Avengers: Age of Ultron
is in
Amerikaanske
superheldefilm
ut
2015
under
rezjy
fan
Joss Whedon
, mei yn 'e
haadrollen
Robert Downey jr.
,
Chris Evans
,
Mark Ruffalo
,
Chris Hemsworth
,
Scarlett Johansson
en
Jeremy Renner
. De
titel
betsjut "Wrekers: It Tiidrek fan Ultron". De
film
is basearre op 'e
strip
mei
deselde namme
fan
Stan Lee
en
Jack Kirby
, en foarmet it alfde diel ut 'e
filmrige
fan it
Marvel Cinematic Universe
. It is it direkte
ferfolch
op
The Avengers
, ut
2012
. It
ferhaal
folget in groep
superhelden
, under wa
Iron Man
,
Captain America
, de
Hulk
en de
healgod
Thor
, as se it opnimme moatte tsjin in
meunster
dat se sels kreearre hawwe: de
keunstmjittige yntelliginsje
Ultron, dy't de
minskheid
utrugje
wol.
Avengers: Age of Ultron
krige fan 'e
filmkritisy
oer it algemien positive
resinsjes
en woeks yn 'e
bioskopen
ut ta in reuseftich
kommersjeel
sukses. Der waarden neitiid noch twa direkte ferfolchfilms makke:
Avengers: Infinity War
(
2018
) en
Avengers: Endgame
(
2019
).
De Avengers (Tony Stark alias
Iron Man
, Steve Rogers alias
Captain America
, Bruce Banner alias de
Hulk
, de
healgod
Thor
, Natasha Romanoff alias
Black Widow
en Clint Barton alias
Hawkeye
) fiere yn it (
fiktive
)
Eastjeropeeske
lan
Sokovia in oanfal ut op in fasiliteit fan 'e
kriminele
organisaasje
Hydra. Der binne
baron
Wolfgang von Strucker en
dr.
List dwaande mei
eksperiminten
op
minsken
, werfoar't se gebruk meitsje fan 'e Tesseract, in machtige
enerzjyboarne
fan unbekend potinsjeel dy't
earder
troch Thor syn
healbroer
Loki
as syn
skepter
brukt waard (sjoch:
The Avengers
).
Fan dejingen dy't de proeven undergien hawwe, binne mar twa yn
libben
bleaun: de
twilling
Pietro en Wanda Maximoff. Pietro beskikt troch de eksperiminten oer
boppeminsklike
faasje
, wylst syn
suster
Wanda
telepatyske
en
telekinetyske
fermogens krigen hat. Yn 'e striid bringt Pietro Hawkeye in slimme
ferwuning
ta, wylst Wanda de
geast
fan Iron Man ynkringt en him in mooglike
takomst
belibje lit weryn't de oare Avengers omkommen binne troch in nije
butenierdske
ynvaazje fan 'e
Ierde
. Wylst Captain America Strucker yn 'e hechten nimt, stelt Iron Man de Tesseract feilich. De twilling untkomt. Hawkeye wurdt by
dokter
Helen Cho brocht, in
Sudkoreaanske
fysiologe
dy't him genest fan syn wunen mei har baanbrekkende
weefselgenerearjende
technology
.
Dreaun troch syn
fizioen
fan 'e takomst bepraat Stark (Iron Man) Bruce Banner om him te helpen in
keunstmjittige yntelliginsje
te untdekken dy't neffens him ferskule sit yn 'e
ealstien
dy't de enerzjyboarne fan 'e Tesseract foarmet. De beide mannen halde harren aktiviteiten op inisjatyf fan Stark geheim foar de oare Avengers, om't er wit dat de oaren net of net allegearre akkoart gean sille mei syn plan om 'e keunstmjittige yntelliginsje ut 'e Tesseract te bruken om syn wraldferdigeningsprogramma Ultron oan te driuwen. It geheime undersyk hat jammerdearlike konsekwinsjes as der unferwachts in trochbraak plakfynt as Stark en Banner net yn it
laboratoarium
oanwezich binne. De yntegraasje fan 'e keunstmjittige yntelliginsje en it wraldferdiginingsprogramma foarmet in
selsbewuste
masine
(Ultron) dy't it doel fan Stark, om foar
frede
op 'e Ierde te soargjen, opfettet as in opdracht om 'e
minskheid
ut te rugjen
.
