It Hearrenfean (plak)

Ut Wikipedy
It Hearrenfean
Crackstate (ûnderdiel fan it gemeentehûs)
Crackstate (underdiel fan it gemeentehus)
Polityk
Lan Nederlan
Provinsje Fryslan
Gemeente It Hearrenfean
Sifers
Ynwennertal 30.680 ( 1 jannewaris 2023 ) [1]
Hichte 0,5 m. boppe seenivo
Oar
Stifting 1551
Ferkearsieren E22 A7 A32 N380 N924
Spoar fan Ljouwert nei Swol
Postkoade 8441-8448
Tiidsone UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koordinaten 52° 57′ NB, 5° 55′ EL
Iisbaan Thialf
Iisbaan Thialf
Muntflats
Muntflats
Offisjele webside
Webside gemeente It Hearrenfean
Kaart
It Hearrenfean (Fryslân)
It Hearrenfean
Kaart
Crackstate (ûnderdiel fan it gemeentehûs)
Himrik fan It Hearrenfean

It Hearrenfean is it haadplak fan de gemeente It Hearrenfean . Der wenje 30.680 minsken ( 1 jannewaris 2023 , boarne: CBS ). Wat it ynwennertal oanbelanget is It Hearrenfean it fjirde plak fan de provinsje Fryslan, mar is net ien fan de alve Fryske steden .

Yn earder tiden waard it in flekke (grut doarp mei merkrjocht ), dat mei It Oranjewald derby ek wol It Fryske Haachje neamd waard. De hjoeddeistige omgongsnamme foar minsken ut de omkriten is It Fean . Nei buten ta presintearret It Hearrenfean him as Sportsted mei under oaren it Thialf en it Abe Lenstra Stadion .

De skiednis fan it plak giet werom nei it stiftingsjier 1551, en begjint op it plak der't de Hearresleat en de Skoatterlanske Kompanjonsfeart byinoar komme.

Sunt juny 2013 hat It Hearrenfean as slogan ' n gouden plak . [2]

Geografy [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Satellytfoto fan It Hearrenfean en omkriten

It Hearrenfean leit yn it suden fan de provinsje Fryslan . Westlik fan It Hearrenfean leit it Fryske marregebiet, noardlik leit it lege midden en eastlik fan It Hearrenfean leit it boskgebiet Oranjewald.

It plak leit himelsbreed sa'n 25 kilometer sudlik fan Ljouwert , en sa'n 50 kilometer westlik fan Grins . It Hearrenfean is untstien op de krusing wer't de Hearresleat en de Skoatterlanske Kompanjonsfeart eartiids byinoar kamen. It plak groeide nei de Tsjonger ta yn it suden en nei it doarp Haskerdiken ta yn it noarden. De doarpen Nijskoat en Aldskoat yn it suden, De Knipe yn it easten, en Nijehaske yn it westen binne oan 't Fean festgroeid mei behald fan doarpstatus.

Troch de Feanskieding is it sintrum hjoed noch ferbun mei de Engelenfeart en it Hearrenfeanster Kanaal en uteinlik mei it Nannewiid westlik fan It Hearrenfean. Noardlik fan It Hearrenfean komme it Hearrenfeanster Kanaal en de Hearresleat byinoar tichtby de Grevensmole , en rint tusken Akkrum en Terherne oer yn de Meinesleat . De Engelenfeart stiet oan de sudkant fan It Hearrenfean yn ferbining mei de Tsjonger .

Buorgemeenten fan It Hearrenfean binne mei de klok mei: Ljouwert , Opsterlan , Eaststellingwerf , Weststellingwerf , De Fryske Marren .

Geology [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Troch it poalklimaat fan de leste iistiid wie der gjin begroeiing yn Fryslan en hie de wyn frij spul. De wyn brocht deksan mei ut hjoeddeistige Noardseegebiet (dat doe noch foar in grut part druch lei). Yn de oergong fan de iistiid nei it holoseen gong de temperatuer relatyf hurd omheech sadat de iiskapen begun te smelten en it seenivo heger waard. Troch it hegere seenivo en de minne untwettering gong ek it grunwetternivo omheech sadat der grutte sompen en marren untstean koenen. Yn dy gebieten koe it fean op grutte skaal oanwaakse. De geologyske ferhaldingen yn en om it plak hinne hawwe beskiedend west foar de namme It Hearrenfean. Yn it hjoeddeistige stedsgebiet en yn it gebiet deromhinne wie fean de meast foarkommende grunsoarte. It fean is foar it grutste part ofgroeven. Yn beboude gebieten binne de restanten fean gauris fermongen mei san. Under de alde feanlaach siet in laach deksan. Tichtby it sintrumgebiet sit dy laach deksan tusken de ien en twa meter djipte under de grun. [3] Yn it sudlike diel fan It Hearrenfean leit it rekreaasjegebiet De Heide mei de op sommige plakken 20 meter djippe heidemar dy't untstien is troch sanwinning. It heechste punt fan It Hearrenfean is in jiskebult fan 27 meter heech yn it noardwesten fan it stedsgebiet.

