Police Academy 5: Assignment Miami Beach
is in
Amerikaanske
komeedzjefilm
ut
1988
under
rezjy
fan
Jim Drake
, mei yn 'e
haadrollen
George Gaynes
en
G.W. Bailey
. De
titel
betsjut "Plysjeskoalle 5: Operaasje Miami Beach". De
film
is it fyfde diel fan 'e
Police Academy
-filmsearje
, en folget as sadanich op
Police Academy 4: Citizens on Patrol
, ut
1987
. It
ferhaal
folget in groep eksintrike
plysjes
ferbun oan in pleatslike
plysjeskoalle
as se mei de unnoazele
kommandant
fan dat
ynstitut
ofreizgje nei in
konvinsje
fan
plysjekommissarissen
ut it hiele lan, dy't holden wurdt yn
Miami Beach
.
Police Academy 5: Assignment Miami Beach
krige oer it algemien negative
resinsjes
fan 'e
filmkritisy
, mar untjoech him yn 'e
bioskopen
ta in
kommersjeel
sukses. In folgjend diel ut deselde searje,
Police Academy 6: City Under Siege
, kaam ut yn
1989
.
Haadynspekteur
Harris, dy't al jierren longeret op 'e posysje fan
kommandant
fan 'e pleatslike
plysjeskoalle
, hat einlings en te'n lesten in plan betocht dat net mislearje kin om fan 'e sittende kommandant, de
populere
mar unnoazele Eric Lassard, of te kommen. Yn it
dossier
fan Lassard (dat Harris ynsjoen hat troch mei syn feste hantlanger, de noch unnoazelder
ynspekteur
Carl Proctor,
yn te brekken
yn it
kantoar
fan
kommissaris
Henry Hurst) hat er nammentlik untdutsen dat Lassard al in jier foarby de ferplichte
pinsjonearringsleeftyd
is. Harris soarget derfoar dat der de oandacht op festige wurdt, sadat Hurst gjin oare kar hawwe sil as om Lassard fuortendaliks mei
pinsjoen
te stjoeren. Hy is derfan oertsjuge dat hysels dernei fierwei de beste papieren hawwe sil om Lassard op te folgjen.
By de
diploma-utrikking
fan 'e hjoeddeistige lichting nije
plysjes
fan 'e plysjeskoalle, under wa de
obese
Thomas Conklin, byneamd "House" om't er sa grut as in hus is, jout Hurst in
taspraak
. Deryn makket er bekend dat Lassard troch de Amerikaanske Nasjonale Plysjeferiening keazen is ta "Plysjeman fan it Desennium", en dat er as sadanich huldige wurde sil op 'e oankommende
konvinsje
fan
plysjekommissarissen
yn
Miami Beach
, yn
Floarida
. Sa lang kin er noch yn funksje bliuwe, mar neitiid sil er spitigernoch mei pinsjoen moatte, om't er de pinsjoenferplichte leeftyd al passearre is. Dat leste berjocht komt foar Lassard wol as in klap, mar hy lit de moedfearren net lang hingje en beslut de huldiging yn Miami Beach as de kroan op syn
karriere
te beskogjen. Hy nuget guon fan syn favorite ald-
kadetten
ut om mei derhinne, sadat se de
feestlike
plechtichheden bywenje kinne: de wielderige mar bikkelhurde ynspekteur Debbie Callahan; de reuseftige
swarte
brigadier
Moses Hightower; de troch
fjoerwapens
obsedearre
brigadier Eugene Tackleberry; de mei in heech
piipstimke
bejeftige brigadier Laverne Hooks; de elts
lud
imitearjende brigadier Larvell Jones; en de krekt ofstudearre plysjeman House Conklin.
By in
petear
mei kommissaris Hurst kriget haadynspekteur Harris te hearren dat er miskien op papier wol de kwalifikaasjes hat om Lassard op te folgjen, mar dat er, oars as Lassard,
hate
wurdt troch syn underhearrigen. It is derom mar de fraach oft er wol in persoanlikheid hat dy't gaadlik is om kommandant fan 'e plysjeskoalle te wurden. Om 'e kommissaris, dy't sels ek ofreizgje sil nei de konvinsje yn Miami Beach, sjen te litten hoe ealmoedich oft er weze kin, beslut Harris om him mei Proctor nei Miami Beach te bejaan om persoanlik diel te nimmen oan 'e huldiging fan Lassard. As Proctor lykwols
fleantickets
bestelle wol, kriget er by fersin Jones oan 'e
tillefoan
, dy't der mei help fan Hightower foar soarget dat Harris en Proctor tickets boeke foar de goedkeapste, unfeilichste, gammelste flecht nei Floarida.
