Guido Gortzen

Ut Wikipedy
Guido Gortzen
sporter
persoanlike bysunderheden
bertedatum 9 novimber 1970
berteplak Heerlen
lingte 2,02 m
sportive ynformaasje
sport Follybal
O.S. 1996, 2000, 2004
wichtige prestaasjes
Olympyske Spullen 1996

EK 1997

Guido Gortzen ( Heerlen , 9 novimber 1970 ) is in eardere Nederlanske follyballer . Hy spile 425 ynterlannen foar de Nederlanske ploech . Hy die trijeris mei oan de Olympyske Spullen en wun derby ien medalje.

Biografy [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Gortzen beheart ta de gouden generaasje dy't yn 1996 Olympysk kampioen waard yn Atlanta , de ploech fersloech Itaalje doe yn de finale mei 3-2. Op dy Simmerspullen makke Gortzen syn Olympysk debut. Yn 2000 waard er by de Simmerspullen yn Sydney mei de Nederlanske ploech fiifde en fjouwer jier letter, yn 2004 wie er lid fan de ploech dat op de Simmerspullen yn Atene njoggende waard.

Yn 1997 helle er mei de Nederlanske ploech de Europeeske titel .

De kwalifikaasje foar de Simmerspullen 2008 yn Peking waard krekt mist. Yn it Olympysk kwalifikaasjetoernaoi yn Turkije waard Nederlan foar pleatsling utskeakele troch Servje . Dat wie fuortdaliks de leste wedstriid fan Gortzen.

Neist syn wedstriden foar Oranje spile er alve jier foar Italjaanske topklups as MoMontechiari , Osaka , Modena en Perugia . Dernei soe hy foar in protte jild spilje foar it Russyske Iskra Volley ut Odintsovo. Dernei kearde hy yn 2006 werom nei Nederlan en spile er foar Nesselande mei as grutte doel om by de Oranje- en Nesselande-trener Peter Blange yn byld te kommen foar Oranje, dat him kwalifisearje woe foar Peking. Derneist halde er him lykwols ek dwaande mei in bestean as saakwaarnimmer fan ferskate spilers fan Nesselande, eat dat gjin goedkarring hie fan trener Peter Blange. Dertroch moast er nei ien jier al ofskie nimme by Nesselande. Hy soe dernei yn 2007 yn de Dutske Bundesliga spilje by Moerser SC , der't hy it fjirde plak mei helle. Der sleat er, nei de utskeakeling fan de Nederlanske ploech foar Peking, syn karriere as profesjoneel follyballer of.

Op it stuit hat er in bedriuw yn sportmanagement dat spesialisearre is yn begelieding fan sporters.

Clubs [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

lan club perioade
flagge fan Nederlân Nederlan VCL Geevers earder
flagge fan Nederlân Nederlan Nashua Geldrop oant 1992
flagge fan Nederlân Nederlan VCN Capeller 1992-1995
flagge fan Itaalje Itaalje Gabeca Pallavolo Spa 1995-1997
flagge fan Japan Japan Panasonic Panthers 1997-2000
flagge fan Itaalje Itaalje Pallavolo Modena 2000-2002
flagge fan Itaalje Itaalje Perugia Volley 2002-2004
flagge fan Ruslân Ruslan Iskra Odincowo 2004-2006
flagge fan Nederlân Nederlan Ortec Nesselande Rotterdam 2006-2008

Sjoch ek [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Keppeling om utens [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: