Atletyk

Ut Wikipedy
Hindernisrinnen

Atletyk is in sammelnamme foar ferskillende sporten. It begryp komt ut de klassike aldheid . Doe waard ut ein set mei kompetive lichemssport, lykas hurdrinne, smite en springe.

By it hurdrinnen binne der farianten lykas de estafette , hindernisrinnen en hurdkuierjen . By de mearkamp komme ferskate atletykunderdielen op it aljemint, dyjinge dy't de measte punten by de ferskate underdielen hellet is der de winner. Derneist binne der noch smytunderdielen lykas it diskussmiten , spearsmiten en kugelstjitten . By de springunderdielen giet it under oare om fierspringen , heechspringen en heechspringe mei pols(stok).

De wichtichste ynternasjonale atletykorganisaasje is de International Association of Athletics Federations .

Dissiplines [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Wheelen

In protte atletykwedstriden binne op in atletykbaan ; yn de winter wurdt ek op binnenbanen atletyk beoefene. Njonken de wedstriden op de baan binne der wedstriden op de iepenbiere dyk en yn it frije fjild.
Der binne 24 Olympyske atletykdissiplines. Dy wurde ferdield yn rindissiplines, springdissiplines, smytdissiplines en mearkampen. By de rindissiplines is der in ferskil tusken de gewoane rindissiplines, de hindernisdisiplines, de estafettes en it hurdkuierjen.

Baan en Dyk Fjild Kombinaasje
Hurdrinnen Hindernisrinnen Estafettes Hurdkuierjen Wheelen Springdissiplines Smytdissiplines Mearkampen
60 m 60 m horden 4 x 100 m 3000 m 100 m Heechspringen Balsmitte (allinne by de jeugd) fiifkamp
100 m 100 m horden 4 x 200 m 5000 m 200 m Heechljeppen Kegelsmite (allinne by it oanpast atletyk) Sankamp
200 m 110 m horden 4 x 400 m 10.000 m 400 m Fierspringen Kugelstjitte Tsienkamp
400 m 200 m horden 4 x 800 m 20.000 m (baan) 800 m Hink-stap-springen Diskussmite Fjirtjinkamp
800 m 400 m horden 4 x 1500 m 20 km (dyk) 1500 m Spearsmite Tweintichkamp
1500 m 3000 m steeplechase Ekiden In maraton yn estafettefoarm 30.000 m (baan) 5000m gewichtsmite
3000 m Sweedske estafette 30 km (dyk) 10.000 m Kugelslingerje
5000 m 50.000 m (baan) Heale maraton
10.000 m 50 km (dyk) maraton (42,195 km)
Heale maraton
maraton (42,195 km)
Ultrarin

Baan en Dyk [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Hurdrinnen

Hurdrinnen is it draven beoefene as sport.

60 meter

De 60 meter is yn de atletyk de koartste offisjele sprintofstan foar folwoeksenen. It numer is traditisjoneel underdiel fan it winterseizoen, at de wedstriden yn saneamde yndoarhallen binne.

100 meter

De 100 meter is de koartse sprintofstan dy't troch folwoeksenen op in butenbaan run wurdt.

200 meter

De 200 meter is tegearre mei de 100 meter de ienigste ofstan, werby't hja op maksimale snelhyd rinne kinne.

400 meter

De 400 meter is de langste sprintofstan en is in oergong tusken de sprint en de middellange ofstannen.

800 meter

De 800 meter is de koartste middellange ofstan.

1500 meter

De 1500 meter is in middellange ofstan.

3.000 meter

De 3.000 meter is de langste middellange ofstan.

5.000 meter

De 5.000 meter is de koarstste fan de lange ofstannen op de baan.

10.000 meter

De 10.000 meter is de langste fan de lange ofstannen op de baan.

Heale maraton

In heale maraton is in atletykwedstriid op de dyk oer 21,1 km, ungefear de helte fan de gewoane maraton fan 42,195 km.

Maraton

In heale maraton is in atletykwedstriid op de dyk oer 42,195 km.

