한국   대만   중국   일본 
Green Book (film) - Wikipedy Springe nei ynhald

Green Book (film)

Ut Wikipedy
Green Book
film
( Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy )
makkers
regisseur Peter Farrelly
produsint Jim Burke
Brian Hayes Currie
Peter Farrelly
Nick Vallelonga
Charles B. Wessler
senario Nick Vallelonga
Brian Hayes Currie
Peter Farrelly
kamerarezjy Sean Porter
muzyk Kris Bowers
filmstudio Participant Media
DreamWorks Pictures
Reliance Entertainment
Innisfree Pictures
Cinetic Media
Alibaba Pictures
distribusje Universal Pictures
spilers
haadrollen Viggo Mortensen
Mahershala Ali
byrollen Linda Cardellini
Sebastian Maniscalco
Dimiter D. Marinov
Mike Hatton
skaaimerken
lan/lannen Feriene Steaten
Sina
premiere 11 novimber 2018 ( TIFF )
foarm langspylfilm
sjenre histoaryske biografyske
    komeedzjedramafilm
taal Ingelsk (ek wat Italjaansk )
spyltiid 130 minuten
budget en resultaten
budget $23 miljoen
opbringst $321,8 miljoen
prizen Oscar
Golden Globe
SAG Award
BAFTA

Green Book is in Amerikaansk - Sineeske histoaryske biografyske komeedzjedramafilm en roadmovie ut 2018 under rezjy fan Peter Farrelly , mei yn 'e haadrollen Viggo Mortensen en Mahershala Ali . De titel betsjut "Grien Boek" en ferwiist nei The Negro Motorist Green-Book , in reisgids dy't tusken 1936 en 1966 utbrocht waard foar swarten dy't troch it segregearre Amerikaanske Suden reizgen . It ferhaal , dat ynspirearre is troch wiere foarfallen, giet oer de New Yorkske utsmiter fan Italjaansk komof Frank Vallelonga , byneamd "Tony Lip". Dyselde wurdt yn 1962 ynhierd as sjauffeur en liifwacht fan 'e Afro-Amerikaanske pianist Don Shirley , as dy op toernee giet troch it Suden fan 'e Feriene Steaten. Green Book waard foar it earst fertoand op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Toronto en krige fan 'e filmkritisy oer it algemien loovjende resinsjes . De film wun trije Oscars (werunder de Oscar foar Beste Film ), trije Golden Globes (werunder de Golden Globe foar Beste Film ? Musical of Komeedzje ), in Screen Actors Guild Award en in BAFTA . Yn 'e bioskopen wie Green Book ek kommersjeel tige suksesfol.

Plot [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Yn it New York fan 1962 siket utsmiter Frank Vallelonga , byneamd "Tony Lip", nei tydlik wurk om himsels, syn frou Dolores en syn soannen Nick en Frank jr. itende te halden, mei't syn nachtklub , de Copacabana , in fearnsjier ticht giet foar renovaasjes . Hy wurdt utnuge foar in sollisitaasjepetear by in dokter Don Shirley , dy't lykwols gjin geneskundich dokter , mar in doktor yn 'e musikology blykt te wezen. Don is in briljante negroide pianist en in muzikaal wunderbern , dy't op syn sechsde al konserten joech. Syn talint hat him gjin wynaaien lein, en hy is smoarryk . Mei de blanke sellist Oleg en kontrabassist George foarmet er it Don Shirley Trio, wermei't er fan doel is op in acht wiken duorjend toernee te gean troch it Amerikaanske Midwesten en it Amerikaanske Suden . Derfoar siket er in sjauffeur en assistint. It oaninoar keppeljen fan Tony en Don is foar net ien fan beiden botte oanloklik. De rasistyske Tony hat neat op mei swarten, mar hy hat ferlet fan ynkommen . Don is net under de yndruk fan Tony syn persoanlikheid , mar beslut him yn te hieren op basis fan 'e goede referinsjes dy't er oer him krigen hat. Hy komt lykwols pas ta syn beslut nei't er, ta Tony syn ferheardens , Dolores opskille hat om te freegjen oft sy it wol goed fynt dat er har man acht wiken lang meinimt op 'en paad.

