한국   대만   중국   일본 
Forty Thousand in Gehenna - Wikipedy Springe nei ynhald

Forty Thousand in Gehenna

Ut Wikipedy
Forty Thousand in Gehenna
algemiene gegevens
auteur C.J. Cherryh
taal Ingelsk
foarm roman
sjenre science fiction
1e publikaasje 1983 , West Bloomfield
oarspr. utjwr. Phantasia Press
rige
rige Alliance-Union Universe -rige
kodearring
ISBN 0 93 20 96 263

Forty Thousand in Gehenna (ek wol stavere as 40,000 in Gehenna ) is in science fiction - roman fan 'e han fan 'e Amerikaanske skriuwster C.J. Cherryh . De titel betsjut: "Fjirtichtuzen yn Gehenna" ( Gehenna is in oare namme foar de hel ). It boek fertelt it ferhaal fan 'e jammerdearlik ferrune kolonisaasje fan 'e planeet Gehenna troch fjirtichtuzen minsklike kolonisten . Forty Thousand in Gehenna is in op himsels steand diel fan Cherryh har Alliance-Union Universe -rige , werfan't de boeken yn in mienskiplike foarm fan 'e takomst spylje. Mei u.m. Cyteen en Serpent's Reach makket Forty Thousand in Gehenna binnen dy searje diel ut fan in tal romans dy't bekendsteane under de namme Era of Rapprochement ("Tiidrek fan Fermoedsoening"). It waard yn 1983 yn in beheinde earste oplaach publisearre troch Phantasia Press yn West Bloomfield , en in jier letter werutjun by de New Yorkske utjouwerij DAW Books . Yn 2008 waard de roman werpublisearre yn 'e omnibusedysje Alliance Space , mei in oar boek fan Cherryh, Merchanter's Luck .

Eftergrun [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Yn it Alliance-Union Universe fan C.J. Cherryh, dat fier yn takomst spilet, hat de minskheid him ferspraat nei de stjerren troch fiere planeten te kolonisearjen en romtestasjons te bouwen yn sinnestelsels sunder gaadlike planeten. Nei ferrin fan tiid makken de measte kolonisearre planeten har by in unofhinklikheidsoarloch los fan Mem Ierde om in selsstannige Uny ( Union ) te foarmjen. Troch de oarloch tusken de mei grou geweld fanwegen kommende Ierdske striidkreften oan 'e iene kant en de Uny oan 'e oare kant, dy't der gjin kwea yn seach om gebruk te meitsjen fan fabryksmjittich produsearre genetysk kloande soldaten , waard de feilichheid en breawinning fan 'e grutte en machtige, troch famyljeclans bewenne keapfardijskippen bedrige. Derop kamen dy gear om in trede partij yn it konflikt te foarmjen, de Keapfardersalliansje ( Merchanters' Alliance ). Nei't de Ierdlingen har troch brekme oan jild ut 'e oarloch weromluke moasten, gie dy sadwaande fierder tusken de Uny en de Alliansje.

Ynhald [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Forty Thousand in Gehenna begjint yn 'e tiid dat de Uny en de Keapfardersalliansje krekt frede sletten hawwe. Der bestiet lykwols noch in soarte fan kalde oarloch tusken beide partijen, en yn it ramt derfan beslut de Uny om guon planetestelsels te kolonisearjen dy't har oan 'e fierste kant fan it territoarium fan 'e Alliansje befine. It idee is derby, sa wurdt oan 'e kolonisten ferteld, om 'e Alliansje yn te sluten. Op ien fan 'e te kolonisearjen planeten wurde oan 'e muning fan in rivier yn 'e oseaan 45 militeren , 452 boargers en 41.911 saneamde azi's ofset, yn totaal 42.363 minsken . De azi's binne fabryksmjittich produsearre kloanen fan ferskate genotypen , fan wa't de psyche foarme is troch deepteach , in proses dat sterk liket op it oanbringen fan kennis under in steat fan hypnoaze . Dertroch binne de azi's beheind yn harren geastlike fermogens, sadat se nea untefreden binne oer harren bestean, ek al liket dat suver as twa drippen wetter op in foarm fan slavernij .

