The Hobbit: The Battle of the Five Armies
is in
Nijseelansk
-
Amerikaanske
fantasy
-
aventoere
- en -
oarlochsfilm
ut
2014
under
rezjy
fan
Peter Jackson
, mei yn 'e
haadrollen
Martin Freeman
,
sir
Ian McKellen
en
Richard Armitage
. De
film
is basearre op it leste part fan 'e
roman
The Hobbit
, fan
J.R.R. Tolkien
ut
1937
, oanfolle mei
ynformaasje
ut 'e
taheakken
by syn lettere wurk
The Lord of the Rings
en eleminten dy't de filmmakkers sels optocht hawwe. De
titel
betsjut "De Hobbit: De Slach fan 'e Fiif Legers". It is it
ferfolch
op
The Hobbit: The Desolation of Smaug
, ut
2013
, en it trede en leste diel fan 'e
filmtrilogy
The Hobbit
, dy't sels wer in
prequel
foarmet fan Jackson syn eardere filmtrilogy
The Lord of the Rings
.
It
ferhaal
folget de aventoeren fan 'e
hobbit
Bilbo Baggins, dy't troch de
tsjoender
Gandalf behelle is yn 'e
kweeste
fan in trettjintal
dwergen
u.l.f. Thorin Ikeskyld om it alde dwerchske
keninkryk
fan 'e Ienlike Berch te befrijen fan 'e
draak
Smaug. Yn
The Hobbit: The Battle of the Five Armies
slagget dat, mar de
syklike
gjirrigens
der't Thorin troch oantaast wurdt en de kapers op 'e kust dy't de unbidige
skathuorde
fan Smaug oanlukt, soargje foar nije swierrichheden. De film krige mingde
resinsjes
fan 'e
filmkritisy
, mar untjoech him yn 'e
bioskopen
ta in unbidich
kommersjeel
sukses.
The Hobbit: The Battle of the Five Armies
waard nominearre foar in
Oscar
en in
BAFTA
en wun twa
Saturn Awards
.
The Hobbit: The Battle of the Five Armies
begjint daliks op it punt der't
The Hobbit: The Desolation of Smaug
ophold. Bilbo Baggins is in
hobbit
dy't mei de
tsjoender
Gandalf en trettjin
dwergen
(Thorin, Balin, Dwalin, Fili, Kili, Dori, Nori, Ori, Oin, Gloin, Bifur, Bofur en Bombur) op in
kweeste
gien is nei de Ienlike Berch, in earder dwergekeninkryk dat no al mear as 170 jier beset wurdt troch de
boasaardige
draak
Smaug. Mei Thorin Ikeskyld, de erfgenamt fan it keninkryk, en acht oare dwergen hat Bilbo no de reisbestimming berikt, mar se hawwe de draak Smaug wekker makke ut syn
slommer
. As er harren net te pakken krije kin, beslut er harren in leske te learen troch Esgaroth-oan-de-Langmar, yn 'e folksmule bekend as 'Marsted', der't se op harren lange
reis
help krigen hawwe, plat te
branen
. Yn
untsteltenis
sjocht Bilbo ta hoe't de
breinroere
draak fuortfljocht yn 'e rjochting fan dat plak.
Marsted, der't men de flammen by de Ienlike Berch sjen kin, is underwilens alhiel yn unstjoer. De
korrupte
master fan Marsted en syn trewanten lade al harren
goud
yn in boat en besykje te untkommen, wylst de
elvinne
Tauriel en de fjouwer efterbleaune dwergen Fili, Kili, Oin en Bofur de
bern
fan 'e
finzensette
Bard de Bogesjitter yn feilichheid besykje te bringen. As de draak uteinset mei syn oanfal op 'e
sted
, wit Bard yn 'e resultearjende gaos ut it
tichthus
te brekken. Mei in stellen
pylk-en-boge
besiket er de draak del te sjitten, mar de
skobben
fan it wezen binne unkwetsber foar sokke
wapens
. Bard syn
soan
Bain, dy't de leste swarte pylk, in fan 'e dwergen makke wapen der't in draak mei deade wurde kin, by him hat, wit syn
heit
te berikken. It slagget Bard dernei om Smaug deadlik te reitsjen, en de reuseftige draak stoart del boppe-op 'e boat fan 'e master fan Marsted, dy't mei de oare opfarrenden en al syn goud ferplettere wurdt.
