbrocht en yn 1871 troch utjouwerij fa. J. de Lange te Dimter publisearre under de titel Rimen en Teltsjes . [205] [206] [207] [208] [209] Dat wurk wurdt no beskoge as it nasjonale boek fan 'e Fryske literatuer , [210] en hoewol't de literere wearde fan 'e bondel neitiid troch guon resinsinten yn 'e kiif steld waard, [211] is it net te untstriden dat de Rimen en Teltsjes in rol fan krusjaal belang spilen by it untjaan fan in nije literere Fryske tradysje nei't de taal trije iuwen lang suver allinnich as sprektaal brukt wie. [212] [213] De ynfloed fan Joast Hiddes Halbertsma op 'e neikommende Fryske literatuer hat withoegrut en fan unskatbere wearde west. [214] [215] Yn 1949 skreau auteur en literatuerkritikus Anne Wadman dat de Halbertsma's " it Fryske folk in literer monumint [jun hiene], der't it syn eigen folkslibben yn [...] wjerspegele seach. " [216] Ek hjoed de dei steane de Rimen en Teltsjes noch op it earste plak fan 'e ranglist fan Fryske literere klassikers. [217]

Under reizen nei Ingelan , Skotlan en Ierlan , yn 1852 en 1853 , rekke Halbertsma under de yndruk fan it grutte oantal musea en aldheidkundige kabinetten dere. [218] [219] Dat joech him it idee yn om syn eigen wichtige samling aldheden (foar in oansjenlik part ut Hylpen [220] en fierders fral ut ofgravings fan alde terpen ) [221] oer te dragen oan 'e Provinsje Fryslan . Yn 1853 waard ut syn samling it Kabinet fan Aldheden fan Fryslan foarme, dat yn 1881 it Frysk Museum waard. [222] [223] [224] [225] [226]

Ek skonk Halbertsma, foar in diel noch by syn libben, syn omfangrike biblioteek fan wittenskiplike boekwurken oan 'e provinsje, dy't neitiid yn 'e Provinsjale Bibleteek kamen te stean, en noch altyd by Tresoar yn te sjen binne. [227] [228] In grutte samling brieven skreaun troch en oan Halbertsma, werunder hunderten oan syn bruorren Eeltsje en Tsjalling , bleau lang yn famyljefermidden bewarre, oant se yn 'e rin fan 'e tweintichste iuw yn bruklien jun waarden oan it Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum (FLMD), dat yn 2002 opgie yn Tresoar . [229]

Anekdoate [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Oer Joast Hiddes Halbertsma binne in stikmannich anekdoates bekend dy't him tekenje as in ruch, eigensinnich en non-konformistysk man. Efter syn pastorij yn Dimter hied er in hinneloop . By it fuorjen fan 'e hinnen naam Halbertsma stiiffest in skeppe mei, groef in gat yn in sanbulte , struide der it foer yn en smiet it gat wer ticht. Dan liet er de hinnen los en begun it spektakel. De bisten klauden krekt salang dat se har foer fun hiene. Dumny plachte dan te sizzen: " In minske moat arbeidzje foar syn brea, ek de hinnen moatte har foer net samar foar it opppikken fine. Labor sanat! " [boarne nedich]

Wurk [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Literer [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

