Budapest

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Boedapest )
Budapest
Polityk
Lan Hongarije
Provinsje Haadsted Budapest
Sifers
Ynwennertal 1,721,556 (2010)
Oerflak 525,16 km²
Befolkingsticht. 3.241,5 / km²
Stedekloft 3.271.110
Hichte m
Oar
Tiidsone CET ( UTC +1)
Simmertiid (UTC+2)
Koordinaten
Offisjele webside
(in) (du) Webstee Budapest

Budapest of Boedapest ( Hongaarsk : Budapest ) is de haadsted fan Hongarije . Yn de sted wennet likernoch in fiifde part fan alle ynwenners fan it lan. De sted leit op beide iggen fan de rivier de Donau , en is in gearfoeging, ut 1873 , fan Buda en Ald Buda op de rjochter igge, en Pest op de lofterigge.

De sted spilet in dominante rol yn it lan op ungefear alle meden (bestjoer, hannel, yndustry, ferkear, kultuer). Butendat is de sted it wichtichste ferkearsknooppunt en (hieltiten mear) it kulturele hert fan Sintraal-Jeropa.

Skiednis [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De iggen fan de Donau waarden eartiids al troch de Kelten bewenne. De Romeinen bouden op it plak fan it hjoeddeiske stedsdiel Obuda in legerkamp Aquincum der't letter in boargerlike delsetting untstie. Op it hichtepunt fan de Romeinske tiid herberge de sted 30.000 ynwenners en wie haadplak fan de Romeinske provinsje Pannoonje . Under de Grutte Folkeferfarren yn de 5e iuw rekke de sted yn ferfal en lutsen de oarspronklike bewenners fuort. Neikommers kamen, Slavyske stammen en ut dy tiid stammet nei alle gedachten de namme Buda ('lyts hus','hut') foar it diel oan de rjochter igge en Pest ('hol') foar de oare igge, miskien troch de protte hollen, dy't har der doe yn de heuvels befun. Iuwen letter yn de 10e iuw ferskynde in oar folk, de Hongaren , dy't by Buda op in strategyske heuvel yn 1247 in kastiel bouden dat yn 1361 haadsted fan it keninkryk Hongarije waard.

Yn 1526 makkke de Turken in ein oan it Hongaarske ryk en ferovere de sted. Fan 1686 of wie Budapest yn Eastenrykske hannen en kaam under Habsburgsk bewald, dat oant 1918 oan de macht bliuwe soe. Yn dy tiid makket benammen Pest in manske groei troch, en op de ein fan de 19e iuw bedroech de befolking om-ende-by 730.000 ynwenners.

Yn de 20e iuw waard de sted fierder utwreide mei de nije stedsdielen (Ujpest, Kispest, Angyalfold). De Twadde Wraldkriich wie dramatysk mei de deportaasje en ferneatiging fan de grutte joadske mienskip troch de nazis dy't de sted yn 1944 besetten. De befrijing troch de Sowjet-Uny wie feitlik in nije besetting mei as djiptepunt it delslaan fan de Hongaarske opstan yn 1956 troch deselde Sowjet-Uny. Dizze foarfallen hawwe alle har spoaren neilitten yn it stedsbyld. Begjin 80-jierren berikte de befolking fan de sted har omfang.

Sunt yn 1989 de nije Republyk Hongarije utroppen waard, is de sted it toaniel west fan grutte herfoarmingen. De weromkomst fan de frije merkekonomy hat it stedsbyld tige ferlibjend. De befolkingsgrutte is lykwols fierder ofnommen.

Demografyske untjouwing [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Jier 1800 1830 1850 1880 1890 1900 1925 1980 1990 2005
Befolkingsoantal 54.200 102.700 178.000 370.800 491.900 733.400 957.800 2.059.300 2.016.700 1.750.000

Nijsgjirrichheden [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Buda leit op de heuveleftige rjochterigge fan de Donau (links op de kaart). Twa fan dy heuvels dominearre: de Burchtheuvel ( Varhegy ) en de Gellertberch .


Op de Burchtheuvel stean de wichtichste monuminten fan Buda:

De heuvel is mei in muorre omwale: de 18de-iuwske Burchtwyk yn de omwaling is goed bewarre bleaun (allinne it sudlike part hat swiere kriichskea late). It utsjocht oer de Donau mei har bregen en Pest is yn in protte lieten besjongen. Lykwols binne de measte attraksjes en grutte toeristelukers fan Budapest minder ald as se derut sjogge: sawol de Mattiastsjerke yn syn hjoeddeiske foarm as it Fisserskbastion binne boud yn de 19e iuw.

Millenniummonumint yn Budapest

Oare wichtige nijsgjirrichheden yn Buda:


Nijsgjirrichheden yn Pest :


Bregen [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Der binne njoggen bregen oer de Donau yn Budapest:

Fotogalerij gebouwen [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Keppeling om utens [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]