Se sette ein oktober tegearre yn in troch Don syn platemaatskippij oanlevere auto of ut New York, wylst Oleg en George yn in eigen auto reizgje. It plan is om op krystjun wer thus te kommen. Fan 'e platemaatskippij hat Tony wegekaarten krigen en teffens in eksimplaar fan The Negro Motorist Green-Book , in reisgids oer it segregearre Amerikaanske Suden, der't alle motels , restaurants , garaazjes en benzinestasjons yn opnommen binne der't swarten wolkom binne. It toernee begjint yn Pittsburgh , yn it westen fan 'e steat New York , en folget dan in rute troch Ohio , Indiana , Illinois en Iowa foar't der ofbugd wurdt nei it Suden, wernei't de reis troch Kentucky , Noard-Karolina , Georgia , Tennessee , Arkansas , Louisiana , en Mississippy giet, om te einigjen yn Alabama .

Underweis botse Tony en Don op 'e earste dei al, en dat boazet geandewei de reis troch it Midwesten allinne mar fierder oan. Don, dy't wat in arrogante snob is, giet omreden fan syn maatskiplik sukses mei de heechste Amerikaanske fermiddens om; sa hat er ferskate kearen in optreden fersoarge yn it Wite Hus foar presidint John F. Kennedy . Hoewol't er fan ienfaldich komof is, hat er him der troch syn muzikaal talint as jong bern al oan untwraksele en hat er der amper noch oantinkens oan. Hy is in deftige hear mei in ferfine smaak , dy't frijwol gjin bining hat mei de Afro-Amerikaanske kultuer . Tony, oan 'e oare kant, is in folkske keardel fan etnysk Italjaansk komof , dy't seit wer't it op stiet en der net foar tebekskrillet om geweld te bruken as er dat nedich achtet. Hy hat der gjin nocht oan wannear't Don syn dwaan en litten bekritisearret , wylst Don untefreden is oer Tony syn faak unfatsoenlike halden en dragen .

Tink derom: Yn de tekst hjirunder wurdt de ofrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net leze.

Op it toernee troch it Midwesten rekket Tony oprjocht under de yndruk fan Don syn talint foar pianospyljen . Ek begjint er te beseffen hoe'n iensum bestean Don liedt, mei't er net tusken de gewoane Afro-Amerikanen past, mar omreden fan syn hudskleur ek net akseptearre wurdt troch oare leden fan syn eigen maatskiplike klasse . Neigeraden dat de reis foarderet en se inoar better kennen leare, fine de beide mannen in soarte fan rutine der't se allebeide mei libje kinne. Tony besiket Don yn 'e kunde te bringen mei syn eigen Afro-Amerikaansk erfskip, lykas frituerde hin en de muzyk fan u.o. Little Richard en Ella Fitzgerald . Oarsom biedt Don oan om Tony te helpen mei de brieven dy't er oan Dolores stjoert. Yn 't earstoan hawwe dy in ynhald yn 'e trant fan "Hoe giet it mei dy? Mei my giet it goed." Nei't Don him dermei bemuoit en de tekst diktearret, skriuwt Tony ynienen yn romantyske fiergesichten dy't er ferliket mei de kwaliteiten fan syn frou, wylst er har syn ivige leafde beswart. Dolores springe de triennen yn 'e eagen as se dy brieven lest, en se hellet har freondinnen derby om se foar te lezen, wernei't dy ek sokke brieven fan harren respektivelike mannen easkje.

Wannear't it toernee it Amerikaanske Suden yn giet, rekket Tony almar mear untset oer de diskriminearjende behanneling dy't Don untfangt fan syn gasthearen en willekeurige blanken as er net op it poadium efter de piano sit. Op in jun yn Kentucky , as er ut syn suterige motel ferdreaun wurdt troch syn eigen unnoflikens foar de oare swarte motelgasten oer, dy't kontakt mei him besykje te lizzen, bedarret er by fersin yn in kroech der't inkeld blanken talitten wurde. Hy wurdt der troch in groep blanke bargasten yninoar slein en bedrige . Kontrabassist George, dy't der tafallich foarby komt, hastiget him nei Tony ta. Dy giet nei de kroech ta en bedriget de bargasten mei in pistoal dat er op 'e rech , under syn kolberjaske , by de broeksban yn stutsen hawwe soe (mar nea te foarskyn hellet), oant se it wisse foar it unwisse nimme en Don gean litte. Neitiid drukt Tony Don op it hert om der de rest fan it toernee net wer sunder him op ut te gean.

