한국   대만   중국   일본 
Frjentsjerteradiel (1984-2018) - Wikipedy Springe nei ynhald

Frjentsjerteradiel (1984-2018)

Ut Wikipedy
Frjentsjerteradiel

De Foarstrjitte yn Frjentsjer .
flagge wapen

Wapen fan Frjentsjerteradiel
lokaasje
polityk
lan Nederlan
provinsje Fryslan
sifers en geografy
haadplak Frjentsjer
grutste plak Frjentsjer
ynwennertal 20.180 (2017)
befolkingstichtens 196,4 / km²
oerflak 109,17 km²
● werfan lan 102,73 km²
● werfan wetter 6,44 km²
tal steden 1
tal doarpen 16
ferkearsieren A31 , N384 , N393 ,
Spoar Ljouwert-Harns
skiednis
oprjochte 1984
oant 1851 Gritenij Barradiel
Gemeente Frjentsjer
Gritenij Frjentsjerteradiel
1851 ? 1984 Gem. Barradiel
Gem. Frjentsjer
Gem. Frjentsjerteradiel
opheft 2018
opgien yn De Waadhoeke
no part fan De Waadhoeke
oar
netnumer 0517, 0518
postkoade 8800?8856
tiidsone UTC +1
simmertiid UTC +2
webside www.franekeradeel.nl
Dizze side giet oer de gemeente Frjentsjerteradiel fan 1984 oant 2018 . Foar de gemeente Frjentsjerteradiel fan 1851 oant 1984, sjoch: Frjentsjerteradiel (1851-1984) .

Frjentsjerteradiel ( Nederlansk en offisjeel: Franekeradeel ; Frjentsjertersk : Franekeradeel ) wie in gemeente yn it noardwesten fan Fryslan mei in kustline oan 'e Waadsee . It haadplak wie de sted Frjentsjer . Dizze Fryske gemeente hie op 30 april 2017 in befolking fan 20.180 minsken, en besloech in oerflak fan 109,17  km² , werfan 6,4 km² oerflaktewetter . Frjentsjerteradiel untstie by de gemeentlike weryndieling fan 1984 en gie op 1 jannewaris 2018 op yn 'e nije fuzjegemeente De Waadhoeke .

Geografy [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Frjentsjerteradiel lei yn it noardwestlike part fan 'e Nederlanske provinsje Fryslan . De gemeente hie yn it noarden en noardwesten in kustline oan it Waad . Fierders waard er yn it westen begrinzge troch de gemeente Harns , yn it sudwesten troch Sudwest-Fryslan (oant 2011 troch Wunseradiel ), yn it sudeasten troch Littenseradiel , yn it easten troch Menameradiel , en yn it noardeasten troch It Bilt . Yn totaal besloech de gemeente in oerflak fan 109,17  km² , werfan't 102,73 km² ut lan en 6,44 km² ut oerflaktewetter bestie. Fan it lan bestie 89% ut lanbougrun en 0,4% ut natoergebiet (ta ferliking: yn Fryslan as gehiel wie dat 78%, resp. 12%, en yn Nederlan as gehiel wie dat 68%, resp. 14%). [1]

Utsjoch oer it Waad fanof de seedyk boppe Easterbierrum .

Frjentsjerteradiel lei yn 'e Klaaistreek . It sudlike diel fan 'e gemeente hearde ta de Greidhoeke , wylst it noarden underdiel utmakke fan 'e Bouhoeke . Justjes besuden de midden fan 'e gemeente lei de sted Frjentsjer , ruchwei op 'e skieding fan greide en bou . Oan 'e Waadkust leine foar de seediken fan Frjentsjerteradiel oanslibbe kwelders en eardere lanoanwinningsprojekten dy't sunt 2009 op 'e Wralderfgoedlist fan 'e UNESCO stiene. De gemeente waard trochsnien troch ferskate savelige kwelderwalen dy't oant 1 m boppe seenivo omheech kamen en faninoar skaat waarden troch leger leine gebieten fan swiere seeklaai . Dy leste gebieten wiene oarspronklik faak sompen of marren dy't druchlein wiene, lykas de Doanjumermar . [1]

