Haskerdiken

Ut Wikipedy
Haskerdiken
Ryksstrjitwei
Ryksstrjitwei
Polityk
Lan flagge fan Nederlân Nederlan
Provinsje Fryslan
Gemeente It Hearrenfean
Sifers
Ynwennertal 375 ( 1 jannewaris 2023 ) [1]
Oerflak 7,81 km², werfan
- lan: 7,35 km²
- wetter 0,46 km²
Befolkingsticht. 53 ynw./km²
Oar
Tiidsone UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koordinaten 52° 59' N 5° 52' E
Offisjele webside
FB-side Hakserdiken en Nijbrege
Side Haskerdiken-Nijbrege (wurdt net byholden)
Kaart
Haskerdiken (Fryslân)
Haskerdiken

Haskerdiken is in doarp oan it Hearrenfeanster Kanaal yn de gemeente It Hearrenfean . It noardlike diel fan de fersprate lintbebouwing wurdt Krom Haskerdiken neamd. Under Haskerdiken falt ek de buorskippen Sythuzen en Spitsendyk . Haskerdiken foarmet mei it jongere Nijbrege in twillingdoarp .

It doarp hat 375 ( 1 jannewaris 2023 ) [2] ynwenners.

Skiednis [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Kleasterkapel (18e iuw)

De namme waard yn it ferline ek neamd as 'tho da Dijcken' (1465), 'to Hasche dykem' (1473), 'in Hasscher dyken' (1489), 'in Hasscha dyken' en Hasker dycken (1496).

Op it plak wenne yn 'e 13e iuw de Norbertynske hearemyt Dodo , dy't ferstoar nei't yn 1231 syn klinte of kapel ynstoartte en hy under it pun bedobbe waard. By it finen fan syn lichem waarden de tekens fan stigmata untdutsen en fuort dernei waard op it plak troch de muontsen Sirikus en Sifridus mei in pear leken it Hasker Konvint (ek it kleaster fan Marije's Roazedelling) stifte, dat de rigel fan Augustinus folge. Oer de funeminten fan de kapel waard in kleastertsjerke boud, dy't tagelyk ek in parochytsjerke wie. Ynearsten wie it in dubelkleaster , mar doe't it kleaster him yn 1466 by de kongregaasje fan Windesheim oanslette wie it al in manljuskleaster. De muontsen dienen oan it oanmeitsjen fan it unlan en leinen diken oan, mar der wie ek in hospitaal. Tusken 1576 en 1579 waard it kleaster ferneatige. De kleastertsjerke bleau lykwols yn gebruk as protestantske tsjerke, dy't yn 1817 ferfongen waard troch de hjoeddeiske tsjerke fan Haskerdiken. [3] [4]

Yn de 19e iuw waard besuden it doarp in nije brege boud; der untstie it doarp Nijbrege , dat mei Haskerdiken in twillingdoarp foarmet. Oant de gemeentlike weryndieling op 1 jannewaris 1984 hearde Haskerdiken by de gemeente Haskerlan, wylst Nijbrege ta de gemeente It Hearrenfean rekkene waard. Dernei hearde Haskerdiken by de gemeente Skarsterlan en mei't yn 2014 de gemeente Skarsterlan opheft waard, waard ek Haskerdiken by de gemeente It Hearrenfean yndield.

Oant 1954 waard ek de hjoed-de-dei by Vegelinsoard yndielde buorskip Twahus ta de himrik fan Haskerdiken rekke.

Sunt 2012 makket it Dodopaad diel ut fan it Jabikspaad , in diel fan de pylgersrute fan Sint-Jabik nei Santiago de Compostella .

Mienskip [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Sunt 1983 spilet ' It Deelshus ', it mienskiplike doarpshus fan Haskerdiken en Nijbrege, in sintrale rol yn it ferieningslibben fan it doarp. Yn 'e jierren 2010-2011 waard it doarpshus ferboud en modernisearre. Haskerdiken en Nijbrege hawwe sunt 1900 in mienskiplik Pleatslik Belang . "De Brege" is de doarpskrante fan it twillingdoarp. Frijwilligers hawwe yn 1992 de organisaasje Doarpshelp oprjochte, dy't him ynearsten op de alderein rjochte mar hjoeddedei syn tsjinsten oan it hiele doarp oanbiedt. Doel fan de organisaasje is it behald fan de leefberens yn it doarp foar elkenien.

Tsjerke [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De kapel fan Haskerdiken
De Wikipedy hat ek in side Kapel fan Haskerdiken .

Haskerdiken is oansletten by de PKN-gemeente It Hearrenfean . Alle moannen wurdt der in tsjinst fierd yn de tsjerke fan Haskerdiken.

Skoalle [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Oant 2016 wie 'It Fiifde Ste' de iepenbiere basisskoalle fan it doarp. De bern kamen fral ut Haskerdiken en Nijbrege, mar ek ut de himrikken fan oanbuorjende plakken. De basisskoalle waard fanwegen it lytse tal bern sletten.

Doarpsstrjitte

Ferienings [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

( De list is yn 2023 bywurke mei help fan de hiemside fan Haskerdiken-Nijbrege. Sjoch foar de meast aktuele ynformaasje oer ferienings op dy hiemside )

Pleats Kapellewei

Befolkingsferrin [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Jier 1840 2013 2015 2020
Ynwenners 304 400 395 395

( Boarnen: 1840: Plaatsengids; 2009: 2015 en 2020: Alle Cijfers )

Strjitten [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Sjoch: strjitten yn Haskerdiken mei ferklearring fan de nammen.

Sjoch ek [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

It Hearrenfean
Doarpen en utbuorrens :
Aldeboarn ? Aldhoarne ? Aldskoat ? Akkrum ? Bontebok ? Gersleat ? Haskerdiken ? Hoarnstersweach ? It Hearrenfean ? Jobbegea ? Ketlik ? De Knipe ? Lunbert ? Mildaam ? Nes ? Nijbrege ? Nijhoarne ? Nijskoat ? Oranjewald ? Terbant ? Tsjalbert
Buorskippen :
Aldskou ? Annebuorren ? Brongergea ? Burstum ? Easterboarn ? Jinshuzen ? Meskenwier ? Pean ? Poppenhuzen ? Jobbegea-Skuorregea ? Soarremoarre ? Spitsendyk ? Sythuzen ? Warniahuzen
wizigje