한국   대만   중국   일본 
Websearje - Wikipedy Springe nei ynhald

Websearje

Ut Wikipedy

In websearje (fan it world wide web , www) of ynternetsearje is in tillefyzjesearje dy't (yn earste ynstansje) utstjoerd wurdt fia it ynternet ynstee fan oer in tillefyzjestjoerder . Dit type searje untstie al yn 'e 1990-er jierren , waard promininter yn 'e 2000-er jierren , mar naam pas echt in grutte flecht yn 'e 2010-er jierren . De earste websearje wie Rox , dat yn april 1995 yn Bloomington yn Indiana fia it ynternet utstjoerd waard. Tsjintwurdich binne websearjes tige gewoan wurden en wurde se ferspraat fia streamingtsjinsten lykas Netflix en Disney+ , mar ek fia sosjale media , lykas YouTube en Facebook , of fia 'gewoane' websiden .

Los fan it medium dat brukt wurdt foar publikaasje en distribusje ferskilt in websearje net fan in tillefyzjesearje. It wurdt derom ek as in subkategory fan 'e tillefyzjesearje beskoge. In protte websearjes wurde nei ferrin fan tiid ek op 'gewoane' tillefyzjestjoerders utstjoerd. Websearjes kinne besjoen wurde fia alle apparaten dy't kontakt meitsje kinne mei it ynternet en in flugge downloadfaasje hawwe, lykas in desktopkompjuter , in laptop , in tablet of in smartphone . Yn it Ingelsk wurdt ien inkele oflevering ( episode ) fan in websearje soms in webisode neamd (in gearluking fan web en episode ).

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch under: References , op dizze side .