De oerlibbenen fan it no folslein ferwoastge Marsted sammelje har de oare
moarns
op 'e
igge
fan 'e Langmar. Der jouwe Bard syn beide
dochters
Sigrid en Tilda har wer by him en Bain. Kili de dwerch ferklearret op 'e nij syn
leafde
foar de
tsjeppe
elvinne Tauriel, mar de oare dwergen roppe him mei en sy wurdt op har beurt roppen troch de elfske
prins
Legolas, dy't sels
fereale
op har is. Wylst de fjouwer dwergen ofsette nei de Ienlike Berch, arrivearret in
boadskipper
fan Legolas syn heit,
kening
Thranduil fan 'e
boskelven
, dy't syn soan nei hus ropt. Tauriel, lykwols, dy't sunder tastimming ut 'e sealen fan Thranduil ofset wie, wurdt foar
ferballe
ferklearre. Legolas jout de boadskipper opdracht om syn heit tynge te dwaan dat hysels yn dat gefal likemin weromkomme sil. Yn it
gefjocht
fan 'e foargeande
juns
is Bolg, de soan fan 'e
oarkske
haadman
Azog de Besmoarger, oan Legolas untkommen. Mar Legolas wit dat er fan Gundabad komt, yn 'e noardlike Diisbergen, dat der set er mei Tauriel hinne om syn fijan te sykjen.
Bard wurdt troch de oerlibbenen fan Marsted tsjin wil en tank keazen as harren nije lieder. Dat is net inkeld om't er de draak deade hat, mar ek om't er in
ofstammeling
is fan Girion, de leste kening fan Dol, de
minsklike
sted lyk foar de poarten fan 'e Ienlike Berch dy't 170 jier lyn troch Smaug ferwoastge is. As syn earste die beslut er de oerlibbenen under te bringen yn it iennichste beskul yn 'e fiere omkriten: de
ruines
fan Dol, der't it no, nei de dea fan Smaug, ommers wer feilich is. Yn 'e Ienlike Berch wurde Kili, Fili, Oin en Bofur hertlik ferwolkomme troch Bilbo en de oare dwergen. It docht lykwols bliken dat Thorin, no't er de
skathuorde
fan Smaug yn syn besit hat, yn 'e greep kommen is fan in
syklike
gjirrigens
, oanboaze mei
waantinkbylden
en
paranoia
, dy't de dwergen de 'drakesykte' neame. Syn
pake
Thror, de leste Kening under de Berch (sa't de
titel
fan 'e dwergehearsker fan 'e Ienlike Berch is), litte oan deselde sykte, en soe sa de draak Smaug nei de Ienlike Berch ta lokke hawwe, mei't draken soks oanfiele kinne.
Thorin rekket no
obsedearre
troch it finen, mank de unbidige skathuorde, fan 'e Erkenstien, in grutte
ealstien
fan unfoarstelbere
skientme
dy't de dwergen 'it hert fan 'e berch' neame. It docht bliken dat Bilbo de Erkenstien under syn petear mei Smaug fun en opkrigen hat, mar dat geheim holden hat. De draak fertelde him nammentlik dat er it yn him omgean litten hie om Thorin de Erkenstien te jaan, allinne mar om ta te sjen hoe't it besit fan dat
juwiel
him ferneatigje soe. No pakt Bilbo dermei om oft it better is om syn
freon
Thorin de Erkenstien te jaan of him dy te unthalden. Nei in petear mei Balin, dy't seit te freezjen dat it allinne mar minder mei Thorin wurde soe as dy de Erkenstien yn 'e hannen krige, beslut Bilbo syn finen fan 'e stien geheim te halden. Nettsjinsteande dat boazet de drakesykte fan Thorin almar fierder oan. As er heart dat de oerlibbenen fan Marsted nei de ruines fan Dol ta sette, rekket er derfan oertsjuge dat se syn goud
stelle
wolle en oarderet er syn dwergen om 'e troch Smaug ferrinnewearre poarte fan 'e Ienlike Berch te barrikadearjen mei grutte brokstikken
pun
.