Dyselde
nachts
fynt der in profesjonele
ynbraak
plak by it pleatslike
egyptologysk
museum
, der't in stikmannich
sieraden
fan unskatbere wearde
stellen
wurde troch in Tony en syn beide knoffelige trewanten Sugar en Mouse. De oare deis rjochtet Lassard op 'e
lofthaven
sunder erch in ravaazje oan as der under it
rinnen
allegeduerigen
golfballen
ut syn
golftas
rugelje, der't lju efter him har de fuotten oer brekke. Hy hat ek in oanfarring mei Tony, dy't er by fersin by in
roltrep
del triuwt. In nije oanfarring fynt plak yn it
fleantuch
nei Floarida, der't Tony nei it
huske
moat en dan untdekt dat dejinge dy't der foar him west hat, Lassard, de
kraan
nei gychem holpen hat, sadat er hielendal wiet spuite wurdt er dy iependraait. Op 'e lofthaven fan
Miami
struit Lassard noch altyd mei golfballen, en diskear giet Tony op ien derfan stean. Hy rekket raar under fuotten, mar wat minder is: troch syn gewjukkel mei de
earms
smyt er de
tas
mei de but fan 'e oerfal fuort. Dy komt del fuort njonken Lassard, dy't noch altyd neat trochhat. It tafal wol dat Lassard krekt sa'n tas hat, dy't er even delset hat. Sunder te sjen pakt er dernei de tas fan Tony op en rint dermei fuort. Tony, Sugar en Mouse binne har der net bewust fan en fandelje neitiid sunder euvelmoed de tas fan Lassard op.
Tink derom: Yn de tekst hjirunder wurdt de ofrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net leze.
|
By oankomst yn Miami Beach wurdt Lassard unthelle troch
boargemaster
Thompson en de pleatslike plysjekommissaris, Dave Murdoch. Hy bringt syn entoeraazje yn 'e kunde mei syn
omkesizzer
Nick Lassard, dy't brigadier by de plysje fan Miami Beach is. Wylst Lassard him mei Hurst en Murdoch by de
pommeranten
op 'e konvinsje jout, lit er it oan Nick oer om Callahan, Hightower, Tackleberry, Hooks, Jones en House
run te lieden
. Lassard is daliks al
nijsgjirrich
nei hokker operasjonele
demonstraasje
der dit jier by de konvinsje op it program stiet, mar gasthear Murdoch wol der neat oer loslitte. As Nick de oaren nei it
hotel
bringt der't se ferbliuwe sille, sjocht er der by it
swimbad
in tige
kreas
frommeske
yn in
swimpak
, mei wa't er it besiket oan te lizzen troch himsels ut te jaan foar de "swimbadmasseur". Sy moat der lykwols neat fan hawwe, en mei't se in eksper yn
fjochtsport
blykt te wezen, smyt se him mei
klean
en al it swimbad yn.
Neitiid geane se mei syn allen nei it
stran
om te
sinnebaaien
, te
follybaljen
en yn 'e
see
te
swimmen
. Underwilens binne Harris en Proctor ek yn Miami Beach arrivearre, nei in flecht werby't se yn in fleantuch tusken de losrinnende
hinnen
en
geiten
sieten en alhiel underskiten rekke binne. Op it stran besiket Nick Lassard mei Harris yn 'e kunde te kommen, mar de haadynspekteur skelt him de hud fol om't er yn syn sinne stean giet. Derop nimt Nick
wraak
troch letter, as Harris under it sinnebaaien yn 'e
sliep
fallen is, mei
sinnebranoalje
it wurd "
DORK
" ("
OETLUL
") op syn
boarst
te
skriuwen
. As Harris oan 'e ein fan 'e
middei
read ferbrand
wekker wurdt, binne inkeld de
letters
dy't Nick op syn boarst skreaun hie, unferbrand bleaun en derom no foar eltsenien te
lezen
. Oeral der't er komt, wurdt Harris no sadwaande oansprutsen mei "oetlul", en sels de kommissarissen neame him lud
laitsjend
"haadynspekteur Oetlul".