Yn it part fan Frjentsjerteradiel dat ta de Bouhoeke hearde, waarden benammen jirpels ferboud , sawol konsumpje - as poatjirpels . Fierders wie der, benammen yn 'e omkriten fan Seisbierrum , ek in protte tunbou . Yn 'e Greidhoeke, yn it sudlike part fan 'e gemeente, waard benammen oan feehalderij dien, yn 't foarste plak fan kij , mei it weidzjen fan skiep as in njonkenbedriuw dat in soad foarkaam. Feartenen en kanalen , dy't faak de bochtige fuortsettings fan alde kwelderslinken wiene, spilen in wichtige rol by de ofwettering fan Frjentsjerteradiel. Foarbylden derfan wiene de Seisbierrumer Feart en De Ryd . Troch de midden fan 'e gemeente runen ferskate wichtige ferkears - en ferfiersieren . Dat wiene it Van Harinxmakanaal (de ferbreding ut 1951 fan wat oarspronklik de Harnzer Trekfeart wie), it spoar fan Ljouwert nei Harns (dat yn 1863 oanlein waard) en de autosnelwei A31 (dy't yn 1983 de alde Ryksstrjitwei ut 1842 ferfong). [1]

Plakken [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

It haadplak fan Frjentsjerteradiel wie Frjentsjer , dat ek de iennichste sted yn 'e gemeente wie. Dernjonken leine der yn Frjentsjerteradiel 16 doarpen : Achlum , Boer , Doanjum , Easterbierrum , Furdgum , Hitsum , Hjerbeam , Kleaster-Lidlum , Peins , Pitersbierrum , Rie , Seisbierrum , Skalsum , Sweins , Tsjom en Tsjummearum . Fierders omfieme de gemeente ek noch de buorskippen : Barrum , De Beinten , Dearsum (Frjentsjerteradiel) , Dykshoeke , Doaium , Erkens , Faltum , De Flearen , It Fliet , Hearema , Holpryp , De Kampen , Keimpetille , Kie , Kystersyl , Koehoal , Koum , De Krok , Laakwert , Lankum , Lytselollum , Miedum (Frjentsjerteradiel) , Molswert , Roptasyl , Salvert , Sanhuzen , Sitlum , Sopsum , Swaarderbuorren , Tallum , Teatlum , Tolsum , Tritsum en It War .

Doarpsgesicht fan Tsjummearum .

Skiednis [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De (nije) gemeente Frjentsjerteradiel untstie by de grutte gemeentlike weryndieling dy't yn 1984 yn Fryslan trochfierd waard. Derby waarden de gemeente Frjentsjer en de alde gemeente Frjentsjerteradiel opheft en gearfoege mei it grutste diel fan 'e gemeente Barradiel . Om't de namme fan 'e nije gemeente itselde wie, waard it nije Frjentsjerteradiel faak as in fuortsetting sjoen fan it alde Frjentsjerteradiel, dat de sted Frjentsjer en Barradiel anneksearre hawwe soe. Yn wurklikheid hold it alde Frjentsjerteradiel yn 1984 folslein op te bestean en koe de nije gemeente better sjoen wurde as in fuortsetting fan 'e gemeente Frjentsjer, dy't syn dominansje oer de omlizzende plattelansgebieten yn in bestjoerlike foarm wist te jitten.

Tsjin dizze gong fan saken wie yn Frjentsjer om foar de han lizzende redens net in soad beswier. It alde Frjentsjerteradiel hie op 't lest minder as 4.000 ynwenners, wylst it gemeentehus yn Frjentsjer festige wie, en sadwaande seach men der skaalfergrutting as in needsaaklik kwea, al wie men it net alhiel iens mei de wize fan skaalfergrutting dy't fan hegerhan oplein waard. [2] Yn Barradiel lykwols, dat in dudlike eigen identiteit hie, untstie in fuleindige protestbeweging, dy't ut alle macht besocht om 'e eigen bestjoerlike selsstannigens te behalden, sa nedich troch in gearfoeging mei It Bilt . [3] It mocht lykwols allegear net bate, en uteinlik gie it grutste part fan Barradiel op yn it nije Frjentsjerteradiel, wylst it doarp Minnertsgea oan It Bilt tafoege waard en it doarp Winaam by Harns kaam.

Op 1 jannewaris 2018 waard der yn noardwestlik Fryslan in nije gemeentlike weryndieling trochfierd. Derby giene Frjentsjerteradiel, It Bilt , Menameradiel en de doarpen Baaium , Spannum , Winsum en Wjelsryp ut noardlik Littenseradiel op yn 'e nije fuzjegemeente De Waadhoeke .

De Tsjerke fan Hitsum .
De PC yn Frjentsjer .
Boer , sjoen fanof de Doanjumer kant.
'De Waadfisker', monumint foar de hjerringfiskers yn Koehoal .
Weidzjende skiep yn 'e neite fan Seisbierrum .