De planeet, dy't Newport hjitte soe, mar troch de kolonisten al rillegau Gehenna neamd wurdt, hat in wraldseigen floara en fauna . Mank de bisten binne ferskate hagedisfoarmige reptyleftigen , werunder guon grutte grizen ter grutte fan in auto , dy't om har lilkens 'calibans' neamd wurde, nei de lilke lanseigen persoan yn Shakespeare syn toanielstik De Stoarm , en guon oare grien-blauwen ter grutte fan in hun , dy't folle moaier binne en derom nei Caliban syn elfeftige freon 'ariels' neamd wurde. Neffens de ynformaasje dy't de kolonisten krije, is der op Gehenna gjin yntelligint butenierdsk libben , mar nei ferrin fan tiid docht lykwols bliken dat der twa soarten calibans binne: de grizen en de brunen. De brune calibans, dy't yn in soarte fan symbioaze mei de ariels en de grize calibans libje, binne trije oant fiif kear sa grut as de grizen, en binne wol deeglik yntelligint, hoewol net op in wize dy't de minsken maklik te begripen fine.

Wat oars dat de kolonisten net witte, is dat harren koloanje bedoeld is om te mislearjen. De Uny wol de Alliansje hielendal net ynslute; dat is fiersten te djoer. It is folle goedkeaper om 'e territoriale utwreiding fan 'e Alliansje in stok yn 'e speaken te stekken troch problemen foar de lange termyn te meitsjen op planeten dy't oars wierskynlik troch de Alliansje kolonisearre wurde soene, yn 'e foarm fan in minsklike restbefolking dy't der al oanwezich weze sil ear't de Alliansje dy planeten berikke kin. Har folslein unbewust dat har libbens troch har eigen regear weismiten binne, sette de militeren en boargers mei help fan 'e azi's mei goede moed utein om 'e grunslach fan 'e koloanje te foarmjen, sadat dy ree weze sil foar utwreiding as oer trije jier de romteskippen komme om mear kolonisten en materieel te bringen.

Tink derom: Yn de tekst hjirunder wurdt de ofrin fan it ferhaal beskreaun.
As jo it ferhaal sels leze wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net leze.

Al fan it ierste oanbegjin of binne der alderhanne tsjinslaggen. Kolonel James A. Conn, de guverneur fan 'e koloanje, is in troch de oarloch traumatisearre widner wa't koartby de frou untfallen is. Dat hat makke dat er oan 'e drank rekke is, en boppedat untdekt er underweis nei Gehenna dat er net sa sun is as dat er miende. Tsjin 'e tiid dat de kolonisten op har bestimming arrivearje, is er derfan oertsjuge rekke dat it in flater wie om him foar dit projekt oan te melden, mar hy beslut troch te setten om't er noch nea samar opjun hat. Hy hat yn kaptein Ada Beaumont in earsten luitenant-guverneur en hy regelt mei har dat sy it deistich bestjoer fan 'e koloanje op har nimme sil. Boppedat is it mar foar trije jier, en dernei kin er syn funksje oan in oar oerdrage en werom nei hus. Al syn plannen draaie lykwols op neat ut as Beaumont op dei 58 fan 'e koloanje omkomt by in ungemak.

Under de minder as kreftdiedige lieding fan Conn giet it almar minder mei de koloanje. Der begjint in slepend konflikt mei grize calibans dy't de rivier oerstekke (dy't men de Styx neamd hat), om op it terrein fan 'e basis harren spiraalfoarmige ierdwalen oan te lizzen. It docht bliken dat it swiere materieel dat de kolonisten meijun is, net oer de salte seelucht kin, sadat it stikken giet en begjint fuort te roastkjen . Ta frustraasje fan syn underhearrigen ferbiedt Conn it harren om har buten it terrein fan 'e basis te bejaan, mei as gefolch dat men neat undersykje kin en ek neat mear oer Gehenna te witten komt as dat men al tocht te witten. As nei trije jier de skippen net komme, lit in elk de moedfearren hingje. Nei noch in healjier om 'e nocht wachte te hawwen, pakt Conn op in jun syn pistoal en sjit himsels troch de holle . Dermei haldt elts funksjoneel bestjoer fan 'e koloanje yn prinsipe op te bestean.