Tink derom: Yn de tekst hjirunder wurdt de ofrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net leze.
|
Ultron eliminearret J.A.R.V.I.S., de keunstmjittige yntelliginsje dy't fungearret as Stark syn
majordomo
anneks
bedriuwslieder
, en falt dan de Avengers oan yn harren
haadkertier
. Hja witte him te ferjeien, mar Ultron naait ut mei de Tesseract nei Strucker syn basis yn Sokovia, der't er himsels in better
roboatysk
lichem oanmjit en teffens in
leger
fan robots produsearret. Hy
deadet
Strucker yn dy syn
finzenissel
om't er tefolle wit, en
rekrutearret
de Maximoff-
twilling
as syn trewanten. Dat is maklik genoch om't dyselden Stark ferantwurdlik halde foar de dea fan harren
aldelju
troch
wapens
dy't yn syn
fabriken
produsearre wiene.
De Avengers beseffe dat Strucker wat wist dat Ultron geheim halde woe. Mei't Ultron de hiele
database
fan 'e Avengers wiske hat, nimme se harren taflecht ta
papierren
dossiers
oer Strucker, weryn't se in konneksje untdekke tusken de baron en in
Sudafrikaanske
wapenhanneler
dy't Ulysses Klaue hjit. Dyselde hannelet ek yn fibranium, it hurdste
metaal
fan 'e wrald, der't u.m. it
skyld
fan Captain America fan makke is. As se de basis fan Klaue yn 'e neite fan
Jehannesburch
binnenkringe, underbrekke se der it
hantsjebakken
fan Ultron en Klaue oer in foarrie fibranium. De Avengers besykje de oerdracht fan it metaal foar te kommen, mar se wurde oanfallen troch Ultron syn robots en de Maximoff-twilling.
Wanda wit Captain America, Black Widow en Thor ut te skeakeljen troch harren mei har telepatyske fermogen yn aaklike fizioenen te beheljen. Hawkeye, dy't
earder
alris
geastlik beset
west hat, is har te slim of, mar Banner trapet deryn en feroaret yn de Hulk, dy't maltjirgjend en ferwoastgjend losgiet op 'e
binnensted
fan Jehannesburch. Mei't Black Widow, dy't
fereale
is op Banner, as iennichste de Hulk delbedzje kin, falt it nei har utskeakeling oan Iron Man ta om it griene meunster mei
geweld
tsjin te kearen foar't er in
bloedbad
oanrjochtet. Tsjin 'e tiid dat him dat mei syn spesjaal untwurpen anty-Hulk-bepansering slagget, leit in grut diel fan Jehannesburch yn pun. Neitiid untstiet der grutte en wraldwide
feruntweardiging
oer de ferwoastgings. Banner
skammet
himsels dea en beslut dat hysels net geskikt is foar dielname oan in
beskaafde
maatskippij
, om't er gjin
selsbehearsking
hat as er de Hulk is.
Hawkeye nimt de oare leden fan it team mei nei syn
boerespultsje
op it Amerikaanske
plattelan
, der't se ferwolkomme wurde troch syn
frou
Laura, dy't
op alle dagen rint
, en syn beide jonge
bern
. Thor set of om mei
natuerkundige
Erik Selvig te oerlizzen oer de
apokalyptyske
takomst dy't er yn syn fizioen sjoen hat. Underwilens ferskynt op 'e pleats Nick Fury, it alde haad fan S.H.I.E.L.D., it no ophefte agintskip der't de Avengers oarspronklik foar wurken. Hy praat op it team yn, dat se har underlinge skelen farre litte en ynstee fan inoar ferwiten te meitsjen in plan betinke om Ultron tsjin te halden.
Underwilens bejout Ultron him nei
Seoel
, der't er
dokter
Helen Cho troch it gebruk fan 'e Tesseract oan him underwerpt. Dernei lit er har it fibranium kombinearje mei har weefselgeneraasjetechnyk en de ealstien fan 'e Tesseract om in nij, frijwol unferwoastber, lichem foar himsels te meitsjen. De Avengers untdekke wer't Ultron is, en Captain America, Black Widow en Hawkeye reizgje nei Seoel om him tsjin te halden en dokter Cho te reden. As de
ungeduldige
Ultron (foartidich en om 'e nocht) besiket om himsels nei syn nije lichem te
uploaden
foar't dat der ree foar is, kin Wanda Maximoff foar it earst syn
tinzen
leze, eat dat se by minsken altyd kin. Sa untdekt se syn plannen om 'e minskheid ut te rugjen, wernei't sy en har broer harren tsjin him keare. Ultron untkomt mei de medyske kokon mei syn nije lichem wylst Captain America arrivearret om it, mei help fan 'e Maximoffs, tsjin syn robots op te nimmen. Black Widow en Hawkeye witte de kokon mei it syntetyske lichem te stellen, mar derby wurdt Black Widow finzennommen troch Ultron.