  • 1822 ? De Lapekoer fan Gabe Skroar ( dicht - en ferhalebondel , mei Eeltsje Hiddes Halbertsma )
  • 1829 ? De Lapekoer fan Gabe Skroar (dicht- en ferhalebondel, mei Eeltsje Hiddes Halbertsma; utwreide ferzje)
  • 1830 ? In Nij Liet op Grouster Merke ( gedicht )
  • 1831 ? In Skotsk Miel ( koart ferhaal )
  • 1834 ? Foeke Sjoerds (koart ferhaal oer Foeke Sjoerds )
  • 1834 ? Grefskrift fan in Wynsuper op Him Selme (gedicht)
  • 1834 ? De Lapekoer fan Gabe Skroar (dicht- en ferhalebondel, mei Eeltsje Hiddes Halbertsma; fierder utwreide ferzje)
  • 1834 ? Sun Ferstan (koart ferhaal)
  • 1835 ? De Skearwinkel fan Joutebaas ( ramtferhaal mei ferskate koarte ferhalen en gedichten; mei Eeltsje Hiddes Halbertsma en Tsjalling Hiddes Halbertsma ; hjirfan is it ferhaal It Heksershol yn it Nederlansk oerset as Het Heksershol , troch Theun de Vries )
  • 1836 ? De Noarger Run oan Gabe Skroar (koart ferhaal mei in gedicht troch Eeltsje Hiddes Halbertsma; mei kommentaar fan Joast Hiddes Halbertsma)
  • 1836 ? De Treemter fan it Sint-Anthonygasthus (koart ferhaal fan Eeltsje Hiddes Halbertsma, mei kommentaar fan Joast Hiddes Halbertsma)
  • 1837 ? Oan Eolus (koart ferhaal)
  • 1837 ? Eolus, Grewa fan Stoarm en Onwaar (dicht- en ferhalebondel, mei Eeltsje Hiddes Halbertsma)
  • 1840 ? Twigen ut in Alde Stamme (dicht- en ferhalebondel, mei Eeltsje Hiddes Halbertsma)
  • 1841 ? Oan Petrus, Doe't er Doktor Waard (gedichten troch Eeltsje Hiddes Halbertsma en Ferdinand Hanthal , mei kommentaar fan Joast Hiddes Halbertsma)
  • 1854 ? Leed en Wille en de Flotgerzen (dicht- en ferhalebondel, mei Eeltsje Hiddes Halbertsma)
  • 1871 ? It Grouwe Pak (koart ferhaal)
  • 1871 ? Rimen en Teltsjes (mei Eeltsje Hiddes Halbertsma en Tsjalling Hiddes Halbertsma)
  • 18?? ? De Geboarteleppel (koart ferhaal)
  • 18?? ? De Fugel fan Bearn-poep (koart ferhaal)
  • 18?? ? De Bear op Reis (koart ferhaal)

Wittenskiplik [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

  • 1824 ? Hulde aan Gysbert Japiks (diel 1)
  • 1827 ? Hulde aan Gysbert Japiks (diel 2)
  • 1829 ? Het Geslacht der Van Harens
  • 1834 ? Friesche Spelling en Proeve van Vergelijking tusschen de Boven Ontworpene Spelling en Die van Gysbert Japicx
  • 1836 ? Friesic: Ancient and Modern Friesic Compared with Anglo-Sacon
  • 1836 ? Jan Cornelis Pieters Salverda (biografy fan Jan Cornelis Pieters Salverda )
  • 1836 ? De Toenemende Wansmaak van de Nederlanders voor het Toneel
  • 1840 ? Letterkundige Naoogst (diel 1)
  • 1843 ? Het Buddhisme en Zijn Stichter
  • 1843 ? De Doopsgezinden en Hunne Herkomst
  • 1845 ? Letterkundige Naoogst (diel 2)
  • 1846 ? De Tongvallen in Nederland
  • 1851 ? Aanteekeningen op het Vierde Deel van den Spiegel Historiael van Jacob van Maerlant (oer de Spiegel Historiael fan Jakob fan Maerlant )
  • 1858 ? It Ewangeelje fen Matthewes (oersetting fan it Evangeelje fan Matteus )
  • 1861 ? Levensberigten der in Dit Jaar Afgestorvene Medeleden: Bericht wegens Rinse Posthumus, in Leven Kerkleeraar bij de Hervormde Gemeenten van Waaxens en Brantgum in Friesland (yn: Jaarboek van de Maatschappij der Nederlandse Letterkunde ; nekrology fan Rinse Posthumus )
  • 1869 ? Biografie van Deventer (bitende beskriuwing fan sted en ynwenners)
  • 1872 ? Lexicon Frisicum (unfoltoge wurdboek )
  • 1969 ? Kent Gij Halbertsma van Deventer? In Tal Net Utjowne Hanskriften ( blomlezing fan nea earder publisearre wurk)

