Graz

Ut Wikipedy
Graz
Flagge Wapen
Polityk
Lan Eastenryk
Dielsteat Stiermarken
Sifers
Ynwennertal 291.072 (1 jan. 2020)
Oerflak 127,57 km²
Befolkingstichtens 674/km²
Hichte 89 m
Oar
Tiidsone UTC +1
Simmertiid UTC+2
Webside www.graz.at

Graz is in sted yn Eastenryk en de haadsted fan de dielsteat Stiermarken . Graz, de op ien nei grutste sted fan it lan, is ferneamd fanwegen de histoaryske binnensted. Yn 1999 waard de binnensted byskreaun op de list fan it wralderfgoed fan UNESCO . Yn 2003 wie de sted Kulturele Haadsted fan Europa .

Skiednis [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Graz yn 1670

Oarspronklik stie op de lokaasje fan de sted in romeinsk fort. De Slovenen bouden letter in lyts kastiel, dat letter in delsetting waard dat goed ferdigene wurde koe. It wurd Gradec , der't Graz de namme oan tanket, betsjut yn it Sloveensk letterlik "lyts kastiel". De Dutske namme Graz waard yn 1128 foar it earst brukt. Under it bewald fan it Hus Babenberg feroaren de hartogen de sted ta in wichtich hannelssintrum. Letter foel de sted yn 'e hannen fan de Habsburgers. Kening Rudolf I ferliende Graz yn 1281 spesjale privileezjes.

De sted waard yn de 14e iuw de residinsje fan de Habsburgers. De Schlossberg (Grazer Burg) tichteby de domtsjerke wie de residinsje en fan der ut waarden Stiermarken, Karinsje en dielen fan it tsjintwurdige Itaalje en Sloveenje bestjoerd. Yn de jierren 1520 waard de sted in protestantsk bolwurk. De Habsburgers diene lykwols alle war om de sted wer katolyk te meitsjen en noegen yn 1572 de jezuieten ut om de kontrareformaasje te begelieden. Yn 1585 waard de universteit fan Graz stifte en noch jimmeroan is de sted in universiteitssted. Yn dy tiid setten italjaanske keunstners en boumasters it stimpel op de sted. Ien fan de meast bekende gebouwen is it yn renessanse styl boude Landhaus fan Domenico dell'Allio, der't it stedsbestjoer sit hat.

Nei't yn 1598 de protestantske predikanten de sted utset en yn 1599 de protestantske skoallen sletten waarden, krigen protestanten de kar om katolyk te wurden en oars it lan te ferlitten. Fanof 1620 krigen de adel mei deselde maatregels te krijgen. Ien fan dy ballings wie de ferneamde astroloog Johannes Kepler . It soe oant it regear fan keizer Joazef II duorje doe't de protestanten mei de toleransje-edikten fan 1781 harren frijheid werom krigen om de protestantske earetsjinst ut te oefenjen. Om't de Turken mei harren kriichstochten jimmeroan wer it gebiet fan Graz ynfoelen, waard it hof yn 1619 twongen te ferhuzjen nei de Hofburg fan Wenen . De sted waard yn dy tiid fierder fersterke en soe nea yn hannen falle fan de Turkske legers.

De by de ferneatiging fan de festing sparre Urhturm ut 1560

Yn 1797 besetten de Fransen Graz foar it earst. In twadde Franske besetting folge op 14 novimber 1805 under generaal Auguste Frederic Louis Viesse de Marmont, der't op 11 jannewaris 1806 mei in oftocht fan de Franske troepen in ein oan kaam. In tredde Franske ynvaazje folge op 30 maaie 1809 under generaal Macdonald. Graz foel as iepen sted sunder slach, mar it fort op de Schlossberg waard ferdigene. Op 24 july 1809 waard it Eastenrykske garnizoen twongen de festing op te jaan. Yn it Fredesferdrach fan Schonburg dat folge, waard de sloop fan it fort oerienkommen en de Fransen setten utein mei it opblazen fan de ferdigeningswurken. Foar in bedrag fan goed 2.987 gune kochten de boargers de klokketoer, dy't de Franske ekplosiventjinst sadwaande stean lieten. Nei de oftocht fan de Fransen op 4 jannewaris 1810 makke de sted in grutte untwikkeling mei yn technyske prestaasjes, ekonomyske inisjativen en it kulturele libben.

