한국   대만   중국   일본 
The Best Little Whorehouse in Texas (film) - Wikipedy Springe nei ynhald

The Best Little Whorehouse in Texas (film)

Ut Wikipedy
The Best Little Whorehouse
in Texas
film
( Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy )
makkers
regisseur Colin Higgins
produsint Robert L. Boyett
Colin Higgins
senario Colin Higgins
Larry L. King
Peter Masterson
kamerarezjy William A. Fraker
muzyk Carol Hall
Patrick Williams
filmstudio Miller-Boyett Productions
RKO Pictures
distribusje Universal Pictures
spilers
haadrollen Burt Reynolds
Dolly Parton
Charles Durning
Dom DeLuise
byrollen Theresa Merritt
Jim Nabors
Lois Nettleton
Noah Beery jr.
Robert Mandan
skaaimerken
lan/lannen Feriene Steaten
premiere 23 july 1982
foarm langspylfilm
sjenre musical / komeedzjefilm
taal Ingelsk
spyltiid 114 minuten
budget en resultaten
budget $20,5 miljoen
opbringst $69,7 miljoen

The Best Little Whorehouse in Texas ( Ingelsk foar "It Beste Bordeeltsje fan Teksas") is in Amerikaanske filmmusical en komeedzjefilm ut 1982 under rezjy fan Colin Higgins, dy't ek ien fan 'e filmprodusinten wie en yn 'e mande mei oaren it senario skreau. It ferhaal giet oer in (yllegaal) bordeel yn in lyts plakje yn 'e Amerikaanske steat Teksas . De pleatslike sheriff , dy't in relaasje hat mei de hoeremadam , sjocht it bestean fan it bordeel troch de fingers, mar as de korrupte guverneur fan Teksas der lucht fan kriget, twingt er de sheriff om it bordeel te sluten, net om't dat de wet is, mar om't er der polityk syn foardiel mei dwaan kin. De haadrollen waarden spile troch Burt Reynolds as de sheriff, Dolly Parton as de hoeremadam, Dom DeLuise as in skynhillige tillefyzjepresintator en Charles Durning dy't skittere as de achterbakse guverneur. De film is in adaptaasje fan 'e Broadway - musical ut 1978 mei deselde namme. The Best Little Whorehouse in Texas untfong tuskenbeiden kritiken , mar hie grut sukses yn 'e bioskopen .

Plot [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Yn it ( fiktive ) plakje Gilbert, yn 'e Amerikaanske steat Teksas , hat sheriff Ed Earl Dodd in relaasje mei de eigneresse fan it pleatslike bordeel , Mona Stangley, better bekend as Miss Mona. Har bordeel, de Chicken Ranch, bestiet al sunt minskewitten. Hoewol't it yllegaal is, lit Ed Earl it gewurde salang't Mona derfoar soarget dat der gjin problemen untsteane. Net eltsenien yn Gilbert is wiis mei dy regeling, mar Miss Mona is ien dy't mei ferdrach operearret, en se jout geregeldwei oansjenlike jeften oan pleatslike goeddiedichheid . Hja is fatsoenlik en haldt har oan 'e wet yn alle opsichten behalven har wurk .

As in tillefyzjepersoanlikheid ut 'e grutte sted , Melvin P. Thorpe, in stikje oer Gilbert yn syn programma opnimme sil, reizget Ed Earl nei sted ta, der't er himsels oan Thorpe foarsteld en tige waarm unthelle wurdt. Hy mei by de utstjoering fan it live -programma weze, en is dan skokt as er sjocht en heart dat Thorpe foar in tillefyzjepublyk ut 'e hiele steat ferkundiget dat er untdutsen hat dat "der in bordeel yn Teksas is!"

Tink derom: Yn de tekst hjirunder wurdt de ofrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net leze.

De Chicken Ranch is in wier ynstitut yn Teksas, der't it winnende team fan 'e Amerikaansk fuotbalwedstryd tusken de universiteiten Texas A & M en de Universiteit fan Teksas tradisjoneel hinne brocht wurdt om 'e oerwinning te fieren. Fanwegen de negative publisiteit dy't Thorpe syn reportaazje oproppen hat, unthjit Miss Mona oan Ed Earl dat se har saak tydlik tichtdwaan sil oant alle kommoasje oer it bestean fan in yllegaal bordeel oerwaaid is. Mona haldt wurd en docht har saak ticht, mar fynt it sneu dat de Amerikaansk fuotbalspilers dat jiers gjin feest krije, dat dat lit se trochgean. Midden yn 'e nacht kringt Melvin P. Thorpe, beselskippe fan in kameraploech , it bordeel yn en filmt wat der geande is.

