Full Metal Jacket

Ut Wikipedy
Full Metal Jacket
film
( Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy )
makkers
regisseur Stanley Kubrick
produsint Stanley Kubrick
senario Stanley Kubrick
Michael Herr
Gustav Hasford
basearre op The Short-Timers
   fan Gustav Hasford
kamerarezjy Douglas Milsome
muzyk Abigail Mead
filmstudio Natant
Harrier Films
distribusje Warner Bros. (Feriene Steaten)
Columbia - Cannon - Warner
   Distributors
(Feriene Keninkryk)
spilers
haadrollen Matthew Modine
R. Lee Ermey
byrollen Vincent D'Onofrio
Arliss Howard
Adam Baldwin
Kevyn Major Howard
skaaimerken
lan/lannen Feriene Steaten
Feriene Keninkryk
premiere 17 juny 1987
foarm langspylfilm
sjenre anty-oarlochsfilm
taal Ingelsk (ek wat Fjetnameesk )
spyltiid 116 minuten
budget en resultaten
budget $16,5?30 miljoen
opbringst $120 miljoen

Full Metal Jacket is in Amerikaansk - Britske anty-oarlochsfilm ut 1987 under rezjy fan Stanley Kubrick , mei yn 'e haadrollen Matthew Modine en R. Lee Ermey . De film is basearre op 'e roman The Short-Timers , fan Gustav Hasford . De titel ferwiisd nei in type kugel mei in patroan dat folslein fan metaal is. It ferhaal folget J.T. "Joker" Davis, in rekrut fan it Amerikaanske Marinierskorps , by syn training under de unmeilydsume sersjant-ynstrukteur Hartman en letter by syn utstjoering nei Sud-Fjetnam yn it ramt fan 'e Fjetnamoarloch . Full Metal Jacket krige fan 'e filmkritisy runom lof taswaaid en waard nominearre foar de Oscar foar beste adaptearre senario . Yn 'e bioskopen wie de film boppedat ek in kommersjeel sukses.

Plot [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Under de Fjetnamoarloch arrivearret in groep nije rekruten fan it Amerikaanske Marinierskorps op it Marinieresrekrutedepot Parris Island , foar de kust fan 'e Amerikaanske steat Sud-Karolina . Der begjinne se in tige drege, moannenlange training under tafersjoch fan 'e unmeilydsume sersjant-ynstrukteur Hartman, dy't gebruk makket fan wrede metoaden om 'e rekruten om te turnjen ta gefjochtsreee mariniers . Hy hat it ek foar de moade om 'e rekruten bynammen te jaan. Sa kriget J.T. Davis, nei't er in grapke makke hat, fan him de bynamme "Joker" ("Grapmakker"), wylst rekrut Evans, dy't ut Teksas komt, troch him "Cowboy" neamd wurdt. Mank de rekruten is ek de te grouwe Leonard Lawrence, dy't boppedat geastlik traach is. Hy wurdt troch Hartman "Gomer Pyle" neamd, nei in bekend unnoazel personaazje ut The Andy Griffith Show (in Amerikaanske komeedzjesearje ut 'e 1960-er jierren ).

Al rillegau docht bliken dat Pyle folslein ungeskikt is foar de marinierstraining. Hy ferjit hieltyd krusjale dingen, kin net meikomme op 'e hindernisbaan of by it draven en wekket ek op oare manearen hieltyd wer de grime fan Hartman op. As de yntimidearjende en fernederjende bestraffings gjin effekt sortearje, beslut Hartman om Pyle oan Joker te keppeljen yn in mentorskipsrelaasje . Joker docht bot war om Pyle op te skerpjen, en under syn begelieding boekt Pyle in beskate foarutgong.

Tink derom: Yn de tekst hjirunder wurdt de ofrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net leze.

