Golden Gate Brege

Ut Wikipedy
Golden Gate Brege fan in boat of .

De Golden Gate Brege is in hingbrege oer de seestrjitte mei deselde namme Golden Gate dy't it skiereilan fan San Fransisko ferbynt mei Marin County dat noardlik fan de seestrjitte leit. De brege is heech genoch foar de grutte seeskippen om de haven yn de baai fan San Fransisko te berikken. De brege is 2737 m lang, en oerspant 1280 meter wetter. De brege hinget oan kabels fan goed in meter (92,7 sm) trochsneed.

De brege is ferneamd nei de entree nei de Grutte Oseaan . John C. Fremont neamde de entree 'Chrysopylae', dat Gouden Poarte betsjut, omdat dy him tinken die oan de haven fan Istanbul dy't 'Chrysoceras' hiet ( Gouden Hoarne ).

Eartiids waard der in Kalifornje goud fun. In protte minsken kamen doe fia de baai fan San Fransisko nei Kalifornje om goud te sykjen. Doe't dy minsken yn de baai oankamen, neamden sy him de "Gouden Poarte" (Golden Gate).

De brege waard untwurpen troch Joseph B. Strauss en iepene op 28 maaie 1937 . It is in tolbrege , mar der wurdt allinnich tol heft fan ferkear nei San Fransisko ta. Omdat de brege al mear as 70 jier ald is, is der hieltyd wer in soad underhald oan.

Oar [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

  • It Amerikaanske netwurkbedriuw Cisco Systems ferwiist yn har logo nei de Golden Gate Brege.
  • Yn de earste 70 jier nei de iepening fan de brege hawwe mear as 1300 minsken har sels te koart dien, troch fan de brege of te springen.
  • Yn films is de brege in "tankber" slachtoffer. Gjin inkele brege is sa faak ynstoarten yn film as wol de Golden Gate Brege.

Keppeling om utens [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Golden gate brege