한국   대만   중국   일본 
Stormy Daniels - Wikipedy Springe nei ynhald

Stormy Daniels

Ut Wikipedy
Stormy Daniels
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysunderheden
oare artyste-
       nammen
Stormy, Stormy Waters
echte namme Stephanie Gregory Clifford
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 17 maart 1979
berteplak Baton Rouge ( Louisiana )
etnisiteit Iersk
Sjeroky
wurkpaad
wurksum as neakenmodel , stripper ,
pornoaktrise , porno regisseur ,
senarioskriuwster
jierren aktyf 1996 ? no
offisjele webside
www.stormydaniels.com

Stormy Daniels , echte namme : Stephanie Gregory Clifford ( Baton Rouge ( Louisiana ), 17 maart 1979 ), is in Amerikaansk neakenmodel , stripper , pornografysk aktrise , regisseur fan pornofilms en senarioskriuwster ut Louisiana , yn it Amerikaanske Suden . Hja hat yn it ferline ek wol gebruk makke fan 'e artystenammen Stormy en Stormy Waters. Hja begun yn 1996 yn in stripklub te wurkjen en sette nei 2000 utein mei in wurkpaad yn 'e Amerikaanske pornoyndustry . Daniels wun frijwat prizen , net inkeld foar har dunsjen en aktearjen , mar ek foar har rezjy en senario's . By in breder publyk en buten de Feriene Steaten waard se lykwols benammen bekend doe't yn 2018 oan it ljocht kaam dat se in koarte butenhoulikse affere mei presidint Donald Trump han hie.

Libben en karriere [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Jonkheid [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Daniels waard yn 1979 berne yn Baton Rouge , de haadsted fan 'e steat Louisiana , yn it Amerikaanske Suden . Etnysk is hja heal fan Iersk en heal fan Sjeroky - Yndiaansk komof . Daniels is in iennichst bern . Har alden skieden faninoar doe't se fjouwer jier wie. Daniels waard neitiid yn earmoede grutbrocht troch har allinnichsteande mem . Yn fraachpetearen hat se sein dat der "dagen sunder elektrisiteit " wiene, om't har mem de feste lesten soms net betelje koe. Yn har autobiografy Full Disclosure fertelde se dat se op njoggenjierrige leeftyd ferskate kearen ferkrefte waard troch in man dy't de buorman in freondintsje fan harres wie. Hja skreau: "Ik wie njoggen. Ik wie in bern en doe wie ik ynienen gjin bern mear. Hy ferkrefte Vanessa, en derom sprong ik dertuskenyn [...], sadat er har gewurde litte soe." Daniels folge letter middelber underwiis oan 'e Scotlandville Magnet High School, der't se redakteur fan 'e skoalkrante wie.

Karriere [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Stripper [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Yn in fraachpetear mei Twan Huys , yn septimber 2018 yn RTL Late Night op 'e Nederlanske tillefyzje , fertelde Daniels dat se, doe't se de middelbere skoalle ofmakke hie, in oplieding ta bistedokter folgje woe. Der hie se lykwols gjin jild foar, en om har studzje te bekostjen begun se yn 1996 , mei santjin jier, as stripper te wurkjen yn in stripklub yn Baton Rouge. It wie oarspronklik har bedoeling om ien jier te strippen en dermei genoch jild te fertsjinjen om har hiele mearjierrige oplieding fan te beteljen. Se wie op in stuit sels al talitten ta in universiteit . Mar se fertsjinne as stripper safolle jild dat se nei in jier besleat en sko it plan om bistedokter te wurden op 'e lange baan.

Stormy Daniels yn 2006 by de utrikking fan 'e AVN Awards .

De foarnamme fan har artystenamme keas Daniels om har fan-wezen fan Nikki Sixx ut te drukken, de basgitarist fan 'e band Motley Crue , dy't syn eigen dochter Storm neamd hie. De efternamme fan har artystenamme keas se nei't se in advertinsje sjoen hie foar it whiskeymerk Jack Daniel's , mei de slachsin "in favoryt ut it Suden". Yn septimber 2000 joech Daniels har by it Continental Theatrical Agency , wernei't se as feature dancer by stripklubs yn 'e hiele Feriene Steaten lans begun te reizgjen.

