3:10 to Yuma (film ut 2007)

Ut Wikipedy
3:10 to Yuma
film
( Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy )
makkers
regisseur James Mangold
produsint Cathy Konrad
senario Michael Brandt
Derek Haas
Halsted Welles
basearre op it ferhaal fan Elmore Leonard
kamerarezjy Phedon Papamichael
muzyk Marco Beltrami
filmstudio Relativity Media
Tree Line Film
distribusje Lionsgate Films
spilers
haadrollen Russell Crowe
Christian Bale
byrollen Logan Lerman
Ben Foster
Peter Fonda
Dallas Roberts
Alan Tudyk
Gretchen Mol
skaaimerken
lan/lannen Feriene Steaten
premiere 22 augustus 2007
foarm langspylfilm
sjenre western
taal Ingelsk
spyltiid 122 minuten
budget en resultaten
budget $55 miljoen
opbringst $70 miljoen

3:10 to Yuma is in Amerikaanske westernfilm ut 2007 under rezjy fan James Mangold , mei yn 'e haadrollen Russell Crowe en Christian Bale . It is in remake fan 'e film mei deselde namme ut 1957 en dermei de twadde ferfilming fan it koarte ferhaal Three-Ten to Yuma fan auteur Elmore Leonard . It ferhaal giet oer in troch druchte ferearmoede boer (Bale) dy't ut jildneed de gefaarlike put op him nimt om in bekende krimineel (Crowe) op 'e trein fan tsien minuten oer trijen nei it Tichthus fan Yuma te setten. De film krige oer it algemien positive kritiken en kaam rom ut 'e kosten, mar waard gjin grut sukses.

Plot [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Dan Evans is in boer en feteraan ut 'e Amerikaanske Boargeroarloch dy't yn it Territoarium Arizona in lytse feehalderij hat. Hy is lykwols troch de oanhaldende druchte dere ferearmoede en kin net oan syn skulden foldwaan dy't er by de pleatslike notabele Glen Hollander hat. By wize fan yntimidaasje stjoert Hollander twa fan syn trewanten dy't de skuorre fan Evans yn 'e bran stekke. Wylst Evans en syn soannen William en Mark de oare moarns harren keppel kij ferweidzje, binne se tsjuge fan in oerfal troch de binde fan 'e bekende bandyt Ben Wade op in pansere postkoets , bewekke troch aginten fan it Pinkerton-detektiveburo dy't ynhierd binne troch de spoarweimaatskippij Southern Pacific Railroad . As de postkoets driget te untkommen, driuwe Wade en syn mannen Evans syn kij de wei op, sadat de trochgong tichtset wurdt.

Neitiid, wylst de binde de op syn side fallen postkoets plonderje , untdekt Wade Evans en syn beide soannen, dy't fan deunby tasjogge. Hy komt lykwols ta it oardiel dat se gjin gefaar foar him foarmje, en nimt harren inkeld har hynders of sadat se net fluch om help gean kinne. Hy jout oan dat er de hynders efterlitte sil op in plak oan 'e wei nei Bisbee . Nei't Wade-en-dy ofset binne, redt Evans de iennichste bewekker fan 'e postkoets dy't de oerfal oerlibbe hat, de aldere Pinkerton-detektive Byron McElroy, dy't slim ferwune rekke is.

Wade-en-dy ride underwilens nei Bisbee ta, der't se de suksesfolle oerfal fiere yn 'e pleatslike saloon . Nei't se de but opdield hawwe, prate se in moetingsplak of fuort oer de grins yn Meksiko . Derop sette de oare bindeleden of, mar Wade sels bliuwt noch in skoft yn Bisbee, der't er seksuele omgong hat mei de kreaze utbaatster fan 'e saloon. Letter arrivearje Evans en syn soannen ek yn Bisbee mei de ferwune McElroy, dy't se by de pleatslike dokter bringe, "Doc" Potter. Dernei besiket Evans om 'e nocht om oer de ofbetelling fan syn skulden te underhanneljen mei Hollander, dy't lykwols fan gjin utstel fan werombetelling witte wol. As Evans lulk de saloon binnengiet, komt Wade der krekt de trep of. Evans easket fan 'e bandyt fergoeding foar de swierrichheden dy't er him besoarge hat, en Wade jout ta dat dat net mear as earlik is en betellet him in lytse fergoeding ut. Dermei haldt Evans Wade krekt langernoch oan 'e praat dat de autoriteiten arrivearje kinne, dy't de bandyt finzen nimme.

Tink derom: Yn de tekst hjirunder wurdt de ofrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net leze.