Biografyen fan Joast Hiddes Halbertsma [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

  • Anne Dykstra , J.H. Halbertsma als Lexicograaf , Ljouwert, 2011 (Afuk), ISBN 978-9 06 27 38 762 .
  • Alpita de Jong , Joost Halbertsma 1789-1869: Triomfen en tragedies van een uitmiddelpuntig man. Een biografie , Grou, 2018 (Utj. Louise), ISBN 978-9 49 15 36 502 .
  • J.J. Kalma , et al., red. , Joast Hiddes Halbertsma, Brekker en Bouwer , Drachten, 1969 (Drukkerij J. Laverman N.V.), sunder ISBN.

Keppeling om utens [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Breuker 1993, s. 588.
  2. Breuker 2016, s. 1126.
  3. Rademaker-Helfferich.
  4. Breuker 1993, s. 587-591.
  5. Breuker 1993, s. 594.
  6. Dykstra en Oldenhof, s. 37.
  7. Breuker 1993, s. 603-606.
  8. Dykstra en Oldenhof, s. 37.
  9. Breuker 1993, s. 594-596.
  10. Dykstra en Oldenhof, s. 37.
  11. Jensma, s. 197.
  12. Breuker 1993, s. 588.
  13. Breuker 2016, s. 1126.
  14. Dykstra en Oldenhof, s. 38.
  15. Rademaker-Helfferich.
  16. Wiersma, s. 7.
  17. Breuker 1993, s. 587.
  18. Oppewal en Boorsma, s. 16.
  19. Wiersma, s. 7.
  20. Breuker 1993, s. 587.
  21. Rademaker-Helfferich.
  22. Terpstra, s. 317.
  23. Wiersma, s. 7.
  24. Breuker 1993, s. 587.
  25. Rademaker-Helfferich.
  26. Terpstra, s. 317.
  27. Wiersma, s. 7-8.
  28. Breuker 1993, s. 591.
  29. Terpstra, s. 316.
  30. Wiersma, s. 7.
  31. Breuker 1993, s. 587.
  32. Terpstra, s. 316.
  33. Wiersma, s. 7.
  34. Breuker 1993, s. 592.
  35. Terpstra, s. 316.
  36. Wiersma, s. 7.
  37. Terpstra, s. 316.
  38. Wiersma, s. 7.
  39. Wiersma, s. 7.
  40. Oppewal en Boorsma, s. 16.
  41. Terpstra, s. 317.
  42. Wiersma, s. 8-9.
  43. Hemminga, s. 56.
  44. Jensma, s. 197.
  45. Breuker 1993, s. 587.
  46. Breuker 1993, s. 587.
  47. Oppewal en Boorsma, s. 16.
  48. Breuker 1993, s. 587.
  49. Oppewal en Boorsma, s. 16.
  50. Breuker 1993, s. 587.
  51. Wiersma, s. 8.
  52. Wiersma, s. 8.
  53. Wiersma, s. 8.
  54. Wiersma, s. 8.
  55. Wiersma, s. 8.
  56. Breuker 1993, s. 587.
  57. Breuker 1993, s. 587.
  58. Breuker 1993, s. 587.
  59. Oppewal en Boorsma, s. 16.
  60. Breuker 1993, s. 588.
  61. Rademaker-Helfferich.
  62. Breuker 1993, s. 588.
  63. Breuker 1993, s. 588.
  64. Rademaker-Helfferich.
  65. Terpstra, s. 317.
  66. Wiersma, s. 9.
  67. Breuker 1993, s. 590.
  68. Rademaker-Helfferich.
  69. Breuker 1993, s. 588.
  70. Breuker 2016, s. 1126.
  71. Rademaker-Helfferich.
  72. Terpstra, s. 317.
  73. Wiersma, s. 9.
  74. Breuker 1993, s. 588.
  75. Breuker 2016, s. 1126.
  76. Oppewal en Boorsma, s. 16.
  77. Rademaker-Helfferich.
  78. Terpstra, s. 317.
  79. Rademaker-Helfferich.
  80. Breuker 1993, s. 588.
  81. Rademaker-Helfferich.
  82. Breuker 1993, s. 588.
  83. Breuker 1993, s. 588.
  84. Rademaker-Helfferich.
  85. Breuker 1993, s. 588.
  86. Breuker 1993, s. 588.
  87. Breuker 1993, s. 588.
  88. Breuker 1993, s. 588-589.
  89. Breuker 2016, s. 1126.
  90. Breuker 1993, s. 589.
  91. Boelens et al., s. 116.
  92. Breuker 1993, s. 589.
  93. Wiersma, s. 11.
  94. Breuker 1993, s. 589.
  95. Breuker 1993, s. 589.
  96. Breuker 1993, s. 589.
  97. Wiersma, s. 11.
  98. Boelens et al., s. 116.
  99. Breuker 1993, s. 593.
  100. Wiersma, s. 11.
  101. Dykstra en Oldenhof, s. 37.
  102. Breuker 1993, p. 597.
  103. Twerda, p. 297.
  104. Breuker 1993, p. 597.
  105. Breuker 1993, s. 597.
  106. Twerda, s. 297.
  107. Breuker 1993, s. 594.
  108. Dykstra en Oldenhof, s. 37.
  109. Oppewal en Boorsma, s. 16.