Underwilens is de tsjoender Gandalf noch altyd in finzene fan 'e weropstiene
kweageast
Sauron yn dy syn festing Dol Guldur, yn it sudlike Brimsterwald. As er troch de oanhaldende ynfloed fan it
kwea
hast beswykt, wurdt er lykwols reden troch Galadriel, de keninginne fan 'e
hege elven
fan Lothlorien. Hja lit him yn feilichheid bringe troch de tsjoender Radagast de Brune, wernei't Elrond fan Rivendell en de tsjoender Saruman de Wite Sauron syn njoggen Ringsjammen, de Nazgul, ferslane. Galadriel sels bynt de striid oan mei de foarmleaze Sauron, dy't se ut Dol Guldur
ferballet
nei it easten. Hja is bot ferswakke troch de kreften dy't dat fan har ferge hat. Elrond wol mei man en macht efter Sauron oan ear't er in nije machtsbasis yn it lan Mordor festigje kin, mar Saruman seit dat harren fijan nea wer syn alde macht weromkrije sil mei't er derfoar ferlet hat fan 'e Iene Ring, dy't ferlern gien is (net wittende dat Bilbo yn 'e grotten yn 'e Diisbergen in ring fun hat dy't him it fermogen jout om
unsichtber
te wurden).
Tink derom: Yn de tekst hjirunder wurdt de ofrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net leze.
|
As er wat bekommen is, hastiget Gandalf him nei de Ienlike Berch ta om syn freonen dere te warskogjen foar it
leger
oarken under Azog de Besmoarger dat troch Sauron utstjoerd is. Azog moetet yn 'e tuskentiid syn soan Bolg, dy't untkommen is oan syn gefjocht mei Legolas yn Marsted (sjoch:
The Hobbit: The Desolation of Smaug
). Hy stjoert him nei Gundabad ta om in twadde leger oarken nei de Ienlike Berch te lieden. As Legolas en Tauriel letter by poarten fan Gundabad oankomme, binne se der tsjuge fan it optsjen fan it leger fan Bolg, dat net inkeld ut oarken bestiet, mar ek ut
meunsterlike
reuseftige
flearmuzen
.
Yn 'e nacht arrivearret kening Thranduil mei in leger boskelven te Dol, mei de bedoeling om yn 'e Ienlike Berch beslach te lizzen op 'e elfske erfstikken yn 'e skathuorde fan Smaug. Bard bepraat him om him earst mei Thorin te wurd te litten, en set nei de berch ta om it oandiel yn it skathuorde op te easkjen dat Thorin de master fan Marsted unthjitten hie yn ruil foar dy syn stipe. Sa ynklauwerich en paranoide is Thorin lykwols wurden dat er fan gjin dielen fan 'e skat witte wol en Bard mei hurde wurden fuortstjoerd. Thranduil beslut de Ienlike Berch de oare deis by
moarnsdage
oan te fallen en nuget Bard ut en nim diel oan dy oanfal. Bard bewapenet derom syn minsken mei de
wapens
en
wapenrissen
ut 'e alde
arsenalen
fan Dol. As Gandalf yn Dol arrivearret wurdt syn warskoging foar in oarkske oanfal troch Thranduil net serieus nommen. Underwilens glupt Bilbo de Ienlike Berch ut en draacht de Erkenstien oer oan Bard en Thranduil, yn 'e
hoop
dat
oarloch
foarkomd wurde kin as de minsken en elven foar Thorin oer in bettere
underhannelingsposysje
hawwe.