Cherryh beskriuwt de folgjende trijehundert jier yn in rige fan ferhalen , te begjinnen mei guon leden fan 'e earste generaasje . Marco X. Gutierrez, ien fan 'e oan 'e koloanje ferbune biologen , trout mei Jane Flanahan, in kommando dy't ta it befeiligingspersoniel heart. Jin 458-9998 is in azi fan klasse A dy't yn 'e earste dagen fan 'e koloanje op syn fersyk troch de opsjenners oan in oaren fan syn klasse, Pia 86-687, keppele wurdt. De bedoeling is dat se uteinsette sille mei it produsearjen fan 'e twadde generaasje kolonisten, en dat dogge se ek. Se krije de soannen Jin 2, Zed, Mark, Tam en Green en de dochter Pia 2. Mar de deepteach - apparatuer heart ta de ierste slachtoffers fan it klimaat op Gehenna, dat de opsjenners kinne de fjirtichtuzen azi's net mear leare hoe't se mei bern omgean moatte, bern dy't as normale minsken berne wurde, sunder de opleine geastlike beheinings fan harren alden . It gefolch is dat de azi's har bern net begripe en de bern harren azi -alden net. De bern krije gjin goede opfieding , mar groeie 'yn it wyld' op en dogge wat se wolle wannear't se it wolle.

Tagelyk fynt der in oare untwikkeling plak: Green is ien fan ferskate bern dy't apart is. Hy praat net en liket yn syn eigen wrald te libjen. Sokken as hy wurde weirds neamd, "raren", en ferlitte oer it algemien al op jonge leeftyd de minsklike maatskippij om har by de calibans yn har underierdske hoalen nei wenjen te setten. Cherryh suggerearret dat de weirds in minsklike geastlike adaptaasje ta symbioaze mei de calibans fertsjintwurdigje, mei wa't se empatysk of mooglik sels telepatysk kommunisearje kinne. De yntelliginsje fan 'e calibans wurdt noch altyd net troch it meastepart fan 'e minsken underkend, hoewol't de calibans begun binne mei it oerdekken fan 'e midden fan har spiralen mei ierden koepels , dy't meitiid utgroeie ta tuorren . Nearne oars op Gehenna dogge calibans dat, utsein oan 'e Styx, der't se minsklike gebouwen sjoen hawwe, wat dochs in teken oan 'e wand weze moatte soe.

Yn jier 22 wurdt Jane Flanahan-Gutierrez, de dochter fan Marco Gutierrez en Jane Flanahan, troch guon weirds meinommen yn 'e caliban-hoalen en ferkrefte . In wraakoefening troch har mem en de oare ald-kommando's tsjin 'e weirds rint op in ramp ut as de hiele ienheid by in troch calibans feroarsake ierdferskowing omkomt. Neitiid skinkt Jane Flanahan-Gutierrez it libben oan in dochter, Elly Flanahan-Gutierrez, de earste Elly. Underwilens hawwe Jin 2, Zed, Mark en Tam har net inkeld oan it alderlik gesach untlutsen, mar ek oan it gesach fan 'e basisautoriteiten, en sette se har nei wenjen yn 'e rotsheuvels op 10 km ofstan fan 'e basis, mei in grutte kliber fan 'e oare leden fan 'e twadde generaasje. Dermei begjint in stadich ferfal ta barbarisme .

Yn jier 58 arrivearret it Alliansje-romteskip de Ajax by Gehenna, op deselde deis dat Jin 458-9998, de leste noch libbene azi en de iennichste dy't nea opholden wie mei leauwen yn 'e weromkear fan 'e skippen, komt te ferstjerren . De wittenskippers fan 'e Alliansje binne skokt oer it flugge ferfal fan 'e koloanje en sitte mei de hannen yn it hier. De bern fan 'e azi's meitsje dudlik dat se der gjin belang by hawwe om krekt as har alden ta tsjinners fan 'e "berne minsken" makke te wurden, en wolle neat mei de wittenskippers te meitsjen hawwe. Uteinlik rjochtet de Alliansje in basis yn der't de fierdere untwikkeling fan 'e minsklike kultuer op Gehenna sunder yngripen wei bestudearre wurde sil. It planetestelsel fan Gehenna wurdt troch de Alliansje ta in reservaat utroppen. De pleatslike calibans binne untrestige troch de nije ynkringing en luke har werom nei in plak fier streamop oan 'e Styx.

Pia 2, dy't Ma Pia neamd wurdt, no de matriarch fan in grutte famylje , observearret jierrenlang fan in hege heuvel of de basis. Yn jier 72, as se heech op jierren is, giet se allinnich streamop om 'e calibans en har broer Green te sykjen. Fan har wurdt nea mear wat fernommen. Datselde jiers begjint de oplieding fan 'e jonge Dean, in neikommeling fan 'e leger dokter Bethany M. Dean, by de wittenskippers op 'e basis. Troch syn underrjocht komt er lykwols buten beide maatskippijen te stean, mei't er tefolle komt te witten om in normale Gehennees te wezen, wylst er op 'e basis net alhiel fertroud en likemin alhiel foar fol oansjoen wurdt.