Ultrarin

Fan in ultrarin wurdt sprutsen as hja in ofstan hurdrinne dy't grutter is as de maraton. Faak binne it wedtriden fan 50 km, 50 Myl , 100 km, 100 Myl, 1000 km, 1000 Myl.

Fjildrinne

Fjildrinne, ek wol crosscountry as cross neamd, is in net-olympyske langeofstansrin oer unferhurde terrein.

Hindernisrinnen

60 m horden

De 60 meter horden is in hinderniswedstriid oer 60 meter, dy't gewoanwei allinne indoor run wurdt.

100 m horden

De 100 meter horden is in hinderniswedstriid dy't alline troch froulju run wurdt.

110 m horden

De 110 meter horden is in hinderniswedstriid dy't alline troch manlju run wurdt.

200 m horden

De 200 m horden is in eardere hinderniswedstriid yn it atletyk. De ofstan wurdt hjoed de dei net mear offisjeel ferrun.

400 m horden

De 400 m horden is in hinderniswedstriid mei tsien hindernissen ferdield oer 400 meter.

3000 m steeplechase

De 3000 meter steeplechase is in hinderniswedstriid werby't 28 kear oer in horde sprongen wurde moat en 7 kear troch in wetterbak run wurde moat.


Estafettes

Estafette

Estafette (ek wol oflossingen neamd) is in snelheidswedstriid werby't dielnimmers fan in team efterienfolgens in part fan de totaalofstan oflizze.

4 x 100 m

By de 4 x 100 m estafette bringt in team fan fjouwer atleten, dy't opinoarfolgjend elts 100 meter rinne, sa fluch as kin in stok fan start oant finis. Net de atleet, mar de stok wurdt klokt.

4 x 200 m

De 4 x 200 meter estafette is in estafette werby fjouwer rinners nei elkaar elts 200 meter oflizze yn in sa rap mooglike tiid.

4 x 400 m

De 4 x 400 m estafette is in atletykunderdiel werby elts team, besteande ut fjouwer rinners, elts 400 meter rinne moatte. De rinners hawwe in wikselfak fan 20 meter, weryn it estafettestokje oerdroegen wurde moat.

4 x 800 m

De 4 x 800 m estafette is in atletyk underdiel op de baan werby elts team, besteande ut fjouwer rinners, elts 800 meter rinne moatte..

4 x 1500 m

De 4 x 1500 m estafette is in atletykunderdiel dat alline troch manlju beoefene wurdt.

Ekiden

De Ekiden is in underdiel fan de dykatletyk. It is in maraton yn estafette-foarm. De totale maraton-ofstan fan 42,195 km. wurdt troch seis rinners oflein. De startrinner nimt de earste 5 km. foar syn rekken. De folgjende rinners drave 10 km., 5 km., 10 km., 5 km.en de leste rint 7,195 km.

Sweedske estafette

De Sweedske estafette bestiet ut de folgjende rinunderdielen 100, 200, 300 en 400 meter dy't troch fjouwer ferskeidene rinners, efter inoar oflein wurde mei oerdracht fan in estafettestokje.

Hurdkuierjen

Hurdkuierjen

De bedoeling is om sa snel mooglik te kuieren, mar net te hurdrinnen, werby it kontakt fan minimaal ien foet mei de grun halden wurde moat.

3.000 m

Oer de 3.000 m is net in soad bekind

5.000 m

Oer de 5.000 m is net in soad bekind

10.000 m

De 10 kilometer hurdkuierjen is een hurdkuierunderdiel dat fan 1987 oant 1997 it offisjeele nummer wie by de froulju op grutte ynternasjonale wedstriden.

20.0000 m / 20 km

De 20 kilometer snelwandelen is in hurdkuierunderdiel, dat op i ynternasjonale wedstriden foar manlju en froulju halden wurdt. As de wedstriid op in baan halden wurdt, wurdt it de 20.000 m neamd en is de wedstriid op de dyk dat hjit it de 20 km.

30.000 m / 30 km

Oer de 30.000 m is net in soad bekind

50.000 m / 50 km

50 kilometer snelwandelen is in underdiel fan it hurdkuierjen dat op ynternasjonale kampioenskippen foar manlju halden wurdt. De wedstriid hat altyd op de dyk plak en einiget op de baan.