Pornoaktrise [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

It wie yn dy snuorje dat se fia har wurk mei pornoaktrise Devon Michaels yn 'e kunde kaam. Doe't dy koarte tiid letter in pear lesbyske pornosenes opnaam, ien foar Wicked Pictures en in oaren foar Sin City , nuge se Daniels ut om har te beselskipjen en de set te besykjen. Der mette Daniels pornografysk regisseur Brad Armstrong , dy't har oerhelle om de lesbyske sekssene foar Sin City mei Michaels op te nimmen foar de film American Girls Part 2 . Neitiid begun Daniels geregeldwei mei Armstrong gear te wurkjen, mar altyd yn lesbyske sekssenes.

Yn july 2002 waard Daniels cast yn 'e haadrol fan 'e film Heat , foar de studio Wicked Pictures , weryn't se har earste heteroseksuele sekssene die. Yn septimber fan datselde jier krige se fan Wicked in eksklusyf kontrakt oanbean, dat se grif tekene. Neitiid wurke Daniels benammen foar Wicked, mar nei't har kontrakt der ofrun wie se ek wol yn 't spier foar oare bekende Amerikaanske pornografyske filmstudio's , lykas VCA Pictures , Hustler Video , Jill Kelly Productions , Adam & Eve , Vivid Entertainment , Digital Playground , Evil Angel , Metro , Napali Video en Legend Video .

Yn 2018 hie Daniels yn mear as 270 pornofilms spile. Derby hie se gearwurke mei kollega - aktrises as Asa Akira , Anikka Albrite , Alexis Amore , A.J. Applegate , Audrey Bitoni , Tori Black , Abbey Brooks , Mary Carey , Tanya Danielle , Devon , Jada Fire , Allie Haze , Kylie Ireland , Janet Mason , Trina Michaels , Shyla Stylez en India Summer , en mei manlike tsjinspilers as Manuel Ferrara , Mark Davis , Mick Blue , Mr. Pete en Tommy Gunn . Foar har aktearjen untfong Daniels u.m. fjouwer kear in AVN Award (de Oscars fan 'e pornoyndustry ). Yn 2014 waard se yn itselde jier opnommen yn sawol de AVN Hall of Fame as de XRCO Hall of Fame .

Stormy Daniels yn 2007 mei pornoakteur Ron Jeremy .

Oare aktiviteiten [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Sunt 2004 wie Daniels ek in soad, mar utslutend foar Wicked Pictures , aktyf as regisseur en senarioskriuwster fan pornofilms. Yn 2018 hie se 90 pornofilms regissearre. Ek derfoar wun se ferskate prizen . Njonken har wurk yn en foar pornofilms wie Daniels ek aktyf as neakenmodel . Sa stie se yn 2007 yn 'e Amerikaanske edysje fan 'e Penthouse , as de Penthouse Pet fan 'e moanne febrewaris . Oare neakenbleden der't Daniels foar posearre hat, binne Playboy , Hustler en High Society . Ek hat se mei fotoreportaazjes pronke yn 'e Amerikaanske edysje fan it manljusbled FHM , der't se ek in skoft in kollumn foar skreau.

Begjin 2007 fertolke Daniels yn 'e Amerikaanske dramasearje Dirt de rol fan in stripper dy't belutsen is by it yn 'e fale lokjen fan in basketballer spile troch Rick Fox . Letter datselde jiers toande se har feardichheid yn it pealdunsjen yn 'e fideoklip fan it numer Wake Up Call , fan 'e band Maroon 5 . Yn 'e film The 40-Year-Old Virgin , ut 2005 hie Daniels ek in lytse rol: Steve Carell , dy't de titelrol fan 'e 40-jierrige faam spilet, sjocht har fideo Space Nuts: Episode 69 ? Unholy Union en besiket dan oer har fantasearjen . Fierders spile se yn 'e film Knocked Up , tegearre mei har kollega-pornoaktrise Nautica Thorn , in pear lapdancers yn Las Vegas .

Polityk [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Yn 2009 besocht in groep fans ut har bertesteat Louisiana , feriene yn 'e website DraftStormy.com , Daniels safier te krijen dat se har ferkiesber stelle soe foar de foarferkiezings fan 2010 fan 'e Republikeinske Partij foar in sit yn 'e Amerikaanske Senaat . Derby soe se it dan opnimme moatten hawwe tsjin 'e sittende Republikeinske senator David Vitter , in tige konservative , troude man dy't de mule fol hie oer famyljewearden , mar op in stuit tajaan moast dat er geregeldwei nei de hoeren gie.