Am Eisernen Tor mei de Turkensaule

Rillegau nei it referindum oer de Anschluss besocht Adolf Hitler op 3 en 4 april 1938 Graz en waard der troch tsientuzenen minsken ferwolkomme. Fuort nei de machtsoername troch de nasjonaalsosjalisten waarden fertsjintwurdigers fan oare partijen oppakt. Ek de ferfolging fan de likernoch 2.400 minsken tellende joadske mienskip sette utein, werfan't de leden emigrearje moasten of nei Wenen waarden deportearre. By de pogroms fan 1938 waard de synagoge ofbaarnd en al yn 1940 waard Stiermarken "judenfrei" ferklearre. Om de boargerbefolking te beskermjen waarden sunt 1943 troch twangarbeiders tunnels yn de Schlossberg groeven, dy't oan likernoch 50.000 minsken plak joechen. Sadwaande bleau it tal slachtoffers troch bombardeminten yn ferhalding leech: 1.980 deaden en likernoch 2.000 ferwune minsken. Troch de bombardeminten op Graz gyngen 7.802 gebouwen en rekken likernoch 20.000 hushaldings harren wenning kwyt. Fral it gebiet om it Sintraal Stasjon hinne waard swier troffen troch de bombardeminten.

It yn it ramt fan de Kulturele Haadsted fan Europa boude Kunsthaus Graz

Tsjin it ein fan de kriich wie it ynwennertal fan Graz drastysk ofnommen. De measte manlju fochten oan it front of wiene sunt 1944 foar de Volkssturm oproppen. Ek besochten in soad minsken in feilich hinnekommen te sykjen en de froulju dy't efter bleane moasten hurd wurkje om it pun fan de bombardeminten op te rumjen. Nei't it Reade Leger by de Balatonmar in trochbraak forsearren, flechten in soad froulju en fammen om't hja benaud wiene foar ferkrefting troch russyske soldaten. Gauleiter Sigfried Uiberreither liet op 7 mei 1945, de dei dat er sels utnaaide, in groep fersetsstriders deasjitte en ek politike tsjinstanners waarden op it lest noch fermoarde yn de hof fan it plysjeburo. Uiberreither droech dernei de lieding oer oan de mear gematigde Armin Dadieu, dy't om 12:00 oer alle funksjonarissen fan de NSDAP yn Stiermarken dien joech en it befel utfeardige it Nearo-dekreet net ut te fieren. Graz waard ynearsten beset troch Sovjet-toerpen en letter Britske troepen, dy't oant 1955 bleaune.

Graz is hjoeddedei in wichtich ekonomysk sintrum foar de regio en hat him untwikkele ta in universiteitsted mei likernoch 60.000 studinten (2 jannewaris 2017). Sunt 1999 falt de binnensted fan Graz under it UNESCO-wralderfgoed, sunt 2010 falt ek it Schloss Eggenberg under it wralderfgoed. Yn 2003 wie de ted Kulturele Haadsted fan Europa.

Befolking [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Befolkingsuntwikkeling [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

It ynwennertal fan Graz gyng yn 1870 foar it earst oer de 100.000-grins. Neitiid woeks de befolking fierder troch natuerlike groei, migraasje en it tafoegjen fan oanbuorjende gemeentes nei de Anschluss yn 1938. Yn de jierren 1970 ferhuzen ynwenners nei oanbuorjende gemeentes, sadat de groei doe ofnaam.

Fan de befolking hie yn 2015 in lytse 84% de Eastenrykske nasjonaliteit. Grutte allochtoane mienskippen wurde foarme troch minsken ut Bosnje , Dutslan , Kroaasje , Turkije , Roemeenje , Hongarije , Ruslan en Itaalje .