Stedsyndieling [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De Wikipedy hat ek in side Wiken en buerten yn It Hearrenfean .
De Wikipedy hat ek in side strjitten yn it Hearrenfean .

Foar it jier 1900 wie It Hearrenfean noch in lintdoarp mei de bebouwing om de Hearresleat en de Skoatterlanske Kompanjonsfeart hinne. Foaral nei de gemeentlike weryndieling fan 1934 koe It Hearrenfean fierder groeie. Hjoed-de-dei is 't Fean fan noard nei sud acht kilometer lang. Dertroch feroare de foarm fan it plak op de kaart; as lintdoarp hie It Hearrenfean syn grutste lingte fan east nei west wylst it plak hjoed-de-dei fan noard nei sud aardich wat grutter is. Troch nije wenwyk Skoatterwald en it Ynternasjonaal Bedriuweterrein Fryslan is it plak yn 'e breedte groeid (fan east nei west). Mei de nije stedsgebieten derby rekkene is it plak oer it generaal noch net breder as fjouwer kilometer.

Stedsyndieling
# Namme Postkoade Bou Ynwennertal Funksje/bysunderheden
1 Noard 8441 20e iuw 3.600 Blommebuert, sikehus De Tsjongerskans
2 Sintrum 8442 16e iuw 2.700 Winkels, utgeanssintrum, Flinterbuert
3 Lege Midden 8442 20e iuw 3.500
4 De Ikkers 8443 20e iuw ('60 jierren) 2.000 Strjitnammen: Waadeilannen en kriten
5 Ten Woude 8443 20e iuw 1.100
6 De Greiden 8446 20e iuw ('70 jierren) 7.800 Fugel-, wetter-, boate-, krudebuert. Winkelsintrum.
7a De Heide 8445 20e iuw ('80 jierren) 1.500
7b Heidemar 8445 20e iuw ('90 jierren) Golfbaan yn beboud parklanskip
8 Nijehaske 8447 20e iuw ('80 en '90 jierren) 3.500
9 Skoatterwald 8448 21e iuw 2.000 Swannewald
10 It Mar 8448 800
11 Ljouwerterstrjitwei 8441 150

Taljochting:

  • Ynwennertal neffens sifers CBS.
  • Postkoade 8444 is Hearrenfean-Sud.
  • In part fan de wyk Ten Woude is nij. Op it plak der't eartiids in iepenloftswimbad, tunsintrum en kuorbalfjilden wienen binne letter nije huzen boud. Noardlik fan de Keninginne Julianawei wie foar de midden fan de tachtiger jierren allinnich mar bebouwing oan de Boargemaster Falkenawei, Van der Sluisleane, Binnenwei en Parkwei.
  • Sportsted Hearrenfean is op de kaart net yndield. It stedsdiel Sintrum en Sportsted Hearrenfean wurde tegearre "Sintrum-Breed" neamd.
  • De doarpen Nijbrege en Haskerdiken sille nei de gemeentlike weryndieling underdiel weze fan de gemeente It Hearrenfean. [4] De doarpen slute op de wenwyk Ljouwerterstrjitwei oan.
Yndustrygebiet
Topografyske kaart
# Namme Plak
A Kanaal noardlik fan A7 , westlik fan A32
B Ljouwerterstrjitwei noardlik fan A7, westlik fan A32
C Businesspark Fryslan sudlik fan A7, westlik fan A32
D De Kavels sudlik fan A7, westlik fan A32
E Ynternasjonaal Bedriuweterrein Fryslan (YBF) sudlik fan A7, eastlik fan De Kavels/A32
F It Mar sudlik fan A7, westlik fan A32
G It Hearrenfean-Sud westlik fan A32
H Nijskoat westlik fan A32

Der binne ek noch twa yndustryterreinen dy't wol oan It Hearrenfean fest sitte, mar dy't gjin underdiel fan de gemeente It Hearrenfean binne. De yndustryterreinen, it Businesspark Fryslan West en Haskerfean, lizze beide westlik fan it Hearrenfeanster Kanaal.