As se op in stuit in motelkeamer diele, reitsje de beide mannen oan 'e praat oer famylje . Dan docht bliken dat Don eins in broer hat, fan wa't er alhiel ferfrjemde rekke is. Hy ferwachtet fan syn broer dat dy it inisjatyf ta fermoedsoening nimme sil. Tony haldt him foar dat de wrald smoarfol sit mei iensume , benaude minsken dy't wachtsje oant in oar de earste stap set, en besiket him oan te trunjen sels kontakt mei syn broer op te nimmen. Don wifelet oer wat er dwaan sil.

Yn Macon (Georgia) komme Tony en Don by in kleanwinkel lans der't in kreas pak yn 'e etalaazje hinget. Tony bepraat Don om it te passen, mar sadree't de winkelbetsjinde foar it ferstan kriget dat it pak foar Don is, jout er harren te ferstean dat se it pak dan earst keapje moatte foar't it past wurde kin, want, sa is de ymplikaasje, in pak dat troch in swartenien past is, kin dernei net mear oan blanken ferkocht wurde. Dyselde juns wurdt Tony yn syn hotelkeamer opskille troch de pleatslike plysje . It docht bliken dat Don trappearre is yn it pleatslike swimbad , der't er in homoseksuele moeting mei in jonge blanke man hie. De arrestearjende plysjes binne rasistysk en homofoob , mar Tony kin harren mei wurden wol oer en keapet har om , sadat se de beide mannen gean litte.

De oare deis, yn Memphis (Tennessee) , treft Tony yn it hotel in pear maffiosi ut New York der't er kunde oan hat. As dyselden foar it ferstan krije dat er foar in swarten wurket, sizze se tsjin him dat der wol better wurk te finen is en biede se him in baan oan. It petear is yn it Italjaansk , mar dat is in taal dy't Don goed behearsket, sadat er alles folgje kin. Tony poeieret de mannen of troch te sizzen dat se it der dy juns yn 'e hotelbar wol oer hawwe kinne. As er letter nei underen nei de bar sil, haldt Don him steande en biedt er him mear jild oan om by him te bliuwen. Tony slacht dat oanbod of en seit dat se in priis ofpraat hiene en dat er him deroan halde sil. Hy is alhiel net fan doel om foar de maffia te wurkjen, mar moat it wat omsichtich oanpakke om it oanbod of te stegerjen, mei't er gjin fijannen meitsje wol. Don tocht dat Tony fan him of woe no't oan it ljocht kommen is dat er net inkeld swart is, mar ek noch homo. Tony fertelt him dat er al tweintich jier utsmiter is yn nachtklubs yn New York, en dat er der yn syn tiid wol mindere dingen sjoen hat.

Yn Mississippy reitsje Tony en Don by nacht en min waar paadbjuster en bedarje se yn in sundown town (in plak der't swarten nei sinne-undergong , sundown , net komme meie). Se wurde oanholden troch in pear plysjes, werfan't de iene in iepentlike rasist is. As er Tony mislediget , jout dy de man in terwinkel, wat resultearret yn 'e arrestaasje fan Tony en Don. Se wurde yn 'e sel smiten en driigje in optreden te missen. Don easket syn rjocht op om in abbekaat opskilje te meien, en as him dat tastien wurdt, makket er fan 'e gelegenheid gebruk om 'e bekendste abbekaat fan hiel it lan te beljen. Dat is minister fan Justysje Robert Kennedy , dy't neitiid de guverneur fan Mississippy under druk set om 'e plysje under druk te setten om Don en Tony frij te litten.

De juns fan it leste optreden, yn Birmingham (Alabama) , wurdt Don de tagong wegere om te iten yn it restaurant fan 'e allinne foar blanken tagonklike countryklub der't er optrede moat. Hy beslut te wegerjen om op te treden as er net yn it restaurant ite mei. Graham Kindell, de manager fan 'e countryklub, haldt lykwols foet by stik. Don seit dan tsjin Tony (dy't fan 'e platemaatskippij mar de helte fan syn salaris utbetelle kriget as Don in optreden mist) dat er spylje sil as Tony wol dat er dat docht. Tony tinkt eefkes nei en riidt dan de auto foar. Se geane nei in bluesklub foar Afro-Amerikanen, der't Don him nei it iten oan 'e piano by de band jout om earst in stik fan Chopin te spyljen en dernei de rest fan 'e jun bluesferskes . As se de klub ferlitte, lukt Tony ynienen syn pistoal (dat er dus dochs echt hat) en sjit in pear kear yn 'e loft om 'e oerfallers of te skrikken dy't har by de auto opwachtsje om't Don him yn 'e klub yn 'e beurs sjen litten hat.