Yn 'e tuskentiid besiket Tony de sieraden of te leverjen by syn opdrachtjouwer, in
rike
krimineel
dy't Dempsey hjit. Ienris der docht lykwols bliken dat de sieraden, dy't yn 'e tas ferstoppe sieten yn in
fideokamera
, nearne mear te finen binne. Tony beseft dat er mei de ald suffert dy't him hieltyd dwers siet fan tas wiksele hawwe moat. Dempsey jout him in
etmiel
de tiid om syn flater rjocht te breidzjen. Derfoar moatte se Lassard, oer wa't se neat witte, earst sjen te finen, dat de rest fan 'e dei binne Tony, Sugar, Mouse en in stikmannich pleatslike trewanten under lieding fan in Julio dermei besteld. Dy juns fiere Lassard en syn freonen feest op it stran mei u.o. in
limbowedstryd
. Harris besiket in kreas frommeske te
fersieren
, mar Proctor
sabotearret
dat as er nei it opstekken fan in
sigaar
by ungelok Harris syn
reiden
hoed
yn 'e
bran
stekt mei in achteleas fuortsmiten
lusifersprikje
. Hy makket it noch minder as er besiket de bran te blussen troch der in
gles
konjak
oerhinne te smiten.
De oare deis, as Nick Lassard wer mei de entoeraazje fan syn
omke
op en ut is, treft er it kreaze frommeske fan it swimbad wer, dat eins plysje-ynstruktrise Kate Stratton blykt te wezen, dy't ek yn Miami Beach is foar de konvinsje. Sy fielt har dochs wol
oanlutsen
ta Nick, dat se jout har by de groep. Underwilens hawwe Tony-en-dy einlings Lassard witten op te spoaren. Se kringe syn
hotelkeamer
binnen en wikselje de tassen wer om, mar it docht bliken dat Lassard de fideokamera al ut Tony syn tas helle hat, mei't er tocht dat it in
kado
fan 'e plysjeskoalle wie ta gelegenheid fan syn utferkiezing as Plysjeman fan it Desennium. Neitiid besykje Tony, Sugar en Mouse kear op kear om Lassard de fideokamera of te krijen, dy't er oeral mei hinne toget, mar eltse kear is der wol wat dat mis rint.
Lang om let ferliest Tony syn
selsbehearsking
en nimt er Lassard midden yn 'e
konvinsjeseal
yn
gizeling
om 'e kamera werom te krijen. Lassard, dy't mient dat dit in toanielstikje is dat opfierd wurdt as underdiel fan 'e jierlikse operasjonele demonstraasje, is alhiel
utskroeven
dat him in rol taparte is, en wurket gewillich mei. Op syn oantrun easket Tony yn ruil foar syn frijlitting in
helikopter
om harren nei de
haven
te
fleanen
en derwei in
flugge
boat
om 'e sieraden op 'e tiid of te leverjen op it
jacht
fan Dempsey. Haadynspekteur Harris liket dit in utlezen kans ta om sjen te litten hoe profesjoneel oft er wol net is, dat hy wit de pleatslike kommissaris Murdoch en syn eigen kommissaris Hurst safier te krijen dat se him de lieding oer de redingsaksje jouwe. It plan fan Harris folgjend, fallen Nick, Kate, Callahan, Hightower, Tackleberry, Hooks, Jones en House it
penthouse
fan it hotel binnen, der't Lassard festholden wurdt. Se weve handich of mei Julio en syn trewanten, mar Tony-en-dy blike al mei Lassard ofset te wezen. Harris hat nammentlik de helikopter in oere earder komme litten as ofsprutsen, sadat er sels dejinge weze kin dy't, op it
dak
fan it penthouse, Lassard befrijt en Tony-en-dy oanhaldt. Dat redt er ek noch suver op, oant de knoffelige Proctor him yn 'e tsjillen riidt. It einiget dermei dat Tony ek Harris finzen nimt en mei twa gizelders yn 'e helikopter ofset.
Hightower lit ien fan Julio syn mannen oer de rane fan it hoteldak bungelje oant er omlyk wol en fertelt wer't Tony-en-dy mei de gizelders hinne sille. De plysjes kinne sadwaande it jacht fan Dempsey fan alle kanten oerfalle as de oerdracht fan 'e sieraden der plakhawwe sil. Dempsey en syn trewanten, en ek Sugar en Mouse, wurden troch Hightower, Callahan en House nei in
fjochtpartij
yn 'e boeiens slein
, mar Tony wit mei Lassard op in
moerasboat
te untkommen. Harris, dy't utnaaid is, rekket troch tadwaan fan Proctor te wetter, wernei't er oanfallen wurdt troch in
krokkedil
. Hightower springt him efternei en wit yn in man-tsjin-reptylgefjocht it bist te ferslaan en Harris syn libben te reden. Underwilens binne Nick en Kate en Tackleberry, Hooks en Jones yn twa oare moerasboaten efter Tony oanset. As in lange efterfolging troch de
Everglades
op 't langelest utmunet yn in wapene ympasse wit Nick syn omke einlings oan it ferstan te krijen dat Tony in echte krimineel is, wernei't Lassard himsels mei gemak befrijt en mei Tony ofweeft.
