한국   대만   중국   일본 
Sjamanisme - Wikipedy Springe nei ynhald

Sjamanisme

Ut Wikipedy
Froulike Altay sjamaan

Mei sjamanisme wurde alle fysike hannelings fan in sjamaan en alle leauwensopfettings om syn of har persoan hinne oantsjut.

Fersprieding [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Sjamanisme komt yn 'e hiele wrald foar by folken dy't natoerreligys oanhingje, yn 'e Amearika 's, Afrika besuden de Sahara , Sud- , East- en Sudeast-Aazje en Oseaanje , It is lykwols it meast fiergeand untwikkele en ek it best bekend en beskreaun by folken yn Sibearje , Sintraal-Aazje en it Arktysk gebiet . It wurd "sjamaan" is dan ek fan Toengoeske oarsprong. Iroanyskernoch komme hjoed de dei echte, kundige sjamanen by de Sibearyske folken hast net mear foar, in beerf fan 'e minachting fan 'e kommunisten foar wat se as religy of byleauwe seagen. It kompleks fan leauwensoertsjugings om 'e persoan fan 'e sjamaan hinne bestiet lykwols noch wol fuort.

It lan der't it sjamanisme tsjintwurdich it measte foarkomt en der't it it minste mei oare godstsjinsten fermingd rekke is, is Sud-Korea . Hoewol't it troch it moderne underwiis min of mear stigmatisearre is as byleauwe, is it dere oant hjoed de dei ien fan 'e aktyfste kulturele kreften bleaun. Neffens offisjele sifers binne der mear as 40.000 sjamanen, dy't yn it Koreaansk mudang neamd wurde, mar nimmen twifelt deroan dat it der eins folle mear weze moatte; om't de measte sjamanen har net registrearje litte, wurdt der rusd dat harren echte oantal tichter by de 100.000 leit.

Oansjen [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Korea [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Dat it sjamanisme yn Korea noch bestiet en florearret, hat tsjin de underdrukking yn west, dy't it sunt 'e iere Yi-Dynasty (1392-1910) underfun hat. Hoewol't de measte Koreanen derop delsjogge, komme in hiel soad fan harren, ek as se oare religys oanhingje, yn tiid fan need by in mudang foar treast en help. It sjamanisme hat dan ek in grutte ynfloed han op oare, utheemske religys yn Korea, lykas it Boedisme en it Kristendom .

De Noardkoreaanske foarm fan sjamanisme wie yndividualistysk en ekstatysk, wylst de Sudkoreaanske ferzje basearre wie op reguliere mienskiplike rituelen. It sudlike sjamanisme is oan it begjin fan 'e tweintichste iuw hast folslein utruge troch kristlike misjonarissen. Op 't heden wurdt der, foar safier bekend, yn Noard-Korea, dat sunt 1948 kommunistysk is, gjin sjamanisme mear beliden. De noardlike sjamanen binne nei it suden flechte, der't sadwaande no frijwol al it sjamanisme fan 'e noardlike fariant is.

Guatemala [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

In oar gebiet der't it sjamanisme tsjin 'e ferdrukking yn stanholden hat, is noardlik Guatemala . Trochdat allinne de strang-organisearre en heechlik spesjalisearre preesterstan by de May's de yngewikkelde matearje fan religy , astronomy, astrology , kalinder , gronology en skrift behearske, naam dy in kaaiposysje yn harren maatskippij yn. De ruines fan 'e alde Maya-steden, lykas Utatlan en Copan , wurde noch altiten besocht troch de sjamanen, dy't der harren iuwenlang ferburgen holden rituelen utfiere. Yn in grot, under de ruines fan Utatlan , bygelyks, bidde de preesters fan 'e Quiche -Maya ek no noch ta de ierde, de foaralden en de alde Maya-keningen.

Foarmen [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

It wurkgebiet fan sjamanen en bygelyks kristlike dumnys mei inoar dan oerlaapje, by poer sjamanisme is der nea sprake fan in earetsjinst. Wol komt it by guon folken, lykas de Maya's, foar, dat de funksjes fan preester en sjamaan gearfoege binne.

Ornaris wurde der twa foarmen fan sjamanisme underskaat. De earste is dy der't de sjamaan inkeld de funksje fan tolk by hat tusken de minske- en de geastewrald. De oare is dy der't de sjamaan it fet is dat troch geasten folle wurde kin foar streekrjochte kommunikaasje mei de minsken.