De oare moarns stelle de elven en minsken har yn slachoarder op foar de Ienlike Berch, der't Bard en Thranduil nei foarren ride om mei Thorin te praten. Dyselde wol noch altyd neat witte fan in kompromis, en as Bard de Erkenstien foar it ljocht hellet, hjit er him in
liger
en beskuldiget er him fan
bedragerij
. Bilbo, dy't underwilens wer de Ienlike Berch ynglupt is, fertelt Thorin lykwols wat er dien hat. Derop wol Thorin him deadwaan, mar de oare dwergen en Gandalf halde him tsjin en Bofur helpt Bilbo om op 'e nij fan rutens te spyljen en him by de tsjoender te jaan. As Bard en Thranduil Thorin derop fergje wat it wurde sil,
oarloch
of
frede
, komt de
raven
dy't er utstjoerd hie, werom. Wittende wat dat betsjut, kiest Thorin foar oarloch. De weromkear fan 'e raven kundiget nammentlik de oankomst oan fan it leger dwergen fan Thorin syn
neef
Dain Izerfoet, de kening fan 'e Izerheuvels. Dat stelt him yn slachoarder op foar it alliearde elfske en minsklike leger oer.
Eefkes liket it derop dat de elven en dwergen in
fjildslach
utfjochtsje sille, mar dat wurdt foarkomd troch de hommelse oankomst fan it leger oarken, fuortsterke mei
trollen
, under lieding fan Azog. Dain smyt syn dwergen yn 'e striid tsjin 'e oarken, en nei in oprop fan Gandalf oarderet Thranduil syn elven om 'e dwergen te helpen. Underwilens liedt Bard syn leger fan minsken werom nei de ruines fan Dol, der't de
froulju
en
bern
warleas efterbleaun binne, as Azog dy troch in diel fan syn leger fan 'e oare kant oanfalle lit. De gefjochten yn 'e
strjitten
fan 'e alde sted untpopje har lykwols yn in wanhopige striid dy't de oarken en trollen yn harren foardiel driigje te besljochtsjen. Op it iepen fjild wurde de elven weromdreaun nei Dol, wylst de dwergen tebekwike moatte nei de poarten fan 'e Ienlike Berch.
Yn 'e berch steane de oare dwergen der by Thorin op oan om harren meifjochtsje te litten, mar dat wegeret er, deabenaud as er is dat er dertroch wat fan 'e skathuorde kwytreitsje soe. De wurden dy't Gandalf, Bilbo en no Dwalin en de oare dwergen tsjin him sprutsen hawwe, bliuwe him lykwols yn 'e holle om malen, en op in stuit wurdt er it slachtoffer fan in
traumatyske
hallusinaasje
werby't er troch in see fan floeiber goud omleech sugd wurdt oant er
ferdrinkt
. Dat stelt him einlings by steat om 'e drakesykte fan him of te skodzjen, en hy liedt de tolve oare dwergen by in utfal ut 'e Ienlike Berch dwers troch de rangen hinne fan 'e dwergen fan 'e Izerheuvels op it leger fan oarken ta. De troepen fan Dain fetsje dertroch nije
moed
en folgje Thorin as er oan it haad fan in puntformaasje troch it fijannige leger hinne snijt. As se sjogge en hearre dat de dwergen foarutgong boeke, werpakke ek de elven harsels wylst de minsken fan Dol fersterking krije as harren froulju de wapens opnimme en fanwegen komme om mei te fjochtsjen.
Thorin beslut om 'e
fjildslach
te winnen troch Azog te deadzjen, dat mei Dwalin, Fili en Kili beklimt er de Ravensheuvel, der't Azog syn
haadkertier
opslein hat yn 'e ruine fan in alde
wachttoer
. Underwilens arrivearje Legolas en Tauriel yn Dol mei de warskoging dat Bolg in twadde leger fan oarken liedt, dat ut it noarden op 'e sted ta komt. Mei't de Ravensheuvel pal noardlik fan 'e sted leit, driigje Thorin-en-dy yn in muklaach te rinnen. Bilbo brukt syn magyske ring om himsels unsichtber oer it slachfjild te bewegen en de Ravensheuvel te beklimmen, sadat er Thorin warskogje kin. As Tauriel heart dat Kili him op 'e Ravensheuvel befynt, set hja ek dy kant ut, bystien troch Legolas.
