Lyndon B. Johnson
, folut:
Lyndon Baines Johnson
; ek wol bekend under syn inisjalen
LBJ
(
Stonewall
(
Teksas
),
27 augustus
1908
? dere,
22 jannewaris
1973
), wie in
Amerikaansk
steatsman
fan mingd
Ingelsk
-
Ulstersk
-
Dutsk
etnysk
komof. Hy wie lid fan 'e
Demokratyske Partij
, en wie fan
1963
oant
1969
de 36ste
presidint
fan 'e
Feriene Steaten
.
Johnson waard berne op it plattelan fan 'e sudlike
steat
Teksas
, as de soan fan Samuel Ealy Johnson jr., in
boer
dy't seis terminen lang yn it Teksaanske parlemint sitten hie, en dy syn frou Rebekah Baines. Hy groeide op yn in gesin mei ien broer en trije susters. Syn oplieding genoat er u.m. oan 'e
Steatsuniversiteit fan Teksas
, te
Austin
. Hy stie yn ferskate skoallen foar de klasse, werunder in
segregearre
skoalle foar
Meksikaanske
bern yn
Cotulla
, in underfining dy't him nei eigen sizzen beynfloede om 'e polityk yn te gean.
Op
17 novimber
1934
troude er mei
Claudia Alta Taylor
, better bekend under har bynamme "Lady Bird", dy't ofkomstich wie ut
Karnack (Teksas)
. Hja krigen twa dochters,
Lynda Bird Johnson
(
1944
) en
Luci Baines Johnson
(
1947
). (Johnson hie it foar de moade om syn bern en husdieren, lykas syn hun Little Beagle, nammen te jaan mei de inisjalen fan syn frou.)
Fan
1937
oant
1949
wie Johnson lid fan it
Amerikaanske Hus fan Offurdigen
, en fan
1949
oant
1961
fan 'e
Amerikaanske Senaat
. Hy wie acht jier lang de lieder fan 'e senaatsfraksje fan 'e Demokratyske Partij. Yn
1960
stelde er him kandidaat by de Demokratyske foarferkiezings foar it Amerikaanske presidintskip, mar ferlear it fan
John F. Kennedy
. Hoewol't de beide mannen eins net mei-inoar oer de wei koene, waard Johnson dochs troch Kennedy frege om syn
running mate
(fise-presidintskandidaat) te wurden, mei't er Johnson syn ynfloed yn it
Amerikaanske Suden
brek wie om 'e ferkiezings te winnen. Nei't Kennedy by de ferkiezings fan 1960 de
Republikeinske
kandidaat
Richard Nixon
ferslein hie, wie Johnson sadwaande fan
1961
oant
1963
fise-presidint
. Syn gearwurking mei John F. Kennedy en dy syn broer
Robert Kennedy
, de ynfloedrike minister fan Justysje, ferrun tige stroef.
Op
22 novimber
1963
rekke John F. Kennedy dea by in moardoanslach yn it Teksaanske
Dallas
. Fise-presidint Johnson siet op dat stuit yn 'e auto dy't efter de presidinsjele limusine oan kaam, en seach it foar syn eagen barren. Noch deselde deis waard er, suver ear't Kennedy goed en wol stoarn wie, yn it presidinsjele fleantuch
Air Force One
underweis werom nei
Washington, D.C.
, ynsward as de 36ste presidint fan 'e Feriene Steaten, in amt dat er fan
1963
oant
1969
ferfolle. Johnson is ien fan mar fjouwer Amerikaanske politisy dy't sawol lid fan it Hus fan Offurdigen, senator, fise-presidint as presidint west hawwe. Hy makke Kennedy syn termyn fol, en wun dernei mei oermacht de presidintsferkiezings fan
1964
, werby't er de Republikein
Barry Goldwater
fersloech. As syn fise-presidint keas er senator
Hubert Humphrey
fan
Minnesota
.
