Rita Faltoyano

Ut Wikipedy
Rita Faltoyano
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysunderheden
oare artyste-
       nammen
Rita Faltoiano, Rita Faltiano,
Rita F., Rita Anik, Rita Fox,
Rita Doll, Rita
echte namme Rita Gacs
nasjonaliteit Hongaarsk
berne 5 augustus 1978
berteplak Boedapest ( Hongarije )
etnisiteit Hongaarsk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel , pornoaktrise ,
regisseur
jierren aktyf 2000 ? 2012
offisjele webside
www.ritafaltoyanoxxx.com

Rita Faltoyano , echte namme: Rita Gacs ( Boedapest , 5 augustus 1978 ), is in restend Hongaarsk neakenmodel , pornografysk aktrise en pornoregisseur, dy't yn it begjin fan har karriere ek wol gebruk makke fan 'e artystenammen Rita F., Rita Anik, Rita Fox, Rita Doll en Rita, en wa har namme oft ek wol (mis)stavere wurdt as Rita Faltoiano, Rita Faltiano, Rita Faltojano en Rita Faltoyono. Neffens har offisjele opjefte is se 1.65 m, mei in gewicht fan 57 kg en kupmaat 36D.

Libben [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Faltoyano brocht har bernetiid troch op in boerespultsje under de reek fan 'e Hongaarske haadsted Boedapest , der't se grutbrocht waard troch har peetalden. Der learde se al jong hynsteriden en der waard se sa goed yn, dat se der ferskate kampioenskippen mei wun. Dernjonken die se ek oan turnjen en oan swimmen , en mei dat leste brocht se it trije kear ta Hongaarsk nasjonaal kampioen by junioaren. Faltoyano hat trije jongere bruorren. Neffens har sizzen wie har mem yn 1974 Miss Hongarije en wie har heit in Jeropeesk en Olympysk kampioen wetterpolo . Har aldelju lieten har fanof har sechstjinde meidwaan oan skientmewedstriden .

Yn 2000 , doe't se 22 jier wie, die Faltoyano audysje by de Franske pornoregisseur en -produsint Pierre Woodman . Datselde jiers noch makke se har debut yn har earste pornografyske film , Woodman syn No Sun, No Fun , in produksje fan it Sweedske Private -label. Deryn die se in sene mei trije manlike akteurs, werby't se daliks anale seks en dubele penetraasje bedreau. Yn totaal spile Faltoyano neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) yn 344 pornofilms. Gauris wurke hja derby foar Private, lykas yn 'e megaproduksje The Private Gladiator , ut 2002 (in parody op 'e Hollywood -film Gladiator ). Mar ek wurke se wol foar sokke foaroansteande Amerikaanske studio's as Hustler Video , Red Light District , Jules Jordan Video , Evil Angel , Zero Tolerance , New Sensations , Wicked Pictures , Anabolic Video en Digital Playground . Dernjonken regissearre se ien pornofilm sels, The Show Must Go On , ut 2003 , foar de studio X Level.

Yn 2004 kaam Faltoyano yn it nijs doe't se, yn 'e mande mei ferskate oare pornoakteurs, Meksiko utset waard. Se hiene der it earste Festival Erotico de Mexico besocht, mar waarden der doe troch de Meksikaanske ymmigraasjetsjinst fan beskuldige dat se meiwurke hiene oan in evenemint mei winsteachmerk wylst se it lan ynkommen wiene op in toeristefisum .

Faltoyano hie yn it begjin fan 'e jierren 2000 in relaasje mei de Amerikaanske pornoakteur Ramon Nomar , en wie fan 18 juny 2005 oant mids 2007 troud mei de Amerikaanske pornoakteur Tommy Gunn . Mei har aktearwurk wun se yn 2003 in AVN Award (de Oskar fan 'e pornowrald) yn 'e kategory beste butenlanske aktrise. Fierders sleepte se yn 2007 in nominaasje foar in AVN Award yn 'e wacht en wun se ferskate oare pornografyske filmprizen, werunder in Venus Award op 'e Venus Berlin - erotykfakbeurs yn 'e Dutske haadsted Berlyn en in FICEB Ninfa Award op it Ynternasjonaal Eroatysk Filmfestival fan Barseloana (beide yn 2002 ). Yn 2012 joech Faltoyano har karriere as pornoaktrise deroan, en loek se har ut pornoyndustry werom.

Prizen en nominaasjes [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Jier Priis Resultaat Kategory Foar har optreden yn
2002 Venus Award wun beste aktrise (East-Jeropa) (dield earste plak mei Monique Covet ) n.f.t.
FICEB Ninfa Award wun beste byrol fan in aktrise Private Black Label 26: Faust ? Power of Sex
2003 AVN Award wun beste butenlanske artyste fan it jier n.f.t.
2004 European X Award wun beste aktrise (Hongarije) n.f.t.
2007 AVN Award nominearre beste orale sekssene (film) (mei Emmanuel Delcour ) Valentina

Keppelings om utens [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch under: References , op dizze side .