Wanda Maximoff warskoget Captain America dat Tony Stark op 'e nij besykje sil om in frijwol almachtige keunstmjittige yntelliginsje te kreearjen, mei't dat yn syn
tinken
no it meast foar de han leit. Captain America nimt de Maximoffs mei nei it haadkertier fan 'e Avengers der't Stark yndie dr. Banner wer bepraat hat om him te helpen. It docht bliken dat J.A.R.V.I.S. net folslein ferneatige wie troch Ultron, mar himsels yn brokjes en bytsjes yn oare kompjuterprogramma's ferskule hie en op dy manear u.m. de lansearkoades fan it wraldwide arsenaal fan
nukleere wapens
(troch de koades oanhaldend te feroarjen) buten berik fan Ultron holden hat. Stark hat J.A.R.V.I.S. no op 'e nij gearstald en upload him yn it syntetyske lichem dat dr. Cho makke hat. Captain America, Hawkeye en de Maximoffs besykje him tsjin te kearen, wylst Banner wifket hokker kant oft er kieze moat. It skeel wurdt besljochte as Thor weromkeart en it syntetyske lichem troch in
wjerljochtslach
aktivearret.
Neitiid leit Thor ut dat neier undersyk fan syn fizioen him yn oerlis mei dr. Selvig ta de oertsjuging brocht hat dat de ealstien ut 'e Tesseract de fjirde fan 'e seis Uneinichheidsstiennen is, de machtichste foarwerpen dy't besteane. J.A.R.V.I.S. yn syn syntetyske lichem, dy't omreden fan Thor syn fizioen 'Vision' neamd wurdt, wit it
fertrouwen
fan 'e Avengers te winnen troch
Mjolnir
, de
hammer
fan Thor op te tillen, wat inkeld dyselden kinne dy't folslein weardich binne (wat de rest fan it team blykber net is).
De Avengers sette mei Vision en de Maximoffs of nei Sokovia, der't Ultron de rest fan syn fibranium brukt hat om in masine te bouwen dy't in diel fan 'e
haadsted
mei undergrun en al lostilt fan 'e Ierde en omheech draacht, de
loft
yn. Hy is fan doel om 'e sted fan
kilometers
hichte as in soarte fan eigenmakke
asteroide
wer op 'e Ierde delploffe te litten, sadat de minskheid utruge wurdt krekt sa't earder mei de
dinosauriers
bard is. Banner redt Black Widow ut in
tichthus
under it robotfabryk fan Ultron. Hja ferklearret him har
leafde
, mar smyt him dan yn it gat dat de opstigende sted efterlitten hat yn 'e Ierde, om't se op it stuit net ferlet hat fan himsels mar fan 'e Hulk.
De Avengers, Vision en de Maximoffs nimme it op tsjin Ultron syn leger fan robots. Wylst Iron Man in manear besiket te betinken om 'e sted delkomme te litten sunder negative gefolgen foar de hiele minskheid, rede de oaren de bewenners fan 'e opstigende sted. Fury en syn underbefelhawwer Maria Hill ferskine mei de 'Fleandekkopter' fan S.H.I.E.L.D., in reuseftich
fleanend
fleandekskip
, en se hawwe
superheld
War Machine
meibrocht om it skip tsjin 'e robots fan Ultron te ferdigenjen. De Avengers
evakuearje
de stedsbewenners nei de Fleandekkopter. Hawkeye redt in lyts
jonkje
dat yn 'e gaos fan 'e evakuaasje efterbleaun is, mar Ultron stelt de mei
stealthtechnology
tariste
strieljager
fan 'e Avengers en besjit de Avengers op 'e grun mei de grutte
masinegewearen
fan it tastel. Hawkeye kin gjin kant ut en wol it jonkje mei syn eigen
lichem
beskermje, mar se wurde reden troch Pietro Maximoff, dy't harren mei syn boppeminsklike faasje yn feilichheid bringt. Derby rekket er sels lykwols trochsingele mei
kugels
, dat er it
bestjert
.