Tony en Don sette op hus oan om te besykjen om op krystjun wer yn New York te wezen. Yn Maryland wurde se wer oanholden troch de plysje, en Tony, dy't troch de tocht troch it Suden wend rekke is oan rasistyske plysjes, frezet it slimste. Mar de behelpsume steatsplysje wol him der inkeld eefkes op wize dat er in lekke efterban hat. Dernei liedt er yn 'e oangeande sniestoarm it ferkear om 'e auto fan Tony en Don hinne, sadat Tony feilich de ban ferwikselje kin. Op in stuit, as se deunby New York binne, wol Tony it opjaan, om't it net mear fertroud is om fierder. Hy sjocht mar kwealk wat yn 'e stienstoarm en boppedat kin er de eagen amper noch iepen halde. De auto arrivearret lykwols dochs noch op krystjun by Tony foar de doar, mei Don efter it stjoer en Tony sliepend op 'e efterbank.

Tony nuget Don deryn, mar dy slacht it oanbod of en giet nei hus. Wylst Tony yn syn behindige appartemint ynhelle wurdt troch wiif en bern , bruorren en susters , sweagers en skoansusters en syn eigen heit en Dolores harres, keart Don werom nei syn lukse penthouse der't er allinne efterbliuwt nei't er syn butler Amit frijjun hat om 'e kryst mei syn gesin troch te bringen. Tony syn sweager Johnny freget him hoe't it wie om foar in "swartjoekel" te wurkjen. Dat is in term dy't Tony foarhinne ek foaroan yn 'e mule lei, mar no beskrobbet er Johnny derom. Underwilens betinkt Don him en set er dochs noch werom nei Tony-en-dy. Tony hellet him deryn mei in omearming . Ek Dolores krupt him oan, werby't se him daliks in betankje yn it ear flusteret foar syn help by Tony syn brieven, dermei bewizend dat se fan it begjin of oan al troch hie wer't de foarke fest siet. Foar de oare famyljeleden fan Tony is de ferskining fan Don bot feralterearjend , mar as Tony him deryn nuget, wurdt er ek troch de oare oanwezigen mei gastfrijens unthelle.

Ear't de oftiteling begjint, folget in tekst dy't mank giet mei echte foto's fan Tony Lip en Don Shirley. Derby wurdt fertelt dat Don neitiid trochgie mei it halden fan toernees en teffens lieten komponearre , wylst Tony wer oan it wurk gie as utsmiter yn 'e Copacabana. De beide mannen bleaune freonen oant se yn 2013 koart nei inoar ferstoaren .

Rolferdieling [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Viggo Mortensen .
Mahershala Ali .
Linda Cardellini .
haadrollen
personaazje                                         akteur/aktrise
Frank "Tony Lip" Vallelonga Viggo Mortensen
dr. Don Shirley Mahershala Ali


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Dolores Vallelonga Linda Cardellini
Johnny Venere, Dolores har broer Sebastian Maniscalco
Oleg Dimiter D. Marinov
George Mike Hatton
Bobby Rydell, sjonger yn 'e Copacabana Von Lewis
Graham Kindell, manager countryklub yn Birmingham Brian Stepanek
Gio Loscudo Joseph Cortese
Amit Iqbal Theba
baas platemaatskippij P.J. Byrne
Rudy Vallelonga Frank Vallelonga jr.
Augie, maffiabaas Nick Vallelonga
pake Nicola Vallelonga Rudy Vallelonga
pake Anthony Venere Louis Venere
steatsplysjeman yn Maryland Brian Currie
plysjeman yn Macon (Georgia) #1 Daniel Greene
plysjeman yn Macon (Georgia) #2 Brian Distance
plysjeman yn Mississippy #1 Jim Klock
plysjeman yn Mississippy #2 Billy Breed
plysjekommissaris yn Mississippy Dane Rhodes
Charlie, lommert Peter Gabb