Op 21 maaie 2009 rjochte Daniels in kommisje op, dy't har kansen undersykje moast foar it gefal dat se har ferkiesber stelle soe. Ek makke se in runreis troch Louisiana, werby't se har ynformearje liet oer de ekonomy , de posysje fan froulju yn it sakelibben en de beskerming fan bern . Op 28 july waard bekend dat har kampanjemanager it doelwyt fan in foarnommen moardoanslach mei in autobom west hie. Op 15 april 2010 makke Daniels bekend dat se har net ferkiesber stelle soe, mei't se it jild net hie om de kampanje fan te beteljen, en ek om't de media har net serieus namen.

Stormy Daniels op it AVN Adult Entertainment Expo yn Las Vegas yn 2009 .

Priveelibben [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Houliken [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Daniels, dy't yn 2014 yn Dallas wenne, hat trije kear troud west. Op 29 augustus 2003 gie se in houlik oan mei pornoakteur Pat Myne , dat yn 2005 yn in skieding einige. Op 4 novimber 2007 troude se jitris, no mei Mike Moz, in p.r. -man yn 'e Amerikaanske pornoyndustry. Dat houlik einige yn 2009 yn trelit; Daniels waard op 25 july fan dat jier yn Tampa arrestearre foar in lichte oertreding dy't te krijen hie mei in ut 'e han rune ruzje mei Moz. Se soene spul krigen hawwe oer wa't de wask dwaan moast en oer it feit dat Moz de ynkommen rekkens net betelle; Daniels soe him doe ut lulkens in terwinkel jun hawwe. Letter dat jier folge in skieding. Yn 2010 wertroude Daniels mei pornoakteur Brendon Miller (wiere namme: Glendon Crain). Yn jannewaris 2011 krigen Miller en Daniels in dochterke , dat se de namme Caden joegen. Harren houlik einige yn 'e simmer fan 2018 yn in skieding trochdat Miller net omgean koe mei alle publisiteit om 'e Trump-affere hinne.

Trump-affere [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Op 12 jannewaris 2018 brocht de krante The Wall Street Journal ut dat Michael Cohen , de persoanlike abbekaat fan 'e Amerikaanske presidint Donald Trump , oan Daniels in bedrach fan $ 130.000 oan swijjild betelle hie. Dat wie dien yn oktober 2016 , koart foar de Amerikaanske presidintsferkiezings fan dat jier. Reden wie om Daniels stil te halden oer de oerhoer dy't Trump yn 2006 mei har begien hie wylst syn frou Melania krekt fjouwer moanne aldkreams wie fan harren soan Barron . Men wie bang dat it nijs oer dy affere Trump syn kansen op it presidintskip skea tabringe soe, mocht it bekend wurde, en Daniels hold doe, nei't it skynt, tariedende petearen mei it tillefyzjeprogramma Good Morning America en it tydskrift Slate , om der har ferhaal te dwaan.

Nei it ferskinen fan it artikel yn The Wall Street Journal untkende Cohen dat der sa'n affere west hie, en hy liet ek in brief sjen dy't sabeare undertekene wie troch Daniels, weryn't de affere en it beteljen fan swijjild untkend waard. Op 13 febrewaris feroare Cohen fan ferhaal; doe fertelde er oan The New York Times dat er Daniels fan syn eigen jild $130.000 betelle hie, mar dat dat neat mei de Trump-kampanje te krijen hie, en dat er it jild ek net fergoede krigen hie. Derop makke Daniels har abbekaat , Michael Avenatti , oan Cohen dudlik dat de hiele oerienkomst unjildich wurden wie trochdat hy it beteljen fan it swijjild iepenbier makke hie, en dat Daniels derom no frijut oer de saak prate koe. Op 6 maart spande Daniels deroer in rjochtsaak oan tsjin Trump. Cohen begun in dei letter in arbitraazjeproses tsjin Daniels, dat resultearre yn in gerjochtlike utspraak dat Daniels foarearst gjin "fertroulike ynformaasje" bekend meitsje mocht dy't ferban hold mei de geheimhaldingsferklearring dy't se yn ruil foar de $130.000 undertekene hie. Daniels har abbekaten neamden de redens dy't Cohen foar de geheimhalding oanfierde (en dy't sels ek geheim bliuwe moasten) "flauwe kul".

Stormy Daniels yn 2013 op 'e erotykbeurs Exxxotica Chicago.

