De Olympyske Winterspullen 1936 , ek wol de IVe Olympyske Winterspullen neamd, waarden yn 1936 halden yn de Dutske sted Garmisch-Partenkirchen fan 7 oant en mei 16 febrewaris .
Partenkirchen is untstien as de Romeinske sted Partanum en lei op de hannelsroute fan Feneesje nei Augsburg yn in dal fan it Karwindel underdiel fan de Alpen . Partenkirchen is foar it earst neamd yn it jier AD 15. De haadstrjitte, Ludwigsstrasse, is itselde paad as de eardere Romeinske dyk. Garmisch wurdt pas sa'n 800 jier later foar it earst neamd, as Germaneskau in dutsk distrikt, wat suggerearet dat op in bepaald punt in Dutske stam in delsetting boud hat yn it westlike utein fan de delte. De sted Garmisch-Partenkirchen is yn 1935 untstien, doe't op it befel fan de doetiidske Dutske Rykskanselier Adolf Hitler , de steden Garmisch en Partenkirchen ta ien sted en gemeente gearfoege waarden. Oant de dei fan hjoed wurdt dat him kwea of nommen. De gearfoeging hie alles te krijen mei de IVe Olympyske Winterspullen dy't yn febrewaris fan 1936 yn dizze sted holden waarden.
28 lannen diene mei oan de Olympyske Winterspullen yn Garmisch-Partenkirchen