Las Vegas

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Las Vegas (Nevada) )
Las Vegas
Emblemen
            
Polityk
Lan Feriene Steaten
Steat Nevada
County Clark County
Sifers
Ynwennertal 583.756 (2010)
Oerflak 352 km²
Befolkingsticht. 1.659,5 / km²
Stedekloft 1.951.269 (2010)
Hichte 610 m
Oar
Stifting 1905
Tiidsone UTC -8
Simmertiid UTC -7
Koordinaten 36°10′30″N 115°08′11″W
Offisjele webside
www.lasvegasnevada.gov
Kaart
De lizzing fan Las Vegas yn Clark County en yn 'e steat Nevada .
Dizze side giet oer de sted yn 'e Amerikaanske steat Nevada . Foar oare betsjuttings, sjoch: Las Vegas (betsjuttingsside) .

Las Vegas ( Spaansk foar "De Greiden ") is de grutste sted fan 'e sudwestlike Amerikaanske steat Nevada , en teffens it haadplak fan it omlizzende Clark County . It is in wraldferneamd fakansje-oard, dat benammen bekend stiet om syn utwrydske hotels en kasino's . It leit op it plak fan in eardere oaze , midden yn 'e woastyn fan Nevada, der't it stedssilhuet fan al fan fierrens of te sjen is troch de withoefolle neonferljochtings . Yn 2010 hie Las Vegas in ynwennertal fan 596.000; de hiele stedekloft (mei foarsteden as North Las Vegas , Henderson en Boulder City ) hie dat jiers benei 2 miljoen ynwenners. Las Vegas heart ta de fluchst groeiende steden fan Noard-Amearika .

Yn it taalgebruk wurdt under de term "Las Vegas" trouwens net inkeld de sted sels beflapt, mar teffens guon gebieten buten de stedsgrinzen, yn it bysunder de saneamde Las Vegas Strip , in 6,8 km lang ein fan 'e South Las Vegas Boulevard, der't de measte kasino's en hotels oan steane. Dy leit nammentlik eins foar it grutste diel yn 'e selsstannige steden Paradise , Winchester en Enterprise . Soms wurdt mei "Las Vegas" ek wol de hiele Delling fan Las Vegas bedoeld.

Skiednis [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De earste dokumintearre blanke besiker fan 'e Delling fan Las Vegas wie Raphael Rivera , yn 1829 . Mei't der ferskate wellen wiene der't undergrunsk wetter opbuorrelje, wie it gebiet in oaze mei in griene kleur dy't yn 'e brunige woastyn al fan omfierrens sjoen wurde koe; derfandinne dat de Meksikanen it ferneamden nei greiden. Yn 1844 , doe't it gebiet noch underdiel utmakke fan Meksiko, waard it besocht troch in wittenskiplike ekspedysje under lieding fan 'e Amerikaanske legerofsier en untdekkingsreizger John Charles Fremont . Yn 1848 waard it by it Ferdrach fan Guadelupe Hidalgo , dat in ein makke oan 'e Meksikaansk-Amerikaanske Oarloch , mei it hiele sudwesten troch Meksiko ofstien oan 'e Feriene Steaten.

De Las Vegas Strip by nacht .

De earste Amerikaanske kolonisten wiene mormoanske misjonarissen ut Utah wei, dy't har yn 1855 yn 'e delling festigen mei as doel om 'e pleatslike Pajut - Yndianen te bekearen. Letter kamen der mear mormoanen, dy't in fort bouden om 'e rute te beskermjen fan Salt Lake City , yn Utah, nei San Bernardino , yn Kalifornje , der't in hoartsje in florearjende mormoanske mienskip bestie. Yn 1857 , under de saneamde " Lytse Boargeroarloch " tusken de mormoanen en it Amerikaanske regear, loeken de mormoanen har ut 'e Delling fan Las Vegas werom.

Pas tsjin 'e ein fan 'e njoggentjinde iuw setten har op 'e nij Amerikaanske kolonisten yn it gebiet nei wenjen, yn 1905 waard Las Vegas stifte as in halte oan it trochgeande spoar. Yn 1911 krige it de status fan sted . Doedestiden moast Las Vegas it benammen hawwe fan it spoarferkear en fan 'e mynbou yn 'e omlizzende lansdouwe. Doe't der almar mear alternative spoarlinen oanlein waard, rekke Las Vegas yn it neigean, mar mei de oanlis yn 1935 fan 'e Hooverdaam , 48 km besudeasten de sted, krige it foar it earst wat toerisme . De legalisearring fan gokken , yn 1931 , makke doe de bou fan 'e earste kasino's mooglik, dy't bedoeld wiene om 'e toeristen langer fest te halden nei't se de daam besichtige hiene.

