Boek

Ut Wikipedy
Alde boeken
Dizze side giet oer ' boek' yn de sin fan in ynbun dokumint . Foar oare betsjuttings, sjoch: Boek (betsjuttingsside) .

It boek is in soad brukte wize om ynformaasje fest te lizzen yn de foarm fan tekst en yllustraasjes en om dy ynformaasje wer te jaan, op te slaan en te fersprieden. It is in dokumint fan gauris net al te lytse omfang.

Omskriuwing en etimology [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

In boek is yn tradisjonele sin in gearfoege hoemannichte papier mei tekst, ofbyldings of allebeide. Dernjonken wurdt mei de term de oanbelangjende ynformaasje, of in lyksoartige sammeling ynformaasje, oantsjut (‘in boek skriuwe’, ‘in boek downloade’).

It wurd ‘boek’ komt foar’t neist fan it Germaanske wurd foar boek , boche . De omslaggen fan de earste boeken wiene nammentlik makke fan rjochthoekich (boeke)hout. It Grykske wurd ‘’biblia’’ (boeken) is it meartal fan ‘’biblion’’ wat oarspronklik ‘ papyruske ’ betsjutte, it materiaal der’t yn de aldheid meast op skreaun waard, en letter brukt waard as oantsjutting fan papier , skrift en boek(role) .

Siednis fan it boek [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

In boek utsykje yn in bibleteek

Foar’t de hjoeddeistige boekfoarm mei siden, de codex , utfun waard, bestie skreaune ynformaasje-oerdracht al yn de foarm fan ynbeiteljen yn stien, boekrolen fan papyrus of perkamint , klaaitabletten , stikken bonke, learen fellen en soksoarte guod. Koarte notysjes dy’t net bewarre hoegden te wurden, waarden meastentiids op diggels skreaun. Dat kaam sa om’t yn elts hushalden skalen, bekers en foarriedfetten fan keramyk brukt waarden en der geregeldwei wat briek sadat der oan diggels gjin brek wie.

Romeinen [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De Romeinen skreaune harren notysjes op waakstaffeltsjes . Sa’n waakstafel bestie ut in plankje mei in lyts opsteand rantsje der’t bijewaaks yn oanbrocht wie. Mei in stift (in stylus ) skrasten se dan it boadskip yn de waaks. As it boadskip net mear nedich wie, strutsen de waaks wer gled en koe it waakstaffeltsje fannijs brukt wurde. Foar langere tynges brukten se meardere waakstaffeltsjes. As dy dan mei in (learen) skernierke meiinoar ferbun waarden, untstie in soarte fan boekfoarm (codex). It boek sa’t wy dat kenne is sadwaande foar’t neist in Romeinske utfining.

Kodeks fersus boekrole [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Se seagen al gau de foardielen fan in kodeks foar de gebruklike boekrole oer. De kodeks is handiger by it opsykjen fan ynformaasje troch te bledjen, wylst de boekrole meast in hiel stik ofrole wurde moast. In kodeks kin folle mear ynformaasje befetsje (om’t fan de bleden beide siden brukt wurde) en is boppedat folle robuster troch de stive boekban as de skuorgefoelige boekrole. Fan it begjin fan de kristlike jiertelling of ferkrong de kodeks de boekrole dan ek gau.