Brege tusken de minske- en de geastewrald [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Dizze foarm, der't de sjamaan inkeld de funksje fan tolk by hat tusken de minske- en de geastewrald, kaam under mear foar yn 'e prekristlike godstsjinst fan Fidzjy . Erflike haadlju en sjamanen waarden derby beskoge as fertsjintwurdigers fan 'e goaden en de sjamanen tsjinnen as media foar kommunikaasje tusken de goaden en de minsken. Ek yn Korea tsjinje de sjamanen as in brege tusken de minske- en de geastewrald. Harren bemiddeling wurdt utfierd troch seremoanjes dy't ornaris dunsen, lieten en dramatyk omfetsje. De Maori's fan Nij-Seelan leauden yn in grut oantal goaden, der't allinne de sjamanen, de tohunga , mei kommunisearje koenen. Ek wienen dy de iennichsten dy't de krekte rituelen by de offers koenen en utfierden.

Transendinte kommunikaasje [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

By transendinte kommunikaasje giet de sjamaan yn trans , al of net mei help fan hallusinogene middels, dat ien of mear geasten besit nimme kinne fan syn of har lichem en op dy manear streekrjocht mei de minsken kommunisearje kinne. Dizze foarm is fral bekend wurden troch syn foarkommen by in grut tal Sibearyske en Noardsineeske folken. By de Eskimo's underhaldt de sjamaan, de angakuk , de bannen mei de geastewrald fia in geast fan in ferstoarne, in toornok , der't er in goede relaasje mei hat.

Middels [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

It gebruk fan hallusinogene stoffen [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

By de Yanomami , fan noardwestlik Brazylje en sudlik Fenezuela , kin de sjamaan by need troch it nimmen fan yakoana , in hallusinogeen krudepoeier, goede geasten om help freegje. De sjamanen fan 'e Tarahumara , fan noardlik Meksiko , bruke foar harren seremoanjes peyote , in kreftich hallusinogeen dat ofkomstich is fan 'e peyotl-plant .

De no fierhinne utstoarne Kalifornyske folken makken fral gebruk fan in oar hallusinogeen, toloache , in Azteekske beneaming foar de Datura stramonium , in giftige plant dy't ek yn Jeropa al sunt minskewitten brukt wurdt foar seremoniele en medisinale doeleinen. By guon folken wie it gebruk fan toloache utslutend foarbeholden oan 'e sjamanen, mar it kaam ek foar dat it troch groepen minsken ynnommen waard by kollektive seremoanjes. Ien fan dy seremoanjes untwikkele him ta de Noardkalifornyske Kuksu -kultus, om 'e skepper-held fan 'e Pomo hinne.

It gebruk fan oare middels [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De noiade , de sjamaan fan 'e Lappen fan noardlik Skandinaavje , brukt gjin hallusinogene stoffen, mar slacht ritmysk mei in rendierbonke op in seremoniele tromme oant er yn trans rekket. Ek de Noardamerikaanske folken fan it Grutte Bekken - de steat Nevada en omlizzende gebieten - brukten gjin hallusinogene middels, foar't oan 'e ein fan 'e njoggentjinde iuw it gebruk fan peyote him ut Meksiko wei nei it noarden fersprate. Boppenatoerlike boadskippen waarden by harren almeast oerbrocht yn unsochte, spontane dreamen.

By de Noardamerikaanske folken fan 'e flaktekultuer kamen hallusinogenen oarspronklik ek net foar. Yn stee derfan undergongen, en undergeane, sjamanen en oaren lichaamlike tramtaasjes om fisioenen en oare boppenatoerlike underfinings op te roppen. Sa trochstiet by it saunaritueel fan 'e de swithutte in groep manlju ekstreme hitens, wylst se sjonge, dunsje en harsels hoffenje mei tuken. In oar bekend ritueel is de Sinneduns , dy't syn oarsprong fun by de sedentere Mandan fan 'e bopperin fan 'e Missouri , mar him meitiid ta de wichtichste seremoanje fan 'e hiele flaktekultuer untjoech. By de Sinneduns, dy't oeral laat waard troch in manlike sjamaan, mar by de Blackfeet troch in frouliken, ferdroegen de manlju ofgryslike tramtaasjes troch ophongen te wurden oan heakken dy't troch de hud fan rech en lidden hinne slein wienen, soms ferskate dagen efterinoar. De Amerikaanske oerheid ferbea de Sinneduns om 1880 hinne, mar yn 1934 fun der in weroplibbing plak. De Lakota (Westlike Sioux) en de Flakte-Ojibwa fierden yn 1959 ek de byhearrende lichaamlike tramtaasjes wer yn.

