Titus (keizer)

Ut Wikipedy
Keizer Titus.

Titus ( Latyn: Titus Flavius Vespasianus ; 30 desimber 39 - 13 septimber 81 ) wie in Romeinske keizer . Hy hie syn regearperioade fan 79 oant 81 nei Kristus.

Skiednis [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Under keizer Nearo tsjinne hy as militer kommandant yn Brittania. Yn 67 gie er mei syn heit Fespasianus nei it easten om de Joadske Rebelje del te slaan. Yn 69 , it saneamde Fjouwerkeizerjier gie Fespasianus nei Rome om de macht te gripen. Titus bleau yn Judea om de opstannelingen te ferslaan. Dit slagge him in jier letter. Titus soarge der foar dat de timpel yn Jeruzalim ofbaarnd waard en de minorrah derut meinaam waard nei Rome. Nei de dea fan syn heit op 24 juny 79 folge hy him op mar hy regearde mar twa jier.

Leafhawwer fan de minske neamde syn folk him. Under syn koarte regearperioade makke hy de utbarsting fan de Fesuvius mei, dy't yn 79 Pompei under in dikke lavalaach bedobbe. It jier derop wie der in pest-epidemy en waard in grut part fan Rome troch in grutte bran ferwoastge. Mar yn 80 makke hy ek de bou of fan it Amphiteatrum Flavium , der 't syn heit mei begun wie. It waard letter ferneamd under de namme Kolosseum . Titus ferstoar oan in sykte.

Keppeling om utens [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]