Yn in fraachpetear mei it nijsprogramma 60 Minutes sei Daniels op 25 maart dat sy en Trump ien kear seksuele omgong han hiene. Teffens fermelde se dat se letter yn it bywezen fan har fiifjjierrich dochterke bedrige wie en dat se har dertroch twongen field hie om 'e geheimhaldingsferklearring te undertekenjen. Doe't aginten fan 'e FBI op 9 april it kantoar fan Cohen trochsochten en der e-mails en alderhanne oare dokuminten yn beslach namen, funen se ek materiaal dat te krijen hie mei de betelling oan Daniels. Sy dage op 30 april Trump foar de rjochter foar kwealaster om't er har yn in Twitterberjocht in "bedrager" ( fraud ) neamd hie. Hy bewearde yn datselde berjocht ek dat se it ferhaal oer de man dy't har bedrige ut 'e tomme sugd hie.

Op 12 july waard Daniels by in optreden yn in stripklub yn Columbus (Ohio) arrestearre by in undercoveroperaasje fan 'e pleatslike plysje . Hja soe trije resjersjeurs dy't incognito yn 'e klub oanwezich wiene, "oanrekke" hawwe, wat yn Ohio tsjin 'e wet is. Wylst Daniels yn 'e sel smiten waard, waarden twa oare strippers dy't yn deselde saak oppakt wiene, daliks nei hus ta stjoerd mei in oprop om op 'e feststelde tiid foar de rjochter te ferskinen. Daniels naam abbekaat Chase Mallory ut Columbus yn 'e earm, dy't derfoar soarge dat binnen tolve oeren alle oanklachten tsjin har ynlutsen wiene. Daniels har abbekaat Michael Avenatti unthiet dat er de plysje fan Columbus oankleie soe om't de arrestaasje fan syn kliinte neffens him polityk motivearre wie. Letter brocht sjoernalistyk undersyk oan it ljocht dat de liedingjaande resjersjeur by de undercoveroperaasje yn 'e stripklub in fanatike oanhinger fan Trump wie. Ut e-mails fan in oar lid fan it undercoverteam die bliken dat de resjersjeurs al dagen foartiid ynformaasje ynwun hiene oer Daniels en it plak der't se optrede soe.

Yn augustus 2018 berikte Cohen in skikking mei it Iepenbier Ministearje , werby't er bekende dat er Daniels swijjild betelle hie "yn opdracht fan de [...] kandidaat" (de iennichste 'kandidaat' foar wa't er ea wurke hie, wie Trump) en ek dat er dat dien hie "yn haadsaak om 'e ferkiezings te beynfloedzjen." Yn septimber bea Cohen oan om 'e geheimhaldingsferklearring mei Daniels unjildich te ferklearjen as se de $130.000 weromstoarte op 'e bankrekken fan syn bedriuw. Trump syn abbekaten lieten witte dat se it neilibjen fan 'e geheimhaldingsferklearring net oftwinge soene, en likemin soene se Daniels har bewearing oanfjochtsje dat de oerienkomst unjildich wurden wie troch de iepenbierings dy't Cohen deroer dien hie. Op 12 septimber kundige Daniels de publikaasje oan fan in autobiografysk boek , mei as titel Full Disclosure , dat details oer har relaasje mei Trump befetsje soe. Op 19 septimber publisearre CNN der ferskate koarte sitaten ut, u.m. ien weryn't Daniels de foarm fan Trump syn penis beskreau. It boek kaam ut op 2 oktober 2018 .

Lichemsskaaimerken [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Stormy Daniels is blank , mei blauwe eagen en blun hier . Neffens har offisjele opjefte is se 1.70 m lang, mei in gewicht fan 57 kg, en kupmaat 36DD, der't se in boarstfergruttingsoperaasje foar undergien hat. Daniels hat gjin piercings utsein de wenstige gatsjes troch de earlellen . Wol hat se in stikmannich tatoeaazjes , fan in tiara op har rjochterpols , it sifer 2 yn har nekke en in grut untwerp oer har underbuk .

