Georg Buchner

Ut Wikipedy
Georg Buchner
skriuwer
persoanlike bysunderheden
echte namme Karl Georg Buchner
nasjonaliteit Hessysk
berne 17 oktober 1813
berteplak Goddelau ( Hessen )
stoarn 19 febrewaris 1837
stjerplak Suerich ( Switserlan )
etnisiteit Dutsk
wurk
taal Dutsk
sjenre toaniel , lit. koarte ferhalen ,
poezij , non-fiksje
perioade 19e iuw
streaming Romantyk
bekendste
  wurk(en)
Woyzeck
jierren aktyf 1834 ? 1837
offisjele webside
n.f.t.

Georg Buchner (folut: Karl Georg Buchner ; Goddelau ( Dutslan ), 17 oktober 1813 ? Suerich ( Switserlan ), 19 febrewaris 1837 ), wie in Dutsk skriuwer , toanielskriuwer en dichter , waans literere wurken oft yn Dutslan heech yn oansjen steane. Men is runom fan tinken dat er, as er net sa jong kommen wie te ferstjerren, mei figueren as Johann Wolfgang von Goethe en Friedrich Schiller ta de abslute top fan 'e Dutske literatuer heard hawwe soe.

Libben [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Buchner waard berne yn it plakje Goddelau , fuortby de sted Darmstadt , yn it doetiidske Dutske gruthartochdom Hessen . Syn heit wie in dokter, dat hy kaam ut in ridlik begoedige fermidden. Hy wie in broer fan 'e ferneamde dokter en filosoof Ludwig Buchner ( 1824 - 1899 ) en de skriuwster en frouljusrjochte-aktiviste Luise Buchner ( 1821 - 1877 ). Syn oplieding genoat er u.m. oan in humanistyske middelbere skoalle der't de klam lein waard op 'e behearsking fan moderne talen (werunder it Fransk , Italjaansk en Ingelsk ).

It bertehus fan Buchner, yn Goddelau .

Yn 1828 krige Buchner belangstelling foar de polityk , en joech er him by in groep fan Shakespeare -fans, dy't him letter nei alle gedachten untjoech ta de krite Grießen en Darmstadt fan it Gesellschaft fur Menschenrechte ("Genoatskip foar Minskerjochten"). Nei't er eineksamen dien hie foar de middelbere skoalle, gied er nei it Franske Straasburch ta, der't er medisinen studearre. Dere dompele er himsels under yn 'e Franske literatuer en politike geskriften.

Wylst er letter fierder learde yn Grießen, rjochte Buchner in geheim genoatskip op, dat de revolusjonere saak tawijd wie. Mei de help fan 'e kalivinistyske teolooch Friedrich Ludwig Weidig publisearre er in pamflet mei as titel Der Hessische Landbote , in revolusjoner krantsje dat krityk utere op it sosjaal unrjocht yn it gruthartochdom Hessen. De autoriteiten hiene der gjin nocht oan, en Weidig waard oppakt; hy stoar letter yn it tichthus yn Darmstadt nei martele te wezen. Buchner wie underwilens utnaaid nei Straasburch, der't er it meastepart fan syn literere oeuvre skreau, en yn 1834 twa toanielstikken fan 'e Franske skriuwer Victor Hugo ( Lucrece Borgia en Marie Tudor ) oersette yn it Dutsk .

Twa jier letter, yn 1836 , waard Buchner syn medyske dissertaasje , Memoire sur le Systeme Nerveux du Barbeaux (Cyprinus barbus L.) publisearre yn Parys en Straasburch. Nei't er yn oktober fan dat jier opnommen wie yn 'e doktersstan, waard er oan 'e Universiteit fan Suerich oansteld as dosint anatomy . Derop ferfear er nei Switserlan , der't er syn leste moannen trochbrocht mei lesjaan, oant er mids febrewaris 1837 mei 23 jier kaam te ferstjerren oan tyfus . Syn leste en ek bekendste toanielstik , Woyzeck , bleau unfoltoge.

Wurk [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

eigen wurk
oersettings
  • 1835 ? Lucretia Borgia , (nei Lucrece Borgia , fan Victor Hugo )
  • 1835 ? Maria Tudor , (nei Marie Tudor , fan Victor Hugo)

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch under: References , op dizze side .