As Hartman lykwols op in jun by in ynspeksje untdekt dat Pyle, dy't op dieet pleatst is om syn oergewicht kwyt te reitsjen, in doughnut ut 'e kantine efteroerdrukt hat om't er honger hat, binne de rapen gear. Hartman riddenearret dan dat it him mar net slagget om fan Pyle in goede marinier te meitsjen om't de oare rekruten der net by helpe. Dat, tenei sil er Pyle net mear straffe foar syn oertredings en blunders, mar ynstee de oare rekruten. Dat docht er ek, en eltse kear as Pyle wat ferjit of wat stoms docht of net meikomme kin, krije de oare rekruten strafoefenings wylst Pyle der net oan mei hoecht te dwaan. De oare rekruten hawwe der begryplikerwize hiel gau har nocht fan, en as der gjin teken is dat Pyle him ut himsels opskerpet, wurdt er op in nacht troch in pear man mei in tekken oer him hinne oan syn bed festholden, wylst alle oaren him in wan bruien jouwe mei yn handoeken bewuolle stikken sjippe . Ek Joker docht der oan mei, sij it mei tsjinnichheid .

De pine fan dy ofranseling is einlik genoch om Pyle by de les te halden. Neitiid leit er him mear ta op 'e training en ferjit neat mear. As de rekruten lang om let sjitoefenings krije, docht boppedat bliken dat Pyle in earsten skerpskutter is. De feroaring is Hartman tige tefreden oer, mar Joker, dy't Pyle trappearret as er suntsjes tsjin syn gewear praat, makket him soargen, om't er bang is dat Pyle der geastlik oan undertroch giet.

Uteinlik slagje de rekruten foar de training en untfange se har yndielings by it Marinierskorps. Joker wurdt as militer sjoernalist tawiisd oan 'e Stars and Stripes , de krante fan it Marinierskorps. De measte oaren, Pyle en Cowboy ynbegrepen, wurdt tawiisd oan 'e ynfantery . Yn harren leste nacht op Parris Island untdekt Joker Pyle op it huske , der't er syn gewear mei skerpe munysje oan it laden is. As er himsels mei utset lud befellen begjint ta te skreauwen, wurde alle oare rekruten wekker, en sersjant Hartman ek. Hartman oarderet de oaren wer op bed en giet sels op undersyk ut. Joker warskoget him dat Pyle syn gewear mei skerp laden hat. De sersjant besiket Pyle te yntimidearjen ta it oerlangjen fan it gewear, mar Pyle sjit him dea. Eefkes liket it as wol Pyle dernei ek Joker deasjitte, mar dan giet er sitten, nimt de loop fan it gewear yn 'e mule en sjit himsels dea .

Hoewol't it gefal fan moard-selsmoard Joker op it stuit sels bot oangrypt, wit er it nei syn utstjoering nei Sud-Fjetnam gau efter him te litten. Yn jannewaris 1968 is er in yn 'e wol ferve oarlochskorrespondint mei de rang fan sersjant, dy't yn đa N?ng foar Star and Stripes wurket. Hy wurdt oeral beselskippe troch syn feste fotograaf , de griene soldaat Rafterman. Dyselde kin net wachtsje om nei it front te gean, mar Joker hat der net bot ferlet fan, ek al hawwe de oare leden fan 'e redaksje soms wat de gek mei him omreden fan syn gebrek oan gefjochtsunderfining. Syn kalme bestean wurdt lykwols fersteurd troch it Tetoffinsyf , werby't it Noardfjetnameeske Leger en de Vietcong besykje om 'e Amerikaanske posysjes yn Sud-Fjetnam under de foet te rinnen. By in oanfal op 'e basis fan it Marinierskorps yn đa N?ng bedarret Joker dan ek foar it earst yn it hjitst fan 'e striid.

De oare deis wurdt de redaksje ynljochte oer de oanfallen yn hiel Sud-Fjetnam. Joker wurdt, om ferslach te dwaan fan 'e op oare plakken noch altyd oangeande striid, mei Rafterman utstjoerd nei Phu Bai . Der moetsje se in geweargroep dy't troch de leden it Lusthog Squad neamd wurdt. Joker wurdt weriene mei syn alde maat Cowboy, fan it trainingskamp, dy't diel utmakket fan it Lusthog Squad. Omreden fan dy konneksje slute Joker en Rafterman har by de geweargroep oan en sa fjochtsje se mei yn 'e Slach om Hu? . Der komt de pelotonskommandant , luitenant Walter "Touchdown' Schinoski, al rillegau te sneuveljen . Letter komt ek sersjant Crazy Earl om, de befelhawwer fan it Lusthog Squad, as er by fersin in falstrikbom untploffe lit. Sadwaande kriget Cowboy it befel oer de geweargroep.