As presidint wie Johnson ferantwurdlik foar it untwerpen fan 'e
Great Society
-wetjouwing, der't wetten ta hearden dy't muoid wiene mei boargerrjochten, de publike omrop, sunenssoarch, miljeubeskerming, underwiis en Johnson syn hobbelhynke, de
War on Poverty
("Oarloch tsjin 'e Earmoede"). Hy stie bekend om syn oerhearskjende persoanlikheid en it jaan fan 'e saneamde "Johnson-behanneling", wermei't er Amerikaanske kongresleden besocht te yntimidearjen om foar syn wetten te stimmen. Johnson syn oantins is lykwols it meast ferbun mei de Amerikaanske belutsenens by de
Fjetnamoarloch
, dy't hy utwreide fan 16.000 Amerikaanske "adviseurs" yn
1963
oant 550.000 man gefjochtstroepen yn begjin
1968
. Al rillegau kamen de Feriene Steaten yn
Fjetnam
fest te sitten yn in utsichtleaze oarloch, en wat mear Amerikaanske soldaten oft yn lyksekken weromkamen, wat fierder oft Johnson syn populariteit yn it neigean rekke. Der kaam yn 'e Feriene Steaten in grutte en poerlulke anty-oarlochsbeweging op, dy't Johnson net inkeld de Amerikaanske ferliezen yn 'e oarloch persoanlik oanrekkene, mar teffens de withoefolle deaden under de Fjetnameeske boargerbefolking.
"LBJ, how many kids did you kill today?"
("LBJ, hoefolle bern hast hjoed wer deamakke?"), waard der by de demonstraasjes skandearre.
Fan
1965
of funen der under Johnson syn regear by 't simmer grutskalige opskuorren yn 'e grutte steden fan Amearika plak, en de misdiesifers sketten de hichte yn. Dermei waard Johnson yn in unmooglike posysje brocht: as er mei hurd optreden fanwegen kaam, waard er ferhune troch de ? fierhinne Demokratyske ? anty-oarlochsbeweging; en as er neat die, foelen de Republikeinen him oan fanwegen syn brekme oan liederskip. By de presidintsferkiezings fan
1968
rekke de Demokratyske Partij ferdield yn in fjouwer underskate faksjes dy't mear underling deilis wiene as dat se har tsjin 'e Republikeinen oankanten. Nei't er it by foarferkiezing yn
Nij-Hampshire
tige min dien hie (en ek om't er yn siet oer syn minder wurdende sunens, al waard dat geheim holden), naam Johnson op
31 maart
de foar Amerikaanske begripen skokkende beslissing om as sittende presidint dy't noch in termyn regearje mocht, der ynstee fan of te sjen en him werom te luken ut 'e foarferkiezings. Dertroch en troch de moard, letter dat jiers, op
Robert Kennedy
, waard fise-presidint
Hubert Humphrey
de Demokratyske presidintskandidaat fan
1968
. Mar de partij koe net oer de ynterne ferdieldheid hinne komme, dat it slagge de Republikein
Richard Nixon
mei gemak om 'e ferkiezings te winnen.
Nei't er yn jannewaris
1969
it presidintskip oerdroegen hie oan Nixon, loek Johnson him werom op syn
ranch
yn it Teksaanske
Stonewall
, der't er him wijde oan buorkjen en it skriuwen fan syn memoires. By de presidintsferkiezings fan
1972
stipe er tsjin wil en tank de Demokratyske senator
George S. McGovern
fan
Sud-Dakota
, al koed er net mei de man, en lieken syn ideeen Johnson wol nei fleanen. Fan
1970
of kampe er mei gewichts- en
hertproblemen
. Hoewol't er op in dieet gie en fluch gewicht ferlear, joech er syn smoken net op. Yn april
1972
krige er in swiere
hertoanfal
en neitiid hied er frijwol eltse middei slimme pine yn it boarst. By undersyk die bliken dat twa fan syn
hertieren
frijwol ferrinnewearre wiene en dat syn tastan te fier hinne wie om noch oan operearre wurde te kinnen. Johnson stoar op
22 jannewaris
1973
, yn 'e aldens fan 64 jier, oan in swiere hertoanfal, thus op syn
ranch
yn Stonewall, der't er ek begroeven waard.