David Crowchild
(
Tsuu T'ina
(
Alberta
),
12 april
1899
? dere,
10 april
1982
) wie in
Kanadeesk
boer
,
rodeocowboy
en
politikus
fan
etnysk
Yndiaansk
komof
. Hy tsjinne san
jier
lang as opperhaad fan de
Sarsy Naasje
en die yn dy tiid in protte om 'e libbensomstannichheden yn it
Sarsy Yndianereservaat
by
Calgary
te ferbetterjen. Teffens wied er lid fan ferskate
kommisjes
en
organisaasjes
dy't har ynsetten foar
lykberjochtiging
fan 'e
Yndianen
yn
Kanada
en foar ferbettering fan 'e relaasjes tusken Yndianen en
blanke Kanadezen
. Yn
1971
waard de
autosnelwei
it
Crowchild Trail
nei him ferneamd.
Crowchild waard yn
1899
berne
yn it
Sarsy Yndianereservaat
, under de reek fan 'e
sted
Calgary
, yn 'e
Kanadeeske provinsje
Alberta
. Hy wie de
soan
fan Mark Crowchild en Sarah Big Plume, dat beiden folbloed
Sarsy
-
Yndianen
wiene. In
foarfaar
fan him wie it opperhaad Bollekop, dy't yn
1877
te
Blackfoot Crossing
mei fertsjintwurdigers fan it
Britske
koloniale bestjoer
yn
Kanada
foar de Sarsy it
Ferdrach Nu. 7
sleat. Crowchild genoat
underwiis
oan 'e
anglikaanske
kostskoalle
St. Barnabas oant er santjin
jier
wie.
Neitiid sette er him wer nei wenjen yn it
reservaat
fan syn
folk
, der't er himsels underhold mei it
fokken
fan
hynders
en it
ferbouwen
fan
gewaaksen
. Dernjonken naam er nei
1923
mear as tweintich jier lang yn it
rodeosirkwy
diel oan it
wyldhynsteriden
en it
chuckwagonracen
(mei
chuckwagons
, in soart fan
kapweinen
). Dermei wied er fral op de
Calgary Stampede
aktyf. Yn
1929
troude Crowchild mei in Daisy Dawn, mei wa't er fiif
bern
krige, werfan't lykwols twa al jong kamen te
ferstjerren
oan
harsensfluesuntstekking
. De oerlibjende bern waarden troch de Kanadeeske
oerheid
nei kostskoallen ta stjoerd, sa't doedestiden wizansje wie foar Yndiaanske bern, dy't yn 'e
blanke kultuer
'
assimilearre
' wurde moasten.
Crowchild waard yn
1946
keazen ta opperhaad fan 'e
Sarsy Naasje
, in funksje dy't er san jier utoefene, oant
1953
. Yn dy tiid soarge er dat der in
skoalle
yn it reservaat boud waard, sadat oerheidsynstansjes brekme oan underwiisfasiliteiten neitiid net mear bruke koene as in argumint om 'e Yndiaanske bern oan it
alderlik gesach
te untskuorren. Fierders liet Crowchild ek de
wegen
reparearje en rjochte er in
kooperative
pleats
op yn it reservaat, mei in
keppel
kij
dy't eigendom fan 'e hiele stamme wie. Hy wie in
garismatysk
persoan, dy't in protte die om it byld te ferbetterjen dat de blanke ynwenners fan Calgary fan Yndianen hiene. Lykwols wegere er en jou de eigen
kultuer
op, en as er formele
gearkomsten
yn 'e sted bywenne, soarge er altyd dat er
tradisjonele
Yndiaanske
dracht
oan hie,
fearretoai
ynbegrepen. Mei dy pronk oan waard er as fertsjintwurdiger fan 'e Sarsy yn
1951
ek yn 'e kunde brocht mei de Britske
keninginne
Elizabeth II
en har
prins-gemaal
, de
hartoch fan Edinburch
, doe't dy Kanada besochten.
Ek nei't er syn termyn as opperhaad uttsjinne hie, bleau Crowchild belutsen by de
polityk
. Hy wie lid fan guon
kommisjes
en siet yn it
bestjoer
fan ferskate
organisaasjes
, lykas de Calgary Pioneers and Old Timers Association, de Kanadeeske Ried fan Kristenen en Joaden en de Calgariaanske ofdieling fan 'e Kanadeeske Boargerskipsried. Al yn
1945
wied er ta
foarsitter
keazen fan 'e
Yndiaanske Feriening fan Alberta
(IAA), en by dy
feriening
bleau er de rest fan syn libben belutsen. Hy gie sels in pear kear as fertsjintwurdiger fan 'e Albertaanske Yndianen nei de Kanadeeske federale
haadsted
Ottawa
ta. Tagelyk wie syn
frou
Daisy belutsen by in grut tal
frouljusorganisaasjes
.
Yn
1971
besleat de
gemeente
Calgary
om noch by syn
libben
it
Crowchild Trail
nei Crowchild te ferneamen. Dat is in
autosnelwei
dy't oer in ofstan fan rom 22 km ut
noardwestlike
rjochting nei Calgary ta liedt. Hjoed de dei is it ien fan 'e wichtichste
ferkearsieren
fan 'e sted. Crowchild hie de
eare
om 'e dyk eigenhandich te iepenjen. Derby spriek er de wurden:
"Lit dit linte dat ik hjir trochknip in symboal weze foar it trochsnijen fan alle barrieres tusken alle folken oant yn ivichheid. Dat in elk dy't it Crowchild Trail brukt yn beide rjochtings feilich en mei weardichheid reizgje mei en yn freonskip mei eltsenien."
David Crowchild
ferstoar
op
10 april
1982
yn it Sarsy Reservaat under Calgary, twa dagen foar syn 83e
jierdei
.
De
Chief David Crowchild Memorial Award
is in nei Crowchild ferneamde
underskieding
dy't sunt
1986
op
jierlikse basis
utrikt wurdt troch de
gemeente
Calgary
oan in persoan, groep of organisaasje dy't krewearre hat foar ynterkultureel begryp tusken de lanseigen en net-lanseigen kultueren yn Calgary, dy't besocht hat om 'e Kanadeeske
maatskippij
yn it algemien de wearde en unykheid fan 'e lanseigen kultueren by te bringen, en dy't Yndianen en leden fan oare lanseigen groepen oanfitere en/of understipe hat op it med fan
underwiis
,
wurk
en
oplieding
.
[1]