Midsiuwen (tusken sawat 400 en 1400 nei Kristus) [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Om fersliten boeken te ferfangen of mear eksimplaren te meitsjen, waarden de manuskripten mei de han en in oanskerpe reidpinne of guozzefear oerskreaun troch saneamde kopiisten Yn de aldheid barde dat meastentiids yn de hellenistyske bibleteken yn opdracht fan de oerheid, inkeld ek yn opdracht fan rike utjouwers dy’t meardere eksimplaren brek wiene foar de ferkeap. Yn de Midsiuwen fertrouden se dat wurk meast ta oan muontsen yn kleasters . Der hiene se by de kleaster bibleteek meast in spesjale skriuwromte foar, it skriptoarium . Der koene de muontsen der sa lang oer dwaan as nedich wie om in boek kreas oer te skriuwen; boppedat pasten se faak kalligrafy ta en allerhande fersierings en yllustraasjes. It wurd muontsewurk hat derom de betsjutting krigen fan langduorjend en sekuer wurk. Se brukten der swarte inket by; reade inket keazen se foar de fersierings en begjinletters.
De kopiisten skreaune mei ferdrach mar troch unkunde en wurgens net altyd frij fan flaters boeken oer fan de saneamde lizzer of it oarspronklik besteande boek. Troch it muoisume wurk fan it kopiearjen begun de hiele lea linkendewei sear te dwaan. Hoewol’t mar ien han ferweegde rekke de hiele lea stikken. Fersinnen sjogge jo nei kontrole yn baren troch de tekst bewegen, op dy stuiten dat it omtinken fan de kopiist nei skoften wurk minder waard. Sa makke in kopiist fan Godfried fan Bouillon de unbekende figuer ‘Godefridus fan Beliren’. In oare kopiist skreau ea oer de mem fan God Maria yn stee fan 'een rose boven alle bloemen' slim ofwezich 'haese boven alle bomen'.
Ien fan de bekendste hanskriften ut dat tiidrek is it Brugske Gruuthuse-hanskrift fan om 1400 hinne, dat eaget as in mansk boekwurk.

Budelboek [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Yn de midsiuwen bestie der in budelboek, in gebedeboek, manuskript of printe, werby’t oan de underkant fan de ban in budel of sek ferbun wie, dy’t as it boek net brukt waard, nei boppe lutsen waard en mei in koarde tichtreaun, sadat it tsjin skeinen beskerme wie.

Utfining boekprintkeunst [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De utfining fan it printsjen mei losse letters op papier makke fan healwei de 15e iuw of it untjaan fan de meganyske boekdrukkeunst mooglik. Mooglik bestie dy keunst yn it Fiere Easten, Midden-Amearika en it Midden-Easten al earder en is dy as it ware hieltyd fannijs utfun. Yn 1442 waard it allerearste mei losse letters printe boek utjun. It earste boekwurk dat yn oplage printe waard wie de Gutenbergbibel . Dernei kaam de massaproduksje fan boeken flot op gong. Boeken dy’t set binne mei losse letters, printe foar 1 jannewari 1501 yn Jeropa, wurde ynkunabelen neamd. It printsjen mei losse letters waard letter ferfongen troch allerhande oare en flottere printtechniken lykas de rotaasjedruk der’t de printplaat silinderfoarmich by is. Dy printsilinder waard om in role dien en yn in drukmasine set der’t fia ferskate oare rolen in role papier troch fierd waard. Dertroch koe yn in kontinu proses tige flot printe wurde.
Troch de boekprintkeunst ferdwynt stadichoan it hanskrift ut de literatuer as opslachfoarm. It oerlibbet noch as helpmiddel foar akteurs , kladden foar skriuwers en kopij foar printers.

Twadde helte 19e iuw en 20e iuw [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Yn de 19e iuw en 20e iuw kamen hieltyd mear middels ta foldwaan foar de utjefte fan it skreaune wurd yn boekfoarm troch it utfinen fan efterinoar de typmasine , de stinselmasine , it kopiearapparaat en de persoanlike kompjuter mei printer .

Soarten boeken [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Boeken kinne yndield wurde nei foarm en nei ynhald. Fansels makket by in papieren utjefte de grutte fan de ynhald (en mei de grutte fan de letters, de hoemannichte wyt en de tsjokte fan it papier) ek de omfang ut. De omfang is lyts ferlike mei de grutte fan de ynhald by bygelyks in lytse Bibel (troch in behindich lettertype en tin papier) en grut by boeken foar lytse bern en lju dy’t min sjen kinne (grutte letters, faak ek dikker papier).

