Attila
,
Goatysk
foar
heity
, (sa.
406
?
Hongarije
maart
453
) wie kening fan de
Hunnen
. Hy hearske oer East- en Midden-Jeropa yn it tiidrek
441
?
452
en halde grutte roftochten. It
West-Romeinske Ryk
kaam benammen troch syn ferskinen yn in spiraal nei underen telane. De persoan Attila hat de ynspiraasje west foar de figuer
Etzel
yn it
midsiuwske
Nibelungenliet
en de
Thidrekssaga
en foar
Atli
yn de
Volsunga saga
. Hy hie de bynamme
Gisel Gods
omdat elkenien grutte eangst foar him hie.
Atilla wie de soan fan in Hunnysk stamhaad. Syn omke
Rugila
hie yn
432
alle Hunnen ferienige under ien keningskip en nei syn dea yn
434
waard er opfolge troch de bruorren Attila en
Bleda
.
Under it bewald fan Attila en Bleda waarden de grinzen fan it East-Romeinske ryk bedrige. Wylst it leger fan de keizer
Teodosius II
har dwaande halde mei ekspedysjes tsjin de
Fandalen
yn
Afrika
en de
Sassaniden
yn
Armeenje
stutsen de Hunnen de
Donau
oer en foelen it ryk yn. Sy plonderen de Romeinske steden yn
Illyrikum
en yn
443
wie harren leger de haadsted
Konstantinopel
benei komd. Sy fersloegen it tafleane Romeinske leger by de rivier de
Utus
en nei it ferlies moast de keizer de Hunnen in grutte ofkeapsom betelje sadat sy Konstantinopel gewurde litte soenen.
Yn
445
fermoarde Attila syn broer en krige dermei de hearskippij oer de Hunnen. Utsein de Hunnen wienen ferskate Germaanske stammen oan him underhearrich, benammen de
Ostrogoaten
en
Gipiden
.
Mei in grut leger sette hy op it suden yn en op 'e nij foel er it
Eastromeinske Ryk
yn. Diskear rekke er yn
Moesje
yn gefjocht mei it leger fan de Romeinen dat er fersloech. Op 'e nij waarden de steden op de Balkan plondere en ferwoaste. Lykwols hienen de Romeinen de ferdigening fan harren haadsted better organisearre. De Romeinen moasten de frede ofkeapje mei jild en in stik fan harren grungebiet ofstean. Tichtby Singidunum, it moderne
Belgrado
makke Alarik syn haadplak. Derwei hearske er oer syn grutte ryk.
Doe't Attila it East-Romeinske ryk stienearm makke hie, brocht er in grut leger op oarder en teach nei it westen. Yn de maaitiid fan
451
stuts hy sunder tsjinstan te underfinen fan
Frankyske
foederaty
, by
Koblenz
de
Ryn
oer. Hy folge de
Moezel
nei it westen ta en alles der't er by del kaam waard ferwoaste. Alle steden dy't ynommen waarden, waarden yn 'e bran stutsen en harren ynwenners fermoarde.
Lykwols moetet hy by
Parys
foar it earst wjerstan fan betsjutting. Neffens de skreaune boarne waard de ferdigening fan de sted organisearre troch
Genoveva
of Genevieve, in famke dat letter as patroneshillige fereare waard. De oanfal fan Attile op 'e muorren fan de sted mislearre en hy teach my it leger nei it suden der't bewenners fan
Orleans
it ferlies belije moasten.
De Romeinen hienen yn de tuskentiid al har Germaanske foederatyfolken mobilisearre en under oanfiering fan oerbefelhawwer
Aetius
waard in grut leger yn stelling brocht tsjin de Hunnen. Op
20 septimber
451
stienen beide legers tsjinoer inoar tusken
Troyes
en
Chalons-sur-Marne
. Yn de slach dy't letter bekend wurden is as de
slach op de Katalaunyske Fjilden
einige nei in ful gefjocht dat de hiele dei duorre, de slach. Lykwols hie it leger fan Atilla safolle manlju ferlern dat er werom gie nei it easten.
Fia in omwei luts hy de
Alpen
oer en bedarre yn
Itaalje
. Hy sette him ta
Rome
en belegere de sted, sunder har lykwols yn te nimmen. Wat der doe allergearre barde is net dudlik, mar nei in petear mei de destiidske paus
Leo de Grutte
ferlit er Itaalje en ferstjert in jier letter.
It ferhaal giet dat er yn
453
yn de omkriten fan de rivier de
Tisza
tidens in drankorgy stikt weze soe. In skoftke letter letter kamen de underwurpen folken yn opstan en foel syn ryk utinoar.
- Epyske poezy
Kening Atzel (Attila) fan de
Hunnen
yn it
Nibelungenliet
.
- Film
Patrick Gallagher
hie de rol fan Attila yn de Amerikaanske film
Night at the Museum
(2006).
- Literatuer
- Hermann Schreiber
,
De Hunnen, Het volk van Attila, de gesel Gods
, Amsterdam/Brussel-1976.
- Ferdinand Lot
,
De Germaansche invasies. De versmelting van de Barbaarsche en Romeinsche wereld
, De Haach, 1939.