Skiednis [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De Wikipedy hat ek in side Skiednis fan It Hearrenfean .
Hearresleat

It Hearrenfean is net it aldste feankanaaldoarp fan Nederlan. It plak is yn 1551 untstien op it kruspunt fan de Hearresleat en de Skoatterlanske Kompanjonsfeart , dy't beide oanlein binne foar it ferfier fan de turf . Hjir lei ek de Hearewei, de ferbiningswei Swol - Ljouwert . It graven fan dizze twa kanalen barde op inisjatyf fan trije hearen: Pieter van Dekema, Johan van Cuyck en Floris Foeyts. Op 24 july 1551 rjochten se de Skoatterlanske Feankompanjy op mei as doel grutte stikken lan te keapjen om oan feanuntginning te dwaan. Der komt de namme It Hearrenfean wei; de hearen fan it fean. It is woeksen troch it belang fan de feanwinning . Crackstate waard yn 1648 as wenhus boud troch Johannes Sytzes Crack. Neffens alle wierskyn op itselde plak der't syn heit yn 1608 al in stins boude; it earste Crackstate. De Oenemastate oan de Lindegreft is yn 1640 boud. Yn 1637 waard de Skoatterlanske Krustsjerke oan de Hearresleat en de hjoeddeistige Lindegreft boud. De tsjerke waard fanwege bran yn 1969 sloopt.

Yn it tiidrek 1581-1594 waard troch de Steaten fan Fryslan en steedhalder Willem Loadewyk om ferskillende skansen te meitsjen. [5] Dy skansen foarmen mei elkoar de Fryske Wetterliny . De Skoatterskans is yn 1598 oanlein [6] , by de Skoatterbrege oer it Tsjonger by Aldskoat , en wie in underdiel fan dy wetterliny. [7] Yn de nacht fan 18 op 19 augustus 1672 dienen troepen fan Bearend fan Galen in oanfal op de Skoatterskans, dy’t oan trije kear ta ofslein waard troch de militeren dy’t op It Hearrenfean leinen.

Ferdinand Domela Nieuwenhuis (ek wol us ferlosser neamd).

Om 1830 hinne siet it ynwennertal krekt under de 3.000 minsken. [8] Yn de rin 19e iuw untwikkele It Hearrenfean him trochdat, behalve dat der begoedige boargers wienen, der ek in soad middenstan kaam. En mei it tichtby lizzende It Oranjewald wurdt it plak sunt dy tiid ek wol It Fryske Haachje neamd. De feanarbeiders hienen it gans minder. Yn de twadde helte fan de 19e iuw en oan it begjin fan de 20e iuw wennen dy yn spitketen op it lan. Yn it sudeasten fan de provinsje kaam yn dy tiid it sosjalisme op. De helden fan de arbeidersklasse wienen Piter Jelles Troelstra en Ferdinand Domela Nieuwenhuis . Ferdinand Domela Nieuwenhuis waard by de ferkiezings foar de Twadde Keamer yn 1888 troch in suksesfolle listferbining fan de SDB en de ARP yn it kiesdristrikt Skoatterlan keazen, en dertroch waard Domela Nieuwenhuis it earste sosjalistyske keamerlid.

Der wie lykwols ien bestjoerlik probleem foar It Hearrenfean. Troch it plak run de grins fan de twa gemeenten; Aengwirden en Skoatterlan . Pas op 1 july 1934 waard ut stikken fan dizze twa gemeenten, en in stikje fan de gemeente Haskerlan , de gemeente It Hearrenfean foarme. It Hearrenfean waard it haadplak fan de nije gemeente. Fan 1965 oant 2003 hearde in grut stik fan Aldskoat under de namme It Hearrenfean-Sud by it plak It Hearrenfean.