Produksje en distribusje [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Produksje [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Green Book waard regissearre troch Peter Farrelly nei in senario dat skreaun wie troch himsels, Brian Hayes Currie en Nick Vallelonga , de soan fan 'e echte Frank "Tony Lip" Vallelonga , op basis fan fraachpetearen mei syn heit en Don Shirley en de brieven dy't syn heit oan syn mem skreau. As produsinten wiene Farrelly, Currie, Vallelonga, Jim Burke en Charles B. Wessler by it projekt belutsen foar de filmstudio's Participant Media , DreamWorks Pictures , Reliance Entertainment , Innisfree Pictures , Cinetic Media en it Sineeske Alibaba Pictures . Green Book wie sadwaande in Amerikaansk - Sineeske ko-produksje . Foar de film wie in budget beskikber fan $ 23 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Sean Porter , en de filmmuzyk waard fersoarge troch Kris Bowers .

Casting [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Akteur Viggo Mortensen waard yn maaie 2017 cast yn 'e rol fan Tony Lip . Hy moast foar de rol 18 oant 23  kg oankomme en himsels in Italjaansk-Amerikaansk aksint oanleare. De famylje Vallelonga wie yngeand by de produksje fan 'e film belutsen. Nick Vallelonga , de jongste soan fan Tony Lip, wie net allinnich senarioskriuwer en filmprodusint , mar hie ek in lyts roltsje as de gangster Augie, dy't Tony in tydlike baan oanbiedt werby't er "dingen" dwaan moat, in oanbod der't Tony wyslik foar betanket. Syn aldere broer Frank Vallelonga jr. spilet yn de film syn eigen omke Rudy Vallelonga (dy't seit: "Ik wol allinne mar sizze, wy binne in keunstsinnige famylje.") De echte Rudy Vallelonga spilet syn eigen heit , pake Nicola Vallelonga, wylst de echte Louis Venere, in omke oan memmeskant fan 'e bruorren Vallelonga, syn heit spilet, pake Anthony Venere. Senarioskriuwer en filmprodusint Brian Hayes Currie hat ek in lyts roltsje yn 'e film, as de behelpsume steatsplysjeman ut Maryland , dy't Tony op in lekke ban wiist.

The Negro Motorist Green-Book , de reisgids foar Afro-Amerikanen der't de film nei ferneamd is.

Opnamen [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De opnamen foar Green Book setten yn novimber 2017 utein. Der waard benammen filme yn New Orleans , mar ek op oare plakken yn 'e Amerikaanske steat Louisiana , te witten: Burnside , Mandeville , Metairie , Hammond en Amite . Ek waarden der senes opnommen yn Macon (Georgia) en yn Carnegie Hall yn New York .

Distribusje [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De distribusje fan Green Book waard fersoarge troch Universal Pictures . De film waard op 11 novimber 2018 foar it earst fertoand op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Toronto en wie op 16 oktober ek te sjen op it BFI Filmfestival fan Londen , op 17 oktober op it Filmfestival fan New Orleans en op 9 novimber op it AFI Fest . De film gie op 16 novimber yn 'e Amerikaanske bioskopen yn premiere . It byhearrende soundtrackalbum ferskynde op 30 novimber by platemaatskippij Milan Records . Green Book kaam op 19 febrewaris 2019 beskikber as digitale download en waard op 12 maart fan dat jier utbrocht op dvd en blu-ray .

Untfangst [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Fan 'e filmkritisy krige Green Book oer it algemien positive resinsjes . Sa skreau Mick LaSalle yn 'e San Francisco Chronicle : "Der is wat sa alderferskuorrendste just oan dizze film, sa trou oan 'e tiid dy't ofskildere wurdt en sa wolkom op dit momint; sa licht yn 'e oanrekking, sa foechsum respektfol foar syn personaazjes , en sa grut fan geast, dat de film derfan begjint te strieljen. Dat giet stadich, mar tsjin 'e midden en beslist oan 'e ein is dy strieling der, it gefoel dat der wat magysk bart, op it skerm likegoed as yn 'e herten fan it publyk ." Steve Pond fan TheWrap skreau: "De film tsjusteret ta wat fierder nei it Suden de reis giet, en wat djipper de myriaden misledigings en fernederings oanboazje. Mar us belangstelling foar de personaazjes hat der mar komselden under te lijen, tanksij Mortensen en Ali en in regisseur dy't in ferhaal dat it hearren wurdich is graach sunder omhalen en effisjint fertelle wol."