Ed Earl makket it spul noch minder troch Thorp op in plein oan te sprekken op syn halden en dragen , him te misledigjen en him in terwinkel te ferkeapjen , allegear foar de rinnende kamera en utstjoerd op 'e tillefyzje. Neitiid meitsje de sheriff en Miss Mona inoar bittere ferwiten, krije ruzje en beeinigje harren relaasje, werby't Ed Earl Mona foar " hoer " utmakket.

De guverneur fan Teksas, dy't nea gjin beslissing oer lykfol hokker underwerp nimme kin oant er sjoen hat wat de kiezers deroer sizze yn 'e opinypeilings , harket nei Ed Earl syn pleidoai om 'e Chicken Ranch iepen te halden, mar komt op dat beslut werom as de utkomsten fan 'e opinypeilings it bordeel ticht hawwe wolle. De Chicken Ranch wurdt dan foargoed sletten, en de prostituees ferlitte it gebou. Miss Mona is untreastber, oant se untdekt dat Ed Earl nettsjinsteande harren ruzje by de guverneur yn 't pleit west hat foar it fuortbestean fan it bordeel.

As Miss Mona sels ek de Chicken Ranch farwol seit, haldt Ed Earl har oan ear't se fuort kin, en freget har om mei him te trouwen . Mona wiist him of, om't se wit dat it syn dream is om yn 'e polityk te gean, en as er in frou hat dy't yn prostitusje wurke hat, soe dat frijwol unmooglik wurde. Mar de sheriff haldt oan dat er mei har trouwe wol en dat it him neat skele kin wat oare lju derfan tinke of sizze. De film einiget mei in voice-over fan helpsheriff Fred, dy't ferteld dat Ed Earl en Miss Mona yndie troud binne en dat Ed Earl himsels lykwols mei sukses kandidaat steld hat foar it Parlemint fan Teksas . Fred sels is Ed Earl opfolge as sheriff fan Gilbert.

Rolferdieling [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

haadrollen
personaazje akteur/aktrise
sheriff Ed Earl Dodd Burt Reynolds
Mona Stangley Dolly Parton
de guverneur fan Teksas Charles Durning
Melvin P. Thorpe Dom DeLuise


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Jewel Theresa Merritt
helpsheriff Fred Jim Nabors
Dulcie Mae Lois Nettleton
Edsel Noah Beery jr.
senator Charles Wingwood Robert Mandan
C.J. Barry Corbin
Rita Crowell Mary Jo Catlett
Miss Modene Mary Louise Wilson
himsels Howard K. Smith
Jeff Gerald Donald F. Colson
Dora Helen Kleeb
Henry Mickey Jones
Dulcie Mae har soan Bobby Fite
Wulla Jean Paula Shaw
sheriff Jack Roy Kenneth White
sheriff Chapman Ted Gehring
kommentator by Amerikaansk fuotbalwedstryd Verne Lundquist
Amerikaansk fuotbalmaskotte Lee Grosscup
siktaresse fan de guverneur Alice Drummond
Taddy-Jo Terri Treas
Shy Andrea Pike
Angel Valerie Leigh Bixler

Produksje [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

The Best Little Whorehouse in Teksas waard regissearre troch Colin Higgins op basis fan in senario fan himsels, Larry L. King en Peter Masterson . Tegearre mei Robert L. Boyett wie Higgins ek as filmprodusint by de film belutsen, foar de Amerikaanske filmstudio's Miller-Boyett Productions en RKO Pictures . De distribusje waard dien troch Universal Pictures . William A. Fraker wie ferantwurdlik foar de kamerarezjy , en de muzyk wie fan 'e han fan Carol Hall en Patrick Williams .

Oarspronklik wie it de bedoeling dat senarioskriuwer Peter Masterson en Tommy Tune , de toanielregisseur fan 'e Broadway - musical der't de film op basearre is, tegearre The Best Little Whorehouse in Teksas regissearje soene. Larry L. King , mei wa't Masterson it oarspronklike skript skreau, rette Shirley Maclaine , Dyan Cannon , Cari Glynn of Jill Clayburgh oan foar de froulike haadrol , mar de filmstudio wie fan miening dat dy net in grutternoch bioskooppublyk luke soene. Doe't de kar uteinlik op countrysjongster Dolly Parton foel, rette King sjonger Willie Nelson oan foar de rol fan sheriff Ed Earl Dodd. Fertsjintwurdigers fan 'e filmstudio giene mei Nelson om 'e tafel, mar casten uteinlik akteur Burt Reynolds foar de rol.