By Ultron syn besjitting rekket ek Black Widow ferwune, dy't dernei seftkes yn 'e earmen fan 'e Hulk nei de Fleandekkopter brocht wurdt. As er har der oflevere hat, springt de Hulk efter de strieljager oan, dy't er
interet
. Hy jout Ultron in flink wan bruien en skopt him ut it
fleantuch
. As er delkomt, wurdt Ultron opwachte troch Wanda Maximoff, dy't ut
wraak
foar de dea fan har broer syn roboatyske lichem fernielt. As de no lege sted werom begjint te fallen nei de Ierde,
sabotearje
Iron Man en Thor de
motor
dy't de lanmassa opstige litten hat, en feroarsaakje dermei in unbidige
untploffing
werby't de fallende sted utinoar spat yn untelbere lytse brokjes, dy't sunder mear as lokale skea oan te rjochtsjen op 'e Ierde delkomme. Vision spoart de leste fan 'e robots fan Ultron op, dy't no troch Ultron sels as leste taflechtsoard bewenne wurdt, en ferneatiget dy.
Neitiid nimt Black Widow fia in
radioferbining
kontakt op mei de strieljager der't de Hulk noch altyd yn sit, en freget him om 'e stealthkamuflaazje ut te skeakeljen sadat se him opspoare kinne. Ynstee skeakelet de Hulk de radioferbining ut. Hy wol langer net mear oare minsken, of minder noch, Black Widow sels, mei syn brekme oan selsbehearsking yn gefaar bringe, en is fan doel himsels of te sunderjen yn in ofhandige uthoeke fan it
hielal
.
Nei de konfrontaasje mei Ultron festigje de Avengers in nij haadkertier, dat under lieding stiet fan Fury, Hill, dokter Cho en dr. Selvig. Hawkeye lukt him mei syn
gesin
werom op syn boerespultsje. Stark set of om 'e lieding oer syn
bedriuw
wer op him te nimmen. Thor giet nei
Asgard
om mear te witten te kommen oer de machten dy't neffens him wier efter de swierrichheden sitte der't de Avengers de ofrune jierren foar kommen binne te stean. Captain America en Black Widow begjinne de training fan nije
rekruten
foar de Avengers: Vision, War Machine, de
Falcon
en Wanda Maximoff, dy't harsels no
Scarlet Witch
neamt.
Healwei de
oftiteling
ferskynt de god Thanos yn byld, dy't in
panserwant
oandocht en,
teloarsteld
oer it falen fan 'e lju dy't der
manipulearre
hat om it smoarge wurk foar him op te knappen, seit dat er dan de Uneinichheidsstiennen sels wol ophelje sil.
- haadrollen
- byrollen
Avengers: Age of Ultron
waard
regissearre
troch
Joss Whedon
nei in
senario
fan himsels op basis 'e
stripsearje
The Avengers
fan
Stan Lee
en
Jack Kirby
, dy't ferskynde by de
utjouwerij
Marvel Comics
. As
produsint
wien
Kevin Feige
by it projekt belutsen foar de
filmstudio
Marvel Studios
. Foar de film wie in
budget
beskikber fan mar leafst
$
444 miljoen. Dermei wie
Avengers: Age of Ultron
de op ien nei djoerste film aller tiden (nei
Pirates of the Caribbean: On Stranger Tides
). De
kamerarezjy
wie yn 'e hannen fan
Ben Davis
, en de
filmmuzyk
waard fersoarge troch
Brian Tyler
en
Danny Elfman
. Yn 'e
postproduksje
waarden mear as 3.000
special effects
tafoege troch tsien ferskillende
bedriuwen
dy't spesjalisearre binne op dat med, werunder
Industrial Light & Magic
(ILM) fan
George Lucas
.
De
opnamen
foar
Avengers: Age of Ultron
setten op
11 febrewaris
2014
utein en duorren oant
6 augustus
fan dat jier. In grut diel fan 'e film waard opnommen yn 'e
Shepperton Studios
yn it
Ingelske greefskip
Surrey
en yn minder mjitte yn 'e
Pinewood Studios
yn
Buckinghamshire
, mar der waard ek op lokaasje filme op oare plakken yn
Ingelan
, te witten:
Londen
,
Hampshire
,
Kent
en
Norfolk
, en fierders yn 'e
Amerikaanske steat
New York
,
Jehannesburch
yn
Sud-Afrika
,
Seoel
yn
Sud-Korea
,
Chittagong
yn
Bangladesj
en de
Aostadelling
yn noardlik
Itaalje
. Yn it
Kastiel fan Dover
, yn Kent, waarden de binnendoarsenes opnommen yn Strucker syn festing yn Sokovia. De Aostadelling gie troch foar it
fiktive
lan Sokovia. Op it
skiptsjerkhof
fan Chittagong waard de sene mei wapenhanneler Klaue filme.