Monumint foar de slachtoffers fan de Twadde Wraldkriich

Op 10 maaie 1940 foel Dutslan Nederlan binnen yn it ramt fan de Slach om Frankryk. It ferset yn it noarden wie net grut. Twa lynjen waarden gau ferslein, de O-lynje en de Q-lynje , dy’t bedoeld wienen om de noardlike provinsjes te beskermjen. Al nei twa dagen runen de Dutsers troch It Hearrenfean en Ljouwert. Yn 1944 waarden ferskate bern fan Amsterdamske fuotbalferienings nei It Hearrenfean ta stjoerd. De bern hienen it yn de hongerwinter gans better yn Fryslan. Hja krigen mear iten as dat se yn Amsterdam krije soenen en boppedat stie de 'utwiksel' yn it ramt fan fuotbal. [9] Yn de Twadde Wraldkriich waard Crackstate troch de Dutsers as finzenis brukt. Crackstate wie in plak der't finzenen hiel swier martele waarden. By de befrijing fan It Hearrenfean op 14 april 1945 kamen mear as 60 finzenen frij, de measten wienen slim tamtearre. De Feansters hawwe de finzenis sels op 14 april 1945 iepen makke, mar se wienen der net wis fan oft de Dutsers al of net fuort wienen. Ut it suden wei kamen letter dy dei de Kanadezen. [10] Yn in gefjocht by De Tynje wurdt fersetsstrider Sieger van der Laan troch in Dutser deasketten. [11] Itselde lot oerkomt Jan Harm Kruis dy dei by Haskerdiken .

Nei de Twadde Wraldkriich wreide It Hearrenfean him ut. It Hearrenfean westlik fan it spoar fan Swol nei Ljouwert (Nijehaske, De Greiden, De Heide) waard nei de Twadde Wraldkriich boud. Eastlik fan it spoar waard de Ikkers as folslein nije wenwyk yn de sechtiger jierren oanlein. In part fan de wenwyk Midden bestie al foar de Twadde Wraldkriich, mar it grutste part fan de wyk is nei de Twadde Wraldkriich boud. Mei Hearrenfean Noard lei de sitewaasje der itselde hinne. Thialf waard yn 1967 iepene as in iisstadion mei in butendoar keunstiisbaan. Yn 1986 waard de baan feroare yn in binnenbaan, de twadde yn de wrald, en de earste mei in frije kape. It wie op dat stuit de fluchste baan yn de wrald, mei yn it earste seizoen 10 wraldrekors. Oan it begjin fan de jierren ’90 waard dudlik dat it alde Sportpark Noard te lyts wie foar de ambysjes fan fuotbalklup SK It Hearrenfean . Der waard besletten om in nij stadion te bouwen oan de eastkant fan It Hearrenfean. Yn augustus 1994 waard de earste wedstryd yn it nije Abe Lenstra Stadion spile. Yn septimber 1999 waard de sneldyk A32 offisjeel iepensteld. [12]

Eastlik fan de A32 waard oan it begjin fan de 21e iuw begun mei de oanlis fan de wenwyk Skoatterwald . Yn 2006 waard Sportsted It Hearrenfean offisjeel iepene. [13]

Ferdivedaasje [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Museum Belvedere

It Posthus Teater is it iennichste teater op It Hearrenfean en omkriten. It teater hat sa'n 400 sitplakken. It Museum Belvedere yn it easten fan de wenwyk Skoatterwald is in museum foar moderne en hjoeddeiske keunst. De Rinkelbom yn wenwyk De Greiden is in muzyksintrum. It Selskip foar Fryske Taal en Skriftekennisse hat op It Hearrenfean de Fryske Krite 't Hearrenfean . De organisaasje fan De Rinkelbom wurket gear mei it Sintrum foar de Keunsten a7, dy't ek yn de Hearrenfeanske Skoalle fertsjintwurdige is. It Sintrum foar de Keunsten a7 undernimt ferskate aktiviteiten op it med fan teater, muzyk, duns, literatuer en byldzjende keunst. Oan it Boargemaster Kuperusplein is in bioskoop mei fjouwer sealen, oan itselde plein sit ek de iepenbiere bibleteek.

Yn de Hearrenfeanske Skoalle oan de eastkant fan it sintrum is under oaren it Museum Willem van Haren , in kultuerhistoarysk museum mei ferskate utstallings. Yn it museum is in makette fan It Hearrenfean yn it jier 1830 makke. It is de grutste stedsmakette fan Nederlan. [14] It Ferdinand Domela Nieuwenhuis Museum is underdiel fan it Museum Willem van Haren en is wijd oan Ferdinand Domela Nieuwenhuis , de earste sosjalist yn it Nederlanske parlemint. Oare brukers fan de Hearrenfeanske Skoalle binne Keunstromte It Hearrenfean en Kreaktiviteissintrum De Sirkel.