Demografy [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Frjentsjerteradiel hie sunt syn untstean yn 1984 in ynwennertal dat om 'e 20.000 hinne skommele. Yn 2004 hie de gemeente 21.048 ynwenners, en yn 2014 wiene der 20.445 ynwenners. Op 30 april 2017 hie Frjentsjerteradiel in befolking fan 20.180 minsken. De befolkingstichtens bedroech doe 196,4 minsken de km² . Op 1 jannewaris 2014 wiene de ynwenners fan 'e gemeente sa oer de underskate plakken ferdield: [4]

plak ynwenners
Frjentsjer 12.781
Seisbierrum 1.744
Tsjummearum 1.414
Tsjom 1.164
Achlum 629
Easterbierrum 561
Rie 435
Doanjum 326
Peins 260
Hjerbeam 253
Hitsum 225
Pitersbierrum 140
Skalsum 134
Sweins 116
Furdgum 60
Boer 48
Kleaster-Lidlum 38

Polityk [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De leste (waarnimmend) boargemaster fan Frjentsjerteradiel wie sunt 1 desimber 2015 Eduard van Zuijlen fan GrienLinks . De gemeenterie fan Frjentsjerteradiel bestie ut 19 sitten. Hjirunder de gearstalling fan 'e rie ut 'e ferskillende politike partijen fan 1998 oant 2018 :

Riedssitten
partij 1998 2002 2006 2010 2014
GBF 3 5 3 5 5
CDA 6 5 5 4 4
FNP 3 3 3 2 4
PvdA 5 4 5 3 2
VVD 2 1 1 2 1
D66 1 1
GrienLinks 1 1 1
KristenUny 1 1 1 1
Totaal 19 19 19 19 19

Sjoch ek [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Keppelings om utens [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. 1,0 1,1 1,2 Schroor, Meindert (haadred.) , Nieuwe Encyclopedie van Fryslan , De Gordyk/Ljouwert, 2016 ( Utjouwerij Bornmeer / Tresoar ), ISBN 978-9 05 6153 755 , s. 858.
  2. Jansma, Klaas , Friesland en Zijn 44 Gemeenten , Ljouwert, 1981 (Frysk Deibled), ISBN 9 06 48 00 154 , s. 22.
  3. Jansma, Klaas , Friesland en Zijn 44 Gemeenten , Ljouwert, 1981 (Frysk Deibled), ISBN 9 06 48 00 154 , s. 8.
  4. Boarne: Aantal Inwoners per Buurt/Dorp , webside Gemeente Frjentsjerteradiel.

              Provinsje Fryslan
Flagge fan de Provinsje Fryslân
hjoeddeistige gemeenten

eardere gemeenten

? Aenjewier (1851?1934)
? Baarderadiel (1851?1984)
? Barradiel (1851?1984)
? It Bilt (1851?2018)
? Boalsert (1455?2011)
? Boarnsterhim (1984?2014)
? Doanjewerstal (1851?1984)
? Dokkum (1298?1984)
? Dongeradiel (1984?2019)
? Drylts (1268?1984)

? East-Dongeradiel (1851?1984)
? Ferwerderadiel (1851?2019)
? Frjentsjer (1374?1984)
? (ald) Frjentsjerteradiel (1851?1984)
? (nij) Frjentsjerteradiel (1984?2018)
? Gaasterlan (1851?1984)
? Gaasterlan-Sleat (1984?2014)
? Haskerlan (1851?1984)
? Hylpen (1372?1984)
? Himmelumer Aldefurd (1851?1984)

? Hinnaarderadiel (1851?1984)
? Idaerderadiel (1851?1984)
? Kollumerlan (1851?2019)
? Lemsterlan (1851?2014)
? Littenseradiel (1984?2018)
? Ljouwerteradiel (1851?2018)
? Menameradiel (1851?2018)
? Nijefurd (1984?2011)
? Raerderhim (1851?1984)
? Skarsterlan (1984?2014)

? Skoatterlan (1851?1934)
? Sleat (1426?1984)
? Snits (1292?2011)
? Starum (1061?1984)
? Utingeradiel (1851?1984)
? Warkum (1399?1984)
? West-Dongeradiel (1851?1984)
? (ald) Wymbritseradiel (1851?1984)
? (nij) Wymbritseradiel (1984?2011)
? Wunseradiel (1851?1984)


wizigje