Rita Faltoyano
, echte namme:
Rita Gacs
(
Boedapest
,
5 augustus
1978
), is in restend
Hongaarsk
neakenmodel
,
pornografysk aktrise
en pornoregisseur, dy't yn it begjin fan har karriere ek wol gebruk makke fan 'e artystenammen Rita F., Rita Anik, Rita Fox, Rita Doll en Rita, en wa har namme oft ek wol (mis)stavere wurdt as Rita Faltoiano, Rita Faltiano, Rita Faltojano en Rita Faltoyono. Neffens har offisjele opjefte is se 1.65 m, mei in gewicht fan 57 kg en kupmaat 36D.
Faltoyano brocht har bernetiid troch op in boerespultsje under de reek fan 'e Hongaarske
haadsted
Boedapest
, der't se grutbrocht waard troch har peetalden. Der learde se al jong
hynsteriden
en der waard se sa goed yn, dat se der ferskate kampioenskippen mei wun. Dernjonken die se ek oan
turnjen
en oan
swimmen
, en mei dat leste brocht se it trije kear ta Hongaarsk nasjonaal kampioen by junioaren. Faltoyano hat trije jongere bruorren. Neffens har sizzen wie har mem yn
1974
Miss Hongarije
en wie har heit in
Jeropeesk
en
Olympysk
kampioen
wetterpolo
. Har aldelju lieten har fanof har sechstjinde meidwaan oan
skientmewedstriden
.
Yn
2000
, doe't se 22 jier wie, die Faltoyano audysje by de
Franske
pornoregisseur en -produsint
Pierre Woodman
. Datselde jiers noch makke se har debut yn har earste
pornografyske film
, Woodman syn
No Sun, No Fun
, in produksje fan it
Sweedske
Private
-label. Deryn die se in sene mei trije manlike akteurs, werby't se daliks
anale seks
en
dubele penetraasje
bedreau. Yn totaal spile Faltoyano neffens de
Internet Adult Film Database
(IAFD) yn 344 pornofilms. Gauris wurke hja derby foar Private, lykas yn 'e megaproduksje
The Private Gladiator
, ut
2002
(in parody op 'e
Hollywood
-film
Gladiator
). Mar ek wurke se wol foar sokke foaroansteande Amerikaanske studio's as
Hustler Video
,
Red Light District
,
Jules Jordan Video
,
Evil Angel
,
Zero Tolerance
,
New Sensations
,
Wicked Pictures
,
Anabolic Video
en
Digital Playground
. Dernjonken regissearre se ien pornofilm sels,
The Show Must Go On
, ut
2003
, foar de studio X Level.
Yn
2004
kaam Faltoyano yn it nijs doe't se, yn 'e mande mei ferskate oare pornoakteurs,
Meksiko
utset waard. Se hiene der it earste
Festival Erotico de Mexico
besocht, mar waarden der doe troch de Meksikaanske ymmigraasjetsjinst fan beskuldige dat se meiwurke hiene oan in evenemint mei
winsteachmerk
wylst se it lan ynkommen wiene op in
toeristefisum
.
Faltoyano hie yn it begjin fan 'e jierren 2000 in relaasje mei de Amerikaanske pornoakteur
Ramon Nomar
, en wie fan
18 juny
2005
oant mids
2007
troud mei de Amerikaanske pornoakteur
Tommy Gunn
. Mei har aktearwurk wun se yn
2003
in
AVN Award
(de
Oskar
fan 'e pornowrald) yn 'e kategory beste butenlanske aktrise. Fierders sleepte se yn
2007
in nominaasje foar in AVN Award yn 'e wacht en wun se ferskate oare pornografyske filmprizen, werunder in
Venus Award
op 'e
Venus Berlin
-
erotykfakbeurs
yn 'e
Dutske
haadsted
Berlyn
en in
FICEB Ninfa Award
op it
Ynternasjonaal Eroatysk Filmfestival fan Barseloana
(beide yn
2002
). Yn
2012
joech Faltoyano har karriere as pornoaktrise deroan, en loek se har ut pornoyndustry werom.