Eveneminten [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De woansdei foar Pinkster begjint de jierlikse merke op it Kuperusplein. De Twadde Pinksterdei is de leste dei fan de merke. Op de Twadde Pinksterdei wurdt ek de jierlikse Skoattermerk yn Aldskoat holden. De Skoattermerk bestiet al sunt de 15e iuw en is fanalds in hynstemerk. [15] Neist de hynstemerk bestiet de Skoattermerk hjoed-de-dei foar it grutste part ut diskes en feesttinten. Elke sneon wurdt op It Hearrenfean de wykmerk holden op it Gemeenteplein by de Lindegreft.

Bouwurken [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Oenemastate
Meniste Tsjerke
Heremastate
It Grutte Hus

It Hearrenfean hat 31 ryksmonuminten , werfan 3 stinzen . Crackstate is underdiel fan it hjoeddeistige gemeentehus fan de gemeente It Hearrenfean . De stins waard om 1599 hinne boud as Crack-zathe troch Hypolitus Crack, de grytman fan Aenjewier. Yn 1648-1649 liet grytman Johannes Crack de stins ofbrekke en boude der Crackstate mei syn ymposante gevel en klokkekoepel. De hjoeddeistige trouseal yn Crackstate is bewarre bleaun yn syn oarspronklike Renessanse-styl. In oare stins Oenemastate wie eartiids it gemeentehus fan Skoatterlan en It Hearrenfean. Op it plak fan Oenemastate hat mooglik it aldste hus fan It Hearrenfean stien. Om 1640 hinne waard de hjoeddeistige stins op dat plak boud en krige de namme Oenemastate. Yn 1876 waard Oenemastate oan de linkerkant utboud en krige in nije gevel. De tredde stins op It Hearrenfean is Herema State, boud yn 1832 as wenhus.

It 17e-iuwske Groote Huys oan it Breedpaad krige yn de 19e iuw de gevel dy't it hjoed-de-dei noch hat, yn de keuken fan it hus is in 18e-iuwsk tegeltablo dat makke is troch Tichelaars Ierdewurkfabryk yn Makkum. Nieuw Friesburg is om 1872 hinne boud troch Georg Wolfgang Franciscus Lycklama a Nijeholt. It gebou stie derfoar yn Aldeberkeap en waard stien foar stien ofbrutsen en op deselde manier wer opboud op It Hearrenfean. It earste Huize Voormeer waard nei alle gedachten om it jier 1650 hinne boud. It gebou waard yn 1753 sloopt en der waard in nij hus delset. De gevel dy't it hus hjoed-de-dei noch hat is ut it jier 1846. It hjoeddeistige Posthus is fan 1885 en waard yn 1966 troch de gemeente kocht. Yn 1983 waard it Posthus Teater iepene. De notmole Welgelegen ut 1849 is de leste mole dy't oerbleaun is, eartiids hie It Hearrenfean 14 moles.

De Meniste Tsjerke ut 1762 is de aldste tsjerke dy't hjoed-de-dei noch oerein stiet. Yn 1812 waard it ynterieur fan de sealtsjerke feroare en krige twa wapenstiennen yn 1838. De sawat 50 meter hege Hillige Geasttsjerke ut 1933 hat krekt as de Meniste Tsjerke de status fan ryksmonumint. It oargel fan de tsjerke (Adema-oargel), oernommen ut de eardere roomske tsjerke oan it gemeenteplein, komt ut it jier 1867.

Oant yn de jierren 80 fan de foarrige iuw stie der yn it sintrum in wettertoer . De 17e-iuwske Skoatterlanske Krustsjerke yn it sintrum waard yn 1969 sljochte. Ek it alde stasjonsgebou ut 1868 stiet net mear oerein. Yn 1984 is it nije stasjonsgebou iepene. [16] De heechste gebouwen yn It Hearrenfean binne de trije Muntflats: Lansicht, Romsicht en Heechsicht. De bouwurken binne 15 ferdjippings heech en begjin jierren 70 boud.

Parken [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Rekreaasjegebiet De Heide

De Heide is it rekreaasjegebiet fan It Hearrenfean der't de minsken swimme, fiskje en kuierje kinne. De Heide is yn de tachtiger jierren untstien nei jierren fan sanofgravings. Yn de wenwyk Ten Woude, eastlik fan wenwyk de Ikkers, leit it park Ten Woude mei in lyts dierepark. Yn it noarden fan It Hearrenfean foarmet it Hepkema's Bosk mear in echte bosk as in part. De tunen oan de Kennedyleane en Europaleane mei in langte fan 1 kilometer binne ein jierren sechtich en begjin jierren santich troch Louis le Roy oanlein. Yn de santiger jierren kamen tuzenen minsken nei de tunen sjen. [17] [18] Oan de strjitte Efter de Tsjerke waard yn juny 2009 it Amelius van Oenemapark iepene. Yn it park binne de funeminten fan de Nederlanske Herfoarme Krustsjerke restaurearre, dy't yn 1969 ofbrutsen wie. Krekt buten It Hearrenfean leit it Parkgebiet It Oranjewald mei de Oertun