Der is Cowboy eins net geskikt foar, mei't er te unwis is en net genoch oerwicht oer de oare leden fan 'e geweargroep hat. Under syn lieding rekket it Lusthog Squad paadbjuster tusken de stikken sketten gebouwen fan Hu? . Hy oarderet de swarte soldaat Eightball om op ferkenning te gean, mar dy wurdt delsketten troch in slupskutter . Hy libbet noch, en wurdt mei opsetsin ferskate bykommende kearen rekke, dat hy kjirmet it ut. Mar Cowboy is derfan oertsjuge dat er in hiele peloton Noardfjetnamezen foar him oer hat en wifket oer wat er dwaan moat. Doc Jay, de hospik fan 'e geweargroep, nimt sels it inisjatyf om nei Eightball ta te gean, mar hy wurdt ek delsketten. Dan beslut Cowboy om 'e geweargroep werom te luken. Om't dat betsjutte soe dat se de noch altyd libjende Eightball en Doc Jay efterlitte moatte, wegeret de masinegewearskutter Animal Mother dat befel oan te nimme. Ynstee giet er op eigen manneboet efter de beide delsketten soldaten oan, mar hy komt te let om harren te reden. Wol untdekt er dat der gjin peloton foar harren oer leit, mar inkeld in ienlike slupskutter.

Cowboy en de oare leden fan 'e geweargroep folgje Animal Mother nei foarren, mar wylst se efter de dekking fan in hoeke fan in gebou oer de radio foar oerlis kontakt opnimme mei it haadkertier , wurdt Cowboy troch in gat yn it gebou hinne delsketten. Hy rekket derby deadlik ferwune en stjert yn Joker syn earms. Animal Mother nimt derop de lieding oer en giet foarop by in oanfal op 'e posysje fan 'e slupskutter. Hy, Joker en Rafterman kringe it gebou binnen der't de slupskutter him ferskanze hat, en Joker is de earste dy't de slupskutter untdekt. As it lykwols in famke fan teenagejierren blykt te wezen, rekket er derof en wifket er eefkes te lang. De slupskutter nimt him under fjoer, en hy oerlibbet it mar nauwerneed, mar hy wurdt ut syn benearing reden troch Rafterman, dy't it fanke fan in oare kant of oer it mad komt en delsjit.

De oare leden fan 'e geweargroep kloftsje gear om it swierferwune famke hinne. Rafterman is alhiel utskroeven oer syn aksje, mar Joker is suver beroerd fan 'e hiele sitewaasje. It is dudlik dat it fanke har ferwunings net oerlibje sil, mar ek dat se foarearst noch net deagiet. Se freget yn brutsen Ingelsk om deamakke te wurden. Animal Mother wol har krepearje litte, mar Joker seit dat se har sa net efterlitte kinne. Animal Mother nuget him ut om der wat oan te dwaan as er dat sa graach wol. Dat Joker hellet syn pistoal foar it ljocht en nei eefkes wifele te hawwe ferlost er har ut har lijen troch har dea te sjitten.

Neitiid masjearje de mariniers sjongend werom hei harren kamp. Yn in voice-over fertelt Joker dat er, nettsjinsteande it feit dat er him yn "in wrald fan stront" befynt, dochs bliid is dat er noch libbet, en noch blider dat er sa njonkelytsen hast nei hus kin.

