Yndo-Sina

Ut Wikipedy
Yndo-Sina 1886

Yndo-Sina of Yndosina is in geografyske oantsjutting foar it festelan fan Sudeast-Aazje . It omfiemet de lannen Fjetnam , Laos , Kambodja en it eastlike part fan Tailan . Yn rommere sin wurdt njonken dizze lannen ek Myanmar , it feste lan fan Maleizje en Singapoer meirekkene. De oantsjutting waard foar it earst brukt troch de Deensk-Franske geograaf Conrad Malte-Brun (1775-1826) yn syn wurk Precis de la Geographie Universelle , dat yn 1810 yn Parys utjun is. De namme tsjut nei de kulturele ynfloed fan Yndia oan iene kant en Sina oan oare kant. Yn Malte-Brun syn oantsutting wurdt it suden fan Sina en Banglades der ek by rekkene. Hjoed-de-dei wiist dy oantsjutting ornaris op it eardere Franske Yndo-Sina ( Indochine francaise ) ofwol de Uny fan Yndo-Sina .

It klimaat is tropysk yn it suden en subtropysk yn it noarden.