Neitiid moat Wade nei Contention ta brocht wurde, der't er middeis op 'e trein fan tsien minuten oer trijen (3:10) set wurde moat nei de Territoriale Finzenis fan Yuma . Dat is in tige gefaarlike put, mei't de binde fan Wade sunder mis besykje sil om dat tsjin te kearen sadree't se der lucht fan krije. De fertsjintwurdiger fan 'e Southern Pacific Railroad, Grayson Butterfield, kriget Tucker (ien fan Hollander syn trewanten) en de ferwune McElroy safier dat se derby helpe wolle, en Doc Potter giet mei om McElroy te fersoargjen. Evans lit him beprate om ek te helpen, mar easket derfoar $ 200, it bedrach dat er Hollander skuldich is. Butterfield giet akkoart mei dy priis. Under dekking fan it tsjuster sette se dy juns of ut Bisbee.

Underweis provosearje sawol Tucker as McElroy oanhaldend de finzen Wade, dy't harren derfoar fermoardet . Wade besiket dernei ut te piken, mar wurdt tsjinholden troch Evans syn aldste soan William, dy't it selskip temuk folge is. As se letter oanfallen wurde troch Apachen , weeft Wade of mei de oanfallers en untsnapt er nei in kamp fan Sineeske spoararbeiders . Der wurdt er lykwols op 'e nij finzen nommen, diskear troch de foarman , dy't him werom ken en him eigenhandich ophingje wol. Evans, William, Potter en Butterfield arrivearje yn it kamp en easkje harren finzene werom, mar de foarman en syn trewanten hawwe oare plannen. Der brekt in fjoergefjocht ut werby't Evans-en-dy mei Wade witte te untkommen, mar Doc Potter deasketten wurdt. Neitiid komme Evans, William, Butterfield en Wade einlings oan yn Contention, der't ferskate pleatslike marshals harren by har jouwe yn in hotelkeamer der't se wachtsje moatte op 'e trein fan 'e folgjende dei.

Yn 'e tuskentiid hat it nijs fan Wade syn arrestaasje de leden fan syn binde berikt. Under lieding fan 'e unmeilydsume Charlie Prince sette dy of om harren lieder te befrijen. Se folgje it spoar fan Bisbee nei Contention, werby't se underweis ferskate lju om hals bringe dy't harren yn 'e wei steane of dy't ienfaldichwei op it ferkearde momint op it ferkearde plak binne. Derunder binne ek de foarman fan it spoararbeiderskamp en syn trewanten. Nei't se yn Contention arrivearre binne, lovet Prince in hege beleanning ut oan eltse boarger dy't ien fan Wade syn bewekkers deasjit. Der komt in kloft folk op of, mei as gefolch dat de pleatslike marshals betankje foar de eare, harren wapens opjouwe en it hotel ferlitte. Sadree't se butendoar komme, wurde se lykwols troch Prince-en-dy dochs noch deasketten. Evans, dy't al syn hope festige hat op 'e $200, is wisberet om troch te setten, mar Butterfield jout it op, hoewol't er Evans unthjit om dy syn soan William te beskermjen.

Tsjin healwei trijen middeis ferlitte Wade en Evans tegearre it hotel en sykje se har dwers troch Contention in paad nei it treinstasjon , derby oanhaldend besketten en opjage troch sawol Wade syn mannen as leden fan 'e pleatslike befolking. Op in stuit komt Wade Evans oer it mad en smoart him hast, mar lit him yn libben as Evans tajout dat it him net inkeld om it jild te dwaan is, mar ek om syn soannen in goed oantinken oan him te jaan en om syn eigen eargefoel werom te winnen. Dat is er nammentlik yn 'e Boargeroarloch kwytrekke doe't er skitende benaud by it front wei flechte. Wade bychtet dan op dat er al twaris yn it tichthus fan Yuma sitten hat en dat er beide kearen untsnapt is. Hy praat derom mei Evans of dat dy him op 'e trein sette mei, sadat er foldien hat oan syn kontrakt mei Butterfield.