De famylje fan Don Shirley feroardiele Green Book lykwols, om't de film de relaasjes fan 'e pianist mei syn famylje en mei Tony Lip misrepresintearje soe. Ek wiene se der pikearre oer dat se pas yn in let stadium fan 'e produksje fan 'e film op 'e hichte steld wiene. Maurice Shirley, de broer fan Don sei: "Myn broer hat Tony nea as syn 'freon' beskoge; hy wie in wurknimmer , syn sjauffeur , dy't der in hekel oan hie om in unifoarm drage te moatten. Dit is werom't kontekst en nuanse sa wichtich binne. It feit dat in suksesfolle, begoedige, swarte artyst tsjinstfolk hie dat net deselde hudskleur hie as hysels, hie net ferlern gean moatten by de ferfilming." Don Shirley sels spriek lykwols yn 'e dokumintere Lost Bohemia ut 2010 de bewearings fan syn broer faaljekant tsjin. Yn in fraachpetear deryn seid er oer Tony: "Ik fertroude him folslein. Jo moatte begripe, Tony waard? hy wie net inkeld myn sjauffeur. Wy hiene nea in relaasje fan wurkjouwer ta wurknimmer." Itselde fraachpetear foarmet ek de basis foar oare omstriden foarfallen ut 'e film. Neffens senarioskriuwer Nick Vallelonga hie Don Shirley him opdroegen "mei nimmen te praten" oer it senario.

Op 'e webside Rotten Tomatoes , dy't resinsjes sammelet, hat Green Book in goedkarringspersintaazje fan 77%, basearre op 360 underskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald ut al dy resinsjes, stelt: "[De film] nimt it publyk mei foar in oerdiedich flakke rit troch in hobbelich underwerp, hoewol't de aktearprestaasjes fan Mahershala Ali en Viggo Mortensen de nedige djipgong tafoegje." Op Metacritic , de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet Green Book in goedkarringspersintaazje fan 69%, basearre op 52 resinsjes.

Resultaat [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Opbringst [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Green Book brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $ 85,1 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $236,7 miljoen. Wraldwiid kaam de opbringst dermei ut op $321,8 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $23 miljoen betsjut dat in winst fan $298,8 miljoen, hoewol't der de marketingkosten noch wol of moatte. De webside Deadline Hollywood berekkene de skjinne winst fan Green Book op $106 miljoen.

Prizen [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Yn 2019 waard Green Book by de Oscars nominearre foar prizen yn 5 kategoryen , werunder beste akteur ( Viggo Mortensen ) en beste filmmontaazje . De film wun 3 Oscars, foar beste film , beste byrol fan in akteur ( Mahershala Ali ) en beste orizjinele senario . By de Golden Globes waard Green Book datselde jiers ek nominearre yn 5 kategoryen, werunder beste regisseur en beste akteur yn in musical of komeedzje (Mortensen). De film wun 3 Golden Globes, foar beste musical of komeedzje , beste byrol fan in akteur (Ali) en beste senario. By de Screen Actors Guild Award wun Ali de priis foar beste manlik byrol, wylst Mortensen mei in nominaasje foar beste akteur op 'e nije krekt buten de prizen griep.

By de BAFTA's , de wichtichste Britske filmprizen, waard Green Book nominearre foar 4 prizen, werunder beste film, beste akteur (Mortensen) en beste orizjinele senario. De film wun de BAFTA foar beste byrol fan in akteur (Ali). Green Book waard ek nominearre foar 5 Satellite Awards (0 wun) en 7 Critics' Choice Movie Awards (1 wun: beste manlike byrol foar Ali) en 2 Australyske AACTA International Awards (1 wun: beste manlike byrol foar Ali). Fierders wun Green Book prizen op it Filmfestival fan Austin , it Filmfestival fan Denver , it Filmfestival fan Firginia , it Filmfestival fan Mill Valley , it Filmfestival fan New Orleans , it Ynternasjonaal Filmfestival fan Palm Springs , it Filmfestival fan Philadelphia , it Ynternasjonaal Filmfestival fan St. Louis , it Ynternasjonaal Filmfestival fan Santa Barbara en it Ynternasjonaal Filmfestival fan Toronto .

Keppelings om utens [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch under: References , op dizze side .