Yn jier 89 wit Spencer, ien fan 'e wittenskippers fan 'e basis, dy't de calibans bestudearje wol, in Gehennees oer te heljen om gids foar him te spyljen. Dy gids is Jin 8, de betoerpakesizzer fan Jin 2. As it sjitgrage befeiligingspersoneel fan Spencer in brune caliban deadet, wurdt Jin 8 troch de weirds finzen nommen en meifierd yn 'e caliban-hoalen. Der yn it tsjuster wurdt hy de earste normale minske dy't leart om yn patroanen fan ierde mei de calibans te kommunisearjen. It docht bliken dat alle opsmiten fan ierdwalen foar de calibans in foarm fan kommunikaasje is, as skreaune se op it oerflak fan 'e wrald. Yn reaksje op it deadzjen fan 'e brune caliban sette de calibans neitiid de oanfal yn op 'e basis, it Gehenneeske doarp deromhinne en it Gehenneeske doarp yn 'e heuvels. De basis rekket slim skansearre troch de undergravende aktiviteiten fan 'e calibans, mar wurdt net folslein ferwuostge. Fan 'e beide delsettings fan 'e Gehennezen bliuwt frijwol neat oer.

By dit barren fungearret Jin 8 as wurdfierder foar de calibans. Ear't de ferwuostging begjint, seit er de ynwenners oan dat se tenei mei de calibans yn har tuorren libje sille. In soad lju lizze har derby del om't se gjin oare kar hawwe, mar oaren besykje fuort te flechtsjen mei alle besittings dy't se drage kinne. Mank dy groep is Cloud, soan fan Cloud, soan fan Jin 4, in soan fan Ma Pia dy't mei Elly Flanahan-Gutierrez troud wie. Mei syn frou en bern , syn suster Pia en syn beppe Elly wit er yn 'e nacht te untkommen. Underweis pikke hja Dean op, dy't ek op 'e tiid utpykt is. Hja flechtsje nei it suden, mei't Dean fan satellytfoto's wit dat der in oare grutte rivier streamt. Oan 'e muning derfan sette hja har nei wenjen en meitiid jouwe alle oare flechtlingen har der by harren. De rivier wurdt nei Cloud Cloud's River neamd. Dean, dy't de alde lochboeken fan Marco Gutierrez leze kin, wurdt in foaroansteand lid fan 'e mienskip, en trout mei Cloud syn suster Pia.

Yn jier 188 binne de Gehennezen ferdield oer ta steatsferbannen: Styxside en Cloudside . Op beide plakken hawwe se in foarm fan symbioaze mei de calibans en de ariels berikt en libje se mei dyselden gear yn spiraalfoarmige tuorren fan ierde, understipe troch hout en oare materialen. Oan 'e Styx regearret de line fan Jin 8, wylst oan 'e Cloud de line fan Dean en Pia Flanahan it bewald fiert. De Styxsiders binne lykwols ferfallen ta in jager-sammelderkultuer werby't jagers de heechste maatskiplike klasse foarmje en froulju net yn tel binne. Grize calibans wurde bejage en opiten. De Cloudsiders foarmje in maatskippij fan fiskers en lanbouwers , dy't de calibans en de ariels mei respekt behannelje.

Dizze seksje fan it ferhaal begjint as Elizabeth McGee, in ksenologe fan 'e Alliansje, yn 'e kunde komt mei it tinerfamke Elai (in ferbastering fan 'Elly'), de erfgenamte fan 'e hearskeresse fan Cloudside. Elai dreamt derfan om nei de eilannen te swimmen dy't se foar de kust lizzen sjen kin, mar as sy en har caliban Scar dat besykje, wurde se oanfallen troch ien fan it 'seefolk', in wierskynlik oan 'e calibans besibbe soarte fan reptilen dy't yn 'e see libbet. Elai soe op it stran deablet weze as McGee de regels net oertrede hie om har te helpen. Nei't bemuoienis fan Elai har mem en de direkteur fan 'e basis kontakt tusken McGee en Elai jierrenlang unmooglik makket, lit Elai McGee yn jier 204 wer by har bringe, as har mem ferstoarn is en sysels hearskeresse oer Cloudside wurden is.

