Net te betiizjen mei in
searjefilm
.
In
filmsearje
,
filmrige
of
filmfranchise
is in rige byinoar hearrende
films
, dy't yn deselde wrald spylje, en faak deselde
haadpersoan(en)
hawwe. It ferskil tusken in filmsearje en in
tillefyzjesearje
is dat by in tillefyzjesearje in yn 't foar feststeand oantal
ofleverings
makke wurdt foar in hiel
tillefyzjeseizoen
. By in filmsearje komme de dielen ut yn 'e
bioskoop
(en net yn it foarste plak op 'e
tillefyzje
), en boppedat is der in tuskentiid tusken de dielen fan oer it algemien teminsten in jier en soms wol fiif jier of noch langer. As men poer sjocht nei
bruto
-
opbringst
yn
Amerikaanske dollars
, is de
superheldefilmrige
fan it
Marvel Cinematic Universe
de meast suksesfolle filmsearje aller tiden. As lykwols de opbringsten oanpast wurde oan 'e
ynflaasje
, is de
Star Wars
-rige it meast suksesfol.
In filmrige kin fan it begjin of oan pland wurde, bygelyks as in
trilogy
. Men kin dan tinke oan
The Lord of the Rings
-
trilogy
fan 'e
Nijseelanske
regisseur
Peter Jackson
(
The Lord of the Rings: The Fellowship of the Ring
,
The Lord of the Rings: The Two Towers
en
The Lord of the Rings: The Return of the King
). In oar foarbyld is de filmtrilogy
Trois Couleurs
, fan 'e
Poalske
regisseur
Krzysztof Kie?lowski
, mei de films
Trois Couleurs: Bleu
,
Trois Couleurs: Blanc
en
Trois Couleurs: Rouge
. Soms docht de earste film it yn 'e bioskopen net goed genoch, en wurdt de rest fan 'e searje skrast. Soks barde bgl. mei
The Golden Compass
.
It komt lykwols ek in protte foar dat in
film
it sa goed docht yn 'e
bioskopen
, dat de makkers beslute om ien of mear
ferfolchfilms
(
sequels
) te meitsjen. Dat wie bgl. it gefal by films as
Dirty Harry
,
Die Hard
en
American Pie
. Soms kiest men derfoar om in
prequel
te meitsjen, in film dy't spilet foarofgeande oan 'e oarspronklike film. Dat wie bgl. sa mei
Butch Cassidy and the Sundance Kid
, dy't einige mei de
dea
fan 'e beide haadpersoanen. Doe't dy film in grut sukses waard, besleat men om
Butch and Sundance: The Early Days
te meitsjen, dy't de jonge jierren fan 'e beide haadpersoanen sjen lit.
De list hjirunder jout (nei de stan fan saken fan
16 oktober
2018
) alle filmsearjes wer dy't mear
opbrocht
hawwe as
$
500 miljoen.
Dizze kleur jout filmsearjes oan dy't hearre ta in grutter gehiel (sa makket
Harry Potter
diel ut fan
J.K. Rowling's Wizarding World
). Ynsafier't ek it gruttere gehiel yn 'e understeande list opnommen is, krije dizze 'dielsearjes' gjin rang.