Rolferdieling [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Matthew Modine yn 2009 .
R. Lee Ermey yn 2005 .
haadrollen
personaazje akteur/aktrise        
soldaat (letter sersjant ) J.T. "Joker" Davis Matthew Modine
sersjant-ynstrukteur Hartman R. Lee Ermey


byrollen
personaazje akteur/aktrise
soldaat Leonard "Gomer Pyle" Lawrence Vincent D'Onofrio
soldaat (letter sersjant) "Cowboy" Evans Arliss Howard
soldaat "Animal Mother" Adam Baldwin
fotograaf Rafterman Kevyn Major Howard
soldaat "Eightball" Dorian Harewood
luitenant Lockhart John Terry
soldaat Doc Jay Jon Stafford
sersjant Crazy Earl Kieron Jecchinis
de doorgunner yn 'e helikopter Tim Colceri
luitenant Walter J. "Touchdown" Schinoski Ed O'Ross
kolonel Bruce Boa

Produksje en distribusje [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Produksje [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Full Metal Jacket waard regissearre troch Stanley Kubrick nei in senario fan himsels, Michael Herr en Gustav Hasford op basis fan Gasford syn roman The Short-Timers , ut 1979 . Kubrick wie ek de produsint fan 'e film en wurke yn dy hoedanichheid foar de filmstudio's Natant en Harrier Films . Full Metal Jacket wie dermei in Amerikaansk - Britske ko-produksje . Foar de film wie in budget beskikber dat ofhinklik fan 'e boarne utienrinne soe fan $ 16,5 miljoen oant $30 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Douglas Milsome , en de filmmuzyk waard fersoarge troch Abigail Mead (in skulnamme foar Vivian Kubrick , de dochter fan 'e regisseur).

Opnamen [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De opnamen foar Full Metal Jacket funen yn 1985 en 1986 plak yn Ingelan . De binnendoarsenes waarden fierhinne opnommen yn 'e Pinewood Studios , yn it Ingelske greefskip Buckinghamshire . Der waard op lokaasje filme yn Cambridgeshire , op 'e Norfolks Broads , op it Isle of Dogs en yn 'e neite fan Londen . By Cliffe-at-Hoo , oan 'e Teems , waard it Fjetnameeske oerwald neibeard mei twahundert ymportearre palmbeammen ut Spanje en 100.000 tropyske planten fan plestik dy't makke wiene yn Hongkong . Wat it swiere materieel oanbelanget, wist regisseur Stanley Kubrick fjouwer M41 Walker Bulldog - tanks te lienen fan in kolonel fan 'e Belgyske Lankomponint fan Definsje , dy't in bewunderder fan syn sinematysk wurk wie. Om 'e Sikorsky H-34 Choctaw - helikopters fan it Amerikaanske Marinierskorps wer te jaan, ferve er Westland Wessex -helikopters grien . (Hoewol't de Westland Wessex oflaat wie fan 'e Sikorsky H-34, wie it net itselde type helikopter, eat dat kenners fuortendaliks oan 'e foarm fan 'e noas sjen kinne.)

Bassingbourn Barracks , in eardere fleanbasis fan 'e Britske Keninklike Loftmacht (RAF), giet yn 'e film troch foar it trainingskamp fan it Amerikaanske Marinierskamp op Parris Island . Der undergiene de akteurs dy't de rekruten spilen in frij realistyske marinierstraining, oant se der by delfoelen. R. Lee Ermey fertolke de rol fan sersjant-ynstrukteur Hartman. Hy hie under de Fjetnamoarloch echt sersjant-ynstrukteur by it Amerikaanske Marinierskorps west, dat Kubrick liet him fierhinne syn eigen dialooch optinke. De akteurs dy't de rekruten spilen, waarden troch him tsien oeren deis taraasd. Under de opnamen krige Ermey in ferkearsungemak werby't er alle ribben oan ien kant briek , mei as gefolch dat de produksje fjouwer en in heale moanne stil kaam te lizzen.