Jier 1869 1890 1910 1934 1951 1961 1971 1981 2001 2011 2020
Ynwennertal 98.229 135.660 193.790 210.845 226.453 237.080 249.089 243.166 226.244 258.847 291.007

Toerisme [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Graz tanket it toerisme benammen oan de under it wralderfgoed fan UNESCO fallende histoaryske binnensted. De sted wie yn 2003 Kulturele Haadsted fan Jeropa . Njonken de histoaryske binnensted binne der ek in soad monuminten buten de alde sted, fral yn St. Leonhard en Geidorf.

It besjen wurdich (karut) [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De Schlossberg
Keunstmjittich eilan yn de Mur
  • De Schlossberg is in natuerlike festing yn de sted. Fan it fort is nei de ferneatiging allinne de 28 meter hege yn 1561 boude Uhrturm oerbleaun, tsjintwurdich it symboal fan Graz.
  • De oan de hillige Egidius wijde domtsjerke (Burggasse) is sunt 1786 katedraal fan it bisdom Graz-Seckau en waard yn de 15e iuw boud en brukt as hoftsjerke fan de roomsk-dutske keizer. Eartiids wie de dom mei in gong ferbun mei de boarch. Fan 1577 oant 1773 brukten de jezuieten de tsjerke en hat in ryk barok ynterieur. De butenmuorre fan de dom is fersierd mei in fresko, it saneamde "Landplagenbild", dat de trije pleagen fan it lan ofbyldet: de sprinkhoannepleach, de Turken dy't it lan oanfoelen en de pest .
  • Fuort by de dom stiet de Katharinenkirche mei it mausoleum (Burggasse). It is it plak der't keizer Ferdinand II (1578?1637) begroeven is. Graz wie an 1379 oant 1619 de residinsje fan de Habsburgers. Tusken de domtsjerke en it mausoleum stiet op in sokkel it brunzen byld fan de patroanhillige fan de dom, Sint-Egidius.
  • Foar de alde universteit fan Graz oer wennen de muontsen fan de jezuieten yn de Domherrenhof, in stedspaleis yn de Burgergasse.
  • It tusken 1702 en 1716 boude Palais Attems yn de Sackstrasse is ien fan de moaiste barokke paleizen fan de sted.
  • De Boarch mei de goatyske dubele slingertrep waard tusken 1438 en 1453 troch keizer Freark III boud. De boarch bleau de residinsje fan it hof oant 1619.
  • De aldste tsjerke fan Graz is de Leechkirche, dy't wat fansiden stiet en te berikken is troch de Zinzendorfgasse of de Glacisstraße. De 13e-iuwske goatyske tsjerke waard eartiids brukt troch de Dutske Oarder .
  • De Fransiskaanske tsjerke (Franziskanerplatz), de op ien nij grutste tsjerke fan Graz, stiet op de eastlike kant fan de Mur.
  • Yn de Mur leit it driuwende eilan dat yn it ramt fan Kulturele Haadsted fan Europa boud waard.
  • De Kirche Mariahilf oan 'e Mariahilferplatz op de rjochter kant fan de Mur ut 1742-1744 is in beafeartstsjerke en parochytsjerke. Oan de tsjerke oansletten is it minderbruorrenkleaster.
  • Oan de westlike stedsrane stiet it under it wralderfgoed fallende Slot Eggenberg, it grutste barokke slot fan Stiermarken.
  • Eastlik fan de sted stiet de monumintale basilyk Mariatrost, ien fan de wichtichste beafeartsplakken fan Stiermarken.

Pleinen [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

  • Hauptplatz
  • Sudtirolerplatz
  • Jakominiplaz
  • Am Eisernen Tor mei de ut tankberens foar de befrijing fan de Turken boude Turkenpylder
  • Freiheitsplatz
  • Karmeliterplatz mei de lest oerbleaune poarte fan de renessanse festing

Musea [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Keppeling om utens [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch under: References , op dizze side