Neitiid helpt Wade Evans aktyf om oan syn bindeleden en de bewapene boargers te untkommen, en as er uteinlik op 'e trein klimt, lokwinsket er Evans mei syn sukses. Op dat stuit dukt lykwols Prince efter Evans op en sjit him del, nettsjinsteande Wade syn befel om net te sjitten. Derop klimt Wade wer ut 'e trein en sjit sunder fierdere warskoging Prince dea, wernei't er ek alle oare leden fan syn binde op deselde wize eksekutearret. As William by it stasjon arrivearret en syn gewear op Wade rjochtet, lit dy de jonge lykwols gewurde, klimt wer op 'e trein en langet op hoflike wize syn revolver oer oan 'e der oanwezige bewekker. Evans stjert yn 'e earms fan syn soan, dy't him fertelt dat er de put derof reden hat en oan syn kontrakt foldien hat. De trein set of, mar as er Contention ut giet en om in bocht ferdwynt, fluitet Wade skerp. Syn trouwe hynder set derop de earen oerein en fjouweret efter de trein oan, suggerearjend dat Wade net fan doel is om 'e rit ut te sitten.

Rolferdieling [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Russell Crowe .
Christian Bale .
haadrollen
personaazje akteur/aktrise
Ben Wade Russell Crowe
Dan Evans Christian Bale


byrollen
personaazje akteur/aktrise
William Evans Logan Lerman
Charlie Prince Ben Foster
Byron McElroy Peter Fonda
Grayson Butterfield Dallas Roberts
dokter "Doc" Potter Alan Tudyk
Glen Hollander Lennie Loftin
Alice Evans Gretchen Mol
Emmy Vinessa Shaw
Tucker Kevin Durand
marshal Weathers Luce Rains
Zeke Luke Wilson
Slick Marcus Sylvester
Rebbi Carmilla Blakney
Campos Rio Alexander

Produksje [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

3:10 to Yuma is in remake fan 'e film mei deselde namme ut 1957 . De western waard yn juny 2003 oankundige troch Columbia Pictures , deselde filmstudio dy't de film ut 1957 ek produsearre hie, en dy't yn 2003 yn underhanneling wie mei regisseur James Mangold . De produksje waard pland foar de simmer fan 2006 . Yn dat jier die Columbia de film lykwols yn 'e ferkeap , en sa kaam it projekt yn 'e hannen fan 'e lytse filmstudio Relativity Media , dat de film yn gearwurking mei Tree Line Film produsearre. Yn 'e measte lannen waard de distribusje fersoarge troch Lionsgate Films , wermei't Relativity Media yn septimber 2006 in oerienkomst berikte. Yn Dutslan die Columbia Pictures de distribusje.

Ek under it bewald fan 'e nije filmstudio behold James Mangold de rezjy fan 3:10 to Yuma . Hy hie in budget fan $ 55 miljoen ta syn foldwaan. It senario waard skreaun troch troch Michael Brandt , Derek Haas en Halsted Welles op basis fan it koarte ferhaal Three-Ten to Yuma , fan Elmore Leonard . Cathy Konrad wie as filmprodusinte direkt by it projekt belutsen. De kamerarezjy waard dien troch Phedon Papamichael , en de filmmuzyk waard fersoarge troch Marco Beltrami . Wat de cast oangie, wie der in skoftke praat fan de Tom Cruise de rol fan Ben Wade op him nimme soe, mar dat gie net troch, en likemin krige Eric Bana in rol yn 'e film, der't er wol belangstelling foar toande. De haadrollen giene uteinlik nei de Australyske akteur Russell Crowe en de Ingelsman Christian Bale .

De opnamen setten op 23 oktober 2006 utein op lokaasje yn Nij-Meksiko , yn en deunby Santa Fe , Abiquiu en Galisteo . De senes yn Bisbee waarden opnommen op 'e Bonanza Creek Ranch, wylst Galisteo trochgean moast foar Contention City , dat hjoed de dei in spuksted is. De sene mei de oanfal fan 'e Apachen waard opnommen yn 'e skildereftige Diablo Canyon , wylst de senes yn it kamp fan 'e Sineeske spoararbeiders opnommen waarden by de Gilman Tunnels , oan 'e New Mexico State Road 485 .

In pansere postkoets dy't foar it filmjen fan 3:10 to Yuma brukt waard (hoewol fansels inkeld it boppeste diel, mei't rubber bannen doedestiden net foarkamen).

Op 'e earste dei fan 'e opnamen rekken in ruter en hynder slim ferwune doe't it hynder yn folle feart by in kamerawein opbotste ynstee fan nei de sydkant ut te wiken, sa't de bedoeling wie. De ruter waard oerbrocht nei it sikehus , en it hynder moast op 'e set ut syn lijen ferlost wurde. Neitiid iepene de American Humane Association (dy't yn 'e Feriene Steaten foech hat op it med fan bistemishanneling ) in offisjeel undersyk nei de gong fan saken. Yn novimber waard dat undersyk ofsletten mei de konkluzje dat it om in needlottich ungelok gie en dat de produsinten fan 3:10 to Yuma neat oan te rekkenjen foel.