Yn 'e fjirtiger jierren funen der yn Las Vegas grutte bouprojekten plak, dy't suver folslein it gefolch wiene fan 'e ynfluks fan wittenskippers, dy't yn 'e sudwestlike woastyn oan it saneamde Manhattan Project (de untwikkeling fan 'e atoombom ) wurken. Yn 'e fyftiger jierren untjoech Las Vegas him ta de goksted dy't it no is, troch ynvestearrings fan 'e topfigueren binnen de Amerikaanske maffia , lykas Benjamin "Bugsy" Siegel en Meyer Lansky , dy't de kasino's brukten om har mei misdie fertsjinne ynkomsten wyt te waskjen. Troch de unbidige groei dy't Las Vegas dernei trochmakke, strupten oare goksteden ut 'e jierren fyftich, lykas Galveston , yn Teksas , en Hot Springs , yn Arkansas , derunder.

Las Vegas hjoed de dei [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Las Vegas is hjoed de dei ien fan 'e wichtichste toeristyske trekpleisters fan 'e wrald. Behalven om gokken stiet it ek bekend as in sintrum fan 'e pornoyndustry en fan ferskate oare raneferskynsels fan 'e Amerikaanske maatskippij , en sadwaande wurdt it ek wol Sin City ("Sted fan 'e Sunden") neamd. Dat imago hat de sted aldeminst kwea dien; krekt oarsom, dertroch hat it de fassinaasje wun fan miljoenen minsken yn 'e hiele wrald. Teffens hat it Las Vegas ta it dekor makke fan withoefolle films en tillefyzjesearjes .

Strjitbyld yn in wenwyk fan Las Vegas.
De woastyn fan Nevada yn 'e omkriten fan Las Vegas.

Yn jannewaris wurdt yn Las Vegas elts jier it AVN Adult Entertainment Expo holden. Yn april en/of maaie fynt yn 'e sted it Filmfestival fan Las Vegas plak.

Demografy [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Neffens gegevens fan 'e Amerikaanske folkstelling fan 2010 hie Las Vegas doe in befolking fan 583.756 minsken. De befolkingstichtens bedroech 1.659,5 minsken de km².

Oersjoch fan 'e histoaryske befolkingsgroei:

jier befolking
1920 2.304
1930 5.165
1940 8.422
1950 24.624
1960 64.405
1970 125.787
1980 164.674
1990 258.295
2000 478.434
2010 583.756

Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2010 wie doe fan 'e befolking fan Las Vegas 11,6% alder as 65 jier en 25,9% jonger as 18 jier. Fierders bestie 33,5% fan 'e hushaldings ut ien persoan , wylst 8,9% fan 'e befolking under de earmoedegrins libbe.Fierders wie de wurkleazens yn Clark County , net korrizjearre foar seizoensynfloeden, yn 2011 sa'n 14%. [1]

Wat de etnyske opbou fan 'e befolking oangiet, dy wie yn 2010 sa: 47,9% blanken ; 31,5% Latino's ; 11,1% swarten ; 6,1% Aziaten ; 0,7% Yndianen ; 0,6% Polyneziers , Melaneziers en Mikroneziers ; 2,1% oaren of fan mingd etnysk komof. Fan 'e Latino's wiene de Meksikanen de grutste groep, mei 24,0% fan 'e totale befolking fan Las Vegas. Under de Aziaten wiene benammen de Filipino's mei 3,3% goed fertsjintwurdige.

Las Vegas fan boppen of sjoen.

Berne yn Las Vegas [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Stoarn yn Las Vegas [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Hotels en kasino's [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

It woastynlanskip yn 'e omkriten fan Las Vegas.

Klimaat [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Las Vegas hat in subtropysk woastyn klimaat , mei tige hjitte simmers en koarte, mylde winters . Yn july , de waarmste moanne, is de trochsneed temperatuer oerdeis 40,1 °C, en yn desimber , de kaldste moanne, is dat 13,7 °C. Las Vegas kriget jiers trochinoar mar 106,4 mm delslach .

Keppelings om utens [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Clark County unemployment rate

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch under: References , op dizze side .