David Crowchild

Ut Wikipedy
David Crowchild
politikus
echte namme David Crowchild
nasjonaliteit Kanadeesk
bertedatum 12 april 1899
berteplak Tsuu T'ina ( Alberta )
stjerdatum 10 april 1982
stjerplak Tsuu T'ina ( Alberta )
etnisiteit Sarsy
opperhaad fan 'e Sarsy Naasje
amtsperioade 1946 ? 1953

David Crowchild ( Tsuu T'ina ( Alberta ), 12 april 1899 ? dere, 10 april 1982 ) wie in Kanadeesk boer , rodeocowboy en politikus fan etnysk Yndiaansk komof . Hy tsjinne san jier lang as opperhaad fan de Sarsy Naasje en die yn dy tiid in protte om 'e libbensomstannichheden yn it Sarsy Yndianereservaat by Calgary te ferbetterjen. Teffens wied er lid fan ferskate kommisjes en organisaasjes dy't har ynsetten foar lykberjochtiging fan 'e Yndianen yn Kanada en foar ferbettering fan 'e relaasjes tusken Yndianen en blanke Kanadezen . Yn 1971 waard de autosnelwei it Crowchild Trail nei him ferneamd.

Libben [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Crowchild waard yn 1899 berne yn it Sarsy Yndianereservaat , under de reek fan 'e sted Calgary , yn 'e Kanadeeske provinsje Alberta . Hy wie de soan fan Mark Crowchild en Sarah Big Plume, dat beiden folbloed Sarsy - Yndianen wiene. In foarfaar fan him wie it opperhaad Bollekop, dy't yn 1877 te Blackfoot Crossing mei fertsjintwurdigers fan it Britske koloniale bestjoer yn Kanada foar de Sarsy it Ferdrach Nu. 7 sleat. Crowchild genoat underwiis oan 'e anglikaanske kostskoalle St. Barnabas oant er santjin jier wie.

Neitiid sette er him wer nei wenjen yn it reservaat fan syn folk , der't er himsels underhold mei it fokken fan hynders en it ferbouwen fan gewaaksen . Dernjonken naam er nei 1923 mear as tweintich jier lang yn it rodeosirkwy diel oan it wyldhynsteriden en it chuckwagonracen (mei chuckwagons , in soart fan kapweinen ). Dermei wied er fral op de Calgary Stampede aktyf. Yn 1929 troude Crowchild mei in Daisy Dawn, mei wa't er fiif bern krige, werfan't lykwols twa al jong kamen te ferstjerren oan harsensfluesuntstekking . De oerlibjende bern waarden troch de Kanadeeske oerheid nei kostskoallen ta stjoerd, sa't doedestiden wizansje wie foar Yndiaanske bern, dy't yn 'e blanke kultuer ' assimilearre ' wurde moasten.

Crowchild waard yn 1946 keazen ta opperhaad fan 'e Sarsy Naasje , in funksje dy't er san jier utoefene, oant 1953 . Yn dy tiid soarge er dat der in skoalle yn it reservaat boud waard, sadat oerheidsynstansjes brekme oan underwiisfasiliteiten neitiid net mear bruke koene as in argumint om 'e Yndiaanske bern oan it alderlik gesach te untskuorren. Fierders liet Crowchild ek de wegen reparearje en rjochte er in kooperative pleats op yn it reservaat, mei in keppel kij dy't eigendom fan 'e hiele stamme wie. Hy wie in garismatysk persoan, dy't in protte die om it byld te ferbetterjen dat de blanke ynwenners fan Calgary fan Yndianen hiene. Lykwols wegere er en jou de eigen kultuer op, en as er formele gearkomsten yn 'e sted bywenne, soarge er altyd dat er tradisjonele Yndiaanske dracht oan hie, fearretoai ynbegrepen. Mei dy pronk oan waard er as fertsjintwurdiger fan 'e Sarsy yn 1951 ek yn 'e kunde brocht mei de Britske keninginne Elizabeth II en har prins-gemaal , de hartoch fan Edinburch , doe't dy Kanada besochten.

It Crowchild Trail krekt buten Calgary .

Ek nei't er syn termyn as opperhaad uttsjinne hie, bleau Crowchild belutsen by de polityk . Hy wie lid fan guon kommisjes en siet yn it bestjoer fan ferskate organisaasjes , lykas de Calgary Pioneers and Old Timers Association, de Kanadeeske Ried fan Kristenen en Joaden en de Calgariaanske ofdieling fan 'e Kanadeeske Boargerskipsried. Al yn 1945 wied er ta foarsitter keazen fan 'e Yndiaanske Feriening fan Alberta (IAA), en by dy feriening bleau er de rest fan syn libben belutsen. Hy gie sels in pear kear as fertsjintwurdiger fan 'e Albertaanske Yndianen nei de Kanadeeske federale haadsted Ottawa ta. Tagelyk wie syn frou Daisy belutsen by in grut tal frouljusorganisaasjes .

Yn 1971 besleat de gemeente Calgary om noch by syn libben it Crowchild Trail nei Crowchild te ferneamen. Dat is in autosnelwei dy't oer in ofstan fan rom 22 km ut noardwestlike rjochting nei Calgary ta liedt. Hjoed de dei is it ien fan 'e wichtichste ferkearsieren fan 'e sted. Crowchild hie de eare om 'e dyk eigenhandich te iepenjen. Derby spriek er de wurden: "Lit dit linte dat ik hjir trochknip in symboal weze foar it trochsnijen fan alle barrieres tusken alle folken oant yn ivichheid. Dat in elk dy't it Crowchild Trail brukt yn beide rjochtings feilich en mei weardichheid reizgje mei en yn freonskip mei eltsenien." David Crowchild ferstoar op 10 april 1982 yn it Sarsy Reservaat under Calgary, twa dagen foar syn 83e jierdei .

Chief David Crowchild Memorial Award [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De Chief David Crowchild Memorial Award is in nei Crowchild ferneamde underskieding dy't sunt 1986 op jierlikse basis utrikt wurdt troch de gemeente Calgary oan in persoan, groep of organisaasje dy't krewearre hat foar ynterkultureel begryp tusken de lanseigen en net-lanseigen kultueren yn Calgary, dy't besocht hat om 'e Kanadeeske maatskippij yn it algemien de wearde en unykheid fan 'e lanseigen kultueren by te bringen, en dy't Yndianen en leden fan oare lanseigen groepen oanfitere en/of understipe hat op it med fan underwiis , wurk en oplieding . [1]

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Ynformaasje oer de Chief David Crowchild Memorial Award