Monuminten (tinktekens) [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Kriichsmonuminten binne it Oarlochsmonumint It Hearrenfean (27 slachtoffers Twadde Wraldkriich) en it Nederlansk-Ynje monumint

Sport [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Thialf

Mei It Hearrenfean Sportsted wurdt bedoeld dat It Hearrenfean bekend stiet as in plak dat op sportgebiet in soad te bieden hat. Der is ek de oantsjutting Sportsted It Hearrenfean , dat brukt wurdt foar de lokaasje om it fuotbalstadion. Yn 2007 waard sportkompleks (swimbad) De Telle sloopt. It nije swimbad is underdiel fan Sportsted Hearrenfean. By it SKS Skutsjesilen is it Feanster skutsje Gerben van Manen 16 kear (stan 2008) kampioen west.

De grutste sportfasiliteiten fan It Hearrenfean binne:

Abe Lenstra Stadion

Sportkompleksen op It Hearrenfean binne:

Befolking [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De ynwenners fan It Hearrenfean wurde ornaris Feansters neamd. De talen dy't op It Hearrenfean praat wurde binne Frysk en Nederlansk . Ut en troch ferskine der stikken oer it Feanstersk (ek wol Feensters ), dat in dialekt fan it Stedsfrysk weze soe.

Befolkingsuntjouwing [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Fan 2000 oant en mei 2012 groeide it ynwennertal fan gemeente It Hearrenfean mei 7,6 persint en hie dermei de heechste befolkingsgroei fan de provinsje Fryslan . [20] Yn dy tiid waarden de measte huzen fan de wenwyk Skoatterwald oplevere.

Befolkingsuntjouwing fan It Hearrenfean:

Religy [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Heilige Geest Kerk Heerenveen 02.JPG
Joadsk begraafplak yn It Oranjewald

Oare tsjerken op It Hearrenfean binne de Fonteintsjerke (Midden), Kristengemeente De Weg (Ikkers), Pinkstergemeente Philadelphia (Noard, oan de sintrumkant), Frije Baptistegemeente Elim (Sintrum), Baptisten Gemeente It Hearrenfean (Noard).

Yn 1819 waard oan de Hearewal in synagoge boud. Yn 1899 wie de Joadske mienskip yn It Hearrenfean op syn hichtepunt mei 71 leden. Yn 1933 gie de Joadske gemeente fan It Hearrenfean gear mei dy fan Snits. Yn itselde jier waard de synagoge op It Hearrenfean ofbrutsen. Yn de maitiid fan it jier 2000 wie op It Hearrenfean de oprjochting fan de Liberaal Joadske Gemeente foar Noard-Nederlan Beth Hatsafon , in gemeente mei 36 leden. [21]

De Jehova's Tsjugen hawwe in gebou op De Greiden.

De Turkske moskee op It Hearrenfean stiet oan de Hesselstrjitte yn it noardwesten fan de wyk Midden. De Marrokaanske moskee sil boud wurde oan de Amelanleane. [22]

Op It Hearrenfean binne trije loges fan de frijmitselderij:

  • Op It Hearrenfean wie sunt 5 oktober 1911 in frijmitselersloge festige under de namme KenUzelven . Yn it ferline wie Johan Winkler Prins ien fan de leden. De frijmitselers kamen gear yn it kafee Paul Kruger. Letter krige de loge in eigen gebou. It gebou waard om hege underhaldskosten ferkocht. De leden komme no gear yn in logegebou yn Hoarnstersweach .
  • De Iris Rebekkah Loge Nr 21 .
  • De Johan Willem Friso Loge Nr 61 .

Ekonomy & ynfrastruktuer [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Sikehus De Tsjongerskans is de grutste wurkjouwer op It Hearrenfean

Bekende bedriuwen yn It Hearrenfean binne: Batavus , Koga-Miyata , Jongbloed en VDL Berkhof ( Hainje ). De grutste wurkjouwer fan It Hearrenfean en de omkriten is it sikehus De Tsjongerskans. [23] De measte yndustry fan It Hearrenfean sit oan de sneldyk A7, de saneamde A7-sone. In protte bedriuwen yn de tsjinstferlienende sektor sitte yn it stadiongebiet (Abe Lenstra Stadion), it stasjonsgebiet en oan de eastlike K.R. Poststrjitte, justjes noardlik fan it fuortbalstadion.

