Follybal
is in
symmetryske slachsport
, mei it spylfjild ferdield yn twa likense helten skieden troch in net. De beide teams spylje elts op harren eigen helte en besykje troch slaan as tikjen de bal sa te spyljen dat it oare partoer dy net goed weromspylje kin. Wa't it earst it ofsprutsen tal punten (tsjintwurdich meastentiids 25) hellet, hat de set wun. Wa't it earste it ofsprutsen tal sets wint, hat de wedstriid wun.
By de meast gongbere fariant fan follybal, it gewoane sealfollybal, bestiet in team ut 6 persoanen en is it fjild 9 by 18 meter.
De nethichte hinget of fan de kategory der't yn spile wurdt. By jongerein jonger as 13 jier wurdt ek de grutte fan it fjild oanpast.
Yn de rin fan de tiid binne der in tal farianten binnen de sport unststien, lykas
sitfollybal
,
stranfollybal
en foar de jongste spilerkes it
sirkulaasjefollybal
.
Sunt
1964
is follybal in
Olympyske sport
.
Ut tekenings docht bliken dat al yn de 16e iuw oan it Ingelske hof fan
Keninginne Elizabeth
in spul spile waard dat in protte op it follybal like. Mar offisjeel wurdt de Amerikaan
William Morgan
sjoen as de betinker fan it follybal. Hy wie sportlieder by de Young Men Christian Association (
YMCA
) yn Massachusetts der't er under mear les joech oan in groep wat aldere sakeminsken. It
basketbal
, dat doe al bestie, fun er wat te ruch. Derom betocht er yn
1895
in nije sport.
Morgan helle spulregels ut besteande sporten as
tennis
,
basketbal
en
honkbal
. Dy regels by elkoar waard follybal. De bal moast sunder de grun te reitsjen oer it net spile wurde. Dat hjit in folly. In netservice mocht ien kear oerdien wurde en ek mocht der yn it spul dribbele wurde oant ien meter foar it net. Mei it dribbeljen wurdt dan de bal foar dysels omheech spilje bedoeld. In wedstriid bestie ut innings. Sa'n inning wie oer at alle spilers fan beide team ienris opslein hiene.
Dernjonken wie it mooglik om ien tsjin ien te spiljen, mar ek tsien tsjin tsien. Om de fingers fan de froulju te beskermjen koene hja de bal earst ek fange en dan opgoaie.
De YMCA seach wol wat yn it betochte spul en it waard fierder untwikkele mei de folgjende wizigings:
- 1900: skrassen fan it dribbeljen.
- 1912: ynfieren fan it trochdraaien.
- 1917: regeling dat in set oant 15 punten giet.
- 1918: regeling dat seis spilers fan elts team yn it fjild steane.
Omdat it follybal yn
Amearika
utfun waard, waard it der earst it meast spile. It duorre in skoftke ear't oare parten fan de wrald ek de sport begunen te beoefenjen. As earste kamen de minsken yn
Aazje
yn oanrekking mei it follybal. Pas yn
1917
kaam it follybal yn
Jeropa
. It follybal waard earst fral spile yn East-Europeeske lannen, lykas
Tsjechje
,
Bulgarije
en
Poalen
, ek waard der in protte follyballe yn benammen
Japan
en
Sud-Korea
. Yn 1947 waard de
Federation Internationale de Volleyball
(FIVB) oprjochte. Dernei waard it earste
Wraldkampioenskip follybal
foar manlju halden yn 1949, foar froulju wie dat yn 1952. De
Confederation Europeenne de Volleyball
(CEV) waard pas offisjeel oprjochte op
21 oktober
1963
, mar follybal wie derfoar al tige populer yn Jeropa.
Nederlan kaam yn
1925
yn oanrekking mei it follybal. Pater Simon Buis (1892-1960) hie it follybal sjoen yn de Amerikaanske
steat
Illinois
. De Amsterdamse Maatschappij voor Jongemannen,
AMVJ
, nuge yn 1928 de Ingelske
YMCA
ut om in demonstraasje te jaan fan it follybal. Dat sloech tige oan, de AMVJ waard yn 1930 dan ek de earste follybalklup fan Nederlan. Nei de
Twadde Wraldkriich
waard follybal yn Nederlan hieltyd populerder, omdat soldaten ut under mear
Amearika
,
Kanada
en
Poalen
runom yn it lan follybal spilen. Yn de jierren nei de oarloch waard follybal dan ek in echte skoalsport. No wie der in probleem: yn Nederlan waarden net deselde regels hantearre, dat der koene gjin echte wedstriden spile wurde. De rop om in organisaasje dy't alles regelje soe, waard nei de oarloch hieltyd grutter. Derom waard op
6 septimber
1947
yn
Amsterdam
de
NeVeBo
oprjochte, it Nederlanske follybalbun.
It heechste nivo in Nederlan is de
A-League
, earder hjitte dat de earedifyzje. Derunder folgje, op nasjonaal nivo, de
B-League
, de earste en twadde difyzje. Dy fjouwer heechste nivo's fan Nederlan wurde organisearre troch it haadkantoar fan de
NeVeBo
. Op regionaal nivo, dus per disktrikt organisearre, binne der de regiodifyzje, dat foarhinne de tredde difyzje hjitte, de promoasjeklasse en dernei folgje de klassen 1 o/m 4-6 (ofhinklik fan de regio). Promoasje en degredaasje giet yn dy folchoarder. Foar de wedstriden op regionaal nivo is Nederlan ferdield yn fiif regio's, eltse regio organisearret op ferskate nivo's regionale kompetysjes. De regio's en it haadkantoar wurkje soms ek gear: mei elkoar organisearje hja in tal fan nasjonale kampioenskippen.