Wheelen

Wheelen is foar minsken mei in rolstoel , wat hurdrinnen is foar minsken sunder rolstoel, allinne leit de snelhyd fan in wheeler heecher as dy fan in hurdrinner.

100 meter

De 100 meter is de koartse sprintofstan dy't riden wurdt

200 meter

De 200 meter is in middellange sprintofstan.

400 meter

De 400 meter is it langste sprintofstan, en foarmet in oergong tusken de srpint en de middellange ofstannen.

800 meter

De 800 meter is de koartste middellange ofstan.

1500 meter

De 1500 meter een middellange ofstan..

5.000 meter

De 5.000 meter is de koarstste fan de lange ofstannen op de baan.

10.000 meter

De 10.000 meter is de langste fan de lange ofstannen op de baan.

Heale maraton

In heale maraton is in atletyk wedstriid op de dyk oer 21,1 km, ungefear helte fan de gewoane maraton oer 42,195 km.

Maraton

In heale maraton is in atletyk wedstriid op de dyk oer 42,195 km.


Fjild [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Springdissiplines

Heechspringe
Heechspringen

Heechspringen is in underdiel yn de atletyk werby it de bedoeling is sunder helpmiddels oer in tusken twa steanders befestigge latte te springen. Dizze latte wurdt hylt heecher pleatst, en de winner is de atleet dy't oer de heechst leine latte sprongen is.

Heechljeppen

Heechljeppen is in underdiel yn de atletyk werby it de bedoeling is dat de atleet mei behelp fan in fleksybele ljepstok sa heech mooglik oer in tusken twa steanders befestigge latte te springen. Dizze latte is 4,5 meter breedt en wurdt hylt heecher pleatst, en de winner is de atleet dy't oer de heechst leine latte sprongen is.

Fierspringen

Fierspringen is in underdiel yn de atletyk werby it de bedoeling is om nei in oanrin sa fier mooglik yn in bak mei san te springen. ien meter foar de sanbak is in houten ofsetbalke. fanof dizze ofsetbalke (as derfoar) moat de atleet de sprong begjinne oars is de sprong unjildig. Foar atleten mei in fisuele beheining is de ofsetbalke ferfongen troch wite sone fan 1 by 1.22 meter mei poeier.

Hink-stap-springen

Hink-stap-springen is in underdiel yn de atletyk werby it de bedoeling is om nei in hink en in stap sa fier mooglik te springen yn in bak mei san. De sprong by it hink-stap-springen wurdt ek wol in trijesprong neamd. Nei de oanrin komt de hink werby de atleet op deselde foet moat delkomme as wer hy mei hat ofsetten. By de folgjende stap moat er krekt op de oare foet delkomme en dernei komt de sprong en de lanning yn de sanbak. Foar atleten mei in fisuele beheining is de ofsetbalke ferfongen troch wite sone fan 1 by 1.22 meter mei poeier.

Smytdissiplines

Spearsmite
Balsmite,

Balsmiten is underdiel yn de atletyk by de jeugd oant en mei 11 jier, om't spearsmiten foar harren te gefaarlik is. Yn Nederlan wurdt smiten mei in softbal fan maksimaal 200 gram,

Kegelsmite,

Kegelsmiten is underdiel yn de atletyk by de atleten mei in lichaamlike beheining en in klasifikaasje fan F31, F32 en F51. Der wurdt smiten mei in houten kegel fan 397 gram.

Kugelstjitte,

Kugelstjiten is in underdiel yn de atletyk werby hja, probearje om In kugel oer in so grut mooglike ofstan fuort te stjitten. De kugelstjitter stjit syn/har kugel fanut in sirkel, dy't yn de stjitrjochting begrinzget wurdt troch in wite stjitbalke. Der wurdt stjitten mei in kugen fan sa'n 7,257 kg by de manlju en 4 kg by de froulju.