It persintaazje wurkleazen leit om de 5,9 persint (2009/10). [24]

Winkelgebiet

It Hearrenfean hat ferskate winkelstrjitten lykas de Dracht, Sievertstrjitte, Lindegreft, Pleinwei, Minckelerstrjitte, Fleismerke. Sneon is der merk yn de Sieverstrjitte en it Gemeenteplein.

Parkearplakken binne der oan it Moleplein (160 parkearplakken), Boargemaster Kuperusplein (280), Gashaldersplein (180), Ernst van Harenplein (80). Oan de tsjerkestrjitte yn it sintrum leit de undergrunske parkeargaraazje Geerts Willigen mei twa ferdjippings en 325 parkearplakken. Yn it sintrum fan It Hearrenfean wurdt sunt 1999 betelle om parkearje te meien.

Ynstansjes [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Kantongerjocht It Hearrenfean
De Wikipedy hat ek in side It Hearrenfean (gemeente) .

It Hearrenfean is it haadplak fan de gemeente It Hearrenfean en foar de minsken ut de omkriten hat It Hearrenfean in sintrumfunksje. It gemeentehus stiet oan de Crackstrjitte en is ferbun mei Crackstate. De branwacht fan It Hearrenfean sit oan It Hege Stik (Ikkers, oan de kant fan de Rottumerwei). It plysjeburo sit oan de Atalantastrjitte, tusken it sintrum en it Abe Lenstra Stadion yn. Oan de Weegbree op De Greiden sit in stipepunt fan de plysje. Oan de Thorbeckestrjitte is it kantongerjocht festige. Oan de trambaan sit in regionaal belestingkantoar.

Underwiis [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Skoallen mei iepenbier basisunderwiis binne: De Kommanderije, Ekke de Haan, De Letterbeam, De Ljepper, Van Kleffensschool, Van Maasdijkskoalle. Kristlike basisskoallen binne: De Akker, De Burcht, De Hoekstien, It Kompas, De Roergonger.

De Meester Duisterhoutschool is in iepenbiere skoalle foar spesjaal underwiis foar bern dy't grutte swierrichheden mei it learen hawwe en foar bern mei in (geastlike) handicap. De skoalle hat twa lokaasjes op It Hearrenfean (Gooilandleane en Engelsmanstrjitte) en ien yn Easterwalde .

Fan VMBO oant en mei gymnasium wurde alle farianten fan it fuortset underwiis op It Hearrenfean oanbean. It Bornego Kolleezje is in kristlike skoalle foar VMBO, HAVO, Ateneum en Gymnasium mei lokaasjes oan de Kingwei (De Greiden) en oan de Boargemaster Falkenawei (Hearrenfean-Midden). De OSG Sevenwolden hat ferskate lokaasjes op It Hearrenfean. De Skoallemienskip foar beropstariedend Underwiis (SBO) en de OSG Sevenwolden hawwe begjin 2009 it VMBO-plein oan de Kingwei (oan de krusing mei de Rottumerwei) iepene.

It Fryslan Kolleezje jout ferskate MBU-opliedingen lykas it CIOS en in oplieding foar ferfier en logistyk.

Sportsted It Hearrenfean is ien fan de fjouwer plakken yn Nederlan mei in Sintrum foar Topsport en Underwiis [25]

Media [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Op It Hearrenfean wurde twa provinsjale deibleden besoarge; it Frysk Deibled en de Ljouwerter Krante . De Hearrenfeanske Krante en De Koerier ferskine ien kear yn 'e wike, derneist wurde alle wiken noch in stik as wat oare kranten ferspraat op It Hearrenfean. Omrop Fryslan is de regionale radio- en TV-stjoerder.

Ferkear en Ferfier [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De A32 by It Hearrenfean is in wichtige noard-sud ferbining.
Stasjon It Hearrenfean
De Jousterbrege oer it Nije Hearrenfeaster Kanaal hinne.

Auto [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Yn it noardeastlike stedsgebiet komme twa sneldiken by elkoar by knooppunt It Hearrenfean , sunt it jier 2000 in klaverbled fan de sneldiken A7 ( De Jouwer - Grins ) en A32 ( Ljouwert - Swol ). It Hearrenfean hat ien ferbining mei de A7 en trije ferbiningen mei de A32. De ferbining mei de A7 is ofrit 26 Hearrenfean-west (allinnich foar ferkear fan Grins nei De Jouwer). De ferbiningen mei de A32 binne de ofritten 10 Hearrenfean-Sud , 11 Hearrenfean-Oranjewald en 12 Hearrenfean-sintrum . Yn de jierren njoggentich waard de alde Rykswei 32 in sneldyk, de A32 waard yn it jier 1999 iepensteld.

