한국   대만   중국   일본 
Biology - Wikipedy Springe nei ynhald

Biology

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Biolooch )
Animalia - Bos primigenius taurus
Planta - Triticum
Fungi - Morchella esculenta
Stramenopila/Chromista - Fucus serratus
Bacteria - Gemmatimonas aurantiaca (- = 1 Micrometer)
Archaea - Halobacteria
Virus - Gamma phage

Biology is de studzje fan it biologysk libben. It haldt him dwaande mei de karakteristiken en gedragingen fan organismen, hoe't soarten en yndividuen untsteane, en hokfoar ynteraksje se mei elkoar en de omkanten hawwe. Biology wurdt rekkene ta de eksakte wittenskippen . Immen dy't him profesjoneel dwaande haldt mei biology is in biolooch .

Oersjoch fan de biology [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Biology omfiemet in breed spektrum fan akademyske fjilden dy't faak sjoen wurde as selsstannige dissiplines. Meiinoar bestudearje se it libben op ferskate skaal:

Studzjefjilden yn de biology [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Aerobiology -- Anatomy -- Astro-biology -- Bakteriology -- Bio-fysika -- Biogemy -- Bio-geografy -- Bio-technology -- Bio-ynformatika -- Botany -- Ekology ( Theoretyske ekology , Symbiology , Autekology , Synekology ) -- Epidemiology -- Etology -- Evolusjonere biology -- Evolusjonere untwikkelingsbiology -- Firology -- Fycology -- Fylogeny ( Fylo-genetika , Fylo-geografy ) -- Fysiology -- Fyto-patology -- Gedrachsbiology -- Genetika ( Populaasje-genetika , Kwantitative genetika , Genomika , Proteomika ) -- Gorology -- Herpetology -- Histology -- Ichtiology -- Ymmunology -- Kryptosoology -- Kseno-biology -- Lymnology -- Malakology -- Mammalogy -- Mikrobiology -- Molekulere biology -- Morfology -- Mykology -- Myrmekology -- Neurowittenskippen ( Neuro-anatomy , Neuro-fysiology , Systeem-neurowittenskip , Biologyske psychology , Psychiatry , Psycho-farmakology , Gedrachs wittenskip , Neuro-etology , Psychofysika , Kognitive wittenskip )-- Onkology -- Ontogeny -- Ornitology -- Paleontology ( Palaeo-botany , Palae-soology ) -- Patology -- See-biology -- Selbiology -- Soology -- Struktuer-biology -- Swietwetter-biology -- (studzje fan) Syktes ( fan Genetyske syktes , fan Ynfeksje syktes , Onkology ) -- Sytology -- Taksonomy -- Toksikology -- Untwikkelings-biology --

Ferwante dissiplines [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Medisinen -- Fysyske antropology

Evolusje en biology [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Ien fan de sintrale konsepten yn de biology is dat alle libben troch in proses fan evolusje ofstammet fan it earste mikro-organisme. De troch Charles Darwin formulearre evolusjeteory, mei de troch him nei foarren brochte natuerlike seleksje as meganisme, stiet oant hjoeddedei sintraal. Genetyske drift wurdt derby omearme as in addisjoneel meganisme yn de saneamde moderne synteze . De evolusjonere histoarje fan in soart, dy't de karakteristiken fan foarofgeande soart en de relaasje ta oare soarten beskriuwt, wurdt fylogeny neamd. It grut ferskaat oan wurkfjilden draacht by oan de ynformaasje yn de fylogeny, lykas: it fergelykjen fan DNA yn de molekulere biology en it fergelykjen fan fossilen en oare resten fan alde organismen yn de paleontology . Biologen organisearje en analisearje ferwantskip op ferskate wizen. Wichtige untwikkelingen yn de evolusje binne gearfette de evolusjonere tiidsline .

De klassifikaasje fan libbensfoarmen [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De wittenskip dy't him dwaande haldt mei de klassifikaasje fan libbensfoarmen wurdt taksonomy neamd. Ek de termen systematyk en kladistyk wurde hjir wol foar brukt.

De biologyske taksonomy giet werom op Carolus Linnaeus yn de 18e iuw en wie yn earste ynstansje basearre op anatomyske fergeliking fan libbene wezens, bisten, planten ensfh. Dit oarspronklike systeem dielde de wezens yn yn soarten ( species ), skaaien ( genus ), famyljes ( familia ), skiften ( ordo ), klassen ( classis ), stammen ( phylum ) en riken ( regnum ), mar der waard derby oannommen dat soarten unferoarlik wiene.

Oer dizze yndieling untstie yn de 19e iuw in soad diskusje, omdat troch de evolusjeteory fan Darwin oan dizze yndieling in nije diminsje tafoege waard, nammentlik dy fan stamferwantskip . Ek de studzje fan fossilen kaam yn dy tiid op. De faktor tiid en wannear der sprake is fan ferskillende soarten waarden belangrike underwerpen fan diskusje. De klassike yndieling blykte op in soad punten net krekt te wezen.

Yn de leste jierren fan de 20e iuw kaam der in tredde boarne fan ynformaasje beskikber, DNA -sibskip , meast fan libbene wezens, mar ek fan in tal noch net al te lang lyn utstoarne soarten. De gefolgen fan dizze nije revolusje binne no ( 2003 ) noch mar foar in part te oersjen.

Yn de moderne taksonomy wurdt besocht ut dizze trije haadboarnen fan ynformaasje (anatomy, fossile foarmen en genetika) in sadanige systematyk op te setten, dat der allinne groepen ( taksa , inkelfald takson ) binne dy't monofyletysk binne, dat wol sizze dat:

  • de groep fan ien stamfoarm ofstammet en
  • alle ofstammelingen fan dy stamfoarm ta de groep hearre.