De warskoging fan Bilbo komt te let, en Fili wurde finzennommen en deade troch Azog. Thorin giet derop in
twagefjocht
mei Azog oan op in
beferzen
rivier
, der't er fan alle kanten oanfallen wurdt troch oare oarken. Dat oerlibbet er troch de help fan Legolas, dy't fan 'e top fan 'e toer of mei pylk-en-boge de iene oark nei de oare ut 'e ljochten helpt. Bolg wurdt Tauriel oermansk, en as Kili har te help komt, deadet er him. As er ek Tauriel ombringe wol, ferskynt Legolas, dy't nei in lange striid mei Bolg ofweeft. Op 'e rivier wit Thorin einlings en te'n lesten Azog te deadzjen troch sels in fatale
wune
te akseptearjen. Bilbo, dy't by de gefjochten oan 'e foet fan 'e wachttoer
ut 'e tiid
rekke wie, fynt him der en is by him as er
ferstjert
. Radagast de Brune arrivearret mei de
hudwikselder
Beorn en de grutte
earnen
fan 'e Diisbergen, dy't koart wurk meitsje fan it leger oarken ut Gundabad. Yn 'e delling hawwe de dwergen, elven en minsken underwilens de oarken fan Azog ferslein.
Nei de slach
rouwet
Tauriel om Kili. Thranduil, dy't earder neat witte woe fan leafde tusken in dwerch en in elvinne, erkent dat harres
wiere leafde
is as it sa'n
pine
docht, wermei't er yn bedutsen termen ferwiist nei syn eigen leafde foar Legolas syn
mem
, oer wa't er nea praat, en dy't
iuwen
earder yn 'e striid tsjin 'e heksekening fan Angmar
sneuvele
is. Legolas beseft dat Tauriel
nea foar him fiele sil
wat hy foar har fielt, en fertelt syn heit dat er net weromkin nei it Brimsterwald. Thranduil riedt him oan om yn it alde Arnor in jonge doarmer fan 'e Dunedain op te sykjen, dy't de namme Stapper brukt. Yn Dol wurdt Bard utroppen ta kening, en yn 'e Iensume Berch wurdt Thorin
begroeven
mei Fili en Kili en mei de Erkenstien, wernei't Dain Izerfoet Kening under de Berch wurdt.
Ear't dat allegear syn beslach krije kin, set Bilbo of nei hus, nei't er
ofskie
nommen hat fan 'e tsien oare dwergen dy't syn reismaten wiene. Gandalf reizget mei oant se de grins fan it Goa, it lan fan 'e hobbits, berikt hawwe. As se der utinoar geane, jout de tsjoender blyk fan syn wittenskip oangeande it feit dat Bilbo yn 'e Diisbergen in ring fun hat, ek al fertelt Bilbo him dat er de ring kwytrekke is. As er wer te Hobittum arrivearret, docht bliken dat der krekt dy deis in
feiling
holden wurdt, werby't al syn besittings
ferbuolguodde
wurde. Hy is nammentlik ynienen ferdwun en al in jier net sjoen, dat men gie derfan ut dat er
dea
wie. Nei't er in ein oan 'e feiling makke hat, giet er yn 'e hus, der't bliken docht dat er de ring noch altyd hat.
Sechstich jier letter kriget Bilbo thus besite fan Gandalf as er syn 111e
jierdei
fiert. (Dat is it punt der't de
Lord of the Rings
-filmtrilogy
begjint.)
- haadrollen
- byrollen
The Hobbit: The Battle of the Five Armies
is basearre op it leste part fan 'e
roman
The Hobbit
, fan
J.R.R. Tolkien
ut
1937
, oanfolle mei
ynformaasje
ut 'e
taheakken
by syn lettere wurk
The Lord of the Rings
en eleminten dy't de filmmakkers sels optocht hawwe (lykas it
personaazje
fan 'e
elvinne
Tauriel en har
trijehoeksferhalding
mei Kili en Legolas). As
filmsearje
hie
The Hobbit
oarspronklik ut twa dielen bestean sillen, mar mids
2012
waard befestige dat der in
trilogy
fan makke wurde soe.
