Geastlike besetting

Ut Wikipedy

Geastlike besetting is in oantsjutting foar it leauwe dat geasten , demoanen of goaden besit nimme kinne fan it lichem fan in minske (of bist ). De besettende geast kin dan bepale wat de oangeande persoan docht en seit , wat ta fersteuring fan it normale halden en dragen liede kin. In minder fiergeande foarm fan geastlike besetting is 'bunens', werby't de oangeande persoan net beset wurdt troch de geastlike entiteit, mar der dochs yn beskate mjitte troch beynfloede wurdt. It bestean fan geastlike besetting spilet in rol yn in grut tal godstsjinsten , werunder it kristendom , it boedisme , it hindoeisme , de islaam , voodoo , wicca en natoerreligyen ut Sudeast-Aazje , Afrika en de Amearika's . In wittenskiplik undersyk ut 1969 , dat utfierd waard troch it Amerikaanske National Institute of Mental Health , wiisde ut dat geastlike besetting underdiel is fan 74% fan 'e undersochte 488 kultueren ut alle wynstreken fan 'e wrald. De moderne wittenskip erkent it bestean fan geastlike besetting net, mar is ynstee fan miening dat it yn gefallen dy't derfoar oansjoen wurde oer it algemien giet om lju dy't lije oan geastlike sykten lykas skizofreny of psychopaty , of oan lichaamlike oandwanings as epilepsy of it syndroom fan Down .

Frijwillige of unwillige besetting [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Ofhinklik fan 'e kontekst kin in geastlike besetting plakfine mei goedkarring fan 'e belutsen persoan of tsjin syn of har wil. Dermei gearhingjend kin it foardielige of neidielige gefolgen hawwe foar de belutsen persoan. As de besetting plakfynt mei ynstimming of op inisjatyf fan 'e belutsen persoan, giet it faak om in sjamaan , preester(esse) of medium dy't syn of har lichem tydlik 'utlient', faak oan 'e geast fan in ferstoarne persoan. It doel fan sa'n ritueel is ornaris dat in foaralder of in oare ferstoarne oer it iene of oare befrege wurde kin. By orakels soe de orakelgeast besit fan it lichem fan in preester of preesteresse nimme om in foarsizzing te dwaan. Yn sokke omstannichheden komt geastlike besetting by froulju mear foar as by manlju .

As it om in besetting tsjin 'e wil fan 'e belutsen persoan giet, wurdt almeast sprutsen fan demoanyske besetting . Dat is de foarm dy't yn 'e Westerske wrald oer it algemien it bekendst is, mei't ferskate gefallen derfan foarkommen yn it Nije Testamint , en it ferskynsel yn 'e twadde helte fan 'e tweintichste iuw popularisearre is yn Hollywood - films as The Exorcist . In foarbyld fan in passaazje ut it Nije Testamint der't in gefal fan geastlike besetting behannele wurdt, is Lukas 4:33-35:

"No wie der yn 'e synagoge in man dy't in duvel yn hie en lud raasde: 'Hui, wat hawwe Jo mei us te meitsjen, Jezus fan Nazaret? Binne Jo kommen om us te fergriemen? Ik wit wol wa't Jo binne: Gods Hillige.' Jezus spriek him foars oan, en sei: 'Hald dy stil en gean ut him wei.' Doe slingere de duvel him tusken de minsken en gie ut him wei sunder him yn it minst te besearen.

In oare bekende passaazje oer demoanyske besetting stiet yn Markus 5:1-20, der't Jezus Kristus oan 'e eastkant fan 'e Mar fan Galilea in man befrijt dy't beset is troch in legioen demoanen, troch de demoanen yn in keppel bargen te jeien dy't neitiid yn 'e mar ferdrinke .

Utdriuwing [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Yn neifolging fan Jezus hawwe geastliken oant yn 'e moderne tiid besocht om yn gefallen fan demoanyske besetting de duvels ut te driuwen. Benammen de Roomsk-Katolike Tsjerke hat derby belutsen west. Soks hjit duvelutbanning of eksorsisme , en it giet faak mank mei beswarrings , gebedens , hanoplizzing , oanrekking mei krusen en/of besprinzging mei wijwetter . Ek yn beskate dielen fan it evangelyske protestantisme bestiet in spesjale foarm fan pastoraat dy't him dwaande haldt mei it befrijen fan demoanysk besette persoanen: it befrijingspastoraat .

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch under: References , op dizze side .