Diskussmite

Diskussmiten is in underdiel yn de atletyk werby hja probearje om in diskus sa fier mooglik fuort te slingerjen. De mannen smite mei in diskus mei in massa fan 2 kg en 220 mm trochsnee, wylst de froulju in diskus bruke fan 1 kg en in trochsnee fan 181 mm.

Spearsmite,

Spearsmiten is in underdiel yn it atletyk werby hja, nei in oanrin, probearje in spear sa fier mooglik fuort te smiten. De spear moat delkomme yn in frij smelle sector werby de punt fan de spear de grun as earste reitsje moat.

Gewichtsmite,

Gewichtsmiten is in dissipline binnen de atletyk dy't foaral yn Amerika, Skotlan en Ierlan beoefene wurdt. It hat gelykenissen mei it kugelstjiten en it kugelslingerjen. It is by it gewichtsmiten de bedoeling om in swiere metalen bol - faaks mei in gewicht fan 25,4 kg sa fier as sa heeg mooglik te smiten. Dizze atletykfoarm sjogge jo faaks ek tidens de Highland Games .

Kugelslingerje

Kugelslingerjen is in dissipline yn it atletyk werby hja in kugel dy't bevestige is oan in stielkabel mei in hanfet, so fier moogelik fuortslingere wurde moat. De kugel is by de manlju 7,26 kg en by de froulju 4 kg.


Kombinaasje [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Mearkampen

Mearkampen binne searjes underling gearhingjende underdielen fan de atletyk, dy't yn in feaststelde folgoarde binnen in bepaalt tiidsbestek ofwurke wurde moatte. De winner is degjinne dy't it heegste puntentotaal behelle hat.

fiifkamp

De fiifkamp wurdt allinne yndoar beoeffene troch de frouljue bestiet ut de underdielen, 60 m horden, 800 m hurdrinnen, Heechspringen, Fierspringen en Kugelstjitte.

sankamp

Fan de sankamp is der in outdoorfesje foar de froulju en in yndoorfersje foar de manlju. Froulju : 100 m horden, Heechspringen, Kugelstjitte, 200 m hurdrinnen, Fierspringen Spearsmite en 800 m hurdrinnen . Manlju : 60 m hurdrinnen, Fierspringen, Kugelstjitte, Heechspringen, 60 m horden, Heechljeppen en 1000 m hurdrinnen.

tsienkamp

Is in mearkamp underdiel dat allinne troch manlju beoefene wurdt. en bestiet ut de underdielen: 100 m hurdrinnen, Fierspringen, Kugelstjitte, Heechspringen, 400 m hurdrinnen, 110 m horden, Diskussmite, Heechljeppen, Spearsmite en 1500 m hurdrinnen.

fjirtjinkamp

Dizze mearkamp heart net ta it IAAF-programma, en bestiet ut de folgjende underdielen: Yndoor : 60 m hurdrinnen, Fierspringen, 800 m hurdrinnen Kugelstjitte, 400 m hurdrinnen, Heechspringen, 3000 m hurdrinnen 60 m horden, Heechljeppen, 1500 m hurdrinnen, Gewichtsmite, 200 m hurdrinnen, Hink-Stap-Springe, en 5000 m hurdrinnen. Outdoor 100 m horden, Heechspringen, 1500 hurdrinnen, 400 m horden, Kugelstjitte, 200 m hurdrinnen, 100 m hurdrinnen, fierspringen, 400 m hurdrinnen, Spearsmite, 800 m hurdrinnen, 200 m horden, diskussmite, 3000 m hurdrinnen.

tweintichkamp

De tweintichkamp bestiet ut de folgjende underdielen: 100 m hurdrinnen, fierspringen, 200 m horden, kugelstjitte, 5000 m hurdrinnen, 800 m hurdrinnen, heechspringen, 400 m hurdrinnen, kugelslingerje, 3000 m steeplechase, 110 m horden, diskussmite, 200 m hurdrinnen, heechljeppen, 3000 m hurdinnen, 400 m horden, spearsmite, 1500 m hurdrinnen, hink-stap-springe, 10.000 m hurdrinnen


Sjoch ek [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit underwerp hearre, binne te finen yn de kategory Athletics fan Wikimedia Commons .