Yn 't earstoan soe de trede film
There and Back Again
("Derhinne en Wer Werom") hjitte (de
undertitel
dy't Tolkien meijoech oan syn boek
The Hobbit
), mar yn
april
2014
waard ynstee keazen foar
The Battle of the Five Armies
(dat oarspronklik de titel fan ien fan 'e
haadstikken
fan
The Hobbit
wie). Neffens de makkers joech dy
titel
folle better de ynhald fan 'e film wer en doogde "Derhinne en Wer Werom" foar de trede film eins net, mei't Bilbo en de Dwergen yn 'e twadde film,
The Hobbit: The Desolation of Smaug
, al "derhinne" gien wiene en it "wer werom" mar in hiel lyts part fan 'e film foarme.
The Hobbit: The Battle of the Five Armies
waard krekt as
The Hobbit: An Unexpected Journey
en
The Hobbit: The Desolation of Smaug
, de beide foargeande dielen fan 'e
Hobbit
-trilogy
,
regissearre
troch
Peter Jackson
nei in
senario
fan
Fran Walsh
,
Philippa Boyens
, himsels en
Guillermo del Toro
. As
produsinten
wiene
Carolynne Cunningham
,
Zane Weiner
, Walsh en Jackson by it projekt belutsen foar de
filmstudio's
New Line Cinema
,
Metro-Goldwyn-Mayeren
WingNut Films
.
The Hobbit: The Battle of the Five Armies
wie in
Nijseelansk
-
Amerikaanske
ko-produksje, der't in
budget
fan
$
250 oant 300 miljoen foar beskikber wie.
De
kamerarezjy
wie yn 'e hannen fan
Andrew Lesnie
, de
filmmontaazje
die
Jabez Olssen
en de
filmmuzyk
waard fersoarge troch
Howard Shore
mei meiwurking fan it
Nijseelansk Symfony-orkest
. De films fan 'e
Hobbit
-trilogy
waarden oanslutend opinoar filme, krekt sa't Jackson dat tsien jier earder ek dien hie mei de
Lord of the Rings
-films
. De
opnamen
begunen op
21 maart
2011
op lokaasje yn
Nij-Seelan
en einigen nei 266 filmdagen op
6 july
2012
. De binnendoarsenes waarden fierhinne opnommen yn 'e
Pinewood Studios
, yn it
Ingelske greefskip
Buckinghamshire
.
De
distribusje
fan
The Hobbit: The Battle of the Five Armies
waard fersoarge troch
Warner Bros.
De film gie op
1 desimber
2014
yn
Londen
yn
premiere
, wernei't er op
11 desimber
iepene yn 'e
bioskopen
yn
Nij-Seelan
, op
12 desimber
yn dy yn it
Feriene Keninkryk
en op
17 desimber
yn dy yn 'e
Feriene Steaten
.
The Hobbit: The Battle of the Five Armies
waard op
6 maart
2015
utbrocht as
digitale
download
en op
24 maart
2014
op
dvd
en
blu-ray
yn twa ferzjes: de bioskoopedysje fan 144
minuten
en in
director's cut
-ferzje mei 20 minuten oan bykommend materiaal.
The Hobbit: The Battle of the Five Armies
krige fan 'e
filmkritisy
mingde
resinsjes
. Yn it
tydskrift
Variety
omskreau Scott Foundas de film as "sawol de spannendste, de fluchste (mei in relatyf meagere 144 minuten) as de dunkerste oflevering, sawol fisueel as op it med fan 'e
gefoelens
yn 'e herten fan
minsken
,
dwergen
en
oarken
."
Todd McCarthy
skreau yn
The Hollywood Reporter
: "Nei seis films, 13 jier en 1.031 minuten fan mienskiplike spyldoer hat
Peter Jackson
syn oerweldigjend winstjaande buging foar it alter fan
J.R.R. Tolkien
ofrune mei in film dy't miskien wol de meast poer
fermaaklike
fan allegear is." Yn 'e
Britske
krante
The Guardian
skreau Andrew Pulver: "Dizze film is in passende konkluzje foar in searje dy't, op syn minst, it plak fan Tolkien yn 'e bredere
kultuer
bliuwend beynfloede hat."