De foar de sloop ornearre Millennium Mills yn 'e Beckton Gas Works te Newham , in wyk fan Londen , waard brukt om Hu? foar te stellen. It wie in earder gasfabryk , der't it tige dreech wie om te wurkjen, foar de filmcrew likegoed as foar de akteurs. Grun en lucht wie der fergiftige mei asbest en hunderten oare gemikaaljes . Matthew Modine , dy't de rol fan Joker spile, die der letter in boekje oer iepen yn it autobiografyske wurk Full Metal Jacket Diary ( 2005 ). Kubrick syn dochter Vivian Kubrick naam by de opnamen fan Full Metal Jacket achttjin oeren oan byldmateriaal op foar in eventuele efter-de-skermendokumintere , dy't lykwols nea makke waard. Kubrick en Vivian hiene tegearre in cameo yn 'e film as parsefotografen by in massagref fan Sudfjetnameeske oerheidsfunksjonarissen dy't by it Tetoffinsyf troch it Noardfjetnameeske Leger fermoarde binne.

De gefjochtshelm fan Joker ut 'e film.

Distribusje [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De distribusje fan Full Metal Jacket waard yn 'e Feriene Steaten fersoarge troch Warner Bros. en yn it Feriene Keninkryk troch Columbia - Cannon - Warner Distributors. De film gie op 17 juny 1987 yn Beverly Hills yn premiere , en iepene dernei op 26 juny yn 'e Amerikaanske en op 11 septimber yn 'e Britske bioskopen . Full Metal Jacket waard op 23 oktober 2007 foar it earst utbrocht op blu-ray .

Untfangst [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Fan 'e filmkritisy krige Full Metal Jacket oer it algemien positive resinsjes . Richard Corliss fan it tydskrift Time neamde de film "in technyske knock-out" en priizge benammen "de wylde, wanhopige humor yn 'e dialooch ". Yn The New York Times omskreau Vincent Canby de film as "oangripend, prachtich en karakteristyk eksintryk". Yn it bled Variety waard Full Metal Jacket omskreaun as "yntins" en "treflik makke".

Ian Nathan fan it Britske tydskrift Empire joech de film lykwols mar 3 fan 5 stjerren . Hy wie fan miening dat Full Metal Jacket "ynkonsekwint" wie en "sawol meislepend as op frustrearjende wize op in distansje bliuwend". Nei it earste diel, oer de training, fun er dat de film yn it stik oer Fjetnam "gjin doel mear" hie. Ek Roger Ebert fan 'e Chicago Sun-Times hie krityk op Full Metal Jacket , dat neffens him negatyf ofstiek neffens oare grutte oarlochsfilms oer de Fjetnamoarloch , lykas Apocalypse Now , The Deer Hunter en Platoon . Hy neamde Full Metal Jacket "nuveraardige foarmleas" en fun dat de film yn it twadde diel, oer Fjetnam "desyntegrearre ta in rige selsstannige stikjes, dy't net ien fan allegearre bot befredigje."

Op 'e webside Rotten Tomatoes , dy't resinsjes sammelet, hat Full Metal Jacket in tige heech goedkarringspersintaazje fan 92%, basearre op 83 underskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald ut al dy resinsjes, stelt: " Stanley Kubrick syn Full Metal Jacket is yntins, kompakt fan opbou en bytiden dunkere komysk . De film mei dan net de orizjineelste tema's hawwe, mar is wol tige by tige effektyf yn it oerbringen derfan." Op Metacritic , de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet Full Metal Jacket in goedkarringspersintaazje fan 76%, basearre op 19 resinsjes.

Resultaat [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Opbringst [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Full Metal Jacket brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $ 46,4 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $73,6 miljoen. Wraldwiid kaam de opbringst dermei ut op $120,0 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $16,5 oant 30 miljoen betsjut dat in winst fan teminsten $90 miljoen, hoewol't der de marketingkosten noch wol of moatte.

Prizen [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Yn 1987 waard Full Metal Jacket by de BAFTA's , de wichtichste Britske filmprizen, nominearre yn twa kategoryen : beste lud en beste special effects . Yn 1988 waard de film fierders nominearre foar de Oscar foar beste adaptearre senario en de Golden Globe foar beste byrol fan in akteur yn in spylfilm ( R. Lee Ermey ). Full Metal Jacket wun de Japanske Kinema Junpo foar beste rezjy fan in butenlanske film en de Italjaanske David di Donatello foar beste filmprodusint fan in butenlanske film.

Keppelings om utens [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch under: References , Bibliography en Further Reading , op dizze side .