Foarm [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Papieren boek [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

In boek is opboud ut de binnenkant, besteande ut katernen , en in butenkant, it kaft of de boekban :

  • Katernen besteane ut ien of meardere kearen tearde fellen beprinte papier (inkeld- of dubeldsidich) dy’t yn in beskate folchoarder yninoar skood wurde (neffens it saneamde ynslachskema of opinoar lein wurde. De wize fan tearen en it gearstallen fan de katernen meitsje beide de ta te passen numering fan de te underskieden siden op it katern ut. Nei it op maat snijen wurde de katernen gearstald ta it ‘boekblok’: bygelyks oaninoar naaid (brosjearre) en/of lime (lumbeckt) yn de boekban, mei of sunder skutbleden. It boekblok is it hert fan it boek.

By naaide katernen binne de skutbleden derfoar om de boekban oan it boekblok te ferlymjen. Lime boeken (bygelyks byldferhalen) ha gjin skutbleden, om’t harren funksje net nedich is.

  • De boekban bestiet, hielendal of foar in part, ut in foarplat, in efterplat en in rech. Om’t boekblok en boekban separaat makke wurde, kinne by ferskillende oplages ferkearde gearbinings foarkomme: alde boekblokken yn nije, wizige boekbannen en oarsom. Guon boeken ha in stofomslach, in manier om de oandacht te luken.
Brosjuere [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

In brosjuere is in boek fan lytse omfang. In brosjuere bestiet ut meardere fellen teard papier, dy’t yn de rech byinoar holden wurde troch bygelyks kramkes. It tal siden is altyd it meartal fan fjouwer. Hjoeddedei wurde brosjueres yn in digitale printomjouwing lykwols ek wol lime en derby jildt it meartal fan fjouwer net wylst de fellen meast ek net teard wurde mar ut A3-oversized snien.

Pocketboek [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Goedkeaper, mar minder duorsum as in naaid as bun boek is it pocketboek , koartwei de pocket. De rech fan in pocket is lime; it kaft is in papieren omslach mei in plestyk laachje en de siden binne meast fan in wat mindere papierkwaliteit.

E-boek [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

In boek kin ek de foarm fan in digitale tekst hawwe, al of net mei ofbyldngs. Jo hawwe it dan ek wol oer in e-boek , dat download wurde kin of op in gegevensdrager stiet. It is te bruken troch fan in skerm of te lezen of ut te printsjen. Ek binne der underwilens spesjale e-boeklezers makke, spesjale apparatuer der’t e-boeken mei lezen wurde kinne, gauris mei in spesjaal soarte skerm, saneamd e-papier . E-boeken kinne ek lezen wurde op handhelds lykas Palm, Pocket PC en smartphones .

Learboeken [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

In learboek of studzjeboek is in boek der’t men wat ut leare kin. Learboeken wurde gauris brukt yn lesmetoaden op in basisskoalle of yn it fuortset underwiis of op de universiteit . Edukative utjouwerijen meitsje learboeken. Ek in ynformatyf boek is in soarte learboek.

Dwerslizzers [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

In lytser boekformaat, te ferlykjen mei de earder neamde lytse Bibel mei syn behindige letterthype en tinne papier, is de dwerslizzer .

Ynhald [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Boeken kinne globaal yndield wurde yn de folgjende kategoryen:

  • fiksje : de lezer fermeitsje, foarmje of ferrykje troch de fantasy fan de auteur
  • non-fiksje of ynformatyf boek: it doel is om ynformaasje fan de auteur oer te dragen oan de lezers

Der binne it literere boek, it (alderwetske) printeboek en it fotoboek . Elts boek wurdt yn in beskate kategory yndield, lykas sciencefiction , roman , poezij of detektive , en foarsjoen fan in Ynternasjonaal Standert Boeknumer ( ISBN ), in universeel administraasjenumer. Ek wurde de skriuwer(s), de utjouwer, de eventuele oersetter en oarspronklike titel, de ferskate printingen en oare bysunderheden yn it boek opnommen, meastentiids yn it kolofon , dat meast foar yn it boek en inkeld efteryn te finen is. Gauris hat in boek in prolooch (foarwurd) nedich en/of in ynlieding. Guon boeken ha in epilooch (neiwurd).