Nicholas Barber fan 'e
BBC
stelde dat it Jackson mei
The Hobbit: The Battle of the Five Armies
slagge wie om 'e kleau tusken de foargeande
Hobbit
-films
en de
Lord of the Rings
-trilogy
te tichtsjen, en hy joech ta dat de film "in kolossale
technyske
prestaasje wie. Hy hie lykwols ek
krityk
op 'e film, benammen op 'e "harsels werheljende fjildslachsenes en it gebrek oan in
plot
." Tim Robey fan
The Daily Telegraph
hie lykwols net folle op mei
The Hobbit: The Battle of the Five Armies
, en omskreau de film as "in
alinea
op
steroiden
" dy't "noch hiel min, noch yn 'e fierste fierte unferwachts [wie]. It is in rige
fuotnoaten
op 'e siik nei in hichtepunt."
Op 'e
webside
Rotten Tomatoes
, dy't
resinsjes
sammelet, hie
The Hobbit: The Battle of the Five Armies
in boppegemiddeld goedkarringspersintaazje fan 59%, basearre op 261 underskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald ut al dy resinsjes, stelt: "Hoewol't er suver wat oerstimd wurdt troch syn eigen spektakel, beeiniget [de film] de Midierde-trilogy fan Peter Jackson op ridlik befredigjende wize." Op
Metacritic
, de wichtichste
konkurrint
fan Rotten Tomatoes, behelle
The Hobbit: The Battle of the Five Armies
in goedkarringspersintaazje fan 59%, basearre op 44 resinsjes.
The Hobbit: The Battle of the Five Armies
brocht yn 'e
bioskopen
yn 'e
Feriene Steaten
en
Kanada
$
255,1 miljoen op, en yn alle oare
lannen en territoaria
$700,9 miljoen. Wraldwiid kaam de
opbringst
dermei ut op $956 miljoen. Ofset tsjin it
budget
fan $250 oant 300 miljoen betsjut dat in
winst
fan teminsten $656 miljoen, hoewol't der de
marketingkosten
noch wol of moatte. Dermei wie
The Hobbit: The Battle of the Five Armies
de op ien nei meast opbringende film fan
2014
(nei
Transformers: Age of Extinction
). It
tydskrift
Deadline Hollywood
berekkene de netto opbringst fan
The Hobbit: The Battle of the Five Armies
op $103,4 miljoen. Neffens
The Hollywood Reporter
waard oan 'e film hast $90 miljoen minder fertsjinne as kinnen hie troch ungeunstige
wikselkoersen
feroarsake troch in stigende
Amerikaanske dollar
en delgeande oare
faluta
.
The Hobbit: The Battle of the Five Armies
waard yn
2015
nominearre foar ien
Oscar
, yn 'e
kategory
beste
ludsmontaazje
(
Brent Burge
en
Jason Canovas
). De film waard ek nominearre foar in
BAFTA
foar beste
special effects
, in
Screen Actors Guild Award
foar beste
stuntlju
, in
MTV Movie Award
foar beste
held
(
Martin Freeman
), in
Kids' Choice Award
foar beste
froulike
aksjestjer
(
Evangeline Lilly
), in
Teen Choice Award
foar beste
science fiction
- of
fantasyfilm
en trije
Annie Awards
foar underskate aspekten fan
kompjuteranimaasje
yn in
live-actionfilm
.
Fierders waard
The Hobbit: The Battle of the Five Armies
nominearre foar fjouwer
Empire Awards
, foar beste film, beste
regisseur
(
Peter Jackson
), beste
akteur
(
Richard Armitage
) en beste science fiction- of fantasyfilm. By de
Saturn Awards
waard de film nominearre yn san kategoryen, werunder beste
byrol
fan in aktrise (Evangeline Lilly), beste
senario
(
Fran Walsh
,
Philippa Boyens
, Peter Jackson en
Guillermo del Toro
), beste
filmmuzyk
(
Howard Shore
), beste special effects (
Joe Letteri
,
Eric Saindon
,
David Clayton
en
R. Christopher White
), en beste
fisazjy
(
Peter King
,
Rick Findlater
en
Gino Acevedo
). De film wun de Saturn Awards foar beste fantasyfilm en beste byrol fan in akteur (Richard Armitage).