De leste opnamedei foel op 20 jannewaris 2007 . 3:10 to Yuma hie eins op 5 oktober 2007 yn premiere gean sillen, mar Lionsgate helle dat in moanne nei foarren ta om de konkurrinsje foar te wezen fan The Assassination of Jesse James by the Coward Robert Ford , ek in western, en fan No Country for Old Men , gjin western, mar wol in 'westerneftige' film dy't opnommen wie en spile yn itselde diel fan 'e Feriene Steaten. Sadwaande koe it Ynternasjonaal Filmfestival fan Toronto net mear tsjinje as platfoarm foar de wraldpremiere fan 3:10 to Yuma , sa't oarspronklik de bedoeling west hie. Uteinlik waard de galapremiere op 22 augustus yn Los Angeles holden, wernei't de film op 7 septimber yn 'e Amerikaanske en Kanadeeske bioskopen iepene. 3:10 to Yuma waard yn 'e earste wike fan jannewaris 2008 utbrocht op dvd en blu-ray .

Untfangst [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

3:10 to Yuma krige oer it algemien positive resinsjes . In soad filmkritisy ferlieken de film mei it orizjineel ut 1957 . Yn The New Yorker skreaun David Denby dat de remake "flugger, mear synysk en gewelddiediger " is as it orizjineel. Hy fun dat fral Peter Fonda (as McElroy) en Russell Crowe (as Wade) in geweldige akearprestaasje levere hiene en omskreau Crowe as "in geniaal akteur". Ek fun er dat 3:10 to Yuma mei ofstan de beste film wie fan regisseur James Mangold . Yn The Boston Globe omskreau Ty Burr 3:10 to Yuma as "meager" fan ferhaal, mar "hast absurd, sa befredigjend." Hy priizge it aktearjen fan sawol Russell Crowe as Christian Bale , mar stelde ek fest dat de ein fan 'e film "nearne mear op slacht yn in post- Clint Eastwood -wrald."

Yn 'e Houston Chronicle neamde Bruce Westbrook 3:10 to Yuma "de beste western sunt Unforgiven ." Yn The Oregonian skreau Shawn Levy dat de film it "oannimlike realisme fan in John Ford -western" hat. Hy ferfette: "De oarspronklike film besteget in protte tiid oan petearen tusken Wade en Evans en jout mear omtinken oan 'e frou fan Evans, wylst de nije film mear aksjesenes omfiemet en op subtile wize tema's opnommen hat dy't beswierlike hjoeddeistige politike en morele kwestjes wjergalmje." Levy fun dat de ein "it ferhaal te fluch oprolet", mar hy konkludearre dochs dat 3:10 to Yuma "in goeie en stevige film" wie.

Peter Rainer skreau yn 'e Christian Science Monitor dat de nije film "in breder eachweid biedt as syn foargonger, en op 'e ein oansjenlik feroare is, mar it is yn essinsje de selde alde moraliteit ." Fierders wiisde er it "weake heit-soanspul" oan as "it minst suksesfolle aspekt fan 'e film." Ek hied er krityk op it aktearjen fan Christian Bale, dat er as "in anker" beskoge dat Crowe syn aktearjen behindere. Yn it tydskrift Time skreau Richard Schickel : "as in film sa underhaldend is as dizze, begjinne je te tinken dat it tiid wurdt foar in weroplibbing fan dit earder sa populere sjenre." De webside Rotten Tomatoes , dy't resinsjes sammelet, joech 3:10 to Yuma in goedkarringspersintaazje fan 89% op basis fan 215 ferskillende resinsjes.

Resultaat [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Yn 'e Feriene Steaten en Kanada brocht 3:10 to Yuma yn syn premierewykein rom $ 14 miljoen op, wermei't er doe de best besjoene film wie yn 'e bioskopen yn dy beide lannen . Yn totaal brocht de film yn 'e Feriene Steaten $53,6 miljoen yn 't laadsje en yn oare lannen en territoaria $16,4 miljoen. De totale opbringst kaam dermei ut op $70 miljoen, wat in winst $15 miljoen betsjutte.

3:10 to Yuma waard yn 2008 nominearre foar twa Oscars : komponist Marco Beltrami waard nominearre foar de Oscar yn 'e kategory beste orizjinele filmmuzyk , en Paul Massey , David Giammarco en Jim Stuebe waarden nominearre foar de Oscar yn 'e kategory beste soundmixing . De film waard ek nominearre foar in Screen Actors Guild Award yn 'e kategory beste cast .

Keppelings om utens [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch under: References , op dizze side .