Metoaden en eftergrunen [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Behalven de middels rinne ek de sjamanistyske metoaden en de eftergrunen derfan wiid utinoar. Sa binne neffens de Yanomami sykte en uniennichheid it gefolch fan 'e aktiviteiten fan kweageasten, dy't mooglik stjoerd binne troch sjamanen fan oare stammen. De sjamanen fan 'e Yanomami geneze beide troch in miks fan geneskreftige kruden, sjamanistyske dunsen en it oplizzen fan hannen. Foar in grut part deselde metoaden wurde brukt troch de ngaka , de sjamanen fan 'e Sudlike Sotho fan Lesoto . Neffens harren is kwea in konstant gefaar, dat feroarsake wurdt troch boloi , hekserij, en troch thkolosi , boartlike kweageasten.

By de Boerjaten en oare Mongoalske folken omfetsje de haadtaken fan 'e sjamanen it genezen fan sykten dy't fuortkomme ut it omswalkjen fan 'e siel buten it lichem, it nei de oare wrald lieden fan 'e sielen fan 'e deaden en it ferdigenjen fan 'e mienskip tsjin kweageasten. De wichtichste sjamanistyske seremoanje is by de harren it Grutte Offer , dat meastal op 'e trede dei fan it nije moannejier holden wurdt en der't ferskate bisten by offere wurde oan 'e goaden.

By de Eskimo's binne de sjamanen ek holistyske genezers, dy't sawol lichaamlike, geastlike, as spirituele symptomen behannelje en de jefte hawwe om 'e oarsaak fan sykte of tsjinslach yn 'e jacht te finen troch bemiddeling tusken minsken en geasten. Derta meitsje se gebruk fan in skala oan behannelmetoaden, lykas utsugjen, quamaneq of fisualisaasje fan it skelet, en qilaneq , in foarm fan wiersizzen op basis fan it gewicht fan in foarwerp yn 'e han keppele oan it munlinge underfreegjen fan 'e geasten.

De sjamanen fan 'e Yoruba , fan sudwestlik Nigearia en sudlik Benyn , meitsje gebruk fan in wiersismetoade dy't nei gedachten fan Arabyske oarsprong is en der't troch kombinaasjes fan sechstjin basistekens de orakelgod Ifa by frege wurdt om foarsizzings te dwaan. De Yoruba-sjamanen resitearje op basis fan 'e utkomst spreuken ut harren tradisjonele repertwaar, mar biede fierders gjin ynterpretaasje. In oare wiersismetoade kaam under mear foar op it prekristlike Tahity en Hawai , der't de sjamanen de wil fan 'e goaden ofliezen ut it yngewant fan 'e offerjeften.

De mudang fan Korea fiere harren rituelen om in ferskaat fan redens ut. Sa kinne se holden wurde om in lytse kwaal fuort te nimmen of oan it begjin fan in fiere reis. Derby wurdt troch de mudang in Pison utfierd: der wurdt troch de mudang wat iten offere en se seit se gebedens op. Slimmere swierrichheden, lykas djippe finansjele maleze, fereaskje in mear utwreide seremoanje, in Kosa . Derby bringt de mudang troch sang, duns en muzyk fan trommen en symbalen in boadskip oer oan 'e geastewrald. De Kut is de meast utwreide seremoanje, besteande ut sang, duns, muzyk, dramatyk en offerrituelen, en foarbeholden oan 'e dreechste saken, lykas in slimme sykte of it feilich oerbringen fan 'e geast fan in famyljelid nei de geastewrald. Ek is it mooglik dat doarpen op feste tiden in kut halde om 'e feilichheid en it lok fan 'e ynwenners te garandearjen.

De seremoanjes fan 'e Midewiwin , it Grutte Medisyn-genoatkip, dat it geastlik libben fan 'e Noardamerikaanske stammen fan it westlike gebiet fan 'e Grutte Marren behearske, ferskilden per streek en stamme, mar foar it genoatskip as gehiel gou dat beskate etyske prinsipes, de winsk om lang te libjen en de ynterpretaasje fan dreamen en natoerferskynsels sintraal stienen. De grunbegjinsels fan 'e Midewiwin holden yn dat krekt gedrach bydroech ta in lang libben en dat min gedrach de dieder uteinlik opbrekke soe. Stelle, lige en alkoholkomsumpsje wienen strang ferbean. Manlike leden waard leard respekt foar froulju en betochtsumens yn har dieden te hawwen. Ien fan 'e wichtichste doelen fan 'e Midewiwin wie fierders ek it fergearjen fan kennis fan geneskreftige planten.

Njonken sokke frij normale metoaden, dy't by grutte oantallen natoerfolken foarkomme, besteane der ek minder algemiene sjamanistyske praktiken. Sa komt bygelyks by de Dajak-folken fan Borneo hillige prostitusje fan froulike sjamanen foar.