Prizen en nominaasjes [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Jier Priis Resultaat Kategory Foar har optreden yn
2000 Nudes-A-Poppin 3e plak Miss Nude Future Star n.f.t.
2004 Adam Film World Guide Award wun kontrakt- babe fan it jier (foar Wicked Pictures ) n.f.t.
AVN Award nominearre beste byrol fan in aktrise (fideo) Beautiful
nominearre beste aktrise (fideo) Not a Romance
wun beste nije stjer n.f.t.
NightMoves Award wun beste aktrise ( redaksjepriis ) n.f.t.
XRCO Award nominearre beste nije stjer n.f.t.
2005 CAVR Award wun stjer fan it jier n.f.t.
NightMoves Award wun beste nije regisseur (redaksjepriis) n.f.t.
2006 Adam Film World Guide Award wun froulike crossover -artyst fan it jier n.f.t.
AVN Award nominearre beste lesbyske sekssene (film) (mei Jessica Drake ) Eternity
nominearre beste sekssene mei in pearke (film) (mei Randy Spears ) Eternity
nominearre beste aktrise (film) Eternity
wun beste byrol fan in aktrise (fideo) Camp Cuddly Pines Powertoon Massacre
wun beste senario Camp Cuddly Pines Powertoon Massacre
CAVR Award wun beste regisseur (film) n.f.t.
FAME Award wun favorite boarsten n.f.t.
NightMoves Award wun beste aktrise ( publykspriis ) n.f.t.
wun trijefaldige priis ( strippen , aktearjen , regissearjen ) n.f.t.
XRCO Award wun favorite pornostjer yn 'e mainstream - media n.f.t.
2007 AVN Award nominearre beste aktrise (fideo) Taken
nominearre beste senario (fideo) 3 Wishes
wun kontraktstjer fan it jier (foar Wicked Pictures ) n.f.t.
FAME Award wun favorite boarsten n.f.t.
NightMoves Award wun beste feature dancer (publykspriis) n.f.t.
ynhuldige NightMoves Hall of Fame oeuvre
2008 Adam Film World Guide Award wun aktrise fan it jier n.f.t.
AVN Award nominearre beste sekssene mei in pearke (fideo) (mei Randy Spears ) Black Widow
nominearre beste aktrise (fideo) Black Widow
nominearre artyste fan it jier n.f.t.
nominearre beste senario Operation: Desert Stormy
nominearre beste regisseur Operation: Desert Stormy
nominearre regisseur fan it jier oeuvre
wun crossover-stjer fan it jier n.f.t.
FAME Award wun favorite regisseur n.f.t.
NightMoves Award wun beste regisseur (publykspriis) n.f.t.
Xbiz Award nominearre artyste fan it jier n.f.t.
nominearre regisseur fan it jier (film) n.f.t.
wun froulike crossover-stjer n.f.t.
XRCO Award nominearre spesifyk optreden (aktrise) Operation: Desert Stormy
nominearre beste gemy mei in tsjinspiler (mei Randy Spears ) Black Widow
nominearre artyste fan it jier n.f.t.
wun favorite pornostjer yn 'e mainstream-media n.f.t.
wun beste regisseur (film) (dield earste plak mei Brad Armstrong ) n.f.t.
2009 AVN Award nominearre beste byrol fan in aktrise The Wicked
nominearre crossover-stjer fan it jier n.f.t.
FAME Award wun favorite boarsten n.f.t.
Positive Image Award fan de Free Speech Coalition wun n.f.t. n.f.t.
NightMoves Award wun beste regisseur (redaksjepriis) n.f.t.
Xbiz Award nominearre regisseur fan it jier oeuvre
nominearre crossover-stjer fan it jier n.f.t.
wun ASACP Service Recognition Award n.f.t.
XRCO Award nominearre beste regisseur (film) n.f.t.
nominearre favorite pornostjer yn 'e mainstream-media n.f.t.
2011 AVN Award nominearre beste aktrise Partly Stormy
nominearre beste regisseur (film) Whatever It Takes
nominearre beste senario Whatever It Takes
nominearre crossover-stjer fan it jier n.f.t.
2012 AVN Award nominearre beste regisseur (film) Heart Strings
NightMoves Award wun beste regisseur fan in film dy't gjin parody is (redaksjekar) n.f.t.
2014 AVN Award ynhuldige AVN Hall of Fame oeuvre
XRCO Award ynhuldige XRCO Hall of Fame n.f.t.
2015 AVN Award nominearre beste senario Switch
nominearre beste regisseur (film) Switch
2016 Xbiz Award wun regisseur fan it jier (film) oeuvre

Keppelings om utens [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar oare boarnen en fierdere literatuer, sjoch under: References , op dizze side .