  110. Terpstra, s. 313.
  111. Twerda, s. 297-298.
  112. Wiersma, s. 5, 11.
  113. Breuker 1993, s. 594.
  114. Oppewal en Boorsma, s. 16.
  115. Twerda, s. 298.
  116. Breuker 1993, s. 594.
  117. Hemminga, s. 56.
  118. Twerda, s. 298.
  119. Terpstra, s. 313.
  120. Wiersma, s. 11.
  121. Dykstra en Oldenhof, s. 37.
  122. Terpstra, s. 313.
  123. Twerda, s. 298.
  124. Wiersma, s. 5, 11.
  125. Dykstra en Oldenhof, s. 37.
  126. Bruorren Halbertsma 1958, s. 589-594.
  127. Breuker 2016, s. 1127.
  128. Dykstra en Oldenhof, s. 38-40.
  129. Terpstra, s. 318.
  130. Dykstra en Oldenhof, s. 38.
  131. Breuker 2016, s. 1126.
  132. Dykstra en Oldenhof, s. 38.
  133. Twerda, s. 297.
  134. Terpstra, s. 317.
  135. Breuker 2016, s. 1127.
  136. Twerda, s. 297.
  137. Oppewal en Boorsma, s. 16.
  138. Dykstra en Oldenhof, s. 40.
  139. Dykstra en Oldenhof, s. 40.
  140. Breuker 1993, s. 591.
  141. Dykstra en Oldenhof, s. 38.
  142. Breuker 1993, s. 591.
  143. Breuker 1993, s. 590.
  144. Breuker 2016, s. 1127.
  145. Breuker 2016, s. 1127.
  146. Fryske Akademy, Andere Taaldiensten en Links
  147. Dykstra en Oldenhof, s. 38.
  148. Rademaker-Helfferich.
  149. Wiersma, s. 10-11.
  150. Breuker 2016, s. 1127.
  151. Breuker 2016, s. 1127.
  152. Dykstra en Oldenhof, s. 40.
  153. Breuker 2016, s. 1127.
  154. Rademaker-Helfferich.
  155. Breuker 2016, s. 1127.
  156. Rademaker-Helfferich.
  157. Dykstra en Oldenhof, s. 40.
  158. Terpstra, s. 317.
  159. Dykstra en Oldenhof, s. 40.
  160. Breuker 1993, s. 589-590.
  161. Jensma, s. 197.
  162. Oppewal en Boorsma, s. 16.
  163. Rademaker-Helfferich.
  164. Terpstra, s. 317.
  165. Breuker 1993, s. 589.
  166. Breuker 1993, s. 590.
  167. Jensma, s. 197.
  168. Terpstra, s. 317.
  169. Breuker 1993, s. 590.
  170. Rademaker-Helfferich.
  171. Rademaker-Helfferich.
  172. Breuker 1993, s. 590.
  173. Jensma, s. 197.
  174. Rademaker-Helfferich.
  175. Terpstra, s. 317.
  176. Rademaker-Helfferich.
  177. Breuker 1993, s. 590.
  178. Breuker 1993, s. 590.
  179. Oppewal en Boorsma, s. 16.
  180. Rademaker-Helfferich.
  181. Breuker 1993, s. 590.
  182. Breuker 2016, s. 1126.
  183. Rademaker-Helfferich.
  184. Breuker 1993, s. 590.
  185. Breuker 1993, s. 590.
  186. Breuker 1993, s. 589.
  187. Schroor, s. 1957.
  188. Breuker 1993, s. 589.
  189. Breuker 2016, s. 1957.
  190. Breuker 2016, s. 1957.
  191. Breuker 1993, s. 589.
  192. Rademaker-Helfferich.
  193. Rademaker-Helfferich.
  194. Rademaker-Helfferich.
  195. Rademaker-Helfferich.
  196. Breuker 1993, s. 588.
  197. Breuker 2016, s. 1126.
  198. Rademaker-Helfferich.
  199. Terpstra, s. 317.
  200. Breuker 1993, s. 588.
  201. Breuker 1993, s. 588.
  202. Breuker 2016, s. 1127.
  203. Breuker 1993, s. 604.
  204. Wiersma, s. 5.
  205. Breuker 1993, s. 603-606.
  206. Dykstra en Oldenhof, s. 37.
  207. Oppewal en Boorsma, s. 16.
  208. Terpstra, s. 313.
  209. Wiersma, s. 5.
  210. Dykstra en Oldenhof, s. 37.
  211. Breuker 1993, s. 594-596.
  212. Dykstra en Oldenhof, s. 37.
  213. Jensma, s. 197.
  214. Boelens et al., s. 116.
  215. Rademaker-Helfferich.
  216. Wadman, s. 14.
  217. Jensma, s. 197.
  218. Breuker 1993, s. 589.
  219. Twerda, s. 298.
  220. Breuker 2016, s. 1126.
  221. Twerda, s. 298.
  222. Breuker 1993, s. 589.
  223. Breuker 2016, s. 1126.
  224. Rademaker-Helfferich.
  225. Schroor, s. 873.
  226. Twerda, s. 298.
  227. Breuker 1993, s. 589.
  228. Breuker 2016, s. 1126.
  229. Breuker 2016, s. 1126.

