It begryp
kultuer
komt fan it
Latynske
"cultura", dat alle soarch oantsjut om eat ta waaksdom te bringen. Hjoed-de-dei wurdt it begryp kultuer yn ferskate betsjuttings brukt.
- Kultuer yn de meast brede sin is alles dat minsken fan oare minsken oanleare. In wichtich foarbyld is taal.
- Yn it deistich spraakgebruk wurdt mei kultuer faak saken oantsjutten sa as
keunst
,
literatuer
en
arsjitektuer
, mar ek
noarmen
en
wearden
binne kultuer.
- Mei kultuer kinne ek alle aktiviteiten fan minsken bedoeld wurde, dy't net fuortendaliks te krijen hawwe mei de striid foar it fuortbestean. It is lykwols dreech om in grins te luken.
Kultuer wurdt faak wichtich fun, omdat op grun fan kultuer kloften minsken underskieden wurde kinne. Sa kin men, om de klam te lizzen op de eigen identiteit, en it groepsgefoel te fersterkjen, de eigen
gewoanten
en
tradysjes
utfergrutsje. Sa wurdt under kultuer fan folken faak spesifyk
tradysjes
en gewoanten bedoeld, sa as bygelyks
folksdunsjen
, tradisjoneel
iten
, en sa fuort hinne.
Ek lytsere kloften as folken kinne in eigen kultuer hawwe; sa kin men sprekke fan bygelyks in
bedriuwskultuer
.