Haye Thomas

Ut Wikipedy
Haye Thomas
tillefyzje- en/of radiopersoanlikheid
persoanlike bysunderheden
echte namme Haye Thomas
nasjonaliteit Nederlansk
berne 26 juny 1936
berteplak Amsterdam ( Noard-Hollan )
stoarn 11 novimber 1996
stjerplak Hilversum ( Noard-Hollan )
etnisiteit Nederlansk
wurkpaad
wurksum as sjoernalist , ferslachjouwer
medium tillefyzje
wurksum by NCRV , NOS
bekend fan NOS Journaal
jierren aktyf 1967 ? 1996
offisjele webside
n.f.t.

Haye Thomas ( Amsterdam , 26 juny 1936 ? Hilversum , 11 novimber 1996 ) wie in Nederlansk sjoernalist en ferslachjouwer . Hoewol't er ek foar de skriuwende parse wurke, waard er benammen bekend troch syn ferslachjouwing op 'e tillefyzje , u.m. foar it NOS Journaal .

Libben en karriere [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Thomas waard yn 1936 berne as de soan fan sjoernalist Fred Thomas , en wie fan hus ut roomsk . Hy sette syn karriere yn 'e sjoernalistyk under de Seisdeiske Oarloch , yn 1967 , utein as oersetter fan Ingelsktalige kranten foar it Nederlanske deibled De Tijd . Letter datselde jiers krige er in feste oanstelling as korrespondint yn 'e Britske haadsted Londen .

Nei't De Tijd yn 1973 opdoekt wie, fun Thomas nij wurk by de omrop NCRV , der't er u.m. bydroech oan 'e aktualiteiterubryk Hier en Nu . Yn dy tiid waard it noch as bysunder ornearre dat in roomsk sjoernalist foar in protestantske omrop wurke. Yn 1979 stapte Thomas oer nei de NOS , en waard er yn 'e Amerikaanske haadsted Washington, D.C. ferslachjouwer foar it NOS Journaal , en dernjonken ek foar de Haagsche Courant . Dy posysje behold er oant 1986 , doe't er opfolge waard troch Charles Groenhuijsen . Neitiid wied er oant 1990 wer korrespondint yn Londen, en dernei yn Brussel .

Haye Thomas ferstoar yn 1996 yn Hilversum mei 59 jier oan in hertstilstan , wylst er underweis wie nei it de opnamen fan it EO -programma Het Elfde Uur , der't er as haadgast meiwurkje soe oan in fraachpetear . De duorjende populariteit dy't Thomas hie under de Nederlanske tillefyzjesjoggers die bliken doe't er ein jannewaris 2006 , rom njoggen jier nei syn untidich ferstjerren, tegearre mei Charles Groenhuijsen utkeazen waard ta beste ferslachjouwer yn fyftich jier NOS Journaal .

Keppelings om utens [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch under: Bronnen, noten en/of referenties , op dizze side .