Falentinianus I

Ut Wikipedy
Falentinianus I

Falentinianus I of Falentinianus de Grutte ( Latyn : Flavius Valentinianus ) ( 3 july 321 - 17 novimber 375 ) wie keizer fan it Romeinske ryk fan 26 febrewaris 364 oant 17 novimber 375.

Libben [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Falentinianus waard berne yn Cibalis (tsjintwurdich Vinkovci), yn it suden fan Pannoanje . Syn heit wie Gratianus de aldere , in bekend en respektearre generaal. Falentinianus makke sels ek opgong yn it leger, hy wie kavalery-oanfierder by Julianus Apostata , doe't dy noch Caesar wie under Konstantius II . Dizzen hiene lykwols in protte ruzje mei inoar, wertroch Falentinianus untslein waard ut it leger troch Konstantius. Falentinianus troude twa kear; earst mei Severa, dy 't him in soan, Gratianus joech, en letter mei Jutina, dy't de mem waard fan Falentinianus II en twa dochters: Galla (de lettere frou fan Teodosius ) en Justa.

Opkomst [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Jovianus , dy't Julianus Apostata yn 364 as keizer opfolge, helle Falentinianus werom by it leger. Jovianus stoar lykwols op 17 febrewaris 364, en Valentinianus waard as syn opfolger keazen. It leger wie it net hielendal iens mei dizze gong fan saken, hy kaam dizze yn de mjitte troch syn broer Valens as meikeizer ta beneamen. Valens bestjoerde it easten, wylst Falentinianus it westen regeare soe fanut Milaan . Lykwols untstie er al gauris in opstan yn it ryk. Dizze opstan waard laat troch Prokopius , mooglik famylje fan Julianus, mar Valens koe mei syn leger de opstan delslaan. Prokopius waard eksekutearre yn 366 .

Yn 367 beneamde Falentinianus syn aldste soan Gratianus , oant meikeizer. Mar dit wie gjin sukses want yn it leger untstie rebulje, om't de jonge Gratianus him net ynteresseare foar militere saken. Falentinianus koe in opstan tsjinhalde en besike fan Gratianus in militer te meitsjen, lykwols sunder sukses.

Kriich tsjin de Germanen [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Falentinianus wie under syn yn totaal alve jier duorjende hearskippij drok dwaande mei alderlei fjildtochten tsjin ynfallers, benammen mei de Bourgonden , de Saksen en de Allemannen hie hy in soad te stellen. Mar hy wie lykwols tige suksesfol hjirmei en koe frede slute mei de Alamannen en harren kening Makrianus , dy't letter in goede freon fan de Romeinen wurden soe. Falentinianus liet in soad ferdigeningswurken bouwe yn Galje , omdat hy dizze provinsje hiel wichtich fun foar it ryk.

Saksyske piraten wienen in oare bedriging under Falentinianus syn regear. Dizze piraten wienen bunsmaten fan de Pikten en de Skotten , en sy plonderje de kusten fan Brittanje en Galje. Yn 368 stjoerde Falentinianus comes Teodosius de aldere nei Brittanje ta om yn dizze provinsje de rest te werstellen. Dizze generaal wie der hiel suksesfol yn, en werneamde dernei de provinsje " Valentia ", nei de twa keizers. Teodosius waard dernei yn 372 nei Afrika ta stjoerd om der de opstan fan Firmus del te slaan. Firmus die himself tekoart neidat hy fernommen hie fan Teodosius syn komst mei it leger.

Yn 374 wienen de Kwaden , in Germaanske folk dat oan de Donau libbe, lulk op 'e Romeinen om't dizzen forten boud hiene op wat sy beskogen as harren eigen gebiet. Dat waard noch fersterke troch de moard op harren kening Gabinius , der't Falentinianus ferantwurdlik foar halden waard. De Kwuaden stutsen de Donau oer en plonderen Pannoanje . Falentinianus gong der yn 375 hinne om oarde op saken te stellen mei in grut leger. By in gearkomste mei in fertsjinwurdiger fan de Q Kwaden waard Falentinianus, dy't bekend stie om syn opfleanende karakter sa lulk oer harren fredesfoarstel dat er fan de opwining in hertynfarkt krige, der't hy oan stoar.

Dea en Neifolging [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Yn it algemien wurdt Falentianus beskoge as de leste grutte keizer fan it West-Romeinske ryk. Hy wie in earlik en hurdwurkjend persoan, dy't skoallen stifte wylst hy sels amper leze koe en gjin belestingjild ut joech oan unnutte saken, mar forten bouwe liet. It jild brukte hy foar oare praktyske dingen, lykas fergeze medyske soarch foar de earmen minsken yn Rome. Falentinianus wie in kristen , mar under syn regear hearske der frijheid fan leauwen.

Keppeling om utens [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]