한국   대만   중국   일본 
Holokaust - Wikipedy Springe nei ynhald

Holokaust

Ut Wikipedy
It haadgebou fan ferneatigingskamp Auschwitz
Kaart mei kampen, getto's en transportrutes
Getto's yn Jeropa

De Holokaust (oflaat fan it Grykske ?λ?καυστον holokauston , 'folslein ferbaarnd') of Shoah (ek Shoa of Sjoa ; Hebriuwsk : ???? Ha-Shoah , "katastrofe") is in begryp dat brukt wurdt foar de genoside op 'e likernoch seis miljoen Jeropeeske Joaden dy't yn de Twadde Wraldkriich ombrocht binne, troch it stribjen fan de nazys om harren as etnyske groep ut te rugjen. It beslut ta de saneamde Endlosing ("einoplossing") fan wat de nazys as it "Joadske probleem" seagen, waard nommen op de Wannseekonferinsje yn 1942 . Ek oare groepen, lykas de Roma (Sigeuners), leden fan Slavyske folken , homo's , Jehova's Tsjugen , frijmitselders , geastlik beheinden , lichaamlik beheinden en politike tsjinstanners fan de nazys waarden systematysk utruge, mar de moard op dy groepen wurdt strikt nommen net ta de Holokaust rekkene.

Skaaimerken [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Kampen [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Hongaarske joaden op it seleksjeperron fan Auschwitz, maaie 1944

Foar de Endlosung der Judenfrage wie it fan belang en meitsje in systeem.

Konsintraasjekamp [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Sa't de namme it oantsjut wie in konsintraasjekamp (of wurkkamp) in plak der't tsjinstanners byelkoar brocht waarden, yn dit gefal fral Joaden. Fan dere waarden de finzenen mooglik nei ferneatigingskampen ferfierd. In oare mooglikheid wie it bruken fan finzenen as arbeiders.

Ferneatigingskamp [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Yn in ferneatigingskamp waarden de finzenen dy't net sun genoch wienen om te wurkjen mei gas fermoarde. In stikmannich fan dy finzenen waarden ek brukt as arbeiders om it swiere wurk foar de nazysoldaten te dwaan. By eintsjebeslut soene hja ek deadien wurde. De ferneatigingskampen wienen meast yn Poalen :

Medyske eksperiminten [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

In oar skaaimerk wie it bruken fan minsken foar medyske eksperiminten. Dutske dokters dienen sokke eksperiminten yn de kampen fan Auschwitz, Dachau , Buchenwald , Ravensbruck , Sachsenhausen en Natzweiler .

Meast ferneamd is de dokter Josef Mengele , dy't yn Auschwitz wurke. Syn part fan it spultsje wie it testen fan minsken yn drukkeamers, testen fan drugs, minsken ynfrieze, mei gemysk guod de eachklear fan bern besykje te feroarjen, amputaasjes en oare ferskriklike undersiken.

Sigeunerbern yn Auschwitz, ek slachtoffer fan de medyske eksperiminten

Wat er noch mear dien hat is net bekend omdat gans papieren mei gegevens troch Dr. Otmar von Verschuer fan it Keizer Wilhelm Ynstitut ferneatige binne. Minsken dy't in undersyk fan Mengele oerlibbe hienen waarden deadien.

Hy wurke meast mei Sigeunerbern. Hy soe har snuobbersguod en boartersguod jaan, en persoanlik nei de gaskeamer liede. Hja neamden him Omke Mengele . Vera Alexander wie in Joadin dy't yn Auschwitz finzen wie en naam 50 bern foar har noed:

Ik tink noch oan ien twilling yn it bysunder: Guido en Ina fan fjouwer jier. Op in dei naam Mengele se mei. Doe't se weromkamen, wienen de bern striemin yn steat: hja hienen har mei de rech oan mekoar naaid, lykas in Siameaske twilling. De wunen wienen ynfektearre en der kaam dracht ut. Hja skriemden dagenlang. Doe regelden de alden?ik wit noch dat harren mem fan Stella hite?wat morfine en hja fermoarde de bern om har te ferlossen fan de pine.." [1]

Getto [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Wilens de Twadde Wraldkriich waarden der getto 's makke troch de nazys om Joaden en Sigeuners yn op te sluten. In getto is in buert yn in sted mei muorren deromhinne, der't in soad Joaden byinoar wenje moasten. It begryp getto wurdt meast brukt, mar eartiids tsjutten de nazys it oan as 'Judischer Wohnberzirk' of 'Wohngebiet der Juden', it kin beide oerset wurde as Joadsk Wengebiet .

De nazys sette yn 1939 utein mei it ferfieren fan Poalske Joaden nei de ornearre buerten yn de Poalske steden. De earste grutte getto, dy fan Piotrkow Trybunalski , wie yn oktober 1939 ree. Om in getto hinne stiene muorren, eltse Joad dy't utnaaie woe waard deasketten. It Getto fan Warsjau wie it grutste getto, der hawwe 380.000 minsken yn opsletten sitten.

Fryslan en har ynwenners wilens de Holokaust [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Fan de 852 Fryske Joaden oerlibje mar 235. It meastepart wenne yn Ljouwert . Der ha ek lytsere Joadske mienskippen yn Harns , Gordyk , Snits , Drachten en yn de Lemmer west. [2] .

Referinsjes [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

  1. Berenbaum, Michael. The World Must Know , United States Holocaust Memorial Museum, side 194?195.
  2. Kooistra, J. Een Laatste Saluut - Fryslan in de oorlog side 24 (Ljouwert 2005)
Holokaustmonumint yn Berlyn

Keppeling om utens [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]