Sisylje

Ut Wikipedy
Sisylje
Flagge Wapen
Lokaasje yn Itaalje
Algemien
Haadsted Palermo
Oerflakte 25.710
Befolking 5.087.000
Befolkingstichtens 198
Oare ynformaasje
Heechste punt Etna 3323
Oantal gemeenten 390
Provinsjes Agrigento , Kaltanissetta , Katania , Enna , Messina , Palermo , Ragusa , Sirakuse , Trapany
Lanskip op Sisylje

Sisylje ( Italjaansk en Sisyljaansk : Sicilia , betsjut "it eilan mei de trije punten" (dat is teffens de namme fan de flagge), is in eilan en (sunt 1947 ) in autonome regio fan Itaalje . It eilan leit yn de Middellanske See tusken de, op de Italjaanske festewal lizzende regio Kalaabrje en Tuneezje yn Noard-Afrika . Sudlik fan Sisylje leit it lytse eilansteatsje Malta .

Fierders hearre by Sisylje de Liparyske of Eolyske Eilannen , it eilantsje Ustika , de Egadyske Eilannen , it eilan Pantelleria en de Pelagysje Eilannen . Dy leste twa eilannen lizze flak foar de kust fan Tuneezje en hearre geologysk besjoen ta it Afrikaansk kontinint .

Skiednis [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De earste bewenners fan it eilan, noch foar de Grykske koloanisaasje wienen de Elymianen , Sisany en Siselen . Letter waard Sisylje koloanisearre troch Foenysjers ut Kartago en it alde Grikelan . Dy koloanisaasje begun yn de 8e iuw f.Kr. Sisylje foarme doe tegearre mei Sud-Itaalje it saneamde Magna Graecia . Fanut Sisylje soene ferskate stedsteaten stifte wurde, under oaren Gela , Agrigento , Selinunte , Himera en Messina .

Demografy [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Befolking [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Sisylje is benammen bekend fanwege it grutte tal ymmigranten dy't emigrearre binne nei de Feriene Steaten , de oarsprong fan de maffia , it tanimmende toerisme en de noch hieltyd tige aktive fulkaan de Etna .

Taal [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Op Sisylje wurdt njonken it Italjaansk ek Sisyljaansk sprutsen, dat besibbe is oan it dialekt fan Kalaabrje . It Sisyljaansk wurdt as in eigen taal beskoge.

Bestjoerlike yndieling [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Sisylje bestiet ut njoggen provinsjes. De provinsjes Agrigento, Kaltanissetta, Katania, Enna, Messina, Palermo, Ragusa, Syrasuse, Trapany.

Geografy [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Lanskip [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Yn it easten, tichtby Katania , leit de fulkaan de Etna dy't as in grutte bult yn it lanskip tige opfalt. Deromhinne leit in frij flak gebiet. Der wurdt in soad fruit ferboud. Yn west en sintraal Sisylje wurdt it lanskip dominearre troch heuvels. Wat opfalt is de druchte dy't simmers hieltyd oanwezich is en de goudbrune kleur yn de heuvels feroarsaket, utsein troch de folle sitroen- en sinaasappelplantaazjes, der't befloeiing oanwezich is.

Yn it noarden fan it eilan lizze grutte griene walden.

Krekt yn it midden fan Sisylje leit it in grut aaifoarmich mar, it Lago Pergusa (1x1,5 km), mei der omhinne it Autodromo di Pergusa , in sirkwy foar autorezen.

Utsein de Etna, hat Sisylje yn de neite ek noch de relatyf lytse, mar tige aktive fulkaan Stromboly , it noardlikste fan de Liparyske of Eolyske Eilannen .

Wichtige steden [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De haadsted fan Sisylje is Palermo . Oare grutte steden binne:

Klimaat [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Sisylje beskikt oer in Middellansk Seeklimaat mei waarme simmers en sefte winters mei in protte rein.

Ferfier [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Fanut Messina is der in boatferbining mei Itaalje. Lofthavens binne der yn Katania, Palermo en Trapany. Yn Katania is sunt 1999 in Metro

Keppeling om utens [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

 
Regio's fan Itaalje
Flagge fan Itaalje
Abruzzen - Aostadelling - Apulje - Basilikata - Feneto - Emylje-Romanje - Friuly-Julysk Feneesje - Kalaabrje - Kampaanje - Latium - Liguerje - Lombardije - Marke - Molise - Piemont - Sardynje - Sisylje - Trentino-Sud-Tiroal - Toskane - Umbrje