De
distribusje
fan
Avengers: Age of Ultron
waard fersoarge troch
Walt Disney Studios Motion Pictures
, de distribusjepoat fan
The Walt Disney Company
, der't ek de
Marvel Studios
diel fan utmeitsje. De film gie op
13 april
2015
yn
Hollywood
yn
premiere
. It byhearrende
soundtrackalbum
ferskynde op
28 april
digitaal en op
19 maaie
2015
op
cd
by
platemaatskippij
Hollywood Records
. Op
8 septimber
fan dat jier kaam
Avengers: Age of Ultron
beskikber as
digitale
download
en op
2 oktober
waard de film ek utbrocht op
dvd
en
blu-ray
.
Fan 'e
filmkritisy
krige
Avengers: Age of Ultron
oer it algemien positive
resinsjes
.
Richard Roeper
fan 'e
Chicago Sun-Times
parte de film 3
1
/
2
fan 4
stjerren
ta, en skreau: "Ienris kin it skoan weze dat in
Avengers
-film beswykt under syn eigen geweldigens. Ik bedoel: hoe faak kin men no eins de wrald rede? Mar hjoed is noch net dy dei."
Matt Zoller Seitz
fan
RogerEbert.com
joech
Avengers: Age of Ultron
3 fan 4 stjerren en skreau dat hoewol't de film "grutter, luder en minder gearhingjend" wie as
The Avengers
, hy "ek mear persoanlikheid hie" as syn foargonger of lykfol hokker oare film ut it
Marvel Cinematic Universe
.
Yn
The Hollywood Reporter
wie
Todd McCarthy
kritysker
. Hy skreau: "It slagget
Avengers: Age of Ultron
om syn topprioriteit te ferfoljen: it kreearjen fan in weardige tsjinstanner foar syn
superhelden
. Teffens jout de film dyselden wat nije dingen om te dwaan, mar diskear kinne de
aksjesenes
dy fan 'e eardere film net altyd belykje."
Kenneth Turan
fan 'e
Los Angeles Times
skreau: "Hoewol't dizze film fan momint op momint effektyf is, bliuwt jin der neitiid mar in hiel lyts bytsje fan by. Mei't er in ideaal fehikel is foar us tiidrek fan sensaasje sunder wachtsjen en direkte befrediging, wurdt er spoarleas wei frijwol daliks nei't er konsumearre is."
Op 'e
webside
Rotten Tomatoes
, dy't
resinsjes
sammelet, hie
Avengers: Age of Ultron
in goedkarringspersintaazje fan 76%, basearre op 370 underskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald ut al dy resinsjes, stelt: "Mei't er utskroeven en ferbjusterjend is, tsjinnet [de film] as in te fol troppe mar fierhinne befredigjende
ferfolchfilm
, weryn't de dochs al bombidige
cast
fan
syn foargonger
weriene wurdt mei deropta noch in pear nije tafoegings en in weardige fijan." Op
Metacritic
, de wichtichste
konkurrint
fan Rotten Tomatoes, behelle
Avengers: Age of Ultron
in goedkarringspersintaazje fan 66%, basearre op 49 resinsjes.
Avengers: Age of Ultron
brocht yn 'e
bioskopen
yn 'e
Feriene Steaten
en
Kanada
$
459,0 miljoen op, en yn alle oare
lannen en territoaria
$943,8 miljoen. Wraldwiid kaam de
opbringst
dermei ut op $1.402,8 miljoen. Ofset tsjin it manske
budget
fan $444 miljoen betsjut dat in
winst
fan $958,2 miljoen, hoewol't der de
marketingkosten
noch wol of moatte. Dermei wie
Avengers: Age of Ultron
de op fjouwer nei meast opbringende film fan
2015
en de op fiif nei meast opbringende film aller tiden.
Avengers: Age of Ultron
waard yn
2016
nominearre foar fjouwer
Saturn Awards
, werunder de
prizen
yn 'e
kategoryen
beste
stripferfilming
, beste
byrol
fan in
akteur
(
Paul Bettany
) en beste
special effects
. De film wun de Saturn Award foar beste
kostumuntwerp
(
Alexandra Byrne
).
Avengers: Age of Ultron
wun ek in
Annie Award
foar treflike
animearre
effekten yn in
live action
-produksje, in
People's Choice Award
foar favorite
aksjefilmakteur
(
Chris Hemsworth
as Thor), en in
Teen Choice Award
foar favorite 'senesteller' (
Chris Evans
as Captain America). Dernjonken waard
Avengers: Age of Ultron
nominearre foar noch twa oare Annie Awards, noch seis oare People's Choice Awards, noch fiif oare Teen Choice Awards, in
Australyske
AACTA Award
, fiif
Kids' Choice Awards
, seis
MTV Movie Awards
en de
Hugo Award
foar beste dramatyske presintaasje (lange foarm).