Andy Murray

Ut Wikipedy
Andy Murray
sporter
persoanlike bysunderheden
echte namme Andrew Barron Murray
nasjonaliteit Britsk
bertedatum 15 maaie 1987
berteplak Glasgow ( Skotlan )
etnisiteit Skotsk
lingte 1.91 m
sportive ynformaasje
sport tennis
underdiel inkelspul, dubelspul
O.S. Peking 2008
Londen 2012
debut 2005
wichtige prestaasjes
Olympyske Spullen : 1x goud
Wimbledon : 1x goud
US Open : 1x goud
Olympyske Spullen : 1x sulver
Wimbledon : 1x sulver
US Open : 1x sulver
Australian Open : 4x sulver
Dizze side giet oer de Britske tennisser . Foar de Kanadeeske iishockeytrainer, sjoch: Andy Murray (iishockeytrainer) .

Andy Murray (utspr.: ['ændi 'm??i], likernoch: "endy marry"; folut: Andrew Barron Murray ; Glasgow , 15 maaie 1987 ) is in Britsk tennisser fan Skotsk komof, dy't fanof 2005 de Britske tennis sport behearsket. Hy is de beste Britske tennisser sunt de jierren santich, en de beste Britske manlike tennisser sunt de jierren tritich. Yn 2012 wun Murray it US Open -tennistoernoai, yn 2013 folge troch it prestizjeuze tennistoernoai fan Wimbledon . Op 'e Olympyske Spullen fan Londen , yn 2012 , behelle er de goudene medalje yn it inkelspul en de sulverne medalje yn it mingd dubelspul.

Libben en karriere [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Jonkheid en oplieding [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Murray waard yn 1987 berne yn 'e Skotske havensted Glasgow as de soan fan William Murray en Judith Erskine. Hy is in lid fan 'e Skotske Clan Murray , en hat in aldere broer, Jamie , dy't ek profesjoneel tennisser is, mar benammen aktyf is yn it dubelspul. Harren pake oan memmekant, Roy Erskine , wie ein fyftiger jierren in profesjoneel fuotballer . Andy Murray waard berne mei in bipartite patella , wat ynhaldt dat ien fan syn knibbelskiven noch altyd bestiet ut twa underskate bonken , dy't normaal yn 'e iere jonkheid oaninoar hearre te groeien. Doe't er sechstjin jier wie, waard dizze krupsje by him feststeld, en hoewol't it him der net fan wjerholden hat om ien fan 'e beste tennissers fan 'e wrald te wurden, hat it him perfoarst wol behindere, mei't er faak pine oan 'e knibbel hat en him dertroch sels ut tennistoernoaien weromluke moatten hat.

Murray mei syn broer Jamie Murray ( 2011 ).

Murray groeide op yn it Skotske Dunblane , der't er op 'e Dunblane Primary School oanwezich wie en beskul socht under syn skoalbank doe't Thomas Hamilton der yn 1996 under it Skoallebloedbad fan Dunblane sechstjin learlingen en in underwizer deaskeat foar't er himsels fan it libben berove. Sels seit Murray, dy't fierders net oer it ynsidint prate wol, dat er doe noch te jong wie om te beseffen wat der barde. Doe't er tsien jier wie, giene syn alden utinoar. Neitiid folge er de middelbere skoalle yn Dunblane, en mei fyftjin jier wiisde er in oanbod fan 'e fuotbalklub Rangers F.C. of om by harren in sportoplieding te folgjen.

Doe't er noch mar trije jier wie, begun Murray op oantrunjen fan syn mem Judith al mei tennissen . Mei fiif jier naam er foar it earst oan in toernoai diel, en op syn achtste naam er it op tsjin folwoeksenen yn 'e Central District Tennis League . Op syn fyftjinde gied er nei it Spaanske Barseloana , der't oan 'e Schiller Ynternasjonale Skoalle fierder learde en underwilens deistige tennislessen untfong oan 'e Sanchez-Casal Akademy. Foar in ferbliuw fan oardel jier yn Barseloana moasten Murray syn alden £40.000 op 'e tafel lizze. Yn 2003 , doe't er sechstjin jier wie, sette Murray utein mei tennisspyljen yn it junioaresirkwy, werby't er yn 2004 it Amerikaansk Iepen Tenniskampioenskip foar junioaren wun.