Fan it totale budget fan $ 20,5 miljoen gie $3,5 miljoen op oan it salaris fan Reynolds en $1,5 miljoen oan dat fan Parton. Boppedat betong Reynolds ferskate senariowizigings en woed er yn 'e film sels ek sjonge. De studiobazen waarden der senuweftich fan, en besleaten om Colin Higgins , dy't mear underfining hie as Masterton en Tune, oan te stellen as regisseur. Wylst de film makke waard, giene der geroften dat Reynolds en Parton in relaasje krigen hiene, mar dat wie net wier. Krektoarsom, Parton soe har underfinings op 'e set mei Reynolds letter omskriuwe as "in nachtmerje", wylst Reynolds har omskreau as "hiel beskieden... yn it iepenbier."

It senario fan 'e oarspronklike musical waard foar it meastepart oernommen, mei ien grutte utsundering. Yn 'e musical hawwe Ed Earl en Miss Mona fyftjin jier earder ris ien inkele one-night-stand han, mar yn 'e film hawwe se al jierren in oangeande relaasje . Derut kaam ek de sene mei de ruzje tusken harren beiden fuort, en it uteinlike happy end fan 'e film. In soad fan 'e oarspronklike lieten ut 'e musical fan Carol Hall makken diel ut fan 'e film, mei utsundering fan Good Old Girl , The Bus from Amarillo , 24 Hours of Lovin’ , No Lies en Doatsie Mae . Yn it plak derfan waarden twa komposysjes fan Parton tafoege: Sneakin’ Around , songen troch Parton en Reynolds, en in twa fersen tellende utfiering fan I Will Always Love You , songen troch Parton. Twa oare lieten, A Gamble Either Way en Where Stallions Run , waarden ek troch Parton foar de film skreaun, mar by de montaazje fuortknipt. Where Stallions Run waard wer tafoege foar de tillefyzjeferzje dy't troch ABC utstjoerd waard, nei't de film troch sinsuer te koart wurden wie foar de beskikbere stjoertiid.

De marketing fan The Best Little Whorehouse in Teksas smiet foar distributeur Universal Pictures nochal wat hollebrekken op, mei't yn 1982 it wurd whorehouse (letterlik: "hoerehus") yn beskate dielen fan 'e Feriene Steaten as obseen beskoge waard. Sadwaande waarden advertinsjes op guon plakken troch de pleatslike oerheid ferbean of wie de studio twongen om 'e namme oan te passen ta The Best Little Cathouse in Teksas , wylst Dolly Parton yn guon ynterviews spriek oer The Best Little Chicken House in Teksas .

Untfangst [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De film krige tuskenbeiden kritiken . Op 'e webside Rotten Tomatoes , dy't resinsjes sammelet, hat The Best Little Whorehouse in Teksas in goedkarringspersintaazje fan 56%, basearre op njoggen underskate resinsjes. De foaroansteande filmkritikus Roger Ebert , fan 'e krante de Chicago Sun-Times , joech de film twa fan fjouwer stjerren. Hy tekene oan: "As se Dolly ea de frije leie jouwe, en ophalde om har op sa'n antyseptyske manier te ferpakken, soe se geweldich weze kinne."

Resultaat [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

The Best Little Whorehouse in Teksas gie op 23 july 1982 yn 1.400 bioskopen yn 'e Feriene Steaten yn premiere , en brocht yn it iepeningswykein $11.874.268 yn 't laadsje. Dat wie in nij rekor, wermei't de foargeande rekorhalder, E.T. fan Steven Spielberg , dy't seis wiken earder utkommen wie, unttroane waard. Doe't de bioskoopfertoanings fan The Best Little Whorehouse in Teksas op 21 oktober einigen, hie de film $69.701.637 oan omset makke, wat delkaam op in winst fan $49,2 miljoen.

Charles Durning waard foar syn rol fan 'e achterbakse guverneur nominearre foar in Oscar yn 'e kategory beste manlike byrol . The Best Little Whorehouse in Teksas waard sels nominearre foar de Golden Globe foar beste spylfilm (komeedzje of musical), en Dolly Parton krige in nominaasje foar de Golden Globe yn 'e kategory beste aktrise yn in spylfilm (komeedzje of musical). The Best Little Whorehouse in Teksas wie de op trije nei meast opbringende live-action - filmmusical ut 'e 1980-er jierren . Yn febrewaris 2010 makke Universal bekend dat men dwaande wie mei in remake fan 'e film, mar fan dat projekt is sunt net folle op 'e hispel kommen.

Trivia [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Keppelings om utens [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch under: References , op dizze side .