Yn 'e neisleep fan alle trelit wurdt der op 'e konvinsje in ynlaste
seremoanje
holden, werby't Nick, Kate, Hightower, Callahan, Hooks, Jones, Tackleberry en House in spesjale
underskieding
opspjelde krije foar de
moed
dy't se oan 'e dei lein hawwe by de redingsaksje. Hightower wurdt noch eefkes apart yn it sintsje setten om't er syn eigen libben weage hat om dat fan Harris te reden. Hy wurdt derom
befoardere
ta ynspekteur, en Harris wurdt derby roppen om (mei tsjinnichheid) syn
unifoarm
fan 'e nije
rangynsinjes
te foarsjen. As dernei troch kommissaris Hurst oankundige wurdt dat er yn oerlis mei de
guverneur
besletten hat om yn it gefal fan Lassard fan pinsjoenferplichting of te sjen, sadat er kommandant fan 'e plysjeskoalle bliuwe mei salang't er wol, is foar Harris de ramp kompleet.
- haadrollen
- byrollen
Police Academy 5: Assignment Miami Beach
waard
regissearre
troch
Alan Myerson
nei in
senario
fan
Stephen Curwick
. As
produsinten
wiene
Paul Maslansky
en
Donald West
by it projekt belutsen foar de
filmstudio
Warner Bros.
Foar de film wie in
budget
beskikber fan
$
14 miljoen. De
kamerarezjy
wie yn 'e hannen fan
James Pergola
, en de
filmmuzyk
waard fersoarge troch
Robert Folk
.
De
opnamen
foar
Police Academy 5: Assignment Miami Beach
funen yn it neijier fan
1987
plak, foar it meastepart op lokaasje yn
Miami Beach
. It
hotel
Fontainbleau Miami Beach
wie ien fan 'e filmlokaasjes. Yn
oktober
moasten de opnamen tydlik stil lein wurde, doe't de
orkaan
Floyd
oer
Floarida
triek.
Steve Guttenberg
, dy't yn 'e alle foargeande fjouwer
Police Academy
-films
ien fan 'e
haadrollen
spile hie as
brigadier
Carey Mahoney, untbriek yn
Police Academy 5: Assignment Miami Beach
. Trochdat er oare ferplichtings oangien wie as ien fan 'e haadrolspilers fan 'e
komeedzjefilm
Three Men and a Baby
(mei
Ted Danson
en
Tom Selleck
) wied er yn
1987
net frij om op 'e nij yn 'e hud fan Mahoney te krupen. As plakferfanger waard derom it
personaazje
fan Nick Lassard yntrodusearre, dat, wat
karakter
oangie, frijwol in
kloon
fan Mahoney wie.
De
distribusje
fan
Police Academy 5: Assignment Miami Beach
waard fersoarge troch
Warner Bros.
De film gie op
18 maart
1988
yn 'e
Amerikaanske
bioskopen
yn
premiere
.
Fan 'e
filmkritisy
krige
Police Academy 5: Assignment Miami Beach
oer it algemien negative
resinsjes
. Sa parte
Gene Siskel
, fan 'e
Chicago Tribune
, de film 0 fan 4
stjerren
ta en skreau: "Ik haw under de hiele film net ien kear lake: net om 'e
slapstick
, net om 'e
humor
dy't fan it nivo
pjutteboartersplak
is." Op 'e
webside
Rotten Tomatoes
, dy't resinsjes sammelet, hat
Police Academy 5: Assignment Miami Beach
in tige leech goedkarringspersintaazje fan 0%, basearre op 6 underskate resinsjes. Op
Metacritic
, de wichtichste
konkurrint
fan Rotten Tomatoes, behellet de film in goedkarringspersintaazje fan 18%, basearre op 10 resinsjes.
Police Academy 5: Assignment Miami Beach
brocht yn 'e
bioskopen
yn 'e
Feriene Steaten
en
Kanada
$
19,5 miljoen op, en yn alle oare
lannen en territoaria
$35,0 miljoen. Wraldwiid kaam de
opbringst
dermei ut op $54,5 miljoen. Ofset tsjin it
budget
fan $14 miljoen betsjut dat in
winst
fan $40,5 miljoen, hoewol't der de
marketingkosten
noch wol of moatte. Dermei wie de film in
kommersjeel
sukses.