Karriere [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Yn 2005 begun Murray oan syn prof-karriere, werby't er gearwurke hat mei ferskate treners, lykas Ivan Lendl en Amelie Mauresmo . Sunt 27 febrewaris 2006 hat Murray unofbrutsen (oant no, ein 2015 ) de rang fan beste Britske manlike tennisser beklaaid. Op 16 april 2007 waard er troch de ATP foar it earst yn 'e wraldwide top tsien pleatst. Murray stiet bekend as ien fan 'e meast oanhaldend goede tennissers fan 'e wrald, mei't er sunt 2011 teminsten de kwartfinale berikt har yn elt grand slam -toenoai der't er oan dielnommen hat.

Op 'e Olympyske Spullen fan Londen , yn 2012 , fersloech Murray de Switser Roger Federer yn 'e finale fan it manljusinkelspul, wat him ta de earste Britske Olympysk inkeltalkampioen yn mear as hundert jier makke. Dernjonken wun er tegearre mei Laura Robson ek in sulverne medalje yn it mingd dubelspul, al ferlearen se de finale fan 'e Wytrussen Maks Mirnyi en Viktoria Azarenka .

Murray yn 2012 .

Yn 2008 ferlear Murray de finale fan it Amerikaansk Iepen Tennniskampioenskip fan Federer, mar yn 2012 wun er de finale fan datselde toernoai yn fiif sets fan 'e Serf Novak đokovi? . Dermei waard er de earste Brit dy't sunt 1977 in grand slam -toernoai wun en de earste Britske man dy't dat die sunt 1936 . Teffens is Murray de iennichste tennisspiler ea dy't sawol in Olympyske goudene medalje as it Amerikaansk Iepen wun hat. Op it Australysk Iepen Tenniskampioenskip helle Murray de finale fjouwer kear, yn 2010 , 2011 , 2013 en 2015 , mar ferlear er dy hieltyd, de earste kear fan Federer en de oare trije kearen fan đokovi?.

Murray yn 2013 mei de Wimbledon - trofee.

Op it Britsk Iepen Tenniskampioenskip, better bekend as Wimbledon , helle Murray yn 2012 de finale, mar ferlear er yn fjouwer sets fan Roger Federer. Op 7 july 2013 wun er lykwols it Wimbledon-toernoai fan dat jier troch yn trije sets of te weven mei Novak đokovi?. Murray wie de earste Britske man dy't Wimbledon wun sunt Fred Perry dat yn 1936 foar it lest dien hie. Derfandinne dat Murray troch de BBC ta Britske sportpersoan fan it jier 2013 utroppen waard.

It iennichste grand slam -toernoai der't Murray noch nea foarby de kwartfinales kommen is, is it Fransk Iepen, better bekend as Roland Garros . Yn 2014 waard berekkene dat Murray oant doe ta mear as $ 37 miljoen oan prizejild binnenhelle hie. Yn 2008 publisearre Murray syn autobiografy , dy't er under de titel Hitting Back utbrocht by utjouwerij Random House .

Priveelibben [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Yn 2005 begun Murray in relaasje mei Kim Sears, de dochter fan 'e tennistrener (en eardere tennisser) Nigel Sears . Hja ferloofden harren yn novimber 2014 en it houlik fun plak op 11 april 2015 , yn 'e katedraal fan Dunblane . Kim Sears is in keunstneresse dy't de kost fertsjinnet mei it meitsjen fan portretten fan husdieren . Yn febrewaris 2013 kocht Murray foar £1,8 miljoen fiktoriaanske lanhus Cromlix House , op it plattelan fan Perthshire (sintraal Skotlan), dat yn april 2014 iepen gie as in fiifstjerrehotel mei fyftjin keamers. Letter dyselde moanne krige Murray in earedoktoraat utrikt fan 'e Universiteit fan Stirling , by wize fan erkenning fan syn ynset foar it tennis .

Hoewol't Murray dudlik makke hat dat er him yn it foarste plak Skot fielt en dernei pas Brit , hold er him lang op 'e flakte oangeande it Skotske unofhinklikheidsreferindum , dat op 19 septimber 2014 holden waard. Uteinlik publisearre er in pear dagen foar it referindum in tweet dy't delkaam op in oprop om foar unofhinklikens te stimmen. Op it oppenearjen fan syn miening krige Murray in protte unfoege reaksjes, werunder guon fan sa'n kaliber dat de plysje deroer gear moast. Sa waard yn ien reaksje it Skoallebloedbad fan Dunblane oanhelle en sein dat it spitich wie dat Murray dat oerlibbe hie.

Keppelings om utens [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch under: Notes en References , op dizze side .