Kroaasje

Ut Wikipedy
Republika Hrvatska
Flagge fan Kroaasje Wapen fan Kroaasje
Flagge Wapen
Lokaasje fan Kroaasje
Offisjele taal Kroatysk
Haadsted Zagreb
Steatsfoarm Republyk
Gebiet
% wetter
56.542 km²
0,01­%
Ynwenners ( 2001 ) 4.437.460
Munt Euro (EUR)
Tiidsone UTC +1
Nasjonale feestdei 30 maaie
Lankoade HRV
Ynternet .hr
Tillefoan 385

Kroaasje of Kroasie , offisjeel Republyk Kroasie, is in Sud-Jeropeesk lan op de Balkan . De haadsted is Zagreb en de presidint fan de republyk is sunt 2020 Zoran Milanovi? .

Kroaasje wurdt begrinzge troch:

Skiednis [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Oankomst fan de Kroaten by de Adriatyske kust

Yn de 7e iuw waard it gebiet fan it tsjintwurdige Kroaasje kolonisearre troch de Kroaten , in Slavyskefolk ofkomstich ut de Oekraine . Ynearsten foelen sy under de hearskippij fan de Byzantinen en letter de Franken , mar yn 925 - under lieding fan kening Tomislav - waard Kroaasje in sterk unofhinklik lan. Harren selsstannigens einige yn 1102 mei de oermastering troch de Hongaren .

Nei iuwen fan Hongaarske oerhearsking krige it swiere klappen te ferstowen troch it Ottomaanske Ryk dat har macht utwreide oant it bercheftige gebiet fan it tsjintwurdige Bosnje en Herzegovina. Om-ende-by deselde tiid kaam Dalmaasje foar in grut part under Feneesjaansk gesach te lizzen.

Yn 1527 kaam it gebiet under it Habsburchse bewald en hearde by it keizerryk Eastenryk-Hongarije . Nei de Earste Wraldkriich hearde Kroaasje by de Joegoslavyske federaasje . De unofhinklikheidsferklearring yn de njoggentiger jierren fan de foarrige iuw late ta in boargerkriich dy't ein 1995 einige. Kroaasje waard yn 2010 lid fan de Jeropeeske Uny .

Geografy [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Kroaasje leit yn Sintraal-, Sud- en East-Jeropa en hat troch har wat nuvere foarm, dy't wol wat wei hat fan in heale moanne in protte buorlannen en lange ryksgrinzen. It festelan is yn twa net yn inoar trochrinnende stikken ferdield troch in lytse kuststripe fan Bosnje en Herzegovina tichtby Neum . Hjirtroch foarmet it twadde diel in lytse enklave tusken Bosnje en Herzegovina en Montenegro.

It lanskip is tige ofwikseljend. Yn it kontinintale noarden en noardeasten, dat diel utmakket fan de Pannonyske flakte ), lizze greiden, marren en heuvels. It berchgebiet by Lika en Gorski Kotar yn it noarden is underdiel fan Dinaryske Alpen en ticht beboske. De kuststripe bylans de Adriatyske see, Istrje, de noardlike seekust en Dalmaasje ) is rotseftich.

De natuer is goed fertsjintwurdige en der lizze inkele skitterende nasjonale parken yn Kroaasje.

Bekende gebieten en steden [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

In bekend gebiet yn Kroaasje is Istrje . Bekende steden yn dat gebiet:

Oare grutte steden binne:

Tichtby de sted Rijeka leit it eilan Krk , ien fan de tsientallen bewenne eilannen lans de kust. It eilan beskikt oer in noflik klimaat en is as fakansjeoarde tige yn trek.

Demografy [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Kroaasje wurdt benammen bewenne troch Kroaten (89,6%). Minderheden binne de Servjers (yn dizze tiid 4,5%; yn 1991 noch 12,5%), Bosniakken (0,5%), Hongaren (0,4%), Italjanen (0,8%) en noch inkele oare. It grutste part fan de befolking is Kristen der't de Katoliken mei 87,8% de grutste tsjerke fan foarmet. 4,4 % heart by de Easterske Ortodoksenen en 1,3 % is Moslim .

De offisjele en meast brukte taal is it Kroatysk , in Sud- Slavyske taal dy't it Latynske alfabet brukt. Minder as 5% fan de befolking sprekt buten it Kroatysk noch in oare taal.

Ekonomy [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

BYP per persoan is $ 15.500 (2007). Gearstalling fan BYP per sektor is 7,2% lanbou, 31,7% yndustry en 61,2% tsjinsten.

 
Jeropeeske Uny
Flagge fan de Jeropeeske Uny
Lidsteaten : Belgje ? Bulgarije ? Denemark ? Dutslan ? Eastenryk ? Estlan ? Finlan ? Frankryk ? Grikelan ? Hongarije ? Ierlan ? Itaalje ? Kroaasje ? Letlan ? Litouwen ? Luksemboarch ? Malta ? Nederlan ? Poalen ? Portegal ? Roemeenje ? Syprus ? Sloveenje ? Slowakije ? Spanje ? Sweden ? Tsjechje
Ultraperifeare regio's : Frankryk: Fransk-Guyana ? Guadelup ? Majot ? Martinyk ? Reunion ? Sint-Marten
Portegal: Azoaren ? Madeara ? Spanje: Kanaryske Eilannen
Kandidaat-lidsteaten : Albaanje ? Bosnje ? Georgje ? Moldaavje ? Montenegro ? Noard-Masedoanje ? Oekraine ? Servje ? Turkije