Op profesjoneel nivo hat it Nederlansk follybal fral by de manlju de leste 15 jier in tige grutte sprong makke. Al sa'n tsien jier draait de
Nederlanske follybalploech
mei yn de wraldtop. It begun mei it
Bankrasmodel
, der't in tal fan de beste spilers fan de lanlike kompetysje under lieding fan trainer
Arie Selinger
yn in pear jier tiid fia
deistige trenings yn de Amstelveenske sporthal Bankras klearmakke foar it grutte wurk. Dernei waard op de
Olympyske Simmerspullen 1992
in sulveren medalje wun. Nei dy medalje naam
Joop Alberda
de lieding oer en soarge derfoar dat de ploech op de
Olympyske Simmerspullen 1996
yn de finale wun fan
Itaalje
. Under lieding fan
Toon Gerbrands
kamen wat minder suksesfolle jierren, dat kaam fral trochdat de beste spilers ofheakken.
Bert Goedkoop
hat de ploech ferjonge, wat ta sukses op de Spullen fan 2004 liede moast, mar dat is net slagge. Tusken 2006 en 2010 wie
Peter Blange
de trener fan de oranjeploech. Sunt 22 maart 2011 is
Edwin Benne
de nije bunstrener fan de ploech, hy sil deryn assistearre wurde troch ald-ploechgenoat
Henk-Jan Held
.
De
Nederlanske frouljusploech
draait ek al jierren mei yn de top. Nederlan stiet op dit stuit op plak 11 op de
wraldranglist
. De ploech hat ferskate suksessen helle, sa waard de ploech op it
Europeesk Kampioenskip 1995
Europeesk Kampioen, dat wie under lieding fan trener
Bert Goedkoop
. Al earder waard der op it
Europeesk Kampioenskip 1991
in sulveren medalje helle en yn
1985
waard der bruns helle. Under lieding fan
Avital Selinger
, soan fan
Arie Selinger
, helle Nederlan yn 2007 unferwachts goud op it grutte
World Grand Prix
toernoai. Ek waard der yn 2009 op it
Europeesk Kampioenskip
sulver helle. Op it
Wraldkampioenskip fan 2010
waard in alfde plak helle. Op it
Europeesk kampioenskip fan 2011
yn
Itaalje
en
Servje
waard de ploech terloarstellend utskeakele yn de kwartfinale, de ploech einige as sande. Dat betsjutte it untslach fan Avitel Selinger, Bert Goedkoop folge him op as ynterim-trener.
AMVJ
,
Dynamo
,
HvA Volleybal
,
Lycurgus
,
Martinus
,
VC Nesselande
,
VC Omniworld
,
D.O.C.-Stap Orion
,
Landstede Volleybal/VCZ
,
Kindercentrum-Alterno
,
Plantina Longa
,
Pollux
,
Rijnmond Volleybal
,
Sliedrecht Sport
,
Peelpush
,
Taurus
,
VC Weert
,
Fusion Rotterdam
Follybalferiening Snits
is op dit stuit it ienige Fryske team dat yn de heechste difyzje, de
A-League
, fan Nederlan utkomt.
De ofmjitting fan it spylfjild is 9 by 18 meter, de hichte fan it net 2,43 meter foar manlju en 2,24 meter foar froulju.
- Koart balkontakt
: it balkontakt moat koart weze (te beoardieljen troch de skiedsrjochter) en de bal mei mei elts part fan it lichem spile wurde.
- Ien kear reitsje
: in spiler mei de bal net nei himsels spylje, behalve by it blokkearjen.
- Trije kear spylje
: in team mei op syn meast trije kear balkontakt hawwe (it blokkearjen telt net as balkontakt)
- Net oan it net
: it net en de antinnes meie net oanrekke wurde, behalve as it net licht oanrekke wurdt op in stuit dat de bal net yn de buert is en it de tsjinpartij net hinderet (te beoardieljen troch de skiedsrjochter).
- Net under it net troch
: in spiler mei it spylfjild fan de tsjinstanner net oanreitsje. De middelline makket diel ut fan beide spylhelten. Allinne as in foet los is fan de middelline en de spylhelte fan de tsjinstanner rekket is it
foetfout
.
- Skoare
: in team skoart as de bal it spylfjild fan de tsjinstanner rekket of as in tsjinstanner in (technyske) fout makket.
- Skoare is opslaan
: it skoarende team krijt of haldt de opslach. As in team troch te skoaren de opslach nei him tahellet, dan draait dat team ien plak mei de klok mei.
- 6x wikselje
: elts team hat eltse set it rjocht om seis kear te wikseljen. In spiler mei yn in set op syn meast twa kear wiksele wurde. De frije ferdigener (libero) mei sunder beheiningen wiksele wurde (hy mei lykwols net opslaan en gjin foarspiler weze).
- 2 time-outs
: elts team hat it rjocht om eltse set twa time-outs te nimmen.
- Skoft
: tusken twa sets is der in skoft fan 3 minuten
Foar klubteams is it heechste Europeeske toernoai de
Champions League
.
Foar de lanneteams binne de folgjende kampioenskippen it wichtichst:
Tema:Follybal
? Wikipedy hat ek in temaside oer follybal