Ut it westen wei is de N924 ut Dolsterhuzen en Rottum mei It Hearrenfean ferbun. Ut it easten komt de N380 ut Donkerbroek en Nijhoarne . Der is ien undergrunske parkeargaraazje oan de noardkant fan it sintrum mei twa ferdjippingen en 325 parkearplakken. De automaat fan dy garaazje reagearret yn skreaun Frysk. Oare parkeargelegenheden yn en om it sintrum hinne binne de ferskillende parkearterreinen.

Trein [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

It Hearrenfean leit oan it spoar fan Swol nei Ljouwert . Foar it deistige treinferkear wurdt stasjon It Hearrenfean brukt as halte. By dat stasjon stopje sawol de intercity's as stoptreinen fan de NS . Inkeld by grutte eveneminten yn Thialf wurdt stasjon It Hearrenfean Iisstadion brukt. It spoar fan Swol nei Ljouwert wurdt neist persoaneferfier ek brukt foar frachttreinen.

Skipfeart [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Foar de skipfeart hat It Hearrenfean in ferskaat oan kanalen. Oan de (noard-)westkant fan It Hearrenfean leit it Nije Hearrenfeanster Kanaal dat nei it suden ta oergiet yn de Engelenfeart (allinnich plezierfeart) en uteinlik yn ferbining stiet mei de Tsjonger . Yn it noarden fan it stedsgebiet leit oan it Nije Hearrenfeanster Kanaal in lytse yndustryhaven en in jachthaven, beide binne se underdiel fan yndustryterrein It Kanaal.

Yn it sintrum fan It Hearrenfean komme Feanskieding en de Hearresleat by elkoar. De Feanskieding stiet yn direkte ferbining mei it Nije Hearrenfeanster Kanaal en de Engelenfeart, de Hearresleat slut noardlik fan it stedsgebiet oan op it Nije Hearrenfeanster Kanaal. Noardlik fan de A7 lizze oan de Hearresleat en ferskate jachthavens.

Bus [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Oan de sudeastkant fan treinstasjon It Hearrenfean leit it busstasjon. Op dit stuit wurde de ferskate bustsjinsten riden troch QBuzz en Arriva .

Fyts [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Troch It Hearrenfean hinne lizze twa ferskillende lange fytsrutes (LF-rutes). LF3 is de Reidlanrute mei in ofstan fan 145 kilometer dy't begjint yn Kampen en einiget op It Amelan. De LF20 is de Flevorute mei in ofstan fan 250 kilometer dy't begjint yn Haarlim en einiget yn de sted Grins. It Japikspaad is sawol in fyts- as kuierrute dy't fan Sint Jabik oer It Hearrenfean nei Hasselt ta rint.

Bekende Feansters [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Plaknamboerd
Posthus Teater

Sjoch ek: List fan Hearrenfeansters

Partnersted [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Panorama [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Sjoch ek [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:


Commons  Commons: It Hearrenfean  ? foto, fideo en harktriemmen


 
Wenwiken fan It Hearrenfean

De Heide  | De Greiden  | De Ikkers  | Hearrenfean-Midden  | Hearrenfean-Noard  | Nijehaske  | Skoatterwald

Oanswettende buorskippen & doarpen
Aldskoat (1965-2003 Hearrenfean-Sud) | It Mar  | It Oranjewald  | Nijskoat

It Hearrenfean
Doarpen en utbuorrens :
Aldeboarn ? Aldhoarne ? Aldskoat ? Akkrum ? Bontebok ? Gersleat ? Haskerdiken ? Hoarnstersweach ? It Hearrenfean ? Jobbegea ? Ketlik ? De Knipe ? Lunbert ? Mildaam ? Nes ? Nijbrege ? Nijhoarne ? Nijskoat ? Oranjewald ? Terbant ? Tsjalbert
Buorskippen :
Aldskou ? Annebuorren ? Brongergea ? Burstum ? Easterboarn ? Jinshuzen ? Meskenwier ? Pean ? Poppenhuzen ? Jobbegea-Skuorregea ? Soarremoarre ? Spitsendyk ? Sythuzen ? Warniahuzen
wizigje