Yn Styxside hat de wrede hearsker Jin 12 al jierren guon wittenskippers fan 'e Alliansje yn syn hofhalding . Nettsjinsteande it feit dat de wittenskippers formeel inkeld observearje meie, lit harren lieder Genley him troch Jin ynpakke. No't se der de kans ta kriget, wifelet McGee mar hiel koart om itselde soarte help oan Elai te jaan, werunder antybiotika dy't de stadichoan weikwinende frou fan har oanhaldende lege koarts ofhelpe. Nei ferrin fan tiid giet McGee mei Scar en de weirds nei de undergrunske hoalen ta, der't se as earste butensteander, nei't it skynt holpen troch in langere perioade fan sintuchdeprivaasje , leart hoe't se yn patroanen mei de brune calibans kommunisearje kin.

Uteinlik liket Jin 12 in iepentlike oarloch te begjinnen tsjin Cloudside, mar letter docht bliken dat er derby wierskynlik manipulearre is troch de calibans. Elai en har folk ride him yn 'e mjitte, en yn 'e fjildslach sneuvelet Jin as syn caliban Thorn troch de alde Scar deade wurdt. Dernei slane de Cloudsiders al rillegau op 'e flecht, mooglik, sa wurdt suggerearre, om't de calibans net foar harren fjochtsje wolle. Neitiid wurde alle tuorren fan Styxside troch de calibans fan Cloudside omsmiten. De oerlibjende Gehennezen derwei jouwe har by de Cloudsiders. Elai en McGee oerlibje de slach, mar Scar rekket sa swier ferwune dat er neitiid stjert. Elai lit dan de moedfearren hingje en hat sunder eigen caliban ek net mear it gesach om oaren har wil op te lizzen. Boppedat is har erfgenamt Din (in ferbastering fan Dean) noch mar san jier en lizze har rivalen op 'e loer, dat it sjocht der nei ut dat ek Cloudside utinoar falle sil.

McGee eigenet har dan it rjocht ta om oan 'e igge fan 'e Cloud in eigen patroan fan san en stiennen te meitsjen, weryn't se Elai har Earste Toer ferbynt mei de rivier, de kust, de eilannen, oare kontininten en de basis, it romtestasjon en sels oare planeten , ynsafier't se sokke begripen dudlik werjaan kin. De calibans reitsje troch dit nije patroan alhiel yn unstjoer en geane allegear ut Cloudside wei, wernei't se oare kant de rivier oan it graven slane. Patroanen ferrize en ferdwine wer ear't se folslein binne, en McGee konkludearret dat de calibans mei-inoar yn berie binne. Se beseft dat sysels, yn har unwittendheid, foar it alderearst minsklike ideeen utlein hat op in wize dy't calibans begripe kinne, mei't de kommunikaasje earder hast utslutend ienrjochtingsferkear fan 'e calibans nei de minsken ta west hie. As de calibans nei ferrin fan tiid weromkeare, ferwachtet eltsenien dat se de tuorren en ikkers fan Cloudside ferrinnewearje sille sa't se mei Styxside dien hawwe, mar dat bart net. In brune caliban dy't twaris sa grut is as de alde Scar, komt op Elai of en jout him by har troan del. Syn namme is Sun, en hy sjocht goedkarrend ta as de Cloudsiders uteinsette mei de bou fan in earste skip om nei de eilannen te farren.

Forty Thousand in Gehenna einiget mei in koarte epilooch . Yn jier 305 befynt Marik, soan fan Cloud, soan fan Elai, him oan board fan it romtestasjon om 'e planeet Fargone hinne, yn 'e Uny. Hy is mei syn brune caliban Walker op reis nei in planeet der't in nije foarm fan yntelligint libben untdutsen is. De wittenskippers kinne der lykwols gjin tou oan festknoopje, dat derom binne se nei Gehenna ta kommen. "Gehennezen sjogge de dingen op oare manearen," seine se. "Gean der ris hinne en sjoch ris wat jimme derfan meitsje, josels en Walker." Dat dat soene se dwaan.

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Cherryh, C.J. , Forty Thousand in Gehenna , New York, 1983 (DAW Books), ISBN 0 93 20 96 263 .
  • Cherryh, C.J. , Alliance Space (omnibusedysje fan Merchanter's Luck en Forty Thousand in Gehenna ), New York, 2008 (DAW Books), ISBN 978-0 75 64 04 949 .