boarnen


oare literatuer

  • Breuker, Pieter , J.H. Halbertsma, Gysbert Japicx en de Fryske Dialekten , Ljouwert, 1973 (Fryske Akademy), sunder ISBN.
  • Boschma, Cornelis , De Collectie van J.H. Halbertsma in het Fries Museum , yn: De Vrije Fries , 1969, s. 17-32.
  • Dykstra, Anne , J.H. Halbertsma als Lexicograaf , Ljouwert, 2011 (Afuk), ISBN 978-9-06-27-38-762 .
  • Jong, Alpita de , Knooppunt Halbertsma: Joast Hiddes Halbertsma (1789-1869) en andere Europese geleerden over het Fries en andere talen, over wetenschap en over de samenleving , Hilversum, 2009 (Uitgeverij Verloren), ISBN 978-9-08-70-41-342 .
  • Jong, Alpita de , Joost Halbertsma 1789-1869: Triomfen en Tragedies van een Uitmiddelpuntig Man: Een biografie , Grou, 2018 (Utjouwerij Louise), ISBN 978-9-49-15-36-502 .
  • Kalma, J.J. , et al., red. , Joast Hiddes Halbertsma, Brekker en Bouwer , Drachten, 1969 (Drukkerij J. Laverman N.V.), sunder ISBN.