Nobelpriis

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Nobelprizen )
Nobelpriis
Nobelpriis medalje
Nobelpriis medalje
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Sweedsk (utsein de Fredespriis)
   Noarsk (allinnich de Fredespriis)
utrikt foar Bydrage dy't de minskheid it grutste foardiel oplevere hawwe op it med fan Natuerkunde , skiekunde , fysiology of geneskunde , literatuer en frede .
utrikt troch Sweedske Akademy fan Wittenskippen ( Natuerkunde en skiekunde )
Karolinska Ynstitut ( fysiology of geneskunde )
Sweedske Akademy ( literatuer )
Noarsk Nobelkomitee ( frede )
frekwinsje Jierliks
plak Stockholm , Sweden
Oslo ,    Noarwegen
1e utrikking 10 desimber 1901
offisjele webside
Webstee fan The Nobel Foundation

De Nobelpriis is in jierlikse priis foar minsken dy't in opmerklike prestaasje levere hawwe op it med fan Natuerkunde , Skiekunde , Fysiology of Geneskunde , Literatuer en befoardering en behald fan de Frede . Oan de priis is in net unaardich jildbedrach ferbun mar de erkenning en prestiizje binne foar de measte winners de wichtichste beleaning.

De priis foar de frede is de ienige dy't takend wurdt troch it Noarske regear. De oare priiswinners wurde nominearre troch ferskillende Sweedske universitere kommisjes.

De priis is by testamintere beskikking ynsteld troch de tige rike Sweedske yndustrieel Alfred Nobel . De priis waard foar it earste utrikt yn 1901 yn de Alde Muzykakademy fan Stockholm. De priis wurdt sunt dy tiid op de stjerdei fan Nobel ( 10 desimber ) utrikt troch de Noarske en Sweedske kening.

De jildpriis, tsjintwurdich 10 miljoen Sweedske kroanen (ung. 1,1 mio euro), is bedoeld foar fierder undersyk.

Fierder wurdt sunt 1968 de priis fan de Sweedske Ryksbank foar Ekonomy ta neitins oan Alfred Nobel foar ekonomyske wittenskippen takend, dy 't faak unterjochte de Nobelpriis foar de Ekonomy neamd wurdt. Dizze leste priis wurdt subsidiearre troch de Sweedske Sintrale Bank . Famylje fan Alfred Nobel distansjearret him fan dizze ekonomy priis [1]

Takenning [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De priis foar de Frede wurdt takend troch in komitee fan fiif leden fan it Noarske parlemint (it Nobelkomitee ). De oare prizen wurde takend troch ferskate Sweedske wittenskiplike ynstellingen.

Proseduere [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Yn septimber, tsjin de tiid dat de Nobelprizen bekend makke wurde, start de seleksjeproseduere foar takom jier. Oan wittenskippers oer de hiele wrald, sa 'n 3000 yn totaal, wurdt frege kandidaten op harren fakgebiet foar te dragen. Fjirders hawwe alle winners ut it ferline it rjocht om immen te nominearjen. De list fan kandidaten dy 't derut utrint, wurdt fan maart of foar advys foarlein oan in tal gesachhawwende ynstituten. Yn septimber wurde dan de karren makke en de utnugingen foar takom jier ferstjoerd.

Listen mei Nobelpriiswinners [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Nobelpriis
Alfred Nobel ? Sweedske Sintrale Bank
Karolinska Ynstitut ? Sweedske Akademy fan Wittenskippen ? Sweedske Akademy ? Noarsk Nobelkomitee
Frede ? Fysiology of Geneskunde ? Literatuer ? Natuerkunde ? Skiekunde
( Ekonomy )
wizigje