한국   대만   중국   일본 
Ferslachjouwer - Wikipedy Springe nei ynhald

Ferslachjouwer

Ut Wikipedy
In ferslachjouster oan it wurk.

In ferslachjouwer of korrespondint (de Ingelske term reporter komt ek foar) is in soarte fan sjoernalist dy't fan nijsfeiten ferslach docht fanof it plak der't it foarfal bart (of bard is). Hoewol't men by it hearren fan it wurd "ferslachjouwer" yn 'e regel yn it foarste plak tinkt oan tillefyzjeferslachjouwing , kin de term likegoed slaan op radio en de skreaune parse . Faak wurde ferslachjouwers foarfest yn in beskaat part fan 'e wrald stasjonearre om derwei te berjochtsjen. Sa wiene yn it ferline bgl. Haye Thomas en dernei Charles Groenhuijsen jierrenlang de korrespondinten fan it NOS Journaal yn 'e Amerikaanske haadsted Washington, D.C.

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch under: Notes en Further reading , op dizze side .