In boek hat in foarwurk, in haadpart en in neiwurk. It foarwurk hat faak in Franske- of titelside, in copywrightside, in foarwurd en in ynhaldsopjefte. It haadpart hat de haadstikken, meastentiids in soad siden ynhald en inkeld yllustraasjes en/of foto’s. It oansjen wurdt utmakke troch de brukte lettertypes, de bledspegel , de tekstyndieling, de papiersoarte, it formaat en de foarm fan it boek.

Produksje, distribusje en ferkeap [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De auteur skriuwt in boek meast mei in tekstbewurker, dernei wurdt in elektroanysk manuskript (hjir dus net yn de letterlike betsjutting fan in hanskreaune ferzje) nei de utjouwer stjoerd. In papieren boek wurdt printe troch in printer en bun troch de boekbiner . In distributeur fersoarget meast de logistyk fan it fersprieden nei boekhannels en oare ferkeapplakken; dernjonken binne der systemen foar de distribusje fan e-boeken. By distribusje en ferkeap binne boekdata fan belang om it yndividuele boek fine te kinnen tusken de miljoenen leverbere titels. By it produsearjen fan boeken binne njonken auteur, utjouwer en printer under oaren grafysk foarmjouwers , yllustrators , boekbanuntwerpers , fotografen , redakteuren en korrektors belutsen, wa’t mar foar in utjefte nedich binne.

In och sa bekende ‘merk’ foar boeken, der’t utjouwers ut de hiele wrald inoars utjeften besjen kinne en titels foar oersetten keapje kinne, is de jierlikse Frankfurter Buchmesse .

Parten fan boekoplages dy’t net of net flot genoch ferkocht binne, geane meastentiids yn de trochferkeap. Der binne boekemerken en boekhannels spesjaal foar healsliten boeken of de ' ramsjmerk ’ de grutste en bekendste derfan wie De Slegte en hjoeddedei 2017 it Fryske Tialda B.V. fan Steven Sterk.

By literere utjeften is benammen de earste printinge fan in boek fan belang by lettere antikwaryske ferkeap. Benammen de skriften fan bekende skriuwers kinne dan in hiel soad mear opsmite.

Nijsgjirrich [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Begjin oktober 2010 presintearre in Australyske utjouwer op de Frankfurter Buchmesse it fysyk grutste oant dan ta printe boek. It gie om in atlas fan 1,8 by 2,75 meter en koste 72.000 euro. Jo hawwe beide hannen nedich om der trochhinne te bledzjen.

Der binne yn Nederlan sunt 1970 mear as 1 miljoen titels utjun, en alle dagen komme der sawat 60 titels by. [1]

Sprekwurden en siswizen [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

  • Hy is in iepen boek - syn inerlik is dudlik te lezen
  • In boekje iepen dwaan oer wat of immen - ferburgen ynformaasje nei buten bringe oer in persoan of situaasje

Ferskaat [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

  • Het Boek is de titel fan in Nederlanske en ynternasjonale (The Book) Bibeloersetting
  • Metafoar: ‘Myn oarehelte, dat is in moai boek, mar ik ha it al ut' (kabaretier Wim Sonneveld )

Literatuer [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

  • Krimpen, Huub van, Boek, over het maken van boeken , Veenendaal, Gaade Uitgevers, 1986, 552 s., ISBN 9060175212 bun (wersjoene, twadde printinge).
  • Lernout, Geert, Een beknopte geschiedenis van het boek , Antwerpen, Meulenhoff/Manteau, 2004, 352 s., ISBN 9789059900042 .
  • Alberto Manguel Een geschiedenis van het lezen , Amsterdam, Ambo/Anthos, 1999, 416 s., ISBN 9789026319051 (oersetting fan A History of Reading , 1996).
  • Herman Pleij , Het gevleugelde woord. Geschiedenis van de Nederlandse literatuur 1400-1560 , 2007, Bert Bakker, ISBN 9789035130906 .
  • Lommen, Mathieu, Het boek van het gedrukte boek , Amsterdam, Amsterdam University Press, 2012, 480 s., ISBN 9789081489232 bun.

Eksterne link [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Cijfers van BoekLezers.nl, het Nederlandse sociale netwerk voor boeken BoekLezers.nl