Ek is it foar de sjamanen fan 'e Lappen net allinne wichtich om mei de geasten te kommunisearjen, mar ek mei de natoer as gehiel. Dat wurdt dien troch in Jojk te sjongen, in spontaan betocht liet oer in bist of plant yn it bysunder of de natoer yn it algemien.

De Algonkin fan sintraal Kanada kenne de saneamde Skodzjende-tinteseremoanje , der't de sjamaan him boeid by opslute lit yn in tinte, dy't wyld hinne en wer skodde wurdt troch de geasten dy't him fan syn boeiens befrije.

En de sjamanen fan 'e Innu fan noardeastlik Kanada, ta beslut, steane derom bekend dat se, om foarutsichten yn te skatten of dreamen ut te lizzen, gebruk meitsje fan skapulimansjerituelen . Derby wurdt it skouderbled fan in eland, kariboe of hazze boppe it fjoer holden, sadat der troch de hitens barstkes, plakken en skuorren yn komme, dy't dernei troch de sjamaan brukt wurde as basis foar it jaan fan utlis of it dwaan fan foarsizzings. Dit aparte, mar oeralde brukme waard foar it earst beskreaun troch de jezuyt Paul Le Jeune , dy't de winter fan 1633 op 1634 trochbrocht by de Innu, en yn 'e hjerst fan 1989 waard it op film festlein troch de dokuminteremakker Hugh Brody , yn it kamp fan Pien Penashue fan 'e Eastlike Innu, by Goose Bay yn 'e provinsje Newfoundland .

Sjoch ek [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Literatuer [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

  • G. Bendure en N. Friary , Hawaii , Hawthorn, 1997.
  • A. Bertholet en H. Freiherr von Campenhausen , Van Goor’s Encyclopedisch Woordenboek der Godsdiensten , De Haach, 1970.
  • J. Bowker , Een wereld van religies , Kampen, 1999.
  • J. Brewer en M. Lehtipuu , Finland , Hawthorn, 1999.
  • T. Brosnahan en N. Keller , Guatamala, Belize & Yucatan - La Ruta Maya , Hawthorn, 1997.
  • Indianen - De oorspronkelijke bewoners van Noord-Amerika , under redaksje fan R. Collins, Amsterdam, 1995.
  • G. Cornwallis , Sweden , Hawthorn, 2000.
  • K. Dydy?ski , Venezuela , Hawthorn, 1998.
  • Die Religion in Geschichte und Gegenwart - Handworterbuch fur Theologie und Religionswissenschaft , Tubingen, 1957-1962.
  • J. DuFresne , Alaska , Hawthorn, 1997.
  • M. Eliade en I.P. Couliao , Wereldreligies in kaart gebracht , Utert, 1992.
  • D. Else en oaren
    • Southern Africa , Hawthorn, 2000.
    • West Africa , Hawthorn, 1999.
  • P. Greenway , Madagascar & Comoros , Hawthorn, 1997.
  • P. Greenway , R. Storey en G. Lafitte, Mongolia , Hawthorn, 1997.
  • R. Jones en L. Pinheiro , Fiji , Hawthorn, 1997.
  • W. Kielich , Volken en Stammen - Indonesie , Amsterdam, 1976.
  • J. King, J. Noble en A. Humphreys , Central Asia , Hawthorn, 1996.
  • M. Lightbody en oaren , Canada , Hawthorn, 1997.
  • J. Murray, J. Williams en R. Everist , South Africa, Lesotho & Swaziland , Hawthorn, 1998.
  • J. Noble en oaren
    • Mexico , Hawthorn, 1998.
    • Russia, Ukraine & Belarus , Hawthorn, 1996.
  • R. Rachowiecki , Southwest USA - Arizona, New Mexico, Utah , Hawthorn, 1995.
  • N. Selby en oaren , Brazil , Hawthorn, 1998.
  • R. Storey , Korea , Hawthorn, 1997.
  • R. Storey en oaren , China , Hawthorn, 1998.
  • D. Swaney
    • Iceland, Greenland and the Faroe Islands , Hawthorn, 1997.
    • Norway , Hawthorn, 1999.
  • P. Turner , Java , Hawthorn, 1995.
  • P. Turner en oaren
    • Indonesia , Hawthorn, 1997.
    • New Zealand , Hawthorn, 1998.
  • P. Vitebsky , De Sjamaan - Reizen van de Ziel, Trance, Extase en Genezing, van Siberie tot de Amazone , Kerkdriel, 2001.
  • T. Wheeler en J.B. Carillet , Tahiti & French Polynesia , Hawthorn, 1997.
  • H. Wouters , Volken en Stammen - Noord-Amerika , Amsterdam, 1974.