Diktatuer

Ut Wikipedy

In diktatuer (fan it Latyn : dicere , wat "sizze" of "sprekke" betsjut) is in steatsfoarm der't ien persoan, de diktator , it allinnich foar it sizzen hat. Faak is by dizze steatsfoarm sprake fan systematyske underdrukking fan oarstinkenden (saneamde dissidinten ) en oare tsjinstanners fan de diktator. Dermei stiet de diktatuer streekrjocht oer foar de demokrasy , der't de mearderheid fan de befolking it lansbestjoer kiest. Meastentiids giet dizze foarm fan regearjen gear mei misstannen, werby't te tinken falt oan selsferriking troch de diktator en it finzensetten of fermoardzjen fan tsjinstanners.

Diktatueren komme faak ta stan troch in militere steatsgreep . Foarbylden derfan binne de militere junta's dy't foarhinne yn Latynsk-Amearika foar master opsloegen. Lykwols binne diktators yn guon gefallen, lykas Adolf Hitler yn nazy-Dutslan , fia demokratyske ferkiezings oan de macht kommen. Ienkear oan de macht skaffe sokken ornaris de demokrasy